Frede fan Edinburch-Northampton

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Frede fan Edinburch-Northampton of it Ferdrach fan Edinburch-Northampton wie in fredesferdrach dat yn 1328 sletten waard tusken de keninkriken Ingelân en Skotlân. Dêrmei waard de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch beëinige, dy't begûn wie mei de Ingelske ynfal yn Skotlân troch kening Edwert I fan Ingelân yn 1296. It ferdrach waard op 17 maart 1328 yn 'e Skotske haadstêd Edinburch ûndertekene troch kening Robert I fan Skotlân, en waard op 1 maaie fan dat jier troch it Ingelske Parlemint ratifisearre by in sitting yn Northampton. De tekst fan it ferdrach wie opsteld yn it Frânsk, en it orizjinele dokumint is tsjintwurdich op 'e noed fan 'e Nasjonale Argiven fan Skotlân, yn Edinburch.

De kêsten fan 'e Frede fan Edinburch-Northampton stelden dat de Ingelske Kroan yn ruil foar de betelling fan £100.000 erkenne soe:

  • dat it Keninkryk Skotlân in folslein ûnôfhinklike steat wei;
  • dat Robert fan Bruce, dy syn erfgenamten en de opfolgers fan dy erfgenamten de rjochtlike hearskers oer it Keninkryk Skotlân wiene;
  • dat de grins tusken it Keninkryk Skotlân en it Keninkryk Ingelân deselde wie as dy't as sadanich erkend wie ûnder it regear fan 'e Skotske kening Aleksander III (1249-1286).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.