Springe nei ynhâld

Port (wyn)

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De Dourofallei

Port of porto (Belgysk-Nederlânsk) is in fersterke wyn út Portugal, mei in alkoholgehalte tusken 18 en 20 persint. It is in typyske swiete reade, wite of roseewyn, serveard as aperityf of as dessertwyn. Tsjintwurdich wurdt rûnom op de wrâld fersterke wyn makke dy't in soad op port liket. Austraalje en Súd-Afrika de bekendste konkurrinten. Oars as yn de Feriene Steaten mei yn de Europeeske Uny allinnich it produkt út Portegal it label 'port' drage. In oare namme foar port is portwyn, dêr't 'port' de ferkoarting fan is.

De Dourofallei en har Quinta's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dourofallei leit oan de bopperin fan de rivier de Douro yn it noardeasten fan Portegal. Se is yndield yn meardere wyngerds, dy't Quinta's hjitte. Elke Quinta hat syn eigen namme. Inkele Quinta's binne: Quinta Senhora da Ribeira, Quinta do Bomfim, en Quinta de Vargellas.

De measte ports (útsein de Single Quinta Vintage Port) wurde makke troch it mingen fan ports dy't fan ferskillende Quinta's komme.

Yn de Dourodelling meie ar 26.000 hektare wyngerds port produsearje. Se binne terrasfoarmich oanlein op de skeanten fan de fallei. Faak steane muorkes om de wyngerds. De muorkes hawwe yn totaal in lingte fan 5000 kilometer, wat foar de UNESCO in reden wie om de wynstreek yn 2001 ta wrâlderfgoed te bestimpeljen.

Drúffariëteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende drúffariëteiten foar it meitsjen fan port binne: Touriga nacional, Touriga francesca, Tinta roriz, Tinta barroca, Tinta cão, Tinta francisca, Tinto Rouro, Bastardo, Donzelinho, Mourisco en de Malvasia fina (wite port).

Sûnt de 19e iuw wurdt gebrûk makke fan de mutaazje-technyk. Dit is in technyk wêrby't troch it tafoegjen fan ekstra alkohol it gistingsproses earder stoppe wurdt sadat net alle sûkers yn alkohol omsetten wurde en de swiete smaak fan port ûntstiet. It alkoholgehalte sit dêrnei tusken 18 en 20 persint.

Der binne aardich wat portsoarten te ûnderskieden. De meast brûkte ûnderferdieling is de ruby, tawny, wite en sûnt koart rosee port.

Ruby portsoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Young Ruby De Ruby port komt it measte foar. Dy relatyf jonge portsoarte is twa oant trije jier opslein op it fet. Meastentiids binne dit waarfêststielen tanks of betonnen bakken. Yn sommige gefallen is dit op ikehouten fetten. Ruby port wurdt blende (gearstald) troch minging fan druven fan mear as ien druvesoarten, jiergongen en wyngerds.

  • Kleur: robynread
  • Geur: read en swart fruit
  • Smaak: fruitich, jong
  • Serveare: wat kuolje oant 12 graden Celsius
  • Drinke by: sêfte tsizen, swiete neigesetsjes
  • Yn Nederlân en Belgje wurdt de ruby port ek as aperityf dronken.


Late Bottled Vintage port (LBV)

  • De Late Bottled Vintage Port is in mingsel fan ports fan ien inkel jier. Se rypje tusken 4 en 6 jier yn ikehouten fetten en wurde dan bottele. De measte binne dan ryp om opdronken te wurden. It etiket moat altiten it rispingjier en it jier fan botteling fermelde.

Crusted

  • De Crusted Port bestiet út in mingsel fan ports fan fersjillende jierren dy't 3 à 4 jier yn fetten ripe hawwe en dy't net-filtere bottele wurde wêrtroch't in besaksel, de saneamde crust, foarme wurdt. De port moat krektas de vintage port dekentearre wurde foardat er foar konsumpsje geskikt is. Dizze portsoarte wurdt ek wol de poor man´s vintage port neamd.

In fûstregel is dat trije kear yn de tsien jier de rispinge sa goed fûn wurdt en nei priuwerijen de wyn der sa útspringt fergelike mei oare jierren dat it jier troch de IVDP (Instituto dos Vinhos do Douro e do Porto) ta vintage portjier ferklearre wurdt. Elk porthûs is frij om, ek yn net beneamde vintagejierren, port oan te bieden oan de IVDP om teste te litten. As dy oan strange kwalifikaasjes foldocht kin it wêze dat dit porthûs foar dizze wyn ek it label vintage port brûke mei. Faaks giet it hjir om in saneamde Single Quinta Vintage Port.

De vintage ports wurde maksimaal trije jier in ikehouten fetten bewarre. Se wurde dan sadanich bottele dat se fierder op flesse rypje kinne en een depot/grom yn de flesse foarmje. It is dan ek net oan te rikkemandearjen om de port sa te dekantearjn dat it grom efterbliuwt yn de flesse foardat it serveard wurdt. In typysk Portegeesk gebrûk is om nei it dekantearjen fan in flesse vintage port de flesse wer te foljen mei in folle minder rike ruby port. Dy port sil sa ek mear 'body' krije. It etiket fan de vintage port moat altiten it rispingejier en it jier fan botteling oanjaan. It bysûndere karakter fan vintage port fereasket foarôfgeand oan it drinken in soarchfâldige behanneling. De flesse moat foar it iepenjen teminsten 24 oere rjocht oerein stien hawwe om seker te wêzen dat it grom op de boaiem fan de flesse delslein is. Dekantearen yn in kraf moat in oantal oeren foar konsumpsje dien te wurden wêrby't sa'n ien/twa glêzen yn de flesse sittenbliuwe moatte om seker te wêzen dat gjin depot mei de wyn meikomt. Hjirby kin ûndersteande tabel as hantfet brûkt wurde:

in port fan 7 jier of minder: 10 - 12 oere fan tefoaren dekantearje,
in port fan 8 - 15 jier âld : 8 - 10 oere fan tefoaren dekantearje,
in port fan 16 - 25 jier âld: 6 - 8 oere fan tefoaren dekantearje,
in port fan 26 - 35 jier âld: 4 - oere fan tefoaren dekantearje,
in port fan 36 - 45 jier âld: 3 - 5 oere fan tefoaren dekantearje,
in port fan 46 - 60 jier oud: 2 - 3 oere fan tefoaren dekantearje,
in port fan 60 jier âld: 1 - 3 oere fan tefoaren dekantearje.

De drinktemperatuer is sirka 18 °C. Om it relatyf lege tanninegehalte fan vintage port oksidearret dizze relatyf gau. Yn de praktyk betsjut dit dat vintage port binnen 48 oere opdronken wurde moat, wêrnei't de kwaliteit hurd minder wurdt.

Omdat vintage port tige lang bewarre wurde kin, kin it wêze dat de koark yn tige minne steat is. Om dochs de port goed iepenmeitsje te kinnen is der in metoade ûntwikkele mei help fan in saneamde porttange. De tange wurdt gleonhjit makke. Dan wurdt de tange in skoftlang om de hals (ûnder de koark) klamme om dy hals dêrnei te kuoljen mei in tige kâlde wiete doek. De hals brekt dan op it plak fan de ferhjitting.

Single Quinta Vintage Port

  • De Single Quinta Vintage Port. Dit is in vintage port dy't fan ien en deselde wyngerd komt. De wyngerd moat op it etiket oanjûn wurde. Dizze Single Quinta Vintage Ports kinne yn jierren foarkomme dy't net as vintage-jierren sjoen wurde. Wannear't in produsint mient dat syn Quinta in port fan útsûnderlike kwaliteit levere hat, kin hy dy foarlizze oan it IVP (=Instituto do Vinho do Porto) dat dan al as net it vintage label takenne sil. Hjir fermeldet it etiket ek it rispingejier en it jier fan botteling.

Tawny portsoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tawny Port

  • De Tawny Port is neamd nei de taankleur, dy't ûntstiet trochdat de wyn meardere jierren op fet ripet, sadat hy in bytsje oksidearje kin. Dit is in griemmank (= in blend) fan port(o')s fan ferskillende rispingejierren, mar hat as wichtichste skaaimerk dat hy meardere jierren yn fetten ripe hat, wat syn typyske tawny kleur jout. Spitigernôch wurdt der yn de goedkeapere klasse tawny port in soad rommele om de krekte kleur of rook te krijen. Sa wurdt gauris de reade en de wite port tegearre mong.

Aged Tawny

  • By de Aged Tawny stiet op de flesse it oantal jierren (10, 20, 30, 40 jier) dat de port yn fetten ripe hat, wêrtroch't de typyske tawny-kleur ûntstiet. Omdat it hjir om in mingeling fan ports giet, is de leeftiid dy't op de flesse oanjûn stiet, de gemiddelde leeftiid fan de blend.

Colheita

  • De Colheitaport. Dizze port bestiet út de rispinge fan mar ien en itselde jier. Hy moat minstens sân jier yn in houten fet ripe hawwe. Hy is tawny fan kleur en is daliks op dronk (=klear om opdronken te wurden). It rispingejier en it oantal jierren dat de port yn it fet ripe hat wurde op de flesse oanjûn.

Garrafeiraport

  • De Garrafeiraport is ek in mingsel fan ports fan ien inkel jier. Dizze Garrafeira wurdt wolris de brêge tusken de tawny en de vintage neamd. Nei in koarte ripingsperioade yn houten fetten wurde se oerbrocht yn grutte glêzen fetten wêryn't se 20, 30 oant 40 jier stadich fierder rypje. Yn de rin fan de jierren wurdt der in besinksel foarme dat decanteren nedich makket foardat de port foar konsumpsje yn flessen fan 75 cc oerjitten wurde. Hjirnei ripet de port fierder yn de flesse.

Wite port wurdt oars as guon oare winen allinnich fan wite druven makke. Ek wite port wurdt in trijetal jierren ripe op it fet.

  • Kleur: striegiel
  • Geur: eksoatysk fruit
  • Smaak: fruitich
  • Serveare: 8-12 graden Celsius
  • Drinke by: as aperityf, by mangels.
  • Wite port wurdt yn Portugal faak dronken as in miks 1/3 wite port, 2/3 tonic mei in skiifke sitroen.

Op 21 maaie 2009 hat de Portegeeske ministerried in wet oannomd dy't rosee ek erkent as offisjeel portsoarte. Sûnt 2008 kaam Croft mei de Pink port op de merk, wyls opfolge troch oare portshippers.

De namme port is komt fan de stêd Porto. Port wurdt sûnt it begjin fan de 17e iuw yn Portegal makke. It meitsjen is ûntstien trochdat Ingelân yn ûnfrede libbe mei Frankryk, dat doe al in grut wyneksportearjend lân wie. Hjirtroch waard yn oare streken nei wyn socht. Omdat de winen út Portugal en Spanje de boatreis nei it eilân net altiten like goed trochstienen, waard socht om oplossingen hjirfoar. By de port waard der oan 'e ein fan de bereiding wat brandewyn tafoege. Pas oan de ein fan de 18e iuw ward oergien op it stopjen fan de gisting troch it tafoefjen fan wynalkohol. Troch dizze yngreep hâldt port in soad restsûker en is dêrom swiet.

De vintagejierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Understeande jiertallen binne de algemiene declared vintage portjierren fan de lêste 60 jier:

2009, 2007, 2003, 2000, 1997, 1994, 1992, 1991, 1985, 1983, 1980, 1977, 1975, 1970, 1966, 1963, 1960, 1958, 1955, 1950, 1948, 1947, 1945

Port wurdt ek yn in soad sauzen en gerjochten ferwurke, lykas meloen mei port, tournedos mei port, stoofparkes yn port, stilton mei port ensafuorthinne.

In glês port
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Port wine