Haadside-ynfo/Side fan de wike 2013

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Siden fan de wike yn 2013[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wike 1

Ofbylding fan Redbod. P. Winsemius, Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt (17e iuw).

Redbad, of Radboud650 - 719), wie in Fryske kening. Under syn regear berikt it Fryske Ryk syn grutste útwreiding. Kening Redbad libbe yn de Iere midsiuwen, in tiidrek dêr't net folle skreaune boarnen fan oerlevere binne. Oer syn jeugd en jonge jierren is neat bekend. Hoewol't yn lettere kroniken beweard wurdt dat er in soan fan kening Aldgillis wie, bestiet foar soks yn it boarnemateriaal út dy tiid lykwols gjin bewiis.

Lês fierder...


besjen


Wike 2

Dorestêd en wichtige hannelsrûtes yn Jeropa

De Maritime skiednis fan Nederlân yn de Midsiuwen omfiemet de skipfeart fan it Fryske Ryk oant de Nederlânske Gouden Iuw. Nei it Grutte Folkeferfarren en it mei dêrtroch feroarsake ferfal fan it West-Romeinske Ryk in West-Jeropa, wie it gebiet yn trije stikken ferdield. De Friezen wennen oan de kusten, de Saksen yn it easten en de Franken yn it suden. Grinsstêd fan de Franken wie lang Nijmegen, wêr’t se in palts fêstigen. De Franken wreiden harren grûngebiet út nei it suden, noarden en easten en fersloegen de oare folken.

Lês fierder ...


besjen


Wike 3

Fergeliking fan normale harsens (links) mei dy fan in alzheimerpasjint.(rjochts)

De sykte fan Alzheimer (soms koartwei alzheimer neamd) is in degenerative oandwaning fan de harsens wêrby't de pasjint soms hurd demintearret. De oandwaning is neamd nei Alois Alzheimer, in Dútske psychiater en neuropatolooch. In krekte diagnoaze is meastal pas mooglik nei ferstjerren, troch de harsens te ûndersykjen. De sykte wurdt meastal fêststeld by persoanen dy't âlder binne as 65 jier. Minder faak komt der ek in twadde fariant foar, dy't iere alzheimer (Ingelsk: 'early onset Alzheimer disease') neamd wurdt.

Lês fierder ...


besjen


Wike 4

Prise de la Bastille.jpg

De Frânske revolúsje (1789-1799) wie in rûzige rite yn 'e politike histoarje fan Frankryk wêrby't de republyk de monargy út it stee krong. It wie in striid fan it folk tsjin de machthawwers. Yn Jeropa sette de revolúsje in tiidrek fan oarloch yn 'e gong dat likernôch 23 jier duorje soe, omdat oare útlânske machthawwers fanwege de politike ûntjouwings yn Frankryk har slim bedrige fielden.

Lês fierder ...


besjen


Wike 5

It Burmaniahûs yn Ljouwert

It Burmaniahûs of Catershûs is in monumintaal hearehûs yn Ljouwert. It gebou wie oarspronklik in state en is no yn eigendom fan de gemeente Ljouwert. Yn de 15e iuw of earder ûntstie op it stee fan it hjoeddeiske Burmaniahûs in stins. Bekend is dat Rienck fan Burmania, drost fan Koevorden, om-ende-by 1555 de stins ferbouwe litten hat. Oant begjin 19e iuw bleau dat hûs eigendom fan de famylje Fan Burmania.

Lês fierder ...


besjen


Wike 6

thumb

Markus Lisinius Krassus wie in belangryk Romeinsk politikus yn de tiid fan de Romeinske Republyk. Hy hie de bynamme Dives, wat rike betsjut. Syn rykdom fergarre hy troch slavehannel en fêstguod. As praetor ferneatige hy de opstannige slaven ûnder Spartakus. Mei Caesar en Pompejus makke hy diel út fan it Earste Trijemanskip (60 f.Kr.).

Krassus wie fan aadlike komôf en kaam út in laach dat fjochte hie yn de Twadde Punyske Oarloch. Hja beklaaiden wichtige funksjes by de Romeinske oerheid. Syn heit wie konsul mar waard inkele jierren letter lykwols fermoarde ...,

Lês mear ...


Besjen


Wike 7

In rolstoel foar deistich gebrûk

In rolstoel is in helpmiddel foar it ferfier fan minsken dy't min as net rinne kinne. It is in stoel mei tsjillen, en ôfhinklik fan it model: beweget de persoan dy't yn de rolstoel sit himsels foarút mei de hannen; wurdt de persoan yn de rolstoel treaun troch in oar persoan; befettet de rolstoel in elektromotor dêr't de rolstoel mei oantreaun wurdt. Der is in soad ferskaat yn rolstuollen.


Lês fierder ...


besjen


Wike 8

Doarpsgesicht fan Skiermûntseach

It Skiermûntseagersk is it Fryske eilândialekt fan it by de provinsje Fryslân hearrende waadeilân Skiermûntseach. It ien fan de lytste libbene dialekt fan it Westerlauwersk Frysk en hat op 't heden noch mar sa'n 50 sprekkers (teljier 2000) eins op 'e râne fan it útstjerren. It dialekt hat him ûntjûn ta in unike foarm fan it Frysk, dy sterk ôfwykt fan 'e Fryske standerttaal. Foar ferklearring fan dat ferskil wurdt ornaris wiisd nei ien

Lês fierder ...


besjen


Wike 9

Britsk Museum

It Britsk Museum is it nasjonale museum fan it Feriene Keninkryk en hat ien fan de grutste kolleksjes fan de wrâld. It museum leit oan de Great Russellstrjitte yn Londen. Alle jierren besykje likernôch 5 miljoen minsken it museum dat in wiidweidige kolleksje fan âldheden en útsûnderlike keunstfoarwerpen út âlde beskavings en fan distiid ta syn foldwaan hat. De samling oerbrêget mear as in miljoen jierren skiednis fan de minskheid en wurdt sjoen as ien fan de moaiste op 'e wrâld.

Lês fierder ...


besjen


Wike 10

De Historia ecclesiastica gentis Anglorum (Frysk: ‘Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk’), is in Latynsk wurk fan de Achtenearre Beda oer de skiednis fan it Angelsaksysk Ingelân, meast oer it kerstenjen fan Ingelân, benammen oer it skeel yn de Katolike tsjerke tusken de Romeinske dogmatisy en it Keltysk kristendom. It boek wurdt as ien fan de wichtichste histoaryske boarnen fan de Angelsaksyske skiednis beskôge; ek foar de Fryske skiednis is it fan belang.

Lês mear ...


besjen


Wike 11

HTML.svg

HTML, folút HyperText Markup Language (Hypertekst-markeartaal), is in formele markeartaal, basearre op SGML, foar it oanjaan fan de struktuer fan in dokumint mei help fan marken (yn it Ingelsk: tags). Sa binne der marken om koppen (<hx>), alynea's (<p>) en ferwizings (<a>) oan te jaan.

Lês fierder...


besjen


Wike 12

Tsjûkemar by Fjouwerhûs

De Tsjûkemar is de grutste mar fan Fryslân It leit yn de Súdwesthoeke, op de grins fan de gemeenten Lemsterlân en Skarsterlân. It meast westlike diel fan de mar wurdt trochsnien troch de sneldyk A6. De mar hat in oerflak fan 22 km².

Lês fierder ...


besjen


Wike 13

Iepene kuolkast

In kuolkast of iiskast is in apparaat foar it kuolle bewarjen fan iten. It is ien fan de grutte fêst opstelde, elektryske, mei meastentiids wytferve metaal beklaaide soarten húshâldlike apparaten (kollectyf wytguod neamd) dy't yn de 20e iuw ta de standertútrêsting fan it 'Westerske' húshâlden hearren gien binne. Yn it grutste diel fan in kuolkast hearsket in temperatuer fan inkele graden Celsius boppe nul. Dit remmet it bedjer fan iten en oare substânsjes sûnder se folle te feroarjen ...

Lês fierder


besjen


Wike 14

Ofbylding fan Homêros út de Romeinske tiid

Homêros (oare farianten binne Homerus en Homeros) wie in Grykske dichter en sjonger dy't libbe fan om-ende-by 800 f.Kr. oant 750 f.Kr. Hy makke epyske gedichten, dêr't hy in grut tal oerlevere heldesêgen, goadeferhalen en mytyske fertellingen yn ferwurke út de Grykske kultuer. Fanâldst wurde twa epyske gedichten, de Ilias en de Odyssee, de âldst bekende en bewarre bleaune literêre wurken út de Grykske letterkunde, oan him taskreaun. Lykwols is dizze fêststelling net langer mear folslein wis en wurdt sels bestride oft beide wurken troch ien en deselde skriuwer makke binne.

Lês fierder ...


besjen


Wike 15

De koppelpoart yn Amersfoart

Amersfoart (Amersfoort) is in stêd en gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente telt 144.000 ynwenners (2009) dy't Amersfoorters neamd wurde. It is yn befolkingsoantal de twadde stêd fan de provinsje Utert en de fjirtjinde fan Nederlân. Amersfoort is in groeistêd en hat ekonomysk in regiofunksje mei in sterk groeid bedriuwslibben, hat ien fan de grutste spoarweiknooppunten fan Nederlân en wie eartiids in wichtige garnisoensstêd. De binnenstêd hat in midsiuwsk karakter mei grêften.

Lês fierder ...


besjen


Wike 16

In skilderij fan Peter Stuyvesant.

Peter Stuyvesant (ek wol Pieter of Petrus) wie in Frysk koloniaal bestjoerder. Hy wie de lêste Nederlânske bestjoerder fan Nij-Nederlân. Stuyvesant hat in wichtige rol spile yn de skiednis fan New York. Sa soarge hy ûnder mear foar in grutte útwreiding fan de delsetting Nij-Amsterdam op it súdlike part fan Manhattan. Inkele projekten fan Stuyvesant wienen de beskermingsmuorre op Wall Street, it kanaal dat letter Canal Street wurde soe en Broadway.

Les fierder ...


besjen


Wike 17

Meksiko-Stêd (Spaansk: Ciudad de México of México D.F., Ingelsk: Mexico City), faak Meksiko (Spaansk: México) neamd, is de haadstêd fan Meksiko. It is ien fan de grutste steden yn de wrâld mei goed 20 miljoen bewenners yn stêd en omkriten. Meksiko-stêd leit op 2240 meter boppe de seespegel en waard yn 1325 as Tenochtitlan troch de Azteken stifte.

Lês fierder ...


besjen


Wike 18

Wetter as fêste stof, floeistof en gas

Wetter (H2O) is de gemyske ferbining fan twa wetterstofatomen en in soerstofatoom. Wetter is de ienige gemyske ferbining dy't yn de natoer as floeistof, as fêste stof en as gas foarkomt. By keamertemperatuer is wetter in floeistof sûnder dúdlike kleur en rook. Al it libben op ierde bestiet foar it meastepart út - en is ôfhinklik fan - wetter. Wetter bedekt 71% fan de Ierde.

Lês fierder ...


besjen


Wike 19 De Slach om Berlyn wie yn 'e maitiid fan 1945 ien fan de lêste grutte militêre ûndernimmings fan de Twadde Wrâldkriich. Mear as 300.000 soldaten en sivilisten binne yn de slach dearekke. Adolf Hitler die himsels tekoart op 30 april 1945. De film Der Untergang giet oer it libben yn de Führerbunker yn de Slach om Berlyn.

Lês fierder ...


besjen


Wike 20

Kaart fan Ljouwert út 1580

It is net krekt te sizzen wannear't de earste minsken har nei wenjen setten op it plak dat no Ljouwert hjit. Lykwols is der bewiis fan bewenning yn de 2e iuw n.Kr. By de Aldehou binne ferskillende dingen fûn út de tiid dat de Romeinen yn Fryslân wienen. Der binne houten peallen fûn dy't by in trije meter breed bouwurk hearden. It bouwurk wie makke fan plaggen en hout en wie ornearre as skuorre of wente. Oare peallen dy't fûn binne hearden by in 5 meter lang hûs út de twadde of tredde iuw n.Kr. Der binne noch mear fynsten út de Romeinske tiid.

Lês fierder ...


besjen


Wike 21

Franz Liszt yn 1858

Franz Liszt (18111886) wie in Hongaarsk komponist en pianofirtuoas. Hy jildt as ien fan de grutste pianofirtuoazen fan alle tiden. Franz Liszt wie teffens in foaroansteand en súksesfol muzykpedagooch, myzykherfoarmer en -fernijer; it symfonysk gedicht en it pianorecital wurde oan him taskreaun. Franz Liszt syn libben en wurk spile him fral yn Wenen en Parys ôf; syn lettere libben tusken Weimar, dêr't er hofkapelmaster wie, Boedapest en Rome, dêr't er ek de legere prysterwijing krige. .

Lês fierder ...


besjen


Wike 22

Grûndize yn East-Fryslân by Moordorf.

Dize is in waarferskynsel dêr't lytse wetterdrippen by yn de loft hingje as in aerosol, wat it sicht minder makket. It wurdt feroarsake troch it ôfkuoljen fan tige fochtige lucht oant (ûnder) it daupunt en it ûntstiet as it ferskil tusken dy twa minder as 2,5°C is. It kin ek ûntstien troch it mingen fan kâlde mei waarme fochtige lucht. De foarming fan dize hinget ôf fan gâns in rige faktoaren, bygelyks loftfersmoarging, begroeiïng, reliëf en de neite fan iepen wetter.

Lês fierder ...


besjen


Wike 23

Optocht fan Goaden, museum it Louvre yn Parys

Polyteïsme, meargoaderij, is in foarm fan godstsjinst dy’t yn it ferline in tige grutte fersprieding hân hat en dy’t ek hjoed de dei noch in protte foarkomt, bygelyks yn in grut part fan it Hindoeïsme, yn it Sjintoïsme en yn in protte Natoerreligys. Polyteisme komt nei alle gedachten fuort út in gefoel dat de measte primitive folken gemien hawwe, dat se omjûn wurde troch in ûnsichtbere wrâld fan boppenatuerlike krêften.

Lês fierder ...


besjen


Wike 24

Monumintale hearehûzen yn Dokkum

Dokkum is de noardlikste en meast eastlikste fan de Fryske stêden. De stêd is it haadplak fan de gemeente Dongeradiel. Yn Dokkum wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk praat. Op it stee dêr't Bonifatius deadien wêze soe, waard om 760 hinne in oan him wijde tsjerke stifte dêr't letter in delsetting omhinne ûntstean soe mei de namme "Dockinga dictur" ...

Lês fierder...


besjen


Wike 25

Dream of Constantine Milvius BnF MS Gr510 fol440.jpg

De Slach by de Milvyske Brêge, ek wol Slach by de Pons Milvius, wie op 28 oktober 312 tusken de legers fan keizer Konstantyn de Grutte en Maksentius. De slach waard wûn troch Konstantyn en it is ien fan de ferneamdste fjildslaggen út de Romeinske skiednis. Ferneamd is de útspraak fan Konstantyn dat hy de oerwinning oan de God fan de Kristenen te tankjen hie.

Lês fierder ...


besjen


Wike 26

Rockall

Rockall is in graniten rotspunt yn de noardlike Atlantyske Oseaan. It leit op 480 km bewesten de Skotske Hebriden. De koördinaten binne 57° 35′ 48″ N, 13° 41′ 19″ W. De rots is de punt fan in dôve fulkaan. Hy stekt 22 meter boppe de seespegel út, en de breedte oan de foet is sa'n 25 meter. De rots rekket by stoarmwaar oerspield fan de weagen. Rockall wurdt net bewenne.

Lês fierder


besjen


Wike 27

It peloton yn de Omgong

De Omgong fan Frankryk of Tour de France is in hurdfytswedstryd yn Frankryk. De omgong, dy't jildt as de dreechste en earfolste wedstriid fan it hurdfytsseizoen, wurdt yn etappen troch gâns Frankryk fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is altiten yn Parys. De Omgong fan Frankryk is yn 1903 foar it earst holden, organisearre troch de krante l'Auto, mei it doel mear kranten ferkeapje te kinnen....

Lês fierder


besjen


Wike 28

Wapen fan Tom Brok

De famylje Tom Brok (ek wol: tom Broke, tom Brook, tom Broek, ten Brok, ten Broke) wie in wichtige Fryske haadlingefamylje dy't oarspronklik út Norderlân kaam, it Brokemerlân. Hja hiene de hearskippij oer it Brookmerlân en oer it Auricherlân en besochten sûnt de twadde helt fan de 14e iuw it bewâld oer East-Fryslân te krijen, de machtstriid mei de famylje Abdena waard yn harren foardiel wûn. Yn de Grutte Fryske Oarloch spilen hja in wichtige rol ...

Lês fierder


besjen


Wike 29

Artistike ympresje fan Pluto mei syn moannen

(134340) Pluto is in yn 1930 ûntdekt himellichem yn ús sinnestelsel dat oant 24 augustus 2006 klassifisearre waard as planeet en sûnttiids as dwerchplaneet. Op 13 septimber 2006 krige Pluto ek in nûmer yn de katalogus fan planetoïden; nammentlik 134340. De dwerchplaneet is neamd nei de Romeinse god fan de ûnderwrâld, Pluto.

Lês fierder ...


besjen


Wike 30

Alcalá Strjitte en it Metropolis gebou

Madrid is de haadstêd en grutste stêd fan Spanje. De stêd leit yn de midden fan it lân, op de Spaanske Heechflakte. It is de op twa nei grutste stêd fan de Jeropeeske Uny en jildt as in offisjele wrâldstêd. Madrid is ek de haadstêd fan de Spaanske regio mei deselde namme Madrid.

Lês fierder


besjen


Wike 31

De dream fan Dickens

In dream is de samling fan bylden, lûden, gedachten en gefoelens dy't immen ûnderfynt, as hy of sy sliept. Dreamen komme benammen foar yn de remsliep. Wat in dream is en wêr't it krekt goed foar is, is net bekend, al binne der wol fermoedens. Sa hat bliken dien dat der faak dreamd wurdt oer dingen dy't men oerdei meimakke hat. Dat wurdt de deirêst neamd. Dreamen soenen helpe de barrens te ferwurkjen.

Lês fierder ...


besjen


Wike 32

Lindefallei by de Blesse

De Stellingwerven is it súdeastlikste part fan de provinsje Fryslân, súdlik fan de Tsjonger, oan de kanten fan de Linde. It gebiet wurde foarme troch de Fryske gemeenten Eaststellingwerf en Weststellingwerf. De grutste en wichtichste plakken hjir binne Wolvegea en Easterwâlde. Oare wichtige plakken binne Appelskea, Haulerwyk en Noardwâlde. Om't de kop fan Oerisel, de gemeente Stienwikerlân, en in part fan de Drintske gemeente Westerfjild itselde dialekt en deselde kultuer ha wurdt ...

Lês fierder


besjen


Wike 33

Kataren dy't ferjage wurde

De term Kataar komt fan it Grykske wurd Katharos wat 'skjin' betsjut. De Kataren wiene oanhingers fan in Kristlike gnostyske beweging, dy't him tusken de 11e en de 14e iuw foaral yn Súd-Frankryk, Itaalje, Spanje en Dútslân útwreide hie. Faak wurdt ynstee fan Kataren ek wol de namme Albiginzers brûkt, dat in ferwizing is nei de Súd-Frânske stêd Alby, eartiids in bolwurk fan it Katarisme. De Kataren binne yn in bloedige krústocht útmoarde.

Lês fierder ...


besjen


Wike 34

De lizzing fan Libanon

Libanon is in lyts lân yn it Heine Easten. It leit oan de uterste eastkust fan de Middellânske See en is tichtbefolke. Yn it suden grinst it oan Israel en yn it easten en noarden oan Syrje. Libanons' lizzing op it krúspunt fan it Middelânske Seegebiet en it Arabyske efterlân hat soarge foar in rike skiednis en in kulturele identiteit dat him ûnderskiedt troch religieuze en etnyske ferskeidenheid.

Lês fierder ...


besjen


Wike 35

Port of porto is in fersterke wyn út Portugal, mei in alkoholgehalte tusken 18 en 20 persint. It is in typyske swiete reade, wite of rosee wyn, serveard as aperityf of as dessertwyn. Tsjintwurdich wurdt rûnom op de wrâld fersterke wyn makke dy't in soad op port liket. Austraalje en Súd-Afrika de bekendste konkurrinten.

Lês fierder ...


besjen


Wike 36

Natoermuseum Fryslân

It Natoermuseum Fryslân is in museum foar bern, âlden en paken en beppen, natoerleafhawwers en eltsenien dy ’t wolris in potfisk fan tichtby sjen wol, in rûntsje boppe Fryslân fleane wol of oer de boaiem fan in sleat rinne wol. Sels dwaan en belibje steane sintraal yn it museum en meitsje it ta it “natuurleukste” fan Fryslân.

Les fierder ...


besjen


Wike 37

19e iuwsk ûnbetrouber portret fan Henry Hudson

Henry Hudson (± 1560/70s - 1611?) wie in Ingelse ûntdekkingsreizger en seefarder yn de iere 17e iuw. Yn opdracht fan Ingelske hannelers makke er ferskate reizen om de noardeast trochgong nei Yndia te finen. Hudson ferkende teffens it gebiet dêr't no New York City is doe't er socht nei in westlike rûte nei Aazje fanwegen de VOC. Hy ferkende de rivier de Hudson en lei sa it fûnemint foar de Nederlânske kolonisaasje fan dy kontrei, dy't fruchtber wie en in soad fisk en bûnt hie.

Lês fierder ...


besjen


Wike 38

Foarstelling fan Hypatia troch Rafaël

Hypatia (Gryksk: Ὑπατία) wie in Grykske wiskundige en filosofe dy't libbe fan 370 oant 415. Sy wurdt wol de earste froulike wiskundige neamd en libbe yn Aleksandrje (Egypte) dêr't sy wiskunde en neoplatonyske filosofy dosearre. Om't har foarútstribjende en wittenskiplike wize fan tinken en dwaan waard sy troch in kloft kristenen fermoarde.

Lês fierder ...


besjen


Wike 39

De Sognefjord yn Noarwegen.

In fjord is in lange, smelle ynham mei steile hellings. Meastal ûntstiet in fjord troch gletsjers dy’t de boel útsliten hawwe. Fral Noarwegen is ferneamd om syn fjorden. Karakteristyk foar fjorden binne de bercheftige kusten mei djippe ynsnijings en steile hellings, dy’t har ek ûnder wetter trochsette. De fjorden hawwe faak U-foarmige delten, ûntstien troch it útskuorjen fan lâniis mei de iistiden. In protte fjorden binne ûntstien yn de lêste iistiid. Yn dy tiid wie Skandinaavje mei in dik pak lâniis en gletsjers bedekt.

Lês fierder


besjen


Wike 40

It skaaimerk fan de Fryske Top 100.

De Fryske Top 100 is in muzyklist en muzykprogram dat Omrop Fryslân sûnt 2004 alle jierren op âldjiersdei útstjoert op de radio en telefyzje. Yn 1995 kaam de earste útstjoering as idee fan Rein Tolsma en Geert van Tuinen. Oant en mei 2003 stjoerde de Omrop de Fryske Top 40 op Twadde Krysdei út. Letter wie der ek in útstjoering mei Piter Wilkens. Minsken koenen doe harren favorite listke opstjoere mei in brievekaart, it late der ta dat de postbussen útpûlen.

Lês fierder


besjen


Wike 41

Etiopyske FN-soldaten

De Koreaanske Oarloch of Korea Oarloch wie in wapene konflikt tusken it kommunistyske Noard-Korea en Súd-Korea yn it tiidrek fan de Kâlde kriich. It konflikt sette útein mei in oanfal fan Noard-Korea op Súd-Korea yn juny 1950 en einige yn july 1953 mei in wapenstilstân. Belutsen lannen wienen de Feriene Steaten ûnder de flagge fan de Feriene Naasjes oan de iene kant en kommunistysk Sina en de Sowjet-Uny oan de oare kant.

Les fierder ...


besjen


Wike 42

Fanteseerde ôfbylding fan Boetius

Boëtius wie in kristlik, let-Romeinske filosoof, skriuwer en politikus, dy't om it jier 500 hinne yn Itaalje libbe. Hy wurdt yn it generaal beskôge as in wichtige skeakel tusken de antike heidenske filosofy en de kristlike midsiuwen. Boëtius waard yn 525 terjochtsteld yn opdracht fan syn eardere freon kening Diderik de Grutte, dy't him derfan fertocht gearspand te hawwen mei it Byzantynske ryk.

Lês fierder ...


besjen


Wike 43 Tokio (Japânsk: 東京 Tōkyō, betsjut "eastlike haadstêd"), neffens it Hepburn-systeem stavere as Tokyo, is de haadsted fan Japan. De stêd is in prefektuer yn 'e regio Kanto op it eilân Honshu. Yn 'e prefektuer wenje likernôch 12 miljoen minsken. Grut-Tokio is de grutste stêdekloft op ierde mei sa'n 35,5 miljoen ynwenners. Tokio wurdt as ien fan de fjouwer grutste wrâldstêden beskôge njonken Parys, New York en Londen.

Lês fierder ...


besjen


Wike 44

Rients Gratama

Rients Gratama is berne op 24 jannewaris 1932 yn Penjum. Hy is kabaretier, akteur, lesjouwer en ek "droktemakker" sa’t er himsels wolris neamt. Yn Fryslân jildt hy wol as ien fan de bekendste en súksesfolste kabaretiers en wurde syn programma's altiten goed besocht. Hy de soan fan Geart Gratama en Johanna Sjaarda dy't beide aktyf wienen yn it doarps- en ferieningslibben. Yn 1950 ferhuze de húshâlding nei Ljouwert. Hy gie nei de ULO yn Wytmarsum en letter nei de HBS fan Harns.

Lês fierder ...


besjen


Wike 45

Spangenhelm út de 6e iuw

It Grutte Folkeferfarren is de beneaming foar de folksmigraasjes fan de 4e oant de 6e iuw. Oan dat ferfarren diene fral Germaanske folken mei, mar ek oare folken. It ferfarren fan de folken gie út it easten en suden fan Jeropa nei it westen ta en soe de ûndergong fan it Romeinske Ryk as gefolch hawwe.

Lês fierder ...


besjen


Wike 46

De Pantanal Fazenda fan út de loft

De Pantanal, eartiids bekend as de Laguna de Jarayes, is ien fan de grutste dridzige gebieten fan de wrâld. De regio, dêr't de namme ôflaat is fan it Portugeeske wurd “pântano” (wat “sompe” betsjut), leit yn Súd-Amearika, benammen yn Brazylje. Fierder beslacht de Pantanal dielen fan Bolivia en Paraguay. Totaal beslacht de Pantanal in gebiet fan 150.000 km².

Lês fierder ...


besjen


Wike 47

Opened Qur'an.jpg

De Hadith (Arabysk: أحاديث (mearfâld) حديث (inkelfâld), wat betsjut: 'dat wat ferteld wurdt') binne in samling islamityske oerleveringen oer it dwaan en litten fan de profeet Mohammed. Troch dizze oerlevering kenne wy de soenna, de manieren fan de profeet. Foar de mearderheid fan de moslems foarmje de Ahadith in oanfolling op de Koaran.

Lês fierder ...


besjen


Wike 48

Strawelte

Strawelte wie in Frysktalige punkband út de Noardlike Fryske Wâlden. De band spile tusken 1986 en 1990 rûnom yn Fryslân en waard ferneamd troch syn entûsjaste optredens, faak foar lytse sealen en yn jongereinsintra. Neffens in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante liet de muzyk him it bêste omskriuwe mei Willepunk, in definysje dy't letter steefêst en konsekwint brûkt wurde soe foar de muzykstyl fan Strawelte. Yn 2008 die Strawelte in rige reüny-konserten en waard it nûmer De mem fan Doutzen opnommen, yn 2013 kaam de band foar 't lêst by elkoar foar trije optredens mei de Hûnekop.

Lês fierder ...


besjen


Wike 49

COLLECTIE TROPENMUSEUM Militaire kolonne tijdens de eerste politionele actie TMnr 10029135.jpg

De polisjonele aksjes binne de militêre operaasjes dy't troch Nederlân útfierd waarden op de eilannen Java en Sumatra tsjin de yn augustus 1945 útroppen republyk Yndoneezje yn it tiidrek 21 july oant 5 augustus 1947 (earste aksje) en 19 desimber 1948 oant 5 jannewaris 1949 (twadde aksje). Dy aksjes barden yn de Yndonesyske ûnôfhinklikensoarloch (1945-1949).

Lês fierder ...


besjen


Wike 50

Aralmar 1985, fan it noarden yn súdlike rjochting sjoen.

De Aralmar is de algemiene beneaming foar in tal wetterbekkens, dy't earder ien mar foarmen yn Sintraal-Aazje, lizzend op de grins fan Kazachstan en it autonome gebiet Karakalpakje fan Oezbekistan. De Aralmar ûntstie ûngefear 10 oant 20 tûzen jier ferlyn, doe't de rivier Amu Darja fan rjochting feroare en yn stee fan nei de Kaspyske See begûn te streamen en de leechlannen fan Sarakamysj folrûnen mei wetter.

Lês fierder ...


besjen


Wike 51

Foarâldenbyld, Kongo

Foarâldenferearing is in foarm of ûnderdiel fan natoerreligys en oare godstsjinsten dêr’t de ferearing fan of de kommuny mei de foarâlden by sintraal stiet. It wurdt ek wol manisme neamd, nei it Latynske manes, dat “sielen fan ’e ferstoarnen” betsjut. It is nei alle gedachten ien fan ’e âldste foarmen fan religy en it komt yn frijwol alle hjoeddeiske natoerreligys mear of minder foar.

Lês fierder ...


besjen


Wike 52

Viglius

Wigle fan Aytta fan Swichum, út it Frysk latinisearre ta Viglius ab Aytta Zuichemus wie in foaroansteand Nederlânsk steatsman, berne yn Fryslân (Barrahûs) dy't benammen as rjochtsgelearde grutte namme makke hat. Hy wie in treflik legist en benammen in fûleindich ferdiger fan it katolisisme, mar ek Humanist yn de styl fan Erasmus, dy't er persoanlik koe.

Lês fierder


besjen