Berjocht:Side fan de wike 2013/wike 20
Appearance
It is net krekt te sizzen wannear't de earste minsken har nei wenjen setten op it plak dat no Ljouwert hjit. Lykwols is der bewiis fan bewenning yn de 2e iuw n.Kr. By de Aldehou binne ferskillende dingen fûn út de tiid dat de Romeinen yn Fryslân wienen. Der binne houten peallen fûn dy't by in trije meter breed bouwurk hearden. It bouwurk wie makke fan plaggen en hout en wie ornearre as skuorre of wente. Oare peallen dy't fûn binne hearden by in 5 meter lang hûs út de twadde of tredde iuw n.Kr. Der binne noch mear fynsten út de Romeinske tiid.