Pantanal

Ut Wikipedy
Plak fan de Pantanal
De Patanal yn it wiete seizoen

De Pantanal, eartiids bekend as de Laguna de Jarayes, is ien fan de grutste dridzige gebieten fan de wrâld. De regio, dêr't de namme ôflaat is fan it Portugeeske wurd “pântano” (wat “sompe” betsjut), leit yn Súd-Amearika, benammen yn Brazylje. Fierder beslacht de Pantanal dielen fan Bolivia en Paraguay. Totaal beslacht de Pantanal in gebiet fan 150.000 km².

De Pantanal streamt yn it reinseizoen oer, 80% fan de krite strûpt dan ûnder wetter. As gefolch dêrfan befettet de Pantanal de rykste kolleksje wetterplanten fan de wrâld. Nei alle gedachtende hat de Pantanal it tichtste floara- en fauna-ekosysteem op 'e wrâld. Allinnich it reinwâld fan de Amazône is grutter.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pantanal is in grut bassin dat syn wetter fan it heger lizzend lân krijt (lykas it Mato Grosso Plato). It wetter rint stadich fia de rivier Paraguay it plato wer út. De formaasje is it gefolch fan in grutte pre-Andeaanske depresje fan de ierdkoarst, relatearre oan de Andeaanske berchtmefoarming. It hat in enoarme interne rivierdelta, dêr't ferskate rivieren út de omliggende plato's yn byelkoarkomme.

De Pantanal grinzet yn it westen en noardwesten oan het Chiquitano dry forests, en yn it suden en súdwesten oan de Gran Chaco. De Cerrado savannes lizze benoarden, be-easten en besúdeasten de Pantanal.

De Pantanal hat in trochsnee delslach fan 1000-1400 mm yn it jier. De temperatuer is er meastentiids 25 °C, mar it kin oprinne oant 40 °C.

Yn de reintiid (desimber – maaie) wurdt it wetterpeil fan de Pantanal goed trije meter heger. Krekt as it alle jierren oerrinnen fan de Nyl makket dy oerstreaming it lân yn de omkriten tige fruchtber. In protte planten dogge it dêr sadwaande tige bêst. Minsken pakke dat mei beide hannen oan. Sa sels dat der swierrichheden troch ûnsteane. Sa'n 99% fan de Pantanal is priveebesit en wurdt brûkt foar lânbou en feefokkerij. Der binne sa'n 2500 fazendas yn de krite, mei likernôch 8 miljoen stiks fee.

De Pantanal leveret skjin wetter oan in protte kriten. Der is lykwols in grins oan it natuerlik suverjend fermogen fan de Pantanal. Fral smoargens fan yndustrieën (benammen de goudwinning) is in serieus probleem oan it wurden.

Floara en fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ekosysteem húsmanje 3500 plantesoarten, mear as 650 fûgelsoarten, 400 fisksoarten, sa'n 100 soarten sûchdieren en 80 soarten reptilen.

De Pantanal is it natuerlik thús foar de hyacintara. Dy fûgel wurdt slim bedrige fanwege de hannel yn it bist op de swarte merk (yn de Feriene Steaten jilde se samar $10.000). Oare bedrige diersoarten yn de Pantanal binne de jaguar, kaaiman, moannewolf, reuzenotter, reuzegurdledier, kapibara en leechlântapir.

Bedrigingen foar de Pantanal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ekosysteem van de Pantanal wurdt sterk bedrige troch minsklike aktiviteiten, sa as it tefolle rekreatys fiskjen, jeije, smokkeljen fan bedrige bistesoarten, in protte toerisme en ûntbosking yn ferbân mei lânbou. De lêste tiid wurdt it wetterpeil yn it reiseizoen folle heger as trochstrings. Sadwaande strûpte in ekstra protte lân ûnder. Teffens spielden pestisiden de rivieren yn, wat in protte stjerte ûnder fisken feroarsake hat.

Fral de druk fan ekonomyske ûntjouwing (sa as oaljepiipliedingen en kanalen foar de skipfeart) is in grut probleem. Der binne plannen om de Paraguay en Paraná sa te feroarjen dat seeskippen fierder it lân yn komme kinne; dat soe earnstige gefolgen hawwe foar it ekosysteem en de jierlikske oerstreamingssyklus.

Beskerme kriten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pantanal Matogrossense Nasjonaal Park[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In diel fan de Pantanalomkrite yn Brazylje is omsetten ta it Pantanal Matogrossense Nasjonaal Park. it 1350 km² grutte park waard oprjochte yn septimber 1981. It park leit yn de regio Poconé yn de steat fan Mato Grosso.

SESC Pantanal Private Natural Heritage Reserve[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It SESC Pantanal Private Natural Heritage Reserve (Reserva Particular do Patrimonio Natural SESC Pantanal) is in oar reservaat yn Brazylje, net fier fan it Pantanal Matogrossense Nasjonaal Park ôf. Dat reservaat is privé-besit, en waard oprjochte yn 1998. It reservaat hat in oerflak fan 878 km². It is in mjuks fan permaninte rivieren, seizoensbûne wetterstreamen, marren en dridzich lân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]