Johan Oldenziel
Appearance
Johan Olaf Ernst Oldenziel (Naarden, 20 febrewaris 1939) is in Nederlânsk politikus fan de PvdA.
Hoewol’t hy berne waard yn Noard-Hollân brocht hy in grut part fan syn jeugd troch yn Grinslân. Yn 1964 is hy yn de rjochten ôfstudearre oan de Ryksuniversiteit Grins wêrnei’t hy wurkjen gie foar de gemeente Arnhim. Fiif jier letter krige er wurk by de gemeente Grins dêr’t hy yn 1972 promoasje makke ta kabinetssjef fan de boargemaster dêr. Yn febrewaris 1978 folge syn beneaming ta boargemaster fan Hylpen. Yn 1981 waard hy de boargemaster fan Frjentsjer en by de gemeentlike weryndieling fan Fryslân yn 1984 waard Oldenziel de boargemaster fan de doe nijfoarme gemeente Littenseradiel wat hy oant maart 2000 bliuwe soe.
Kategoryen:
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk sosjalist
- Frysk abbekaat
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- PvdA-politikus
- Boargemaster fan Frjentsjer
- Boargemaster fan Hylpen
- Boargemaster fan Littenseradiel
- Frysk sosjalist
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Grinslânsk persoan
- Persoan berne yn 1939