Springe nei ynhâld

Littenseradiel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gemeente Littenseradiel)
Littenseradiel

It foar Littenseradiel typyske greidelânskip mei de Alde Toer tusken Easterwierrum en Mantgum.
flagge wapen

Wapen fan Littenseradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Wommels
grutste plak Wommels
ynwennertal 10.746 (2017)
befolkingstichtens 82,2 / km²
oerflak 132,64 km²
● wêrfan lân 130,75 km²
● wêrfan wetter 1,89 km²
tal doarpen 29
ferkearsieren N359
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Gritenij Baarderadiel
Gritenij Hinnaarderadiel
1851 – 1984 Gem. Baarderadiel
Gem. Hinnaarderadiel
opheft 2018
opgien yn Ljouwert
Súdwest-Fryslân
De Waadhoeke
no part fan Ljouwert
Súdwest-Fryslân
De Waadhoeke
oar
netnûmer 0515, 0517, 058
postkoade 8631–9029
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Littenseradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Littenseradeel) wie in gemeente yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, dy't himsels lange tiid oanpriizge mei it biedwurd "it hert fan 'e Greidhoeke". De gemeente ûntstie yn 1984 út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel. Op 30 april 2017 hie Littenseradiel in befolking fan 10.746 minsken. De gemeente besloech in oerflak fan 132,64 km², wêrfan 1,9 km² oerflaktewetter, en omfieme 29 doarpen. Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente opheft en ferdield ûnder de trije buorgemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke.

Littenseradiel lei yn it noardwesten fan Fryslân en makke diel út fan 'e Greidhoeke. De noardgrins fan 'e gemeente foel hast persiis gear mei de skieding tusken de Greidhoeke en de Bouhoeke. Littenseradiel waard yn it noarden begrinzge troch de gemeente Menameradiel, yn it noardwesten troch Frjentsjerteradiel, yn it westen en suden troch Súdwest-Fryslân en it easten troch Ljouwert. Foar 2014 hie Littenseradiel fierders yn it súdeasten in grins mei Boarnsterhim, en foar 2011 grinzge it yn it suden oan Wymbritseradiel en yn it westen oan Wûnseradiel.

In loftfoto fan Wommels.

Littenseradiel hie in oerflak fan yn totaal 132,64 km², wêrfan't 130,75 km² út lân bestie en 1,89 km² út oerflaktewetter. De wichtichste ferkearsier wie de provinsjale wei N359 fan Ljouwert nei Boalsert, dy't fan noardeast nei súdwest dwers troch de gemeente rûn. It lânskip fan Littenseradiel waard bepaald troch iepen greidlân mei rûnom doarpkes en buorskippen. Dy hiene har foar in grut diel ûntjûn oan 'e iggen fan 'e eardere Middelsee, dêr't de krite yn 'e dagen fan alearen troch foarme wie. De âlde opfearten nei de Swette wiene foar in part noch yntakt en hjir en dêr wiene de âlde Middelseediken noch goed werkenber. De bekendste dyk fan Littenseradiel, de Slachte, wie lykwols gjin Middelseedyk, mar in polderdyk, dy't fan Kûbaard oant Easterwierrum troch de gemeente slingere.

Der leine 29 doarpen yn Littenseradiel. It haadplak fan 'e gemeente wie Wommels, en de oare doarpen wiene: Baaium, Baard, Bears, Boazum, Britswert, Easterein, Easterlittens, Easterwierrum, Hidaard, Hilaard, Hinnaard, Húns, Iens, Itens, Jellum, Jorwert, Kûbaard, Leons, Lytsewierrum, Mantgum, Reahûs, Rien, Spannum, Waaksens, Weidum, Winsum, Wiuwert en Wjelsryp.

Fierders omfieme Littenseradiel ek noch de folgjende buorskippen:

Littenseradiel ûntstie by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984, doe't de eardere gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel ûnder druk fan boppenôf gearfoege waarden. Dat gie net fan herten, mei't Baarderadiel in liberale en sosjalistyske politike tradysje hie, wylst Hinnaarderadiel krekt in bolwurk fan 'e konfesjonele partijen wie.

Leons, it lytste doarp fan Littenseradiel.

Dat it gemeentehûs fan Hinnaarderadiel, yn Wommels, de sit fan it bestjoer fan 'e nije gemeente waard, sette yn Baarderadiel, en yn 't bysûnder yn it eardere haadplak Mantgum, in soad kwea bloed, mei't men dêr fan betinken wie dat 'dy finen fan Hinnaarderadiel' harren op snoade wize it haadplak fan 'e nije gemeente ûntfytmanne hiene. Nettsjinsteande dat wie Littenseradiel in folle better slagge produkt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 as bgl. de buorgemeente Boarnsterhim, dy't fuortkaam út 'e fúzje fan Raerderhim, Idaerderadiel en Utingeradiel, mar nea in echte ienheid waard.

Oarspronklik wie de offisjele namme fan 'e nije gemeente Littenseradeel, mar op 26 jannewaris 1985 waard dat troch de gemeenterie formeel feroare yn 'Littenseradiel'. Yn 1993 fierde Littenseradiel as trêde Fryske gemeente (nei Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim) Fryske plaknammen yn. Yn 2007, 2010, 2011, 2012, 2013 en 2014 waard de gemeente troch it Algemeen Dagblad útroppen ta feilichste gemeente fan Nederlân.

Yn 'e jierren 2000 wie der in skoftlang sprake fan dat Littenseradiel mei Wûnseradiel en Boalsert in nije gemeente foarmje soe, mar dat plan kitste op 't lêst ôf op 'e winsk fan Littenseradiel om selsstannich te bliuwen. Dêrop sochten Wûnseradiel en Boalsert nauwere gearwurking mei gemeenten yn 'e Súdwesthoeke, mei as resultaat it ûntstean fan 'e fúzjegemeente Súdwest-Fryslân yn 2011.

Uteinlik bliek de selsstannichheidswinsk fan Littenseradiel net hâldber. Yn juny 2013 spriek de gemeenterie him út foar de opdieling fan 'e gemeente, wêrby't in part by Súdwest-Fryslân komme soe en in oar part by Ljouwert. Fjouwer doarpen yn it noarden fan 'e gemeente krigen dêrnjonken de mooglikheid foarlein om har oan te sluten by de doe noch nammeleaze fúzjegemeente dy't yn noardwestlik Fryslân ûntstean soe, wêr't se op dêrta holden ynspraakjûnen yndie foar keazen. Sadwaande kamen op 1 jannewaris 2018, doe't Littenseradiel opheft waard, de doarpen Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum by de gemeente Ljouwert te hearren. Fierders waarden Boazum, Britswert, Easterein, Easterwierrum, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Reahûs, Rien, Waaksens, Wiuwert en Wommels ûnderdiel fan Súdwest-Fryslân, wylst Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp nei De Waadhoeke giene.[1]

De Nije Kromme oer de N359 by Wommels.
De Freulepartij is in wichtige keatswedstryd dy't elts jier yn augustus op it fjild efter it gemeentehûs yn Wommels holden wurdt.
De yn 2012 folslein restaurearre Tsjerke fan Baaium.
Doarpsgesicht fan Britswert.

Littenseradiel hie sûnt syn ûntstean yn 1984 in ynwennertal dat om 'e 10.000 hinne skommele. Op 1 jannewaris 2012 hie it in befolking fan 10.925 minsken, en op 30 april 2017 wiene der 10.746 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech doe 82,2 minsken de km². Op 1 jannewaris 2017 wie de befolking fan 'e gemeente sa oer de ûnderskate doarpen ferspraat:[2]

doarp ynwenners
Wommels 2.216
Mantgum 1.172
Winsum 1.038
Easterein 964
Weidum 576
Wjelsryp 463
Easterlittens 439
Boazum 397
Jorwert 342
Easterwierrum 332
Hilaard 297
Spannum 282
Wiuwert 277
Kûbaard 242
Itens 236
Baard 189
Reahûs 170
Jellum 142
Bears 133
Hidaard 130
Baaium 118
Húns 114
Britswert 112
Rien 110
Waaksens 83
Lytsewierrum 68
Hinnaard 44
Iens 32
Leons 26
Uniastate yn Bears.
It logo fan Littenseradiel: in stilistyske werjefte fan 'e Nije Kromme.

De lêste boargemaster fan Littenseradiel wie Johanneke Liemburg fan 'e PvdA. Hja beklaaide dy funksje sûnt 2000, doe't se har partijgenoat Johan Oldenziel opfolge. Sûnt 2014 wiene de beide wethâlders fan Littenseradiel Marja Reijndorp fan SAM Littenseradiel en Bram Bonnema fan 'e FNP. (SAM Littenseradiel kaam yn 2009 fuort út 'e fúzje fan 'e pleatslike ôfdielings fan 'e PvdA, GrienLinks en D66.) De gemeenterie fan Littenseradiel bestie út 15 sitten. Hjirûnder de gearstalling fan 'e rie út 'e ferskillende politike partijen fan 1998 oant 2018:

Gemeenteriedssitten
partij 1998 2002 2006 2010 2014
SAM Littenseradiel 5 5
CDA 5 5 4 4 4
FNP 3 3 3 4 4
VVD 2 3 3 2 2
PvdA 4 4 5
D66 1
Totaal 15 15 15 15 15

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1716.
  2. Boarne: Tal Ynwenners per Doarp, webside Gemeente Littenseradiel.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje