Springe nei ynhâld

Bierbrouwerij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Brouwerij)
Yngong fan Brauerei Moninger yn Karlsruhe
De lytse, moderne bierbrouwerij Nøgne Ø yn it Noarske Grimstad

In brouwerij of folút bierbrouwerij is in bedriuw dat bier (en yn Japan ek sake) makket. Brouwerijen stienen eartiids meast yn de buert fan in boarne fan geskikt wetter dêr't it bier fan broud waard. Tsjintwurdich wurdt meast liedingwetter brûkt. Dêrneist binne goede transportmooglikheden needsaaklik om de drûge yngrediïnten nei de brouwerij te bringen en om it produsearre bier nei de ôfnimmers te bringen.

As âldste brouwerij fan de wrâld jildt de Bayerische Staatsbrauerei Weihenstephan yn Freising, dy't sûnt 1040 bestiet. De âldste kleasterbrouwerij (sûnt 1050) stiet yn de abdij fan Weltenburg. Beide steane yn Dútslân.

Brouwerijen stienen meast yn stêden en doarpskearnen. Sa stie de Amstel-brouwerij yn Amsterdam-Oost, en de Heineken-brouwerij yn Ald-Súd. Omdat de brouwerijen yn de stêden in soad oerlêst feroarsaken yn de foarm fan geuroerlêst en lûdsoerlêst troch it transport, waarden se yn in soad gefallen ferhuze nei plakken dêr't se minder oerlêst joegen. Sa is de Amstel-brouwerij, nei de fúzje mei Heineken, ferhuze nei Zoeterwoude. Ek de Heineken-brouwerij út Ald-Súd is letter ferpleatst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: