Springe nei ynhâld

Katalysator

Ut Wikipedy
De wurking fan in katalysator yn in skema. Om't der tuskenprodukten foarme wurde, is de enerzjy foar it opwekjen leger en ferrint de reaksje hurder.

In katalysator is in stof dy't in gemysk proses flugger ferrinne lit sûnder sels in gemyske feroaring te ûndergean. Yn guon gefallen is der sprake fan fertraging fan de reaksjegong. Dan wurdt der sprutsen fan in negative katalityske wurking. Bytiden is it hast net te dwaan om reaksjes sûnder katalysator dwaan te litten; de enerzjy foar it opwekjen is sa heech, om't it sûnder katalysator in ivichheid duorje kin foar der in lykwichtstastân berikt wurdt. Dat is bygelyks it gefal by it ferbaarnen fan koalwetterstoffen by keamertemperatuer. Om't it energetysk geunstich is foar sûker en reagearje mei soerstof, bart it dochs net, om't de enerzjybarriêre te heech is. Yn it minsklik lichem wurdt sûker lykwols al ferbaarnd, mei help fan biologyske katalysators: ensimen.

By it wurkjen fan in katalysator wurdt der winliken in oar paad iepene om te reagearjen. Ynstee dat der besocht wurdt de reaksje streekrjocht barre te litten, wurde der oare tuskenprodukten foarme, dêr't de yndividuele enerzjybarriêres leger binne as de oarspronklike.

Katalysators kinne yn twa typen ûnderferparte wurde: homogene en heterogene katalysators. Homogene katalysators sitte yn it reaksjemingsel en yn deslde faze as de stoffen dy't reagearje. Heterogene katalysators meitsje dêrfoaroer gjin part fan it reaksjemingsel, mar foarmje in aparte faze dy't yn kontakt brocht wurde mei it reaksjemingsel. Dat kin lykwols ek in poeier wêze, dy't yn floeistof sweeft.