Amu Darja
De Amu Darja (Perzysk: آمودریا; Gihon / Jaihun, Oezbeeksk: Amudaryo; Darja is Perzysk foar "rivier"; Gryksk: Ώξος (Oxos) of (Latyn) Oxus) is in rivier dy't yn it Pamirberchtme ûntspringt en nei it noardwesten troch de Hindoekoesj, Turkmenistan en Oezbekistan streamt, om yn it de Aralmar út te mûnjen. De lingte fan de rivier is 2400 km, dêrfan is 1450 km befarber.
De Amu Darja foarmet foar in part de noardgrins fan Afganistan mei efeterelkoar Tadzjikistan en Oezbekistan.
It wetter fan Amu Darja wurdt in protte brûkt foar yrrigaasje. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny waarden grutte kanalen oanlein om grutte kriten bewetterje te kinnen. It Karakumkanaal, yn Turkmenistan, is it langste yrrigaasjekanaal fan de wrâld. It kanaal is fan libbensbelang foar Turkmenistan. De Amu Darja ferliest alle jierren sa'n 13 km³ wetter en de Aralmar 40% fan syn wetteroanfier troch dat kanaal. It wie en is in wichtige oarsaak fan de útdrûging fan de Aralmar.
Yn de Aldheid hiet de rivier Oxus; de krite benoarden de rivier hiet Transoksanië.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amu Darya fan Wikimedia Commons. |