Maritime skiednis fan Nederlân yn de Midsiuwen
De Maritime skiednis fan Nederlân yn de Midsiuwen omfiemet de skipfeart fan it Fryske Ryk oant de Nederlânske Gouden Iuw.
Nei it Grutte Folkeferfarren en it mei dêrtroch feroarsake ferfal fan it West-Romeinske Ryk yn West-Jeropa, wie it gebiet yn trije stikken ferdield. De Friezen wennen oan de kusten, de Saksen yn it easten en de Franken yn it suden. Grinsstêd fan de Franken wie lang Nijmegen, dêr’t se in palts fêstigen. De Franken wreiden harren grûngebiet út nei it suden, noarden en easten en fersloegen de oare folken.
Yn de Midsiuwen koe yn Nederlân hieltyd minder weet en rogge ferboud wurde as gefolch fan it ynklinken fan de feanboaiem troch de lânbou. Hjirtroch gie men yn in oantal gebieten stadichoan oer op fiskerij. Bûten it seizoen waarden de fiskerskipkes ek brûkt om fracht te ferfieren. Yn fergeliking mei de omkriten wennen in soad minsken yn stêden.
Yn de 6e iuw naam it skipfeartferkear op de Britske eilannen wer ta. Quentowic waard in belangrike stêd en naam de hannel mei Ingelân oer fan Boulogne. Dêr bylâns rûn ek de via rectissima, it paad foar Ingelske pylgers nei Rome.
Karel de Grutte kaam fanwege tsjin de plonderingen fan de Wytsingen troch garnizoenen en fleatienheden te pleatsen nei Romeinsk foarbyld fan de Rynmûning oant Ponthieu. Yn Boulogne, dêr’t hy yn 810 skippen bouwe liet, liet hy de fjoertoer wer opmeitsje. Yn dat jier naam hy neffens de Annales regni Francorum in fleatskou ôf yn Gint.
Yn dat tiidrek wreide it fargebiet út fan de Britske Eilannen, Noard-Dútslân en Frankryk oant de Eastsee, Noarwegen en it Ibearysk Skiereilân. It wie de perioade fan ekspânsje, wêrby’t earst de hannelsrûtes fan de Hânze foar it meastepart oernommen waarden en letter dy fan Portugal yn de oanrin nei de Gouden Iuw.
De kogge wie it wichtichste seeskip út dy tiid, oant it yn de 15e iuw stadichoan ferfongen waard troch de hulk.
Machtsferhâldingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ôfsetten fan de Romeinen wie it gebiet fan de Nederlannen bewenne troch de Friezen en de Franken. Underling wie der geregeld striid, oant Karel de Grutte it hiele gebiet ûnderwurpen hie. Dêrnei ûntstienen hearlikheden, lykas greefskippen, dy’t hieltyd mear macht krigen. Yn it suden wie Flaanderen in grutte macht, letter Brabân. Benoarden de rivieren hearsken yn it earstoan de Friezen. De Iselstêden ûntwikkelen in foaroansteande ekonomy, mar hja misten, krekt as it Sticht Utert bestjoerlike ienheid om wjerstân te bieden oan Hollân. Hollân wie yn it earstoan tin befolke en de ynpolderingen ûntstienen frij let, mar it wist yn de 13e iuw de oerhearskjende macht te wurden boppe de grutte rivieren.
Troch fererving en ferovering kamen de Nederlannen yn de rin fan de 15e iuw ûnder it Boergondyske Hûs en yn 1482 ûnder it Habsburchske Hûs. Yn dizze perioade falle ek de Hoekske en Kabbeljauske twisten. Flaanderen is oan’e ein fan de Midsiuwen in tige wolfarrend lân, mar hat wol oan macht ynboete en hat ek grûngebiet oan Frankryk ferlern.
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ynienstoarten fan it Romeinske Ryk bliek Fryslân ynienen in sintrale lizzing te hawwen tusken de opkommende Germaanske keninkriken fan de Franken, Angelsaksen en de Skandinaavjers op de Noardwest-Jeropeeske hannelsrûtes. Dy posysje waard fan sawat 550 ôf fersterke troch it ferbrekken fan de Noard-Súd rûte tusken de Eastsee en de Middellânske See troch de ynfal fan Slavyske folken yn East-Jeropa. Fanwege harren wetterrike lân, dêr’t hast alle ferkear fanâlds oer wetter moast, hienen de Friezen al in bulte ûnderfining mei de skipfeart. It Fryske oandiel yn de skipfeart docht bygelyks bliken trochdat de Noardsee yn Historia Britonum mare Frenessicum of mare Fresicum neamd waard.
Yn 521 die de Deenske kening Chlochilaicus in ynfal yn Austraasje, miskyn it gebiet fan de Chattuarii. Hy waard lykwols ferslein troch Teudebert I, soan fan kening Teuderik I fan Austraasje. Yn 565 waard wer in Deenske fleat ferslein. De measte kontakten wienen lykwols freedsum.
Yn de iere midsiuwen wie Dorestêd in wichtige trochfierhaven yn Magna Frisia. Troch fersâning en plonderingen troch de Wytsingen ferfoel de stêd lykwols. De Friezen wienen no in folk fan seefarders dy’t libben fan de hannel, plondertochten en piraterij, in ûnderskied dat doe minder dúdlik makke waard. Se farden op Londen en York yn Ingelân, wêr’t se meekrap, barnstien, pelzen, wyn, oalje, speserijen en wijreek út it Easten brochten en izer, tin, lead en nôt hellen. Mei de opkomst fan de islam foelen lykwols de produkten út it Easten wei. In graach produkt wie it Fryske lekken, dat fan hege kwaliteit west hawwe moat. Tsjin it sin fan de Franken ferhannelen se Frankyske swurden mei it noarden. Ek hannelen se yn slaven dy’t benammen oarnearre wienen foar de slavemerken yn Spanje en Kaïro.
De Fryske fleat waard om 785 hinne troch Karel de Grutte sawat hielendal ferneatige. Nei de dea fan Karel de Grutte foel it Frankyske Ryk útinoar, wat de stabiliteit net ten goede kaam. Hjir makken de Wytsingen gebrûk fan. Om oan de oanfallen in ein te meitsjen, waarden gebieten beliend oan Wytsingen, yn de hope dat se oanfallen fan oare Wytsingen foarkomme soenen. Sa waard Fryslân beliend oan Godfried de Seekening. Dy brûkte syn posysje lykwols foar oare Wytsingoanfallen, wêrûnder de ferwoasting fan Dorestêd yn 863. Hy waard yn 885 fermoarde troch Gerolf fan Hollân, dy’t dêrmei de Friezen befrijde fan de Wytsingen en stamfaar waard fan it Hollânske Hûs.
Op 5 desimber 1930 waard it Utertse Skip fûn by graafwurk, dat datearre waard tusken 1000 en 1025. De Friezen wreiden mei dit type skippen yn de iere midsiuwen harren hannelsryk út. De fierste reis dy’t de Friezen makken, wie neffens Adam fan Bremen yn syn Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum in reis rjochting de noardpoal, wêrby’t se weromkamen doe’t se mei iis en kontinu tsjuster te meitsjen krigen en ferswolgen driigden te wurden troch in mealstream.
Nettsjinsteande alle twisten hanthavene de Fryske hannel him. Starum wie yn dizze tiid de wichtichste Fryske stêd en koe aardich ûnôfhinklik bliuwe fan de Hânze, wêr’t it pas yn 1385 lid fan waard. De oanfallen fan de greven fan Hollân en de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers soargen foar de Fryske delgong. Yn de 11e en de 12e iuw ferpleatste de hannel him nei Noard-Dútslân en de Eastsee.
Krústochten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krústochten soargen foar in oplibbing fan de skipfeart en de hannel. De Twadde Krústocht yn 1147 late ta it belis fan Lissabon troch Flaamske, Fryske, Normandyske, Ingelske, Skotske en wat Dútske krúsfarders. Op 24 oktober waarden de Moaren ferslein en waard Lissabon, nei plondere te wêzen, oerdroegen oan kening Alfons I fan Portugal. Dit wie ek it ienige súkses fan dizze krústocht.
De Tredde Krústocht wie tusken 1189 en 1192. Yn april 1190 sammele Richard Liuwenhert in fleat fan 600 skippen út Ingelân, Normandje, Brittanje, Anjou, Poitou en Akwitaanje yn Dartmouth yn Devonshire. De greven fan Hollân, Gelre en Kleef dienen mei inoar mei oan de Tredde Krústocht . Floaris III fan Hollân, dy’t yn 1190 omkaam yn de striid, gie tegearre mei syn soan, de lettere Willem I fan Hollân.
Wylst wie Wllem I ekskommunisearre troch de paus. Mei om fan dizze ban ôf te kommen die Willem I yn 1217 mei oan de Fiifde Krústocht. Hy krige hjirtroch in soad oansjen, om’t it foar him al de twadde krústocht wie.
Mei syn leger fan Friezen, Hollanners en Flamingen sylde Willem bylâns de Jeropeeske kust rjochting it Hillige Lân. Troch in stoarm rekken de skippen út’e koers. De fleat, dêr’t yntiids ek Ingelske skippen by komd wienen, socht beskûl op in Portugeeske rivier. De Portugeeske kening Alfons II wist de krúsridders oer te heljen him te helpen yn de striid tsjin de Moarske oerhearsking fan syn lân. Willem I joech ta oan it fersyk en farde op 30 july 1217 mei syn float nei Lissabon. De stêd wie 80 jier earder by de Twadde Krústocht befrijd, mar de Moaren wienen nea hielendal ferdreaun út Portugal. Nei in fûle striid om fort al-Kasr en mei it ûnthjit fan Willem I op in frije ôftocht joegen de Moaren har op 21 oktober 1217 oer. Ienkear bûten de festing stoarte it leger fan Willem I him op de ûnbewapene Moaren en slachten se ôf. As tank bea de Portugeeske kening de krúsridders lân oan en party ridders namen dit oan. Willem I ferlear hjirtroch it grut diel fan syn leger en frege dêrom oan paus Honoarius III om him te ûntheffen fan syn krúsfeart en him ta te stean ynstee dêrfan de striid yn Portugal fuort te setten. Mar de paus wegere om op dit fersyk yn te gean. In diel fan de fleat sylde doe op Akko ta. Willem sels oerwintere mei de rest fan de fleat yn Portugal en soe letter folgje.
Yn de maitiid fan 1218 kaam Willem mei de Friezen, Hollanners en Ingelsken oan yn Akko wêr’t oare krúsfarders harren al sammele hienen. Der waard besletten om de Noard-Egyptyske stêd Damiate te feroverjen. Op 27 maaie 1218 kamen de krúsridders oan by Damiate. Damiate waard beskerme troch trije muorren mei in protte tuorren en de Nyl. De tagong ta de stêd oan de Nyl wie ôfsluten mei in keatling dy’t beskerme waard troch de fleat fan de Ayyubiden. De keatling rûn fan de stêd nei in toer op in eilân tichteby de westlike ouwer. Op 25 augustus 1218 wisten de Friezen dizze toer te feroverjen en de keatling troch te seagjen. Op 5 novimber 1219 foel de stêd yn hannen fan de krúsfarders. De Egyptyske Sultan al-Kamil stelde dêrop út om Damiate te ruiljen foar Jeruzalim. De measte krúsridders wienen bliid mei dit foarstel, mar de pauslike ôfgesant Pelagius wegere. Net troch ûnderhannelingen, mar troch striid moast Jeruzalim ynnommen wurde. Doe’t Willem I dit hearde waard hy razend en gie mei syn leger wer nei hûs.
Troch dizze krústochten ûntstie der ek mear kontakt en dêrmei hannel tusken West-Jeropa en de Levant. Dêrwei kaam side, katoen, rys, súdfruchten, damast en mûsseline.
Súdlike Nederlannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 869 ôf wisten Boudewijn I fan Flaanderen en syn opfolgers frijwat selsstannigens te berikken tsjinoer harren lienhear, de Frânske kening. Harren kearngebiet wie de streek om Brugge hinne. De greven wreiden har machtsgebiet út ta alle gebieten besuden en bewesten de Skelde, it tsjintwurdige Siuwsk-Flaanderen ynbegrepen. Men jage ek al op walfisken en weage him op de Middellânske See. Arnulf de Grutte krige in soad ynkomsten troch de toljilden fan Boulogne. Yn 1009 stelde Boudewyn IV de Hear fan Gistel oan as seeprefekt om de kust te beskermjen tsjin ynfallen. It ferlies fan tolynkomsten trochdat Boudewyn IV syn ynfloed oer Boulogne ferlear, waard mar foar in part goedmakke troch de opkomst fan Brugge. Mei it ûntstean fan It Swin en it graven fan it Alde Swin oan’e ein fan de 11e iuw waard Brugge goed berikber.
Boudewyn V stipe koart foar syn dea de ekspedysje nei Ingelân yn 1066 fan syn skoansoan Willem de Feroverder, dy’t troud wie mei syn dochter Matilda fan Flaanderen. Dit hie lykwols ta gefolgen dat de opkomst fan it Anglo-Normandysk blok de Flaamske macht bedrige. Dêrom socht Arnulf III kontakt mei syn lienhear, de Frânske kening. Sa ûntstie ek kontakt tusken Ingelân en Flaanderen. Robrecht de Fries makket lykwols ek oanspraak op it Greefskip Flaanderen, dat hy krige nei de Slach by Kassel yn 1071.
De kontakten mei de Ingelske kening Willem de Feroverder wienen bepaald net freonskiplik. Dy hie destiids sels in kontingint Normandjers stjoerd om Richilde fan Henegouwen, de mem fan Arnolf, te stypjen yn har striid tsjin Robrecht. Robrecht stipe de oanspraken fan syn skoansoan Knoet IV fan Denemarken op de ferlerne Ingelske troan. Tegearre soenen se in fleat fan 1600 skippen nei Ingelân ta stjoere. Mar it kaam nea safier, troch in bruorrestriid tusken de beide Deenske prinsen Knut IV en Olaf. Dêrnei ûntstie dôchs wer in tanadering.
Mei Durk fan Elzas en Filips fan de Elzas waard Flaanderen hieltyd belangriker. Under harren bewâld koenen de stêden har ûntwikkelje en waarden de ynstellingen organisatoarysk herfoarme. De havens Grevelingen, Nijpoart, Damme en Bierflyt waarden stifte. Der waard hannel dreaun mei Ingelân, de Baltyske lannen en Frankryk en oer lân mei it Rynlân en Itaalje, wêrby ‘t benammen de wolhannel mei Ingelân fan belang wie foar de opkommende Lekkenyndustry. Dêrnjonken wie der in wichtige nôtfeart op Ingelân en oer Hollân op Hamburch. Sint-Omaars waard yn de 12e iuw de wichtichste noardlike trochfierhaven foar Frânske wyn.
Yn de 13e iuw ferlear it Greefskip Flaanderen gebiet yn it suden oan Frankryk. Dit wie foardielich foar Brugge, dat de wynhannel fan Sint-Omaars oernaam. De fijânskip mei Frankryk soarge foar in bettere ferhâlding mei Ingelân, ûndanks kaperijen fan wjerskanten.
Nei de Slach by Sieriksee op 10 en 11 augustus 1304, wêrby ‘t de Flaamske fleat ûnder lieding fan Gwijde fan Namen ferslein waard troch in Hollânsk-Frânske fleat ûnder lieding fan Rainier Grimaldi, joech de greve fan Flaanderen syn oanspraken op Seelân op ta geunste fan de greve fan Hollân.
Yn 1340 waard by de Slach by Sluis de Frânske fleat ta sinken brocht troch Edward III fan Ingelân. Dit wie ien fan de earste slaggen fan de Hûndertjierrige Oarloch.
Yn de Hege Midsiuwen wienen Flaanderen en it noarden fan Itaalje de meast wolfarrende dielen fan West-Jeropa. Dizze wolfeart wie benammen basearre op de hannel. De Hânze wie mar in lytse spiler yn fergeliking mei de bloeiende stêden yn de Súdlike Lege Lannen en de Repubbliche Marinare.
De Hânze groeide stadichoan út fan in los netwurk fan hannelers ta in strakke organisaasje dy’t de hannel yn Noard-Jeropa behearskjen gie. De avansearre hannelsmetoaden fan de Italjanen waarden oernommen troch de Hânze. Se namen ek it Fryske hannelssysteem oer. It steapelplak Brugge wie it plak wêr’t de súdlike en noardlike hannelers inoar moeten, trochdat hannelers út Súd-Jeropa net trochfarre mochten nei de Eastsee. Sa waard Brugge yn de Lette Midsiuwen de wichtichste haven en hannelssintrum fan Noard-Jeropa. Nammers hie Flaanderen tsjin dy tiid net folle eigen skipfeart. De measte skippen yn Brugge en de foarhavens Damme en Sluis farden ûnder frjemde flagge. It Wetterrjocht fan Damme, basearre op de Rôles d'Oléron, regele de maritime wetjouwing yn de Lege Lannen. Yn 1253 ferliende Margareta II fan Flaanderen de Hânze spesjale privileezjes, wat late ta de fêstiging fan in kontor yn Brugge.
Healwei de 14e iuw waarden hannelers fan de Hânze yn Brugge slim behindere yn harren hannelsaktiviteiten en ek oan harren privileezjes waard hieltyd mear toarne. De problemen mei Brugge waarden yn earste ynstânsje mar foar in diel oplost, mar úteinlik ferskerpe dit skeel him meidat in skip út Greifswald oermastere wie op It Swin. In grut oantal stêden stjoerde yn 1356 in ôffurdige nei Lübeck om te bepraten hokker maatregelen se nimme soenen. Ofpraten waard dat it Hanzekontor yn Brugge ûnder it gesach fan de Hânzedei steld waard. De besteande konflikten mei Brugge waarden hjirnei hieltyd slimmer. Op de earstfolgjende Hanzedei yn 1358 waard besletten ta ferpleatsing fan it kontor nei Dordrecht en it ynstellen fan in hannelsboycot tsjin Flaanderen. Twa jier letter waard dizze hannelsoarloch beëinige en krige de Hânze yn sa goed as al har foarwearden har sin. Yn de simmer fan 1360 waard de frede mei Flaanderen tekene, de boycot opheft en waard it kontor wer yn Brugge fêstige. Dizze oerwinning wie in grut súkses en befêstige it belang en de macht fan de Hânze. Yn dizze perioade waard de posysje fan de Flamingen yn de feart op Ingelân stadichoan oernommen troch skippers út de Noardlike Nederlannen.
Troch fersâning fan It Swin ferlear Brugge syn posysje oan de ein fan’e 15e iuw oan Antwerpen. Yn 1520 waard it Hânzekontor nei Antwerpen ferpleatst, dat opbloeide en it grutste steapelplak fan Jeropa waard.
Yn 1361 easke de Deenske kening Waldemar IV Atterdag 4000 mark fan de Hânze foar it brûken fan de fiskgrûnen fan Schonen. Hy ferovere en plondere dêrnei Fisby. Yn mar seis wiken tiid waard dêrnei in konfederaasje foarme fan de Hânze, Noarwegen, Sweden, Holstein en de Dútske Oarder. Yn de dêrop folgjende Earste Hânze-Deenske Oarloch waard in fleat fan 52 skippen nei Kopenhagen stjoerd. Dit draaide út op in nederlaach foar de Hânze en hjirby gienen 12 skippen ferlern. De blokkade fan Kopenhagen bliek net effektyf, omdat de Suderseestêden de hannel mei de Denen fuorsetten bleaunen.
Waldemar besocht mear ynkomsten krijen troch de hannel fan de Hollânske en Prusyske stêden te befoarderjen dy’t te lijen hienen fan de beheiningen fan de Wendyske Hânzestêden. Doe organisearren dizzen lykwols de Keulske Konfederaasje yn 1367 wêr’t de Hollânske en Prusyske stêden harren by oansleaten. Yn 1369 folge de Twadde Hânze-Deenske Oarloch dy’t yn 1370 wûn waard troch de konfederaasje. De Frede fan Stralsund waard tekene, wêrnei’t de Hânze de tagong troch de Sont behearske.
Hjirmei besocht de Hânze in mare clausum yn te stellen yn it Eastseegebiet troch skippen fan net-Hânzestêden te warren.
Noardlike Nederlannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it Grutte Folkeferfarren rekken de taalferhâldingen binne yn Jeropa slim fermongen, mar de ferhâldingen binnen de Nederlannen feroaren net safolle. It liket derop dat troch it ferdwinen fan de Romeinen de Friezen harren machtsgebiet oan de see útwreiden, mar wy binne net wis oft dat deselde Friezen binne as út it begjin fan de jiertelling en ek net oft der in feroaring fan etnisiteit mei gearhong. Yn de njoggende iuw wreide it Frankyske ryk him nei it noarden ta út.
De groei yn de Noardlike Nederlannen gie stadich. Hollân en Seelân hienen hast gjin oandiel yn de hannel tusken noard en súd. Witla wurdt neamd as delsetting oan de Maas, mar waard yn 836 ferwoaste troch de Wytsingen.
De wichtichste hannelsstêden yn de Noardlike Nederlannen wienen yn it earstoan de Iselstêden en Tiel dat yn de 11e iuw it wichtichste hannelsplak wie. Zwentibold ferliende Tiel, Utert en Dimter yn 896 spesjale hannelsprivileezjes. Tiel wie lange tiid de wichtichste stêd foar de hannel op Ingelân. Yn Londen hienen keaplju út de stêd, as homines imperatoris (manlju fan de keizer), spesjale beskerming. Yn de 12e iuw krige Tiel te krijen mei konkurrinsje út Keulen. Mei hege tolheffings waard besocht nijkommers lykas Lübeck te ferdriuwen, mar úteinlik ferlear Tiel syn posysje, mei trochdat de seeskippen grutter waarden, sadat plakken as Dordrecht folle geunstiger leienen.
Fan Utert út wie der benammen hannel op it noarden. Yn de 10e iuw wie der al in Deenske hannelskoloanje yn Utert. Yn it fers Merigarto wurdt ferteld oer Reginbert, dy’t út Utert wei nei Yslân fard wêze soe en in soad goud wûn hie. Kampen waard úteinlik it dominante hannelsplak.
Yn de Lette Midsiuwen wienen der mar inkele Hânzestêden fan minder belang yn de Noardlike Nederlannen. Foar de Hânze wie it gebiet allinnich mar nijsgjirrich om nei Flaanderen en Ingelân te kommen sûnder op see farre te hoegen. Hjirom ferliende Willem II fan Hollân harren yn 1243 frije trochgong troch syn lannen. Floaris V fan Hollân joech de Hânze de earste privileezjes yn Dordrecht yn 1277.
Stêdsrjochten, dy’t benammen troch Willem I fan Hollân ferliend waarden, blieken geunstich foar hannelers. Yn de 13e iuw waard Utert foar koarte tiid it hannelssintrum foar de Noardlike Nederlannen. Hjir waard sâlt en fisk ferhannele foar wyn en oare produkten. Hja hienen ek al om 1250 hinne in fiskerijkoloanje (vitte, in hannelskonsesje wêrby’t men in ôfbeakene stik grûn tawiisd krige) op Schonen. De sterke posysje wie basearre op de kanalen dy’t de Lek en de Fecht ferbûnen mei Seelân, mar troch it fersâltsjen fan dizze kanalen ferlear Utert dizze posysje. Nei de ôfgryslike St. Lusiafloed yn 1287, wêr’t wierskynlik mear as 50.000 minsken omkamen en West-Fryslân definityf skieden waard fan it hjoeddeiske Fryslân krigen in soad lytse plakjes ynienen tagong ta de see, lykas Amsterdam.
Yn Hollân ûntbruts it yn it earstoan oan ûnderfining, organisaasje en finansjele middels om konkurrearje te kinnen mei de Hânze. Sa kamen de earste jildwikselders út Lombardije (lommerds) pas yn 1260, wêr’t se nei oanlieding fan it konsilium fan Lyon band waarden om pas yn 1283 werom te kommen. De Hânze hie yn de tuskenlizzende tiid in hannelsnetwurk opboud fan Flaanderen oant Ruslân mei in goed funksjonearjend kredytsysteem, hoewol’t Dordrecht ek al gebrûk makke fan kredyt yn de hannel mei Baltyske steaten sûnt yn elts gefal 1284.
De greven fan Hollân besochten om’e nocht Dordrecht de posysje fan Brugge oernimme te litten. Troch de strategyske lizzing ûntwikkele de stêd him ta in wichtich steapelplak mei steapelrjocht fan 1299 ôf. Der waard benammen wyn, hout en nôt ferhannele. Yn 1421 kaam Dordrecht as gefolch fan de Sint Elisabetsfloed op in eilân te lizzen. Hjirtroch ferlear it syn geunstige lizzing. Doe’t de Hânze tusken 1451 en 1457 opnij Flaanderen blokkearre, waard net Dordrecht as steapelplak oanwiisd, mar earst Dimter en letter Utert, hoewol’t de hannelers Amsterdam keazen al hannelssintrum.
Undanks de Hoekske en Kabbeljauske twisten wie der ek yn de Noardlike provinsjes in sekere wolfeart yn dy perioade. Stêden as Grins, Hurderwyk, Dimter en Swol hienen harren oansluten by de Hânze, en ek Kampen, dat krekt as Starum yn in maklike posysje siet. Dizze groeiende wolfeart soarge foar in gruttere fraach nei nôt en groeiende hjerringfiskerij wêrfoar’t in soad sâlt út de gebieten om de Eastsee hinne nedich wie. De Hânze hie op beide produkten in monopoalje. Teffens wienen de measte bosken yn de Noardlike Nederlannen al yn de 11e iuw kapt, sadat hout - nedich foar de bou fan huzen en skippen, mar ek as branje - earst út Dútslân en Frankryk helle waard en letter út Noarwegen en it Eastseegebiet.
De hannelsrûte nei de Eastsee rûn earst foar in part oer lân, oer Sleeswyk. De skippen farden oant Hamburch oan de westside en Lübeck oan de eastside, wêrnei’t de lading oer in lânwei tusken beide stêden ferfierd waard. Hollânske skippers koenen kommunisearje mei de keaplju yn de Eastsee, trochdat de taalfariëteiten dy’t yn dit grutte kustgebiet sprutsen waarden, allegear bydroegen oan de mienskiplike Hânzetaal, dy’t yn haadsaak Nederdútsk wie yn in grut ferskaat, mar genôch werkenber foar it hannelsferkear yn alle Hânzestêden.
Ommelânsfeart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de komst fan de kogge waard it mooglik bylâns de beruchte legerwâlkust fan de Jammerbocht oer it Skagerak en de Sont rjochtstreeks de Eastsee yn te farren. Yn 1251 krigen de Ommelânfarders út Kampen fan kening Abel fan Denemarken spesjale privileezjes. It wichtichste doel fan de Ommelânfarders wie Schonen, it súdlikste puntsje fan Sweden. Bûten Utert krigen letter ek oare Nederlânske stêden privileezjes om fiskerijkoloanjes te fêstigjen op Schonen. Dit wie troch heffingen op elke lêst in ynkomstenboarne foar de Deenske kening. Sadwaande ûntstie de Schonenmerk.
De Nederlânske fiskers waarden letter folge troch de keaplju, lykas de skippers út de regio Waterland dy’t al meidienen yn de bierhannel op Hamburch en oare Dútske stêden oan de Noardsee. Hannelers út Lübeck begûnen dizze skippers yn te hieren. Yn it earstoan wie de Hânze sa machtich dat se har gjin soargen hoegden te meitsjen oer it lytse oantal Hollânske skippers op de Eastsee. Nei de Frede fan Stralsund yn 1370 ferskynden dizze lykwols yn Prusen om de hannel oer te nimmen dy’t se derfoar foar de Hânze ferfierd hienen. Om hjir in ein oan te meitsjen, ferbean de Hânze oan’e ein fan de 14e iuw de feart by’t winter. Yn de maitiid fan 1403 drigen de Prusyske stêden mei arrestaasje fan Nederlânske hannelslju en yn 1417 ferbeanen de Hânzestêden de nôthandel foar de Nederlanners.
De Nederlanners hienen lykwols in oantal foardielen. Sa wienen de Nederlânske havens earder iisfrij. Ek wie it seesâlt - dat se hellen fan de sâltpannen út de Baai fan Bourgneuf by La Rochelle en letter Spanje en Portugal en sels de Kaapferdyske eilannen - goedkeaper as it sâlt út de minen fan Lüneburch dat de Hânze ferfierde oer de âlde sâltwei. Yn 1384 ferbean de Hânze de Hollanners foar de kust fan Schonen hjerring te fangen. Hjirtroch waarden se twongen fierder op de Noardsee en by Skotlân te fiskjen. Om 1400 hinne waard de hjerringbuis ûntwikkele, wêrmei’t de hjerring daliks op see kaakt en sâlte wurde koe, wat needsaaklik wie omdat de reizen langer duorren. Ek begûnen se sleepnetten te brûken. Dit alles joech grutte foardielen yn de hjerringhannel.
Letter farden de Ommelânfarders net mear nei Schonen, of oare offisjele havens wêr’t belesting betelle wurde moast, mar yn ien kear nei kliphavens, wêr’t it nôt fuort fan de boeren kocht waard. De Hânze, ûnder lieding fan Lübeck, besocht sûnder folle súkses in ein te meitsjen oan dizze slûkhannel, ek al fanwege de ûnderlinge ferdielendens fan de Hânzestêden. Yn 1438 kaam it sels ta in kapersoarloch. Hoe sterk Hollân en Seelân wienen, blykte doe’t Filips de Goede syn konsint joech foar de ferjilding fan de wrede behanneling troch seis Wendyske Hânzestêden. Yn 1441 sylde admiraal Hindrik II fan Borselen, Monsieur De La Vère, de Elbe en de Wezer op en sleepte in oantal Hanzekoggen fuort by Hamburch en Bremen. Hjirnei waard de Frede fan Kopenhagen sletten yn 1441, wêrby’t Hollân en Seelân op’e nij frije trochgong krigen troch de Sont. Yn 1447 befêstige Kristoffel III fan Denemarken – dy’t troch de Hollanners stipe waard by it delslaan fan in grutte boere-opstân yn Noard-Jutlân - de earder jûne privileezjes oan Hollân, Seelân en Fryslân. Yn 1453 stie Kristiaan I fan Denemarken hannelslju út Hollân en Seelân ta om sûnder behinderingen troch de Sont te farren, salang as de Sonttol mar betelle waard.
Ek Ingelske hannelers, de Merchant Adventurers, kamen hieltyd faker nei de Eastsee en yn 1470 bruts in kaperoarloch út dy’t duorre oant de Frede fan Utert yn 1474. Dêrmei waard de hannel fan de Ingelsken op de Eastsee minimalisearre. Yn datselde jier stie de Hânze de Nederlânske keaplju ta om bûten Brugge om hannel te driuwen. Yn 1483 ferlear de Hânze ek it monopoalje op Noarwegen troch Hâns fan Denemarken dy’t ek kening fan Noarwegen wie yn de Kalmaruny en tsjin de Hânze stried. Hjirtroch lei it paad iepen foar de Hollanners, dy’t dan ek mei in soad tagelyk kamen.
Troch de Hoekske en Kabbeljauske twisten hienen in soad Hollânske stêden hast al harren skippen ferlern oan’e ein fan de 15e iuw. Karel V soarge foar stabilisaasje yn de Nederlannen, sadat de hannel en de skipfeart al gau wer op it âlde nivo lei. Antwerpen bloeide op en waard it grutste steapelplak fan Jeropa oant it nei 1585 weikwynde ûnder de Spaanske oerhearsking. Hjirtroch lutsen in soad Flaamske en Brabânske keaplju en gelearden nei de noardlike provinsjes mei harren kapitaal, harren handelsrelaasjes en harren kennis.
In lytse iuw letter, yn 1555, waard wol de Muscovy Company oprjochte troch de Ingelsken foar de hannel op Moskoovje. Yn 1579 waard de Eastland Company oprjochte foar de hannel op Baltyske steaten.
Hannelsrûtes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ingelske hannelers hellen benammen fracht foar de eigen merk, wylst de Hânze him talei op de steapelplakken. De Nederlanners basearren harren hannel op de deurgaende vaerten wêrby ‘t de westfeart op Ingelân, Frankryk, Portugal en Spanje kombinearre waard mei de East- of Sontfeart.
Fanút Amsterdam waard hout en nôt brocht nei de Weach fan Biskaje of Setubal, wêrnei’t sâlt of wyn ynladen waard foar Danzig, Keningsbergen of Riga. Dêr waard wer hout of nôt laden, dat nei Amsterdam of daliks nei Frankryk, Spanje of Portugal brocht waard, faak om de Britske Eilannen hinne. Ek waard hout út it suden fan Noarwegen helle. Ut Ingelân wei waard foaral wol helle foar de tekstylyndustry.
De foardielen foar de Nederlânske skippers wienen de effektiviteit fan de skippen, wêrtroch’t se hast ientredde goedkeaper farre koenen – wierskynlik holpen trochdat men trochfarren bleaun oan de skippen hast wrakken wienen - en it moderne hannels- en kredytsysteem. Dêrby wie de hannel op de Eastsee foar de Nederlanners fan grutter belang as foar bygelyks foar Antwerpen, dat him net bemuoide mei it ferfier fan bulk.
Amsterdam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In dizze perioade waard it mooglik om de skipper grutter te bouwen, troch net mear oernaadsk, mar neffens de karveelbou te wurkjen, in bouwize dy’t oerwaaid wie út it Middellânske-Seegebiet. Trochdat de skippen grutter waarden, koenen seeskippen de mear ynlânske havens hieltyd minder berikke en ek net mear binnendúnsk nei Flaanderen farre. Hjirfoar waarden lytsere skippen brûkt, wêrmei’t de binnenfeart ûntstie. Hjirtroch keazen hieltyd mear skippen derfoar om nei Amsterdam te farren, fan wêrút binnenskippers foar it fierdere ferfier soargen. Amsterdam liet Kampen as steapelplak benefter him, nei ferrin fan tiid sels yn de Iselhannel en de trochfier nei Dútslân. Dit blykt út it ynwennertal; yn 1514 wie Leien noch de grutste stêd yn Hollân mei 12.800 ynwenners, yn 1570 wie dat Amsterdam mei in lytse 30.000 ynwenners.
Floaris V fan Hollân ferliende al yn 1275 tolfrijheid oan de poarters fan Amsterdam binnen syn lânhearlikheid. It Amsterdamske stedsbestjoer kaam sa mei meardere stêden en gebieten tolfrijheden oerien, lykas mei Jan Persijn, hear fan Waterland, yn 1350. Op 9 desimber 1342 ferliende Willem IV fan Hollân stedsrjochten oan Amsterdam. Yn 1394 waard Amsterdam, mei 15 oare Hollânske stêden, frijsteld fan it steapelrjocht yn Dordrecht troch Albrecht fan Beieren. Yn 1368 ferliende Albrecht fan Mecklenburch Amsterdam it privileezje foar de hannel op Denemarken en Schonen, wêr’t ek in vitte fêstige wurde mocht mei deselde rjochten as Kampen.
Yn it earstoan wie Amsterdam lid fan de Hânze, mar troch tanimmende aktiviteiten rekke de stêd yn konflikt mei de Wendyske stêden. Dêrom stjoerde de stêd yn 1396 foar de lêste kear in ôffurdige nei in Hânze byienkomst. Ynstee dêrfan sleat Amsterdam sels oerienkomsten mei de hannelsgebieten. Sa waard yn 1414 in privileezje ferliend om te hanneljen yn Saksen en Westfalen.
In belangryk ferskil mei de âldere stêden, wie dat der gjin sterk ûntwikkele gilden wienen, wêrtroch it ienfâldiger wie om nije produksjemetoades te ûntwikkeljen. In nij fenomeen wie dat in skip net yn hannen fan ien oant fjouwer eigeners wie, mar fan wol 64. Sa waard it foar it earst ek foar ynvestearders dy’t neat mei de skipfeart te krijen hienen, mooglik om skipfeart-oandielhâlder te wurden.
Yn it earstoan koe Amsterdam de hannel en produksje net dominearje. Hjirtroch koenen oare stêden har ek ûntwikkelje, lykas Leien, dat it sintrum fan de Lekkenyndustry waard, en Haarlim dat de measte bierbrouwerijen hie. Lytsere stêden ferspraat oer it noarden fan Nederlân hienen in fiskers- en handelsfloat. Hjirtroch koe de hiele ekonomy fan Nederlân groeie.
Yn 1477 joech Amsterdam in ordonnânsje út, dy’t bepaalde dat skippen út Amsterdam dêr ek losse en lade moasten. Soks soarge derfoar dat in soad keaplju ynvestearren bûten Amsterdam, wêrtroch’t de skipfeart yn Waterland groeide. Mar yn de 16e iuw waard it Amsterdamske boargers ferbean skippen yn eigendom te hawwen mei Wetterlânske skippers.
Grutte Sylfeart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op inisjatyf fan Hindrik de Seefarder wienen de Portugezen yn it begjin fan de 15e iuw begûn mei harren ûntdekkingsreizen. Dit rûn yn 1497 út op de reis fan Vasco da Gama om Afrika nei Yndia, wêrtroch’t it monopoalje fan it Ottomaanske Ryk op de hannel yn speserijen omsyld wurde koe. In 1492 ûntdekte Kristoffel Kolumbus Amearika. It wie it begjin fan in perioade wêryn’t Jeropeeske skippen de ierde omsirkelen op syk nei nije hannelsrûtes. Fan grut belang hjirfoar wie de ûntwikkeling fan earst de kraak en letter de karveel, de earste skippen dy’t seeweardich genôch wienen foar de lange en swiere reis oer de Atlantyske Oseaan.
Mei de foarming fan de Portugeeske en Spaanske koloanjes groeide de wrâldhannel yn in tige heech tempo. Hjirfoar wienen gruttere en snellere skippen nedich. Om hurder sile te kinne moasten de tugen heger wurde, wêrmei’t de perioade fan de Grutte Sylfeart oanbruts.
Oarlochsfleaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hearfeart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de tiden hinne hat de keapfardij lêst hân fan piraterij. Sa moasten de Fjouwer Ambachten, Assenede, Aksel, Boekhoute en Hulst, skippen leverje om mei de Hollânske kapers ôf te rekkenjen. Yn de midsiuwen rikten stedsbestjoerders of lânshearen, dy’t sels ek belang hienen by in ûnbehindere hannel en in sterke seemacht, kaperbrieven út. De betsjutting hjirfan wie net sa grut. De Nederlânske seelju koenen faak mear fertsjinje mei hannelsfeart en fiskerij. In âld gebrûk wie de hearfeart. Hjirby koe yn tiden fan oarloch in Greve of lânshear in oantal manlju per ambacht ferplichtsje om foar koartere tiid kriichstsjinst te ferrjochtsjen. Dizze moasten dan útrukke mei harren hearkoggen.
Admiraalsamt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar bysûndere ekspedysjes waarden bytiden skippen ynhierd en útrêsten as oarlochsboaiems. It barde lykwols geregeld dat men dan ek skippen fan de eigen partij oanhold en berôve. In bettere oplossing wie dêrom konfoaifarren wêrby’t keapfarders of fiskersskippen yn in grutte groep farden, leafst foarsjoen fan skipsgeskut of sels begelaat troch skippen dy’t dêrfoar boud wienen en ekstra bemanne. Ien fan de skippers waard oanwiisd as kommandant fan it konfoai en krige dêrfoar de nammen admiraal. Dit wie in ferbastering fan it Arabyske emir-al-bahr (kommandant fan de see), in term dy’t yn de tiid fan de krústochten oerwaaid wie nei Jeropa. It wie dus yn it earstoan gjin titel of amt, mar in tydlike taak.
Doe’t de Flaamske greve Loadewyk fan Male yn 1356 by de Brabânske Suksesje-oarloch tusken it hartochdom Brabân en it Greefskip Flaanderen Antwerpen feroverje woe, stelde hy Jacob Buuc oan as admiraal van der vlote. Hy fierde in fleat oan dy’t bestie út tolve skippen, bewapene mei ribaudekens. Se beskeaten de stêd, dy’t him dêrnei oerjoech. Dizze besjitting mei kanonfjoer wurdt beskôge as de âldste yn de Nederlannen.
De Flaamske skippers fan de westfleat op La Rochelle en de Weach fan Biskaje stelden sels admiraals oan, lykas yn 1371 Jan Piterssoan. Om de Flaamske westfloat te beskermjen tsjin de Ingelske kapers - as gefolch fan de Hûndertjierrige Oarloch - beneamde Loadewyk fan Male yn 1377 in admirael der Vlaemsche Vlote, de admirallus Flandriae, as lieder fan de flotta Flandriae. Yn 1378 stelde hy ek in admiraal fan It Swin oan. Yn de Gintske Opstân naam Filips fan Artevelde it bestjoer oer en hy belêstige Frans Ackerman mei de beskerming fan de westfeart. Nei de Slach by Westrozebeke yn 1382 hat Loadewyk fan Male de macht wer in hannen en makket it admiraalsamt permanint. Jan Buuc, mooglik in soan fan Jacob, waard oansteld as admiraal fan It Swin. Yn 1387 fierde hy de titel admiraal fan de see by syn taak om de keapfarders feilich nei Slûs te bringen en kin dêrmei beskôge wurde as de earste amtlike admiraal. Jan Buuc waard finzen nommen troch de Ingelsken en stoar yn 1389 yn de Tower. De dêrnei oanstelde Jan fan Cadzant stoar yn 1396 by de krústocht ûnder lieding fan Jan sûnder Freze.
Yn Hollân stelde Albrecht fan Beieren twa admiraals oan foar syn ekspedysjes tsjin Fryslân yn 1397 en 1398, de hearen fan Egmond en Heenvliet. Hjirnei waarden de fleatoanfierders lykwols wer kaptein of haadman neamd yn Hollân.
Fan Filips de Stoute ôf waarden in soad Nederlânske gewesten ûnder Boergondyske hearskippij brocht. Nei de gebietsútwreidingen waard ûnder Filips de Goede begûn mei de ynterne konsolidaasje. Mei it beneamen fan in admiraal-generaal foar Arteezje, Boulogne, Hollân, Seelân en Fryslân waard troch de Boergonjers de funksje fan admiraal bûten Flaanderen ynfierd. De earste wie Jan fan Lúksemboarch earne tusken 1446 en 1448 oant syn dea yn 1466, as general admiral de la mer d'Artois, Boulonnais, Hollande, Zélande et Frise. Simen fan Lalaing wie lykwols noch admiraal fan Flaanderen. Troch herfoarmingen yn 1454 krige de Grutte Rie in status dy’t praktysk oerienkaam mei dy fan in admiraliteitsrie.
Noch altyd bestie der in ferskil tusken admiraal as amt en as tydlike taak. Sa waard Jan fan Hoarn as admiraal beneamd foar it Belis fan Calais fan 1436.
It gewest Hollân hie it net stean op it ynmingen fan de admiraals. Yn Seelân foarme Hindrik II fan Borselen, hear fan Feare in ûnôfhinklike macht op see, tanksij syn skipsbesit, mar mear noch troch syn machtige posysje op Walcheren. Filips de Goede en Karel de Stoute fregen mear as ien kear om syn help, mar Hindrik keas foar in selsstannige posysje. Hy waard dan ek nea troch har as admiraal beneamd. Troch syn soan Wolfert te beneamen as opfolger fan Jan fan Lúksemboarch ta admiraal, besochten de Boergonjers de hear fan Feare ûnder harren ynfloed te krijen. Hoewol’t de funksje praktysk neat om’e hakken hie, wie de ynfloed fan dizze famylje fan grut belang foar Karel de Stoute. Yn 1475 hie Wolfert de lieding fan de ekspedysje tsjin Loadewyk XI fan Frankryk.
Ordonnânsje op de Admiraliteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Admiraals fan De Nederlannen | |
Filips fan Kleef | 1485 - 1488 |
Filips fan Boergonje-Beveren | 1488 - 1498 |
Filips II fan Boergonje-Beveren | 1498 - 1558 |
Adolf fan Boergonje | 1516 - 1546 |
Maksimiliaan II fan Boergonje | 1546 - 1558 |
Filips fan Montmorency | 1559 - 1568 |
Maximilien de Hénin-Liétard | 1568 - 1573 |
Yn 1483 ferstoar de lêste Flaamske admiraal. Doe’t Maria fan Boergonje stoar, wegere Flaanderen it regintskip fan Maksimiliaan fan Eastenryk te erkennen, wat de oanlieding wie fan de Earste Flaamske opstân tsjin Maksimiliaan. De Nederlânske admiraal en oare eallju keazen partij foar Flaanderen. Filips fan Kleef waard dêrom - en fanwege de dea fan Josse fan Lalaing - troch in kommisjebrief wêrby’t alle oare admiralen ûntslein waarden yn 1485 ta admiraal fan de Nederlannen beneamd, wêrmei’t foar it earst in admiraal de hiele Nederlannen as amtsgebiet hie. By de rebûlje waard op 8 jannewaris 1488 de Ordonnânsje op de Admiraliteit útfurdige. It doel fan de ordonnânsje wie it bedamjen fan de kaapfeart en it omskriuwen fan it foech fan de admiraal. Dat foech waard ek frijwat útwreide ten koste fan de Grutte Rie, de gewestlike rieden en de skepenbanken troch it oprjochtsjen fan de admiraliteit. De admiraal krige 10% fan it bútjild en de opbringst fan de kaperbrieven en wie rjochter by alle misdriuwen dy’t oan board bard wienen.
De admiraliteit waard nei Slûs yn 1540 fêstige yn Feare op Walcheren, omdat dit foar de float it meast strategyske plak fan de Nederlannen wie. Hjir wie it amt fan admiraal yn hannen fan de hearen fan Feare, in basterttûke fan it Boergondyske hûs. De funksje fan admiraal bleau yn harren skaai fan 1491 oant 1558. Neist de admiraliteit yn Feare wie der in fise-admiraliteit yn de Flaamske havenstêd Dúnkerken.
Troch de yn 1487 útbrutsen Twadde Flaamske opstân tsjin Maksimiliaan waard de ordonnânsje yn it begjin net útfierd. Filips fan Kleef keas inkele moannen nei it útfeardigjen fan de feroardering de kant fan de opstannige stêden fanwege de eedbrek fan Maksimiliaan. Om de striid tsjin harren oan te binen, beneamde Maksimiliaan Freark Eitel fan Zollern en dêrnei Knilles fan Bergen ta admiraal fan de Nederlannen.
Pas mei de beneaming fan Filips fan Boergonje-Beveren ta admiraal yn 1491 ûntstie der dúdlikheid. Mei de ein fan de Flaamske opstân yn 1492 waard it echt mooglik de ordonnânsje troch te fieren. Troch syn houlik mei Anna fan Borselen hie Filips de Siuwske machtsbasis ferwurven fan har heit Wolfert en har pake Hindrik fan Borselen. De oarloggen tusken de Habsburgers en it Frankryk fan it hûs Valois joegen de admiraliteit mear macht en oansjen.
Hollânske selsstannichheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ordonnânsje op de Admiraliteit wie opsteld nei in Frânsk foarbyld út 1373 en wie nij foar de Nederlânske gewesten. De útfiering fan de ordonnânsje troch de Boergondyske hearen fan Feare wie hjirtroch net sa maklik. Yn Hollân, dat gjin admiraalstradysje hie, lokke de ôfkundiging fan de feroardering yn 1499, én it útrikken fan frijgeliedes troch de admiraal yn 1536, protesten út fan de stêden en it gewestlik bestjoer.
Yn 1539 besochten de steedhâlder en Steaten fan Hollân erkenning te krijen fan in yn 1458 takend privileezje, troch in proses oan te spannen tsjin de admiraal foar de Geheime Rie. Dat privileezje joech Hollân it rjocht om sûnder ynminging fan in admiraal de eigen maritime belangen te behertigjen. Neffens harren beklaaide de steedhâlder yn harren gewest de admiraalsfunksje. Der waard lykwols gjin fûnis útsprutsen yn dit proses. Mar it wie yn 1540 wol de oanlieding foar in nije Ordonnânsje op de Admiraliteit troch Karel V. Dit beheinde de macht fan de admiraal ta geunste fan de Grutte Rie. De admiraliteit waard lykwols noch altyd troch de hear fan Feare kontrolearre, trochdat de leden fan de admiraliteit troch him beneamd waarden.
Hollân erkende noch altyd net it foech fan de admiraal yn it gewest. Konflikten dêr‘t Hollânske skippen by belutsen wienen, waarden foar it eigen Hof fan Hollân berjochte en net foarlein oan de admiraliteit yn Feare. Yn 1547 waard dit tydlik oplost doe’t admiraal Maksimiliaan fan Boergonje, hear fan Feare, beneamd waard ta steedhâlder fan Hollân en Seelân. De admiraal krige fan 1536 ôf ek in floatkommissaris neist him, fan 1550 ôf permanint. Knilles de Skepper, of Cornelius Scepperus, as lid fan de Geheime Rie en de Rie fan Steat út de sintrale regearing ôfkomstich, funksjonearre as floatkommissaris op lykweardich mei de admiraal.
Steande float
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de Italjaanske Oarloggen mei Frankryk yn de jierren fyftich ûntstie ferlet fan in steande float. Feare waard yn de earste helt fan de 16e iuw sa no en dan as oarlochshaven brûkt en groeide mei de foarming fan in fêste float yn 1550 út ta de marinehaven fan de Habsburchske Nederlannen. Neist de lytse oarlochsfleat bleau men foar it ûndernimmen fan ferantwurde ekspedysjes ôfhingjen fan partikulier skippen. Tanksij de Walcherske rede, de wichtichste merk foar seeskippen yn de Nederlannen, en Arnemuiden, mei syn bulte seelju, koe de Habsburchske float yn Seelân útwreide wurde as soks needsaaklik bliek.
De súksesfolle Habsburchske houlikspolityk hie belangrike gefolgen foar de Nederlannen. Dizze waarden part fan en keninkryk wêr’t se mei yn ferbining stienen middels Spanje. Walcheren wie in knooppunt foar seereizen fan dit ryk. Dêrtroch lei it swiertepunt fa de Nederlânske kustferdigening op Walcheren. Dêrom ûntwikkele Knilles de Skepper om 1550 hinne in maritime strategy. Hjirfoar waard in lyts oantal permanint beskikbere skippen - de Habsburchske oarlochsfloat yn Feare, oanfold mei hierde skippen. Dit waard de earste steande float fan Nederlân.
Troch it tydlik ynhieren fan skippen hie de Fearske oarlochsfleat mear macht dan op basis fan de fêste float ferwachte wurde soe. Hannelsskippen bleaunen oant midden 17e iuw fan grutte betsjutting foar de foarming fan oarlochsfloaten yn de Nederlannen en dêrbûten.
Foar de feilichheid op see wie men ôfhinklik fan Ingelân, dat troch de Frânske fijânskip in oantreklike bûnsgenoat wie. Ek troch de foar dy tiid profesjonele en sterke marine. Karel V en Hindrik VIII lieten harren admiraals bytiden gearwurkje tsjin de Frânsken yn it Kanaal. It houlik tusken Filips II fan Spanje en Maria I fanIngelân yn 1554, hoewol fan koarte doer, ferstevige dizze gearwurking.
Willem fan Oranje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe’t Maksimiliaan fan Boergonje yn 1558 sûnder bern stoar, kaam in ein oan it admiraalskip fan de hearen fan Feare. De funksjes waarden wer oer twa persoanen ferdield. Prins Willem fan Oranje waard beneamd ta steedhâlder fan Hollân, Seelân en Utert, wylst Filips fan Montmorency, greve fan Horn, ta admiraal beneamd waard. Hy waard yn Hollân lykwols net erkend en hie ek net de Siuwske machtsbasis fan syn foargongers. De posysje fan de sintrale admiraliteit waard noch fierder ferswakke, trochdat Horn yn 1560 de admiraliteit fan Feare nei Gint ferpleatste en trochdat de Habsburchske oarlochsfloat yn Feare yn 1561 ferkocht waard. Mei tastimming fan it sintrale regear koe hy twa leden fan de Rie fan Flaanderen yn de admiraliteit opnimme. Mar tsjinoer dizze fersterking mei juridysk personeel stienen ek neidielen. Feare lei folle geunstiger as it mear it lân yn lizzende Gint. Boppedat wegeren no ek de Siuwen it gesach fan de admiraliteit te erkennen, omt neffens it ius de non evocando Siuwen net bûten harren gewest terjocht hoegden te stean.
Horn bestege yn it earstoan net folle oandacht oan syn erkenning yn Hollân. Sadwaande koe Oranje yn 1561 Nikolaas fan Assendelft en Knilles Suys machtigje om by syn ôfwêzigens yn Hollân admiraliteitsaken ôf te hanneljen. Yn oktober 1561 stjoerde it sintrale regear it Hof fan Hollân lykwols in ûntwerpordonnânsje ta, dy’t opsteld wie troch Horn syn fise-admiraal, Adolf fan Boergonje, hear fan Wakken en Kapelle, wêrút bliek dat de admiraal ek it foech hie oer Hollân. It Hof warskôge de steedhâlder en de Steaten en tekene nochris protest oan by de Geheime Rie. Yn 1563 besleat Margareta fan Parma de presidint fan de Grutte Rie fan Mechelen bemiddelje te litten tusken de admiraal en it gewest. Dit mislearre en Oranje brocht de beide partijen tichter byinoar, wêrnei’t yn 1565 in kompromis berikt waard Hollân erkende Horn as admiraal, mar foar maritime kwestjes wienen yn Hollân allinnich Hollânske rjochters befoege. Fierders moast Horn op advys fan de steedhâlder en de Steaten fan Hollân in luitenant-admiraal foar it gewest oanstelle. Op 29 april 1567 droegen de Steaten fan Hollân Nikolaas fan Assendelft foar. It probleem wie hjirmei noch altyd net definityf oplost, want Oranje hie betinge dat it akkoard mar foar de doer fan Horn syn amtsperioade as admiraal jilde soe. Dêrnei soenen de steedhâlder en de Steaten wer befoege wêze foar seesaken. Nei it ûnthalzjen fan Horn waard dizze opfolge troch Maximilien de Hénin-Liétard, greve fan Bossu, dy’t hjirmei de lêste admiraal fan de Nederlannen wie.
Beskerming fan hannelsfeart en hjerringfiskerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De admiraals waarden hieltyd mear belutsen by de beskerming fan de fiskerij, earst allinnich yn Seelân en Flaanderen. Yn Seelân behearske hy de fiskerijbeskerming as hear fan Feare, Flissingen en Brouwershaven. Trochdat in soad hjerringbuizen by harren weromkommen troch lytse kaperskippen kape waarden, holden de Flaamske stêden en de Fjouwer Leden fan Flaanderen - Gint, Iper, Brugge en it Bruchske Frije – dy’t it tichtst by de Frânske fijân leinen, lykwols fêst oan eigen konvoaiskippen. Nei de ferovering fan it hartochdom Gelre yn 1543 by de Gelderske Suksesje-oarloch wie Hollân it feilichst lizzende kustgewest fan de Nederlannen. Hjir wie men folle minder gau ree ta it útrêsten fan konvoaiskippen. Omt Hollân it grutste part fan de Nederlânske hjerringfiskerij fertsjintwurdige, joech dit gewest de trochslach by it mei-inoar yn konfoai farren, wêrtroch dit net faak barde.
Dit gou ek foar de keapfardij. Hannelslju en skippers sleaten kontrakten ôf foar it farren yn admiraalskip. Yn Antwerpen, wêr’t men benammen yn heechweardich guod hannele, wie men earder bereid mei te beteljen as yn Hollân, wêr’t men foaral yn bulkguod hannele, wêrfan’t de winstmarzjes folle leger wienen. Sa waard eastfeart tusken 1551 en 1556 frijsteld fan de bepalingen fan de ordonnânsje troch tadwaan fan Hollân.
De bydrage fan de admiraal bleau beheind ta de útrikking fan kommisjebrieven oan de kommandant fan de float fan de Flaamske Steaten, it sluten fan fiskerijbestannen en it útrikken fan frijgelieden en it neilibjen fan de ordonnânsjes.
Meidat de admiraal yn Hollân erkend waard, regelen it sintrale regear, de admiraal en de floatkommissaris tusken 1547 en 1558 foar elk hjerringseizoen de beskerming fan de fiskerij fan Hollân, Seelân en Flaanderen. Yn 1550 en 1551 besocht men it lêstjild foar konfoaifarren foar de hjerringfiskerij sintraal yn te barren. Troch it ferset hjirtsjin en de ôffallende opbringst bleau finansiering hjirfan in saak fan de gewesten en de seestêden. Yn 1551 waard in grut tal Nederlânske en Spaanske skippen troch de Frânsken bútmakke. Dêrom organisearren it sintrale regear en de admiraal mei Antwerpen twa swierbewapene konfoaien begelaat troch oarlochsskippen yn 1552 en 1553. Dizze konfoaien wienen yn it earste plak bedoeld foar de feilige oanfier fan jild en edelmetaal út Spanje wei om de Antwerpske beurskrisis fan 1552 te ûnderfangen. Hjirby sprong it sintrale regear finansjeel by. Ornaris wie dit net sa en beheinden de Antwerpske keaplju harren ta de bewapening fan hannelsskippen en it farren yn admiraalskip. Wylst men foar de westfeart, de feart op Frankryk en Ibearje, in definsive oplossing keas, gienen de Hollanners yn it offinsyf foar harren eastfeart. De oanfier fan nôt út it Eastseegebiet hinge benammen ôf fan de frije trochfeart troch de Sont.
Troch de Deenske Suksesje-oarloggen en de rivaliteit tusken Hollân en Lübeck waard de Sont ferskeidene kearen foar Hollânske skippen sletten. Trochdat de sluting fan de Sont mar sa no en dan barde, koe Hollân folstean mei beslissingen foar ien kear oer it stjoeren fan in oarlochsfloat. Hjirby waarden se net altyd goedkard fan Habsburchske side of troch de admiraal. De Habsburchske ynminging yn de Deenske troanstriid wie meastentiids neidielich foar de Hollânske hannelsbelangen. Admiraal Adolf fan Boergonje hold him oant 1533 ôfsidich. De hannelsbelangen fan syn stêd Feare hienen gjin belang by aksjes tsjin de Hânze. Hjirtroch bleaun Hollân syn eigen belangen behertigjen.
Allinnich de Hollânske skipsmacht koe fan de Habsburchske Nederlannen in seemacht meitsje, alhoewol’t Walcheren as de kaai fan de Nederlannen sjoen waard. De Flaamske admiraalstradysje, de Siuwske machtsbasis fan de hearen fan Feare en it steedhâlderskip fan Maksimiliaan fan Boergonje, blieken úteinlik net genôch foar de Habsburchske maritime ambysjes.
Master fan de see
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat sûnt 1550 wynympost heft waard foar de finansiering fan de Fearske oarlochsfloat, frege Hollân it sintrale regear de Frânsken troch in grutte oarlochsfloat fan de see te ferdriuwen, sadat de foarst master fan de see waard en de seehannel garandearre wêze soe. De opbringst fan de wynympost wie lykwols net genôch om de tsien skippen fan de foarst yn Feare te beteljen, lit stean it masterskip fan de see te krijen. Hjirfoar waarden yn elts gefal minstens twa kear safolle skippen nedich achten. Hoewol’t it begryp master fan de see stie foar kontrôle oer de see, hie it ek betrekking op de eare fan de foarst. Dit wie ien fan de foarnaamste driuwfearren foar de Habsburchske maritime polityk. Benammen trochdat de admiraal ek sels mei de see op gie, droech hy by oan it oansjen fan de Habsburgers op see.
Oergong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de skieding tusken de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en de Spaanske Nederlannen gie men yn it suden fierder nei in sintrale organisaasje foar it seewêzen. Yn de republyk kaam in desintrale marine-organisaasje ta ûntwikkeling, besteande út fiif Admiraliteiten, wêrfan trije yn Hollân. Sa waard de Hollânske dominânsje fan de Nederlânske seefeart befêstige en die de admiraliteit úteinlik dôchs syn yntree yn it gewest.