Springe nei ynhâld

Wapen fan Dongeradiel

Ut Wikipedy
Gemeentewapen fan Dongeradiel

It Gemeentewapen fan Dongeradiel waard fêststeld yn 1984 by de fúzje fan Dokkum, Eastdongeradiel en Westdongeradiel. It waard beskreaun as:
Yn azuer in weagjende keper fan sulver, beselskippe boppe fan 2 stjerren fan goud, ûnder fan in omkearde wassenaar fan sulver, in stjer fan goud omslutend. It skyld dekt mei in gouden kroan fan 3 blêden en 2x3 pearels."

It wapen is gearstald út symboalen út de wapens fan de trije ophefte gemeentes. Ek stelle de twa skeanbalken de rivierkes De Peazens en de Dokkumer Ie foar, dy't yn Dokkum gearrinne.