Springe nei ynhâld

Edwert III fan Ingelân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Edward III fan Ingelân)
Edwert III fan Ingelân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Ingelsk
bertedatum 13 novimber 1312
berteplak Kastiel fan Windsor (Ingelân)
stjerdatum 21 juny 1377
stjerplak Londen (Ingelân)
dynasty Hûs Plantagenet
etnisiteit Ingelsk
Aragoneesk
Flaamsk
Frânsk
Hongaarsk
Leöneesk
Normandysk
Oksitaansk
Portegeesk
Savoaisk
Skotsk
Spaansk
kening fan Ingelân
hear fan Ierlân
regear 13271377
foargonger Edwert II
opfolger Richard II
kening fan Frankryk (titulêr)
regear 13401360
13691377
foargonger Karel IV
opfolger Richard II
hartoch fan Akwitaanje
regear 13251362
foargonger Edwert II
opfolger Edwert (de Swarte Prins)
hartoch fan Akwitaanje
regear 13721377
foargonger Edwert (de Swarte Prins)
opfolger Richard II
greve fan Pontelân (Ponthieu)
regear 13251369
foargonger Edwert II
opfolger Jakobus I

Edwert III (Ingelsk: Edward III; Kastiel fan Windsor (Ingelân), 13 novimber 1312Londen, 21 juny 1377) wie kening fan Ingelân fan 1327 oant 1377. Hy stiet bekend om syn súksessen op it slachfjild en teffens om syn politike feardichheden. Nei it jammerdearlik ferrûne regear fan syn heit Edwert II wûn hy it foar in grut part ferlern giene keninklik gesach werom. Under syn regear ûntjoech it Keninkryk Ingelân him ta ien fan 'e sterkste militêre machten fan Jeropa, mar tagelyk koed er de Skotten net de baas yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, en stoarte er syn lân út dynastike abysjes yn 'e Hûndertjierrige Oarloch mei Frankryk, dy't nei syn eigen dea noch lang fuortslepe soe. Edwert III regearre fyftich jier, wêryn't û.m. it Ingelske parlemint wichtige ûntwikkelings trochmakke en Ingelân troffen waard troch de pest.

Edwert III waard yn 1312 berne yn it Kastiel fan Windsor, yn it Ingelske greefskip Berkshire, en waard sadwaande yn syn jonge jierren gauris oantsjut as Edwert fan Windsor. Hy wie de soan fan kening Edwert II fan Ingelân en dy syn frou Isabella fan Frankryk. It regear fan syn heit waard allegeduerigen pleage troch swierrichheden, dy't Edwert II foar in grut diel oer himsels ôfrôp troch syn ynaktiviteit op mêden lykas de oangeande oarloch mei Skotlân, en troch syn oanhâldende foarlûken fan favoriten. De berte fan in manlike erfgenamt stabilisearre syn regear in hoartsje, en om it prestiizje fan 'e jonge kroanprins noch te fergrutsjen, liet Edwert II him tolve dagen nei syn berte ferheffe ta paltsgreve fan Chester.

Yn 1325 easke de Frânske kening Karel IV dat Edwert II him hulde dwaan soe, om't de kening fan Ingelân tagelyk ek hartoch fan Akwitaanje, yn súdwestlik Frankryk wie, en yn dy hoedanichheid in lienman fan 'e Frânske Kroan. Edwert doarst op dat stuit lykwols syn lân net te ferlitten om't syn befoardieling fan Hugo Despenser de Jongere him wer op raamkoerts mei de Ingelske adel brocht hie, dat sadwaande skode er de titel fan hartoch fan Akwitaanje troch nei syn doe trettjinjierrige soan Edwert III, en stjoerde er dy nei Frankryk ta om Karel IV hulde te dwaan.

Edwert III as haad fan 'e Oarder fan de Hoasbân.

De jonge prins waard beselskippe troch syn mem Isabella, dy't de suster fan 'e Frânske kening wie, en dy't foar Edwert II in fredesakkoart mei har broer útûnderhannelje moast. Edwert II hie him tsjin dy tiid lykwols ek fan syn frou witten te ferfrjemdzjen, en doe't se ienris yn Frankryk wie, wegere Isabella noch werom te kommen nei Ingelân. Ynstee sleat se in ferbûn mei de Ingelske balling Roger fan Mortimer, 1e greve fan March, dy't earder troch har man yn it tichthûs smiten wie, mar út 'e Toer fan Londen witten hie te ûntsnappen. Om diplomatike en militêre stipe foar har ûndernimming te winnen, fersei Isabella har soan oan 'e doe tolve jier âlde Filippa fan Henegouwen.

Yn 1326 foelen Mortimer en Isabella tegearre Ingelân binnen oan it haad fan in lyts legerke dat nei de lâning al rillegau oanwoeks trochdat alderhanne malkontinten har derby oansleaten. It rezjym fan Edwert II stoarte yn, en hy flechte nei Wales, dêr't er yn novimber 1326 finzen nommen waard. Op 25 jannewaris 1327 waard er twongen om ôfstân te dwaan fan 'e troan yn it foardiel fan syn doe fyftjinjierrige soan Edwert III, dy't op 1 febrewaris fan datselde jier kroane waard. Dêrnei waard Edwert II finzen set op it Kastiel fan Berkeley, yn Ingelân, dêr't er acht moanne letter, op 21 septimber, kaam te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 43 jier. Histoarisy fermoedzje frij algemien dat er út 'e wei romme is, en binne yn mearderheid fan betinken dat Mortimer dêr de hân yn hie.

It duorre net lang ear't it nije rezjym yn swierwaar rekke troch de sintrale posysje oan it Ingelske Hof dy't Roger fan Mortimer no ynnaam. Mortimer oefene feitliks de macht fan in regint út, en brûkte syn ynfloed om lânerijen en titels te fergarjen. Syn ympopulariteit woeks allinne mar oan troch de fernederjende nederlaach dy't it Ingelske leger tsjin 'e Skotten litte yn 'e Slach by Stanhope Park en de dêropfolgjende Frede fan Edinburch-Northampton, fan 1328, wêrby't it Keninkryk Skotlân syn ûnôfhinklikheid foar trijehûndert jier weromwûn. Los fan sokke steatssaken rekke Edwert III ek op it persoanlike flak mei Mortimer deilis, mei't dyselde wist dat syn posysje prekêr wie, en himsels mear oansjen besocht te jaan troch de jonge kening te misledigjen. It spul kaam ta in klimaks nei't Edwert en Filippa, dy't op 24 jannewaris 1328 troud wiene, op 15 juny 1330 in soan krigen, Edwert, dy't letter bekend komme soe te stean as 'de Swarte Prins'. Uteinlik besleat Edwert III om mei help fan syn selskipsman Willem fan Montagu, greve fan Salisbury en ferskate oare fertroulingen aksje te ûndernimmen. Se kamen Mortimer op 19 oktober 1330 yn it Kastiel fan Nottingham oer it mad, wêrnei't Edwert III him op 29 novimber terjochtstelle liet.

Edwert III jout Akwitaanje oan syn soan Edwert (de Swarte Prins).

Oarloch mei Skotlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edwert III wie djip ûntefreden oer de frede dy't mei Skotlân sletten wie, en besleat dêrom de saneamde 'Unterfden' te stypjen, sij it yn 't earstoan yn it geheim. De Unterfden wiene in groep Skotske eallju dy't ferballe en ûnteigene wiene om't se it yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch mei de Ingelsen holden hiene. In pikant detail wie dat harren lieder Edwert fan Balliol wie, de soan fan Jan fan Balliol, de kening fan Skotlân dy't yn 1296 troch Edwert III syn pake Edwert I ôfset wie. Mei in leger fan ballingen en hierlingen lâne Balliol yn 1332 op 'e Skotske eastkust, wêrnei't er ferrassend it Skotske regearingsleger in slimmen nederlaach wist ta te bringen yn 'e Slach by Dupplin Moor. Doe't er lykwols besocht en meitsje himsels kening fan Skotlân yn it plak fan 'e jonge David II, waard er rillegau it lân útdreaun.

Yn maart 1333 kearde Balliol mei in wergroepearre striidmacht werom nei Skotlân, dêr't er de grinsstêd Berwick-upon-Tweed belegere. Doe't de Skotten in tsjinoanfal útfierden, naam Edwert III dat as in ferlechje oan om him mei Ingelske troepen yn 'e oarloch te mingen. Op 19 july 1333 troffen de Ingelske en Skotske legers inoar yn 'e Slach by Halidon Hill, in pear kilometer bewesten Berwick, dêr't de Skotten in swiere nederlaach litten. Balliol krige dêrnei it regear oer in oansjenlik diel fan Skotlân yn 'e hannen, en stie yn july 1334 by it Ferdrach fan Newcastle in grut part fan Súd-Skotlân oan Ingelân ôf, wêrûnder it hiele Súdskotsk Berchlân en in grutte stripe fan it leechlân, de stêden Edinburch, Roxburgh, Peebles, Dumfries, Linlithgow en Haddington ynbegrepen. Edwert III hold de Skotske wetjouwing yn dy gebieten yn stân, mar stelde der wol syn eigen bestjoerders oan. De iere oerwinnings blieken lykwols dreech te konsolidearjen tsjin it koppige ferset fan 'e Skotten yn, en geandewei de folgjende jierren gie it grutste part fan it ferovere gebiet wer ferlern. Yn 1338 wie Edwert III sels twongen en slut in wapenstilstân mei de Skotten.

Ofbylding fan Edwert III út 'e sechstjinde iuw.

Oarloch mei Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reden foar it kearen fan it tij yn Skotlân wie dat Frankryk, troch de Auld Alliance in langjierrige bûnsgenoat fan Skotlân, him yn 1337 yn 'e striid mongen hie. Lettere soe bliken dwaan dat dat it begjin fan 'e Hûndertjierrige Oarloch wie. Frânske oarlochsskippen fierden oanfallen út op Ingelske havenstêden, en siedden sa panyk oer in Frânske ynfaazje fan Ingelân, dy't lykwols nea kaam. Dochs wie Edwert III twongen om troepen út Skotlân werom te lûken foar it gefal dàt. Hoewol't de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch in wichtige katalysator wie foar de oarloch tusken Frankryk en Ingelân, wie it net de oarsaak. Dat wie de noch altyd problematyske feodale relaasje tusken de Ingelske en de Frânske kening. Om't Edwert III him noch altyd gjin hulde dien hie as hartoch fan Akwitaanje en greve fan Pontelân (Ponthieu, yn noardlik Frankryk), lei de Frânske kening Filips VI yn 1337 beslach op dy beide gebieten. Ynstee dat Edwert III belies joech en de lienrelaasje formalisearre, sa't syn heit dien hie, reägearre er troch it keningskip fan Frankryk op te easkjen as pakesizzer (fia syn mem) fan 'e Frânske kening Filips IV. Yn Frankryk wie lykwols de Salyske wet fan krêft, dy't erfopfolging fia de froulike line útsleat. Sadwaande wie Filips VI, in omkesizzer fan Filips IV, de rjochtmjittige troanopfolger.

Yn 't earstoan besocht Edwert III en slút anty-Frânske bûnsgenoatskippen mei oare foarsten, lykas keizer Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk. Dat smiet lykwols net folle resultaten op. Underwilens soarge de finansjele druk dy't feroarsake waard troch Edwert syn oarloggen foar ûntefredenens oan it thúsfront. It bestjoer fan Ingelân rûn fêst troch de heech oprinnende nasjonale skuld, wylst de kening en syn generaals har op it fêstelân fan Jeropa lulk makken oer it falen fan it regear om mei jild foar de oarloch oer de brêge te kommen. Uteinlik reizge Edwert ein 1340 werom nei Londen dêr't er regaad makke troch it regear te suverjen fan in grut tal ministers en oare hege funksjonarissen. Ynstee dat er dêrmei in stabyl bestjoer skoep, brocht dat him yn botsing mei Jan fan Stratford, de aartsbiskop fan Canterbury, doe't er dy syn famyljeleden Robert fan Stratford, biskop fan Chichester, syn titels ôfnaam en Hindrik fan Stratford yn it tichthûs smite liet. Yn april 1341 waard der in beskate fermoedsoening berikt yn it parlemint, wêrby't de kening strange beheinings oangeande syn finansjeel en bestjoerlik foech akseptearje moast yn ruil foar in belestingbea. Yn oktober fan dat jier werrôp Edwert dy oerienkomst lykwols nei't er aartsbiskop Stratford polityk isolearre hie.

Lânkaart dy't yn rôze it grûngebiet oanjout dat Ingelân wûn hie ûnder it Ferdrach fan Brétigny (1360).

Nei 1342 hold Edwert III op mei it sluten fan fergese alliânsjes, en begûn er syn eigen legers aktiver yn te setten, net inkeld tsjin Frankryk sels, mar ek by in yntervinsje yn 'e Bretonske Súksesjeoarloch. Yn 1346 stiek Edwert mei in leger fan 15.000 man oer nei Normandje, dêr't der de stêd Caen plondere en troch Noard-Frankryk nei Flaanderen marsjearre, dêr't in oar Ingelsk leger lei. Op 26 augustus fersloech Edwert in folle grutter Frânsk leger yn 'e Slach by Crécy. Koarte tiid letter waard yn it noarden fan Ingelân yn 'e Slach by Neville's Cross it Skotske leger ferslein en de Skotske kening David II (dy't troud wie mei Edwert syn suster Jehanna fan de Toer) kriichsfinzen nommen. No't er derop fertrouwe koe dat syn noardgrins feilich wie, sette Edwert syn fjildtocht yn Frankryk fuort, wêrby't er belis sloech foar de wichtige havenstêd Kalês. Dy belegering wie de grutste Ingelske ûndernimming út 'e Hûndertjierrige Oarloch, dêr't mear as 35.000 man by belutsen wiene. Nei in belis fan alve moanne joegen de ferdigeners fan Kalês har op 3 augustus 1347 oer. De havenstêd soe dêrnei oant 1558 yn Ingelske hannen bliuwe.

Nei de fal fan Kalês waard Edwert III troch dingen dy't er net yn 'e macht hie, twongen om syn oarlochsynset te beheinen. Yn 1348 waard Ingelân nammentlik troffen troch de pest, of de Swarte Dea, sa't dizze epidemy neamd waard. Dêrby kaam in trêdepart of in sels noch grutter oanpart fan 'e befolking om it libben, wat late ta in grut tekoart oan mankrêft yn 'e lânbou, en sadwaande ta in navenant grutte stiging fan 'e arbeidskosten. Dêrtroch kamen grutgrûnbesitters yn 'e finansjele swierrichheden, mei as gefolch dat der minder belesting nei de skatkiste streamde. Dêrop griep de kening yn. Om it near te lizzen op fierdere stiging fan 'e arbeidskosten waard yn 1349 de Arbeidersordinânsje ôfkundige, yn 1351 folge troch it Arbeidersstatút. Sok besykjen ta leanregulearring koe op 'e lange termyn net wurkje, mar op 'e koarte termyn wie it tige effektyf. De pestepidemy late net ta in folslein ynstoarten fan regear en maatskippij, en de faasje wêrmei't it lân neitiid wer by de wâl opklaude, wie opmerklik. Dat wie foar in grut part te tankjen oan it kompetinte liederskip fan 'e grutskathâlder Willem fan Shareshull en de opperrjochter Willem fan Edington.

In Ingelske munt (half groat) mei de byltenis fan Edwert III op 'e iene kant.

Ferfetting fan 'e oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Likegoed koe pas yn 'e midden fan 'e 1350-er jierren de oarloch op grutte skaal ferfette wurde. Yn 1356 boekte Edwert syn soan, de Swarte Prins, in grutte oerwinning yn 'e Slach by Poitiers, wêrby't de Frânske kening Jan de Goede en dy syn jongste soan Filips de Stoute, de hartoch fan Boergonje, kriichsfinzen nommen waarden.

Nei in opienfolging fan oerwinnings hiene de Ingelsen doe in grut diel fan Frankryk yn 'e hannen, en mei it ferlies fan 'e kening stoarte it Frânske regear suver yn. Skiedkundigen binne it der noch altyd net oer iens oft Edwert syn oarspronklike oanspraak op 'e Frânske troan no echt wie, of dat it taktyk wie om 'e Frânsen ûnder druk te setten. Mar nettsjinsteande syn oarspronklike bedoeling, it Frânske keningskip liek no suver ûnder hânberik. Yn 1359 einige in fjildtocht dy't de Frânsen de genedeklap jaan moast lykwols ûnbeslist. Dêrfandinne dat Edwert III yn 1360 it Ferdrach fan Brétigny akseptearre, wêrby't er syn oanspraken op 'e Frânske troan opjoech, mar folslein soeverein waard yn 'e Frânske gebieten dy't er ferovere hie.

Oan it noardfront joech Edwert fan Balliol nei de lêste mislearre ynfal yn Skotlân úteinlik yn 1356 syn oanspraken op 'e Skotske troan op. Dat makke de wei frij foar wiere fredesûnderhannelings, dy't yn 1357 ta de Frede fan Berwick laten. Under de betingsten fan dat ferdrach waard David II fan Skotlân frijlitten yn ruil foar in ûnbidich grutte lospriis fan 100.000 Skotske marken (ien Skotske mark wie ⅔ fan in Britsk pûn). Fierders bleau de stêd Berwick-upon-Tweed yn Ingelske hannen.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In tekening fan it byld fan Edwert III op syn grêf yn Westminster Abbey.

Wylst Edwert syn iere regear fol enezjy en súksessen west hie, waarden syn lettere jierren karakterisearre troch fuortsetting fan âlde patroanen, nederlagen op it slachfjild en politike strideraasjes. It deistich bestjoer fan it lân lokke him folle minder ta as it útfieren fan militêre fjildtochten, en dêrom betroude Edwert III yn 'e 1360-er jierren almar mear op fertroulingen om it rêdwurk fan 'e steat geande te hâlden. De wichtichtste dêrfan wie Willem fan Wykeham, in man fan nederich komôf dy't in bliksemkarriêre makke om yn 1363 oansteld te wurden as segelwarder en yn 1367 sels as kânselier. Fanwegen politike swierrichheden dy't ferbân holden mei syn brekme oan ûnderfining waard dyselde yn 1371 troch it Ingelske parlemint twongen om syn kanselierskip del te lizzen.

De problemen fan 'e kening waarden noch minder makke troch it ôfstjerren fan fertroulingen fan syn eigen generaasje, wêrûnder guon doe't de pest yn 1361-1362 op 'e nij tasloech. Willem fan Montagu, greve fan Salisbury, Edwert syn selskipsman út syn jonkheid, wie al yn 1344 stoarn, en Willem fan Clinton, greve fan Huntingdon, dy't ek oanwêzich west hie by it ôfsetten fan Mortimer, stoar yn 1354. Willem fan Bohun, greve fan Northampton liet it libben yn 1360, en it jiers dêrop beswiek it militêr sjeny Hindrik fan Grosmont, hartoch fan Lancaster oan wat nei alle gedachten de pest west hat. Troch de dea fan safolle eallju fan syn eigen jierren wie Edwert III wat langer wat mear twongen en ferlit him op 'e jongerein, dy't mear mei syn soannen op hie as mei himsels.

Hieltyd mear liet Edwert yn dy jierren ek militêre operaasjes oan syn soannen oer. Syn twadde soan, Lionel fan Antwerpen, hartoch fan Clarence, besocht de fierhinne selsbestjoerende Anglo-Ierske eallju yn Ierlân te ûnderwerpen, mar dat mislearre en de iennichste duorjende neitlittenskip fan Clarence yn Ierlân wiene de ûnderdrukkende Statuten fan Kilkenny, út 1366. Underwilens rûn yn Frankryk it fredige desennium ôf dat folge wie op it sluten fan it Ferdrach fan Brétigny. Yn 1364 wie nammentlik Jan de Goede fan Frankryk yn Ingelske finzenskip stoarn nei't er om 'e nocht besocht hie om syn eigen lospriis byinoar te bringen. Hy waard opfolge troch de enerzjike Karel V, dy't yn 1369 it Ferdrach fan Brétigny opsei en de oarloch ferfette. Edwert syn soan Jan fan Gint waard nei it fêstelân ta stjoerd om mei de Frânsen ôf te weven, mar dat mislearre jammerdearlik, en doe't yn 1375 it Ferdrach fan Brugge sletten waard, wiene fan 'e ûnbidige Ingelske besittings yn Frankryk inkeld noch de havenstêden Kalês, Bordeaux en Bayonne oer.

Militêr falen om utens en de hieltyd grutter wurdende belestingdruk dy't dêrút fuortkaam, late fannijs ta politike ûnfrede yn Ingelân sels. De swierrichheden berikten in hichtepunt ûnder it parlemint fan 1376, it saneamde Goede Parlemint. Hoewol't dat gearroppen wie om nije belestings ta te stean, griep it Legerhûs de kâns oan om ferskate spesifike griven te ferhelpen. Ferskaten fan Edwert syn neiste riedslju, lykas keamerhear Willem Latimer en grutmaster Jan fan Neville, 3e baron fan Neville fan Raby, waarden út harren funksjes ûntheft, en de kening syn mêtresse, Alice Perrers, wêrfan't men fûn dat se fiersten tefolle macht oer de âldman hie, waard yn binnenlânske ballingskip stjoerd. De wiere rivaal fan it Legerhûs wie lykwols Jan fan Gint, dy't machtige manlju as Wykeham en Edmond fan Mortimer, 3e greve fan March efter him hie. Sawol de kening as syn âldste soan, de Swarte Prins, wiene tsjin dy tiid nammentlik slim yn 'e minnichte rekke, mei as gefolch dat Gint feitlik it lân bestjoerde. Hoewol't er twongen wie om ta te jaan oan 'e easken fan it Goede Parlemint, slagge it him en draai yn 1377, ûnder it saneamde Minne Parlemint, hast alle feroarings werom.

Oan Edwert III gie dit allegear fierhinne foarby, mei't er fanwegen ôfnimmende sûnens nei likernôch 1375 mar in tige beheinde rol mear spile yn it regear fan Ingelân. Omtrint 29 septimber 1376 rekke er oanhelle mei in grut abses. Nei't er yn febrewaris 1377 koart wer by de wâl op liek te klauwen, stoar Edwert III úteinlik nei in lang siikbêd op 21 juny 1377 yn it Paleis fan Richmond te Londen oan in oerhaal. Hy waard 64 jier âld. Mei't de Swarte Prins syn heit op 8 juny 1876 foargien wie yn 'e dea, waard Edwert opfolge troch syn pakesizzer Richard II, de soan fan 'e Swarte Prins.

Foarâlden fan Edwert III

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Jan sûnder Lân, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
8. Hindrik III, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Isabella, grevinne fan Angoulême
 
 
 
 
 
 
 
4. Edwert I, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Ramon Berenguer IV, greve fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
9. Eleönoara, grevinne fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Beätriks, grevinne fan Savoaye
 
 
 
 
 
 
 
2. Edwert II, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Alfûns IX, kening fan Leön
 
 
 
 
 
 
 
10. Ferdinand III, kening fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Berengaria, prinsesse fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
5. Eleönoara, prinsesse fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Simon, greve fan Aumale
 
 
 
 
 
 
 
11. Jehanne, grevinne fan Pontelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Marije, grevinne fan Pontelân
 
 
 
 
 
 
 
1. Edwert III, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Loadewyk IX, kening fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
12. Filips III, kening fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Margareta, grevinne fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
6. Filips IV, kening fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Jakobus I, kening fan Aragon
 
 
 
 
 
 
 
13. Isabella, prinsesse fan Aragon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Fiolante, prinsesse fan Hongarije
 
 
 
 
 
 
 
3. Isabella, prinsesse fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Teobald I, kening fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
14. Hindrik I, kening fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Margareta, hartoginne fan Boerbon
 
 
 
 
 
 
 
7. Jehanna I, keninginne fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Robert I, greve fan Arteezje
 
 
 
 
 
 
 
15. Blâns, grevinne fan Arteezje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Matilde, hartoginne fan Brabân
 
 
 
 
 
 

Neiteam fan Edwert III fan Ingelân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
bern by Filippa fan Henegouwen
namme berte ferstjerren opmerkings
Edwert (de Swarte Prins) 1330 1376 troude yn 1361 mei Jehanna, grevinne fan Kent; hie teminsten 4 oerwûne soannen by ferskate mêtresses en 2 bern mei syn frou, wêrûnder Richard II fan Ingelân, dy't Edwert III yn 1377 opfolge
Isabella fan Coucy 1332 1382 troude yn 1365 mei Enguerrand VIII fan Coucy, 1e greve fan Bedford; hie 2 dochters
Jehanna 1333/'34 1348 fersein oan Piter fan Kastylje, mar stoar ûnderweis nei Kastylje oan 'e pest
Willem fan Hatfield 1337 1337 libbe fan 16 febrewaris oant nei 3 maart; begroeven yn 'e Katedraal fan York
Lionel fan Antwerpen, 1e hartoch fan Clarence 1338 1368 troude (1) yn 1352 mei Elizabeth fan Burgh, 4e grevinne fan Ulster; (2) yn 1368 mei Violante Visconti; hie út syn earste houlik 1 dochter; út syn twadde houlik gjin bern
Jan fan Gint, 1e hartoch fan Lancaster 1340 1399 troude (1) yn 1359 mei Blanka fan Lancaster; (2) yn 1371 mei Konstânse fan Kastylje; (3) yn 1396 mei (syn mêtresse) Katherine Swynford; hie 7 bern út syn earste houlik, 1 dochter út syn twadde houlik, 4 bern út syn trêde houlik, en dêropta noch in oerwûne dochter by syn Henegouske mêtresse Marie fan Saint-Hilaire. Fan him (en Katherine Swynfurd) stamje de hjoeddeistige hartoggen fan Beaufort ôf.
Edmond fan Langley, 1e hartoch fan York 1341 1402 troude (1) yn 1372 mei Isabella fan Kastylje (de suster fan 'e twadde frou fan Jan fan Gint); (2) yn 1392 mei Jehanna Holland (syn efternicht); hie út syn earste houlik 3 bern; út syn twadde houlik gjin bern
Blanka 1342 1342 stoar koart nei de berte
Marije fan Waltham 1344 1361 troude yn 1361 mei Jan V, hartoch fan Bretanje; hie gjin bern
Margareta fan Pembroke 1346 1361 troude yn 1359 mei Jan fan Hastings, 2e greve fan Pembroke; hie gjin bern
Tomas fan Windsor 1347 1348 stoar mei in goed jier oan 'e pest
Tomas fan Woodstock, 1e hartoch fan Gloucester 1355 1397 troude yn 1376 mei Eleönoara fan Bohun; hie fiif bern
oerwûne bern by syn mêtresse Alice Perrers
namme berte ferstjerren opmerkings
Jan fan Southeray 1364 1383 ridder; troude mei Maud Percy, de dochter fan Hindrik Percy, 3e baron fan Percy en Marije fan Lancaster
Jantsje (Jane) 1365 1??? troude mei in Richard Northland
Jehanna (Joan) 1366 1??? troude mei de abbekaat Robert Skerne

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.