Jehanna fan de Toer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jehanna fan Ingelân
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
Jehanna fan de Toer (1350)
Jehanna fan de Toer (1350)
nasjonaliteit England COA.svg Ingelsk
Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum 5 july 1321
berteplak Toer fan Londen (Ingelân)
stjerdatum 7 septimber 1362
stjerplak Kastiel fan Hertford (Ingelân)
dynasty Hûs Plantagenêt
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
Flag of Aragon.svg Aragoneesk
Flag of Flanders.svg Flaamsk
Flag of France.svg Frânsk
Flag of Hungary.svg Hongaarsk
Bandera del País Leonés.svg Leöneesk
Flag of Normandy.svg Normandysk
Flag of Occitania (with star).svg Oksitaansk
Savoie flag.svg Savoaisk
Flag of Scotland.svg Skotsk
Flag of Spain.svg Spaansk
keninginne-gemalinne fan Skotlân
amtsperioade 13291362

Jehanna fan de Toer (Ingelsk: Joan of the Tower; eins: Jehanna fan Ingelân; Toer fan Londen, 5 july 1321Kastiel fan Hertford, 7 septimber 1362) wie in Ingelske prinsesse, dy't troch har houlik mei de Skotske kening David II fan 1329 oant 1362 keninginne fan Skotlân wie. Har bynamme 'Jehanna fan 'e Toer' hie hja te tankjen oan it feit dat hja berne wie yn 'e Toer fan Londen.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jehanna waard yn 1321 yn 'e Toer fan Londen berne as de dochter fan kening Edwert II fan Ingelân en dy syn frou Isabella fan Frankryk. Hja hie twa bruorren, de lettere Edwert III fan Ingelân en Jan fan Eltham, greve fan Cornwall, en ien suster, Eleönoara fan Woodstock. Under de betingsten fan it Ferdrach fan Edinburch-Northampton (1328), dat in ein makke oan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, waard Jehanna by wize fan besegeling fan 'e frede al tige jong úthylke oan 'e kroanprins fan Skotlân, de lettere kening David II. It houlik waard yn Berwick-upon-Tweed sletten op 17 july 1328, doe't Jehanna sân jier en David fjouwer jier âld wie. Hoewol't harren houlik 34 jier duorje soe, bleau it sûnder bern en ek, sa liket it, sûnder leafde.

Jehanna en har man David II wurde yn Frankryk ûnthelle troch kening Filips VI.

Yn Frankryk en Skotlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't op 7 juny 1329 David syn heit, Robert I fan Skotlân, kaam te ferstjerren, waarden David en Jehanna kening en keninginne fan Skotlân. De kroaning fûn plak op 24 novimber 1331 plak, yn Scone, dêr't fan âlds alle Skotske keningen kroane waarden. Yn 1332 briek der in nije oarloch tusken Ingelân en Skotlân út, de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch. Nei't de Ingelsen yn july 1333 in grutte oerwinning behelle hiene yn 'e Slach by Halidon Hill, waard ornearre dat it te gefaarlik foar it minderjierrige keningspear wie om yn Skotlân te bliuwen, en sadwaande waard de Skotske keninklike hofhâlding yn ballingskip stjoerd nei Frankryk, dêr't de Skotten in bûnsgenoatskip, de Auld Alliance, mei ûnderholden. David en Jehanna kamen op 14 maaie 1334 yn Boulogne-sur-Mer oan en waarden dêr ûnthelle troch de Frânske kening Filips VI, dat in neef fan Jehanna har mem wie. Oer de tiid dy't it Skotske keningspear yn Frankryk ferbleau, is suver neat bekend, útsein dat Filips VI harren it Kastiel fan Gaillard, yn Normandje, joech om har yn nei wenjen te setten, en dat se dêr sadwaande in grut part fan 'e tiid trochbrocht hawwe sille.

Doe't geandewei de 1330-er jierren de Ingelsen út Skotlân weromdreaun waarden, besleat men op 't lêst dat it feiligernôch foar it keningspear wie om wer op hûs oan. Sadwaande reizgen David en Jehanna doe werom nei Skotlân, dêr't se op 2 juny 1341 te Inverbervie yn Kincardineshire oankamen. David, dy't dat jiers santjin jier wie, naam doe it regear oer Skotlân yn eigen hân (dat wie oant dy tiid troch reginten berêden). Yn 'e folgjende jierren joech persoanlik er lieding oan ferskate militêre aksjes, en sa koe it dat er nei de Skotske nederlach yn 'e Slach by Neville's Cross, op 17 oktober 1346, troch de Ingelsen kriichsfinzen nommen waard. Neitiid waard David alve jier lang yn Ingelân finzen holden. Jehanna sette har yn dy tiid wer yn har heitelân nei wenjen, dêr't har broer Edwert III har ferskate kearen tastie om har man yn syn finzenskip te besykjen. Uteinlik kaam David wer frij yn 1357, ûnder de betingsten fan 'e Frede fan Berwick, dy't in ein makke oan 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch.

Lêste jierren en dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't har man dêrop weromkearde nei Skotlân, besleat Jehanna en bleau yn Ingelân. Se koe tige goed mei har mem, Isabella fan Frankryk, dy't se yn har lêste jierren eigenhandich fersoarge, oant se yn 1358 stoar. Sels stoar Jehanna mar fjouwer jier letter, yn 1362, op it Kastiel fan Hertford yn Ingelân, yn 'e âlderdom fan 41 jier. Hja waard begroeven yn 'e Christ Church Greyfriars te Londen, dêr't tsjintwurdich lykwols neat fan har tombe mear oerbleaun is.

Foarâlden fan Jehanna fan de Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Jan sûnder Lân, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
8. Hindrik III, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Isabella, grevinne fan Angoulême
 
 
 
 
 
 
 
4. Edwert I, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Ramon Berenguer IV, greve fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
9. Eleönoara, grevinne fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Beätriks, grevinne fan Savoaye
 
 
 
 
 
 
 
2. Edwert II, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Alfûns IX, kening fan Leön
 
 
 
 
 
 
 
10. Ferdinand III, kening fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Berengaria, prinsesse fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
5. Eleönoara, prinsesse fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Simon, greve fan Aumale
 
 
 
 
 
 
 
11. Jehanne, grevinne fan Ponthieu
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Marije, grevinne fan Pontelân
 
 
 
 
 
 
 
1. Jehanna fan de Toer, prinsesse fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Loadewyk IX, kening fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
12. Filips III, kening fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Margareta, grevinne fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
6. Filips IV, kening fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Jakobus I, kening fan Aragon
 
 
 
 
 
 
 
13. Isabella, prinsesse fan Aragon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Fiolante, prinsesse fan Hongarije
 
 
 
 
 
 
 
3. Isabella, prinsesse fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Teobald I, kening fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
14. Hindrik I, kening fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Margareta, hartoginne fan Boerbon
 
 
 
 
 
 
 
7. Jehanna I, keninginne fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Robert I, greve fan Arteezje
 
 
 
 
 
 
 
15. Blâns, grevinne fan Arteezje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Matilde, hartoginne fan Brabân
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.