Dongeradiel
Dongeradiel | |
---|---|
Utsjoch op Nes. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Dongeradiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Magda Berndsen (D66) |
sifers en geografy | |
haadplak | Dokkum |
grutste plak | Dokkum |
ynwennertal | 24.097 (2017) |
befolkingstichtens | 162,1 / km² |
oerflak | 266,92 km² |
● wêrfan lân | 167,21 km² |
● wêrfan wetter | 99,71 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 28 |
ferkearsieren | N356, N358, N361 |
skiednis | |
oprjochte | 1984 |
oant 1851 | Gemeente Dokkum Gritenij East-Dongeradiel Gritenij West-Dongeradiel |
1851 – 1984 | Gemeente Dokkum Gem. East-Dongeradiel Gem. West-Dongeradiel |
opheft | 2019 |
opgien yn | Noardeast-Fryslân |
oar | |
netnûmer | 0519 |
postkoade | 9101–9156 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.dongeradeel.nl |
Dongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Dongeradeel) wie in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 24.097 ynwenners (30 april 2017); en mei in gebiet fan 266,92 km². Dêrfan wie 99,71 km² wetter. Dongeradiel ûntstie by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984, doe't it foarme waard út 'e eardere gemeenten Dokkum, East-Dongeradiel en West-Dongeradiel. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet fan Dongeradiel wie al bewenne om it begjin fan de jiertelling hinne. Dongeradiel wie part fan Eastergoa, en nei't dat om 1250 hinne split waard wie it in part fan de Noardlike njoggen. Wylst Dongeradiel selsstanniger waard, waard Dokkum in sêlsstannige stêd, en kaam der in ûnderskied tusken it Dongeradiel by de eastside fan de Peazens, en it Dongeradiel by de westside fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa siden ta de aparte gritenijen East-Dongeradiel en West-Dongeradiel wurden.
Yn 1984 waard by de gemeentlike weryndieling út de gemeenten East-Dongeradiel, West-Dongeradiel en Dokkum de nije gemeente Dongeradiel foarme. Op 1 jannewaris 2019 waard Dongeradiel opheft, wêrnei't it yn 'e mande mei Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân opgie yn 'e nije gemeente Noardeast-Fryslân.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadplak wie Dokkum en de oare plakken yn de gemeente wienen: Boarnwert, Brantgum, Ealsum, Eanjum, Easternijtsjerk, Eastrum, Foudgum, Hantum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, Holwert, Ie, Iesumasyl, Ingwierrum, Jouswier, De Lytse Jouwer, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Moddergat, Nes, Nijewier, Peazens, Raard, De Skâns, Ternaard, Waaksens, Wetsens en Wierum.
De buorskippen yn de gemeente wienen: Betterwurd, Boarnwerthuzen, Fjildbuorren, Tiltsjebuorren, Sibrandahûs, Swarte Mosk, Teard, Bollingwier, Tilbuorren, Hantumerhoeke, Kletterbuorren, Trijeboerehuzen, Brânbuorren, Dykshoarne, Grut Midhuzen, Lyts Midhuzen, Ald Terp, It Stienfek, De Tibben, Stiem, Dokkumer Nije Silen, Mûnebuorren, Nijlân, Lytse Leard, De Reidswâl, Wie, Lytse Wier, Jewier, 't Skoar, Teyebuorren, Fiskbuorren en Fiifhuzen.
Tal ynwenners it plak op 1 jannewaris 2021:
Plaknamme | Ynwennertal |
Dokkum | 12.745 |
Holwert | 1595 |
Ternaard | 1295 |
Eanjum | 1155 |
Easternijtsjerk | 940 |
Mitselwier | 900 |
Ie | 850 |
Ingwierrum | 585 |
Hantum | 400 |
Nijewier | 330 |
Nes | 320 |
Wierum | 315 |
Ljussens | 305 |
Brantgum | 245 |
Moarre | 240 |
Peazens | 230 |
Raard | 215 |
Moddergat | 205 |
Ealsum | 130 |
Eastrum | 125 |
Boarnwert | 120 |
Hantumhuzen | 105 |
Foudgum | 75 |
De Lytse Jouwer | 70 |
Hantumerútbuorren | 70 |
Wetsens | 55 |
Jouswier | 45 |
Waaksens | 40 |
Boarne: CBS
Paezens en Moddergat foarmje in twillingdoarp en wurde faak op ien sike neamd, krekt sa't dat, sij it yn mindere mjitte, ek it gefal is mei Moarre-Ljussens.
Iepenbier Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tichtby Holwert is in feartsjinst dêr't de fearboaten foar it eilân it Amelân ferlitte (fersoarge troch Wagenborg). It iepenbier ferfier waard dien troch it iepenbier ferfierbedriuw Arriva. Twa buslinen rûnen fan Ljouwert nei de fearboat: linen 66 en 166. Dokkum wie ferbûn mei Ljouwert troch ferskate buslinen. De wichtichste wiene ekspresjetsjinst 355, Ljouwert-Dokkum en line 51, Ljouwert-Damwâld-Dokkum.
Oare buslinen yn 'e gemeente wiene:
line 52: Fan Dokkum nei Wetsens, Nijewier, Easternijtsjerk, Moarra, Ljussens, Eanjum, de Skâns, Paezens, Moddergat, Wierum en dan fia Easternijtsjerk en Nijewier werom nei Dokkum
line (1)54: Ljouwert-Stiens-Holwert-Ternaard-Hantum-Dokkum
line 55: Dokkum-Damwâld-Feanwâlden-Burgum-Suwâld-Drachten
line 60: Ljouwert-Stiens-Holwert-Brantgum-Foudgum-Dokkum
line 63: Dokkum-Wetsens-Mitselwier-Ie-Ingwierum-Kollum-Bûtenpost
line 55: Drachten-Burgum-Feanwâlden-Damwâld-Dokkum
Linie 155: Ljouwert-Feanwâlden-Dokkum-Eanjum-Lauwerseach (foar feartsjinst nei it eilân Skiermûntseach (Wagenborg))
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dongeradeel fan Wikimedia Commons. |