UNPO

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Unrepresented Nations and Peoples Organization
(UNPO)
Flag of the Unrepresented Nations and Peoples Organisation.svg
Lânkaart UNPO-lidmaatskip 1-7-13.PNG
Lânkaart: hjoeddeistige leden yn kleur; eardere leden yn dûnkergriis
Offisjele taal: Ingelsk
Haadkertier: De Haach (Nederlân)
Oprjochte: 11 febrewaris 1991
Tal leden: 43 (ledetal 1 jannewaris 2014)

De Unrepresented Nations and Peoples Organization (UNPO), yn it Frysk de Organisaasje fan Net-Fertsjintwurdige Naasjes en Folken, is in demokratyske organisaasje dy't wurket as in alternatyf ynternasjonaal foarum foar naasjes en folken dy't harsels net fertsjintwurdige achtsje troch ien as mear oare leden fan 'e Feriene Naasjes. Op it stuit (1 jannewaris 2014) binne der 43 leden. Dêrûnder binne etnyske en religieuze minderheden, lânseigen folken, besette gebieten en de facto ûnôfhinklike steaten sûnder ynternasjonale erkenning. In diel fan de âld-leden hat no de status fan erkend selsstannich lân, en is no lid fan 'e Feriene Naasjes. Oaren hawwe troch it ûnderhanneljen mear selsbestjoer krigen. De UNPO, dy't eins in non-gûvernemintele organisaasje is, waard oprjochte yn 1991. De fiertaal is Ingelsk. De UNPO hat syn sit yn De Haach, Nederlân.

Organisaasje[bewurkje seksje | edit source]

Foarskiednis en oprjochting[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan 'e UNPO giet hielendal tebek nei 1960, doe't der al oerlis wie tusken foaroanlju fan 'e ûnderdrukte Oeigoerske minderheid yn Sina en fan it troch de Sinezen besette Tibet oer in mienskiplike ynternasjonale fertsjintwurdiging. De tiid wie dêr doe lykwols noch net ryp foar. Yn 'e jierren tachtich waard it idee nij libben ynblazen troch de yn Nederlân wenjende Tibetaanske Tsering Jampa, de Oeigoer Erkin Alptekin en de jurist Michael van Walt van Praag, dy't lange tiid de abbekaat fan 'e Dalai Lama wie. Der waarden kontakten lein mei oare groepen, en as sit waard De Haach útkeazen, mei't dêr ek it Ynternasjonaal Gerjochtshôf fêstige wie. De namme dy't foar de nije organisaasje betocht waard, de Unrepresented Nations and Peoples Organization (dy't mei syn earste beide letters ferwiist nei de Feriene Naasjes), wie "in boppeslach", sa't Onno Falkena sei, dy't der yn Frysk en Frij oer berjochte.

En sa waard op 11 febrewaris 1991 yn it Fredespaleis yn De Haach de UNPO oprjochte troch fyftjin leden: Armeenje; de Australyske Aboriginals; Estlân; Georgje; de Grykske minderheid yn Albaanje; de Koerden fan Irak; de Kordyljeraanske folken fan 'e Filipinen; de Krimtataren; Letlân; de Oeigoeren; Palau, Taiwan, Tatarstan, Tibet en West-Papoea. Dêrby wie der neffens Falkena ta fernuvering fan 'e Tibetaanske delegaasje frijwat strideraasje oer it prinsipe fan geweldleazens, dat de Dalai Lama al withoelang útdroech. Victor Kaseipo, de fertsjintwurdiger fan 'e Papoea-minderheid yn Yndoneezje, ferwurde it sa: "As der fleantugen mei bommen oerkomme, kin ik myn minsken net sizze dat se harren pylk en bôge dellizze moatte." Uteinlik waard der in kompromis sletten dat stelt dat elts folk it rjocht op selsferdigening hat, wylst tagelyk terrorisme skerp feroardiele waard. Sûnt syn oprjochting hat de UNPO him allegeduerigen ynset foar syn leden en foar frede en minskerjochten yn it algemien. Yn 1993 waard organisaasje nominearre foar de Nobelpriis foar de Frede.

Doelen[bewurkje seksje | edit source]

De fisy fan 'e UNPO is om demokrasy te bekrêftigjen as in fûneminteel ûnderdiel fan 'e minskerjochten, om boargerlike en politike rjochten fan befolkingsgroepen en minderheden oer de hiele wrâld te ymplemintearjen, om it universeel rjocht op selsbeskikking en selsbestjoer te ûnderstypjen en om federalisme út te dragen as alternatyf foar sintralistyske steatsstruktueren. De organisaasje moediget geweldleaze metoaden oan om freedsume oplossings te finen foar konflikten en ûnderdrukking. De UNPO stipet syn leden by it ôftwingen fan harren minskerjochten, respekt foar harren kultuer en it ekologysk behâld fan harren wengebieten. Dêrta fersoarget de UNPO foar de oanwiisde fertsjintwurdigers fan syn leden opliedings op it mêd fan ynternasjonale wetjouwing, ynternasjonale gearwurking, diplomasy en public relations. Boppedat biedt de organisaasje foar syn leden in foarum wêryn't se harren soargen op ynternasjonaal nivo oankaartsje kinne en dat teffens foar oerlis brûkt wurde kin mei lykstimde naasjes en folken, dy't gauris mei itselde soarte swierrichheden kampe.

De UNPO is wijd oan 'e fiif prinsipes dy't fêstlein binne yn it UNPO-konvenant:

  • it leauwe dat alle naasjes en folken inoars gelikensen binne en dêropta it ûnferfrjemdbere rjocht op selsbeskikking hawwe;
  • de oertsjûging dat men jin hâlde moat oan 'e ynternasjonaal akseptearre standert fan 'e minskerjochten, sa't dy fêstlein is yn 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske en oare ynternasjonale rjochtsuterings;
  • de oertsjûging dat men jin hâlde moat oan it prinsipe fan demokratysk pluralisme en it ôfwizen fan totalitarisme, diktatuer en relieuze yntolerânsje;
  • it útdragen fan geweldleazens en it ôfwizen fan terrorisme as in beliedsfoarm;
  • it respektearjen fan alle naasjes, folken en befolkingsgroepen, dêrby eksplisyt ynbegrepen alle minderheids- en mearderheidsbefolkingsgroepen dy't yn itselde wengebiet libje as in UNPO-lid, mar ta oare etnyske, religieuze of linguïstyske groepen hearre.

Alle UNPO-leden moatte dit konvenant ûndertekenje en neilibje. (Hjirby moat miskien opmurken wurde dat it selsbeskikkingsrjocht net automatysk it neistribjen fan in eigen ûnôfhinklike steat, of sels mar fan autonomy binnen in besteande steat ynhâldt. It ferwiist ienfâldichwei nei it rjocht fan alle folken en befolkingsgroepen om op demokratyske wize oer harren eigen politike status en harren ekonomyske, sosjale en kulturele ûntjouwing te beslissen. It útoefenjen fan dat rjocht kin in ferskaat oan útkomsten hawwe, útinoar rinnend fan folsleine ûnôfhinklikens oant folsleine yntegraasje yn in besteande steat.)

Ynfrastruktuer[bewurkje seksje | edit source]

Njonken syn sit yn De Haach hat de UNPO ek in kantoar yn Brussel en in fertsjintwurdiging yn Sjenêve, en kin it him ferlitte op in netwurk fan assosjearre organisaasjes oer de hiele wrâld. De ynkomsten fan 'e UNPO besteane út 'e kontribúsje fan 'e leden en de jeften fan yndividuën en stiftings. De UNPO hat fan it begjin ôf oan syn eigen parseburoke ûnderholden, wêrmei't de organisaasje syn betrouberens fêstige hat troch, gauris as earste, nijs út 'e earste hân oer ôfhandige plakken en gebieten te fersprieden. Dêrby is de ynformaasje frijwol sûnder útsûndering objektyf bleken.

Liederskip[bewurkje seksje | edit source]

Siktarissen-generaal[bewurkje seksje | edit source]

Foarsitters fan de Algemiene Gearkomste[bewurkje seksje | edit source]

Lidmaatskip[bewurkje seksje | edit source]

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

De UNPO stiet iepen foar alle naasjes en folken dy't ûnder de folgjende omskriuwing (ôfkomstich fan 'e webside fan 'e UNPO) beflapt wurde kinne: in befolkingsgroep "dy't de wil hat om identifisearre te wurden as in naasje of folk, en dy't ferbûn wurdt troch in mienskiplik beërf dat histoarysk, rasiaal, etnysk, religieus of territoriaal wêzen kin. It kandidaat-lid kin ek in diel fan in folk wêze, besteande út in minderheid dy't op in part fan it foarâlderlik territoarium fan dat folk libbet, dat ynkorporearre is yn in oare steat as de steat dy't dat folk fertsjintwurdiget." Dêrby moat in organisaasje dy't in aspirant-lid fertsjintwurdigje wol, noch wol sjen litte dat er genôch oanhing ûnder de befolking hat dy't er represintearje wol.

It Fredespaleis yn De Haach, dêr't de UNPO op 11 febrewaris 1991 oprjochte waard.

Op it stuit (1 jannewaris 2014) hat de UNPO 43 leden. Dêrûnder binne etnyske en religieuze minderheden, lânseigen folken, besette gebieten en de facto ûnôfhinklike steaten sûnder ynternasjonale erkenning. Hoewol't UNPO-leden gauris ferskillende doelen hawwe, hawwe se ien ding mienskiplik: hja wurde op ynternasjonaal nivo (bygelyks troch de Feriene Naasjes of in soartgelikense organisaasje) net diplomatyk fertsjintwurdige (of inkeld mei in legere status, lykas Kosovo). Fan gefolgen is harren fermogen beheind om har soargen en swierrichheden foar it fuotljocht te bringen by mondiale organen dy't oanwiisd binne om de minskerjochten te beskermjen.

Guon leden wolle erkend wurde as ûnôfhinklike steaten. Yn it ferline is it de stiftsjende leden Armeenje, Estlân, Georgje en Letlân, dy't yn 1991 allegearre út 'e eardere Sovjet-Uny fuortkommen binne, slagge om dat doel te berikken. In oar stiftsjend lid, de eilannesteat Palau, yn 'e Stille Oseaan, dy't by de oprjochting fan 'e UNPO, yn 1991, noch in mandaatgebiet fan 'e Feriene Steaten foarme, en troch de strategyske belangen dy't de Amerikanen dêre yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch hiene fan ûnôfhinklikens wjerholden waard, koe him einlings yn oktober 1994 ta in selsstannige steat ûntjaan. En East-Timor, dat sûnt de ein fan it Portegeeske koloniaal bestjoer, yn 1975, ûnder in bloedige Yndonezyske besetting suchte, waard nei in referindum (holden yn 1999) yn 2002 ûnôfhinklik.

Oare âld-leden fan 'e UNPO hawwe troch ûnderhannelings in beskate foarm fan autonomy witten te berikken. Sa krige Atjeh yn 2006 selsbestjoer binnen it Yndonezyske steatsbestel as in "spesjale bestjoerlike regio". Gagaûzje waard yn 1994 in autonome republyk binnen Moldaavje, in regeling dêr't de Gagaûzen sels earst noch harren twifels oer hiene, mar dy't nei ferrin fan hast fyftjin jier sa goed bliek te wurkjen dat se har lidmaatskip fan 'e UNPO opseine. En Bougainville, oftewol de Autonome Regio fan 'e Noardlike Solomoneilannen, sleat yn 2000 in fredesferdrach mei Papoea Nij-Guineä wêrby't selsbestjoer betongen waard, en boppedat dat der tusken 10 en 15 jier neitiid (tusken 2012 en 2017 dus) in referindum oer ûnôfhinklikens holden wurde sil.

Wer oare leden wisten har eigen doelen te ferwêzentlikjen. Sa koene de Nûksalk (of Bella Kûla), in Yndiaansk folk út 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, mei har lidmaatskip fan 'e UNPO de Kanadeeske autoriteiten op 't langelêst bewege om harren soargen oer de fersmoarging en ferneatiging fan harren wengebiet serieus te nimmen. In apart gefal wie de demokratyske opposysje fan Birma (lid fan 2008 oant 2010), dy't úthold dat de Birmeeske befolking troch de militêre diktatuer fan it lân net op ynternasjonaal mêd fertsjintwurdige waard. Nei't der einlings en te'n lêsten demokratyske herfoarmings yn Birma plakfûnen, skoarre de opposysje syn lidmaatskip fan 'e UNPO op.

Wat de hjoeddeiske leden oanbelanget, binne der in stikmannich net-erkende (of net algemien erkende) mar feitlik ûnôfhinklike steaten dy't ynternasjonale erkenning hawwe wolle: Abgaazje, Kosovo, Somalilân en Taiwan. Dan binne der guon leden dy't ûnôfhinklik wurde wolle, lykas Súd-Kameroen, de Súd-Molukken en Tibet. Fierders guon etnyske minderheden dy't selsbestjoer (of mear selsbestjoer) hawwe wolle, lykas de Hongaren yn Roemeenje, de Rehobot-Basters fan Namybje en de Kordyljeranen op 'e Filipinen. En ek binne der in stik as wat lânseigen folken dy't stride foar it behâld fan harren kultuer en/of wengebiet, lykas de Ogony yn Nigearia, de Batwa yn Rûanda en de Jumma-folken fan 'e Chittagong Hill Tracts yn Banglades. De Haratin fan Mauretaanje foarmje in apart en tige skrinend gefal: dat binne de neikommelingen fan swarte slaven dy't noch altiten yn in ferhoalen foarm fan slavernij libje (Mauretaanje wie ek it lêste lân op 'e wrâld dat offisjeel de slavernij ôfskafte, yn 1981).

Leden[bewurkje seksje | edit source]

namme fertsjintwurdigjende organisaasje befolkings-
grutte
lân/lannen lid sûnt opmerkings
Flag of Abkhazia.svg de Republyk Abgaazje it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan de Republyk Abgaazje 243.000 Flag of Georgia.svg Georgje 6 augustus 1991 in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 1992) yn 'e Kaukasus
Afrikaner Vryheidsvlag.svg de Afrikaners fan Súd-Afrika it Vryheids Front Plus (VF+) 3.400.000 Flag of South Africa.svg Súd-Afrika 15 maaie 2008 de ôfstammelingen fan 'e Nederlânske kolonisten
Flag of Arabistan.svg de Arabyske minderheid yn Iraan de Democratic Solidarity Party of Ahwāz (DSPA) 5.000.000 Flag of Iran.svg Iraan 14 novimber 2003
Flag of the Mapuches.svg de Araukanen de Consejo Interregional Mapuche (CIM) 1.000.000 Flag of Chile.svg Sily
Flag of Argentina.svg Argentynje
19 jannewaris 1993 in Yndiaansk folk yn Súd-Amearika
Flag of Assyria.svg de Assyriërs de Assyrian Universal Alliance (AUA) 1.820.000 Flag of Iraq.svg Irak
Flag of Syria.svg Syrje
Flag of Turkey.svg Turkije
Flag of the United Nations.svg diaspoara
6 augustus 1991 in kristlike minderheid yn it Midden-Easten
Flag of Barotseland.PNG it Keninkryk Barotselân de Barotse National Council (BNC) 400.000 Flag of Zambia.svg Sambia 20 desimber 2013 in tradysjoneel Afrikaansk keninkryk
Bandera poble Batwa.svg de Batwa fan Rwanda de Communauté des Autochtones du Rwanda (CAURWA) 25.000 Flag of Rwanda.svg Rûanda 17 jannewaris 1993 de lânseigen pygmeeske befolking
Flag of the Inner Mongolian People's Party.svg Binnen-Mongoalje de Inner Mongolian People's Party (HB) 4.000.000 Flag of the People's Republic of China.svg Sina 2 febrewaris 2007 de Mongoalske minderheid yn Sina
Flagge FULRO.PNG de Degar-folken fan Fjetnam de Montagnard Foundation, Inc. (MFI) 900.000 Flag of Vietnam.svg Fjetnam 14 novimber 2003 de berchstammen of Montagnards fan Fjetnam
Flag of the Balochistan Liberation Army.svg East-Balûtsistan de Balochistan National Party (BNP) 7.100.000 Flag of Pakistan.svg Pakistan 1 maart 2008 súdwestlike provinsje fan Pakistan
Kokbayraq flag.svg de Easttoerkestaanske Republyk it World Uyghur Congress (WUC) 7.500.000 Flag of the People's Republic of China.svg Sina 11 febrewaris 1991* de yn 2004 útroppen steat fan 'e Oeigoeren
Flagge Venda Dabalorivhuwa Patriotic Front.PNG de Fenda fan Súd-Afrika it Dabalorivhuwa Patriotic Front (DPF) 700.000 Flag of South Africa.svg Súd-Afrika 14 novimber 2003 in Bantoefolk
Flag of Balawaristan.svg Gilgit-Baltistan de Gilgit Baltistan Democratic Alliance (GBDA) 1.800.000 Flag of Pakistan.svg Pakistan 20 septimber 2008 de berchfolken yn it Pakistaanske diel fan Kasjmier
Flagge Haratin FALM.PNG de Haratin fan Mauretaanje it Initiative de Résurgence du Mouvement Abolitionniste en Mauritanie (IRA) 1.160.000 Flag of Mauritania.svg Mauretaanje 16 septimber 2011 de swarte slaven fan Mauretaanje
Flagge Hmong ChaoFa.PNG de Hmong fan Laos de Hmong ChaoFa Federated State (HCFS) 320.000 Flag of Laos.svg Laos 2 febrewaris 2007
Flag of Hungary.svg de Hongaarske minderheid yn Roemeenje de Democratic Alliance of Hungarians in Romania (RMDSz) 2.000.000 Flag of Romania.svg Roemeenje 30 july 1994
Flag of Kurdistan.svg Iraaksk-Koerdistan de Kurdish Democratic Party (KDP)
de Patriotic Union of Kurdistan (PUK)
4.000.000 Flag of Iraq.svg Irak 11 febrewaris 1991* de Koerdyske minderheid fan Irak
Flag of Kurdistan.svg Iraansk-Koerdistan de Democratic Party of Iranian Kurdistan (PDKI) 4.000.000 Flag of Iran.svg Iraan 2 febrewaris 2007 de Koerdyske minderheid fan Iraan
Flag of the Chittagong Hill Tracts Shanti Bahini.svg de Jumma-folken fan de Chittagong Hill Tracts de United People's Party of the Chittagong Hill Tracts (JSS) 600.000 Flag of Bangladesh.svg Banglades 6 augustus 1991 in stikmannich berchstammen yn súdeastlik Banglades
Flag of KKF.svg de Kmer-minderheid yn Fjetnam de Khmer Kampuchea-Krom Federation (KKF) 700.000 Flag of Vietnam.svg Fjetnam 15 july 2001
Pi cpdf.GIF de Kordyljeraanske folken fan noardlik Lûzon Cordillera Peoples' Alliance (CPA) 1.100.000 Flag of the Philippines.svg de Filipinen 11 febrewaris 1991* in stikmannich berchstammen op it haadeilân fan 'e Filipinen
Flag of Kosovo.svg de Republyk Kosovo de Democratic League of Kosovo (LDK) 1.800.000 Flag of Serbia.svg Servje 6 augustus 1991 in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 2008) op 'e Balkan
Flag of the Crimean Tatar people.svg de Krimtataren de Milli Mejlis (it Krimtataarske parlemint) 806.000 Flag of Ukraine.svg de Oekraïne
Flag of the United Nations.svg diaspoara
11 febrewaris 1991* de lânseigen befolking fan it skiereilân de Krim
Flag of the Lezgi people.png Lezgistan de Federal Lezghin National and Cultural Autonomy (FLNCA) 670.000 Flag of Azerbaijan.svg Azerbeidzjan
Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje
7 july 2012 in minderheid yn 'e Kaukasus
Flag of the Moro Islamic Liberation Front.png de Moaro's fan Mindanao it Moro Islamic Liberation Front (MILF) 6.500.000 Flag of the Philippines.svg de Filipinen 26 septimber 2010 de islamityske befolking fan 'e súdlike Filipinen
Unofficial flag of Nagaland.svg de Folksrepublyk Nagalân de National Socialist Council of Nagaland (NSCN) 3.100.000 Flag of Myanmar.svg Birma
Flag of India.svg Yndia
19 jannewaris 1993 de eigen steat fan 'e Naga's, útroppen yn 1980
Flag of the Ogoni people.svg de Ogony de Movement for the Survival of the Ogoni People (MOSOP) 500.000 Flag of Nigeria.svg Nigearia 19 jannewaris 1993 in minderheid yn 'e Nigerdelta
Flag of the Oromo Liberation Front.svg de Oromo it Oromo Liberation Front (OLF) 30.000.000 Flag of Ethiopia.svg Etioopje
Flag of Kenya.svg Kenia
19 desimber 2004 de grutste minderheid yn 'e Hoarn fan Afrika
Rehobothflag.svg de Rehobot-Basters de Kapteinsraad van die Rehoboth Basters 35.000 Flag of Namibia.svg Namybje 2 febrewaris 2007 in Afrikaansktalige kleurlingeminderheid
Flag of Zanzibar (January-April 1964).svg Sânsibar it Zanzibar Democratic Alternative (ZANA)
it Civic United Front (CUF)
815.000 Flag of Tanzania.svg Tanzania 6 augustus 1991 in eilannegroep, ûnôfhinklik yn 1963-1964
Flag of Sindhudesh.svg de Sind de World Sindhi Institute (WSI) 25.000.000 Flag of Pakistan.svg Pakistan
Flag of India.svg Yndia
19 jannewaris 2002 súdeastlike provinsje fan Pakistan
Flag of Adygea.svg de Sirkassiërs de International Circassian Association (ICA) 515.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje
Flag of the United Nations.svg diaspoara
16 april 1994 lânseigen befolking fan 'e noardwestlike Kaukasus
Flag of Somaliland.svg de Republyk Somalilân it regear fan 'e Republyk Somalilân 3.500.000 Flag of Somalia.svg Somaalje 19 desimber 2004 in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 1991) yn 'e Hoarn fan Afrika
Flag of Ogaden National Liberation Front(2).svg de Somalyske minderheid yn Etioopje it Ogaden National Liberation Front (ONLF) 4.400.000 Flag of Ethiopia.svg Etioopje 6 febrewaris 2010
Flag of the Southern Azerbaijan National Awakening Movement.png Súd-Azerbeidzjan de Southern Azerbaijan National Awakening Movement (SANAM) 19.000.000 Flag of Iran.svg Iraan 2 febrewaris 2007 de Azerbeidzjaanske minderheid yn Iraan
Flag of The Federal Republic of Southern Cameroons.svg de Federale Republyk Súd-Kameroen de Southern Cameroons National Council (SCNC) 5.100.000 Flag of Cameroon.svg Kameroen 19 desimber 2004 it Ingelsktalige diel fan Kameroen; rôp yn 1999 de ûnôfhinklikens út
Flag of South Moluccas.svg de Republyk fan de Súd-Molukken it regear yn ballingskip fan de Republyk fan de Súd-Molukken (RMS) 1.100.000 Flag of Indonesia.svg Yndoneezje 6 augustus 1991 ûnôfhinklikens útroppen yn 1950
Flag of the Republic of China.svg Taiwan de Taiwan Foundation for Democracy (TFD) 23.000.000 Flag of the People's Republic of China.svg Sina 11 febrewaris 1991* de Republyk Sina, ûntstien yn 1949
Flag of Tibet.svg de Steat Tibet it regear yn ballingskip fan Tibet (CTA) 4.700.000 Flag of the People's Republic of China.svg Sina 11 febrewaris 1991* sûnt 1950 beset troch Sina
Chin National Flag 1024 x 768.png de Tsjin fan Birma it Chin National Front (CNF) 1.500.000 Flag of Myanmar.svg Birma 15 july 2001 in minderheid yn Birma en Yndia
Flag of Iraq Turkmen Front.svg de Turkmeenske minderheid yn Irak de Iraqi National Turkoman Party (INTP) 950.000 Flag of Iraq.svg Irak 6 augustus 1991
Flag of the Balochistan Liberation Army.svg West-Balûtsistan de Balochistan People's Party (BPP) 3.800.000 Flag of Iran.svg Iraan 26 juny 2005 de Balûtsyske minderheid yn Iraan
Morning Star flag.svg de Republyk West-Papoea it West Papua People's Front (WPPF)
de Free Papua Movement (OPM)
900.000 Flag of Indonesia.svg Yndoneezje 1991* West-Papoea (of Irian Jaya), dat yn 1971 de ûnôfhinklikens útrôp
(lidmaatskip opskoarre 2008-2013)

*) = oprjochtsjend lid

Eardere leden[bewurkje seksje | edit source]

Lidmaatskip opskoarre troch de UNPO[bewurkje seksje | edit source]

namme fertsjintwurdigjende organisaasje befolkings-
grutte
lân/lannen lidmaatskip opmerkings
Flagge Australyske Aboriginals.png de Aboriginals fan Austraalje it National Committee to Defend Black Rights (NCDBR) 350.000 Flag of Australia.svg Austraalje 19912012*
Flagge Nahua (Azteken).PNG de Azteken fan de Opper-Balsasrivier de Consejo del Pueblo Náhua del Alto Balsas (CPNAB) 56.000 Flag of Mexico.svg Meksiko 20042008 in Azteekske stamme yn sintraal súdlik Meksiko
Flag of Myanmar.svg de Uny fan Birma de National Council for the Union of Burma (NCUB)
de Sasana Moli International Burmese Monks Association (SM-IBMA)
31.000.000 Flag of Myanmar.svg Birma 20082010 de demokratyske opposysje fan Birma
Flag of Buryatia.svg de Boerjaten fan Sibearje de All-Buryat Association for the Development of Culture (ABADC) 425.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19962010 in boedistyske minderheid yn Sibearje
Bosniak National Flag in Sandzak.svg de Bosnyske minderheid yn Servje en Montenegro de Muslim National Council of the Sanjak (MNCS) 355.000 Flag of Serbia.svg Servje
Flag of Montenegro.svg Montenegro
19932010 de "Bosnyske Moslims" bûten de Bosnyske grinzen
Flagge Buffalo River Dene Nation.PNG de Buffalo River Dené Naasje de Buffalo River Dene Nation Non-Governmental Organization (BRDN NGO) 1.000 Flag of Canada.svg Kanada 20042009 in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan
Flag of Greece.svg de Grykske minderheid yn Albaanje de Democratic Union of the Greek Ethnic Minority in Albania (OMONIA) 175.000 Flag of Albania.svg Albaanje 19912012*
Flag of Hawaii.svg Hawaï Ka Lāhui Hawai'i (KLH) 240.000 Flag of the United States.svg de Feriene Steaten 19932012 de lânseigen Polynezyske befolking fan Hawai
Ingrian people.svg de Yngryske Finnen de Ingrian Association (IL) 87.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19922009 de Finske minderheid yn Ruslân
Flag of Cabinda Province.svg de Republyk Kabinda it Frente de Libertação do Enclave de Cabinda (FLEC)
de Forças Armadas de Cabinda (FAC)
500.000 Flag of Angola.svg Angoala 19972011 de Angoleeske eksklave oan 'e Kongo;
rôp yn 1975 de ûnôfhinklikens út
Karenni National Progressive Party flag.png de Feriene Unôfhinklike Karenny-Steaten Karenni Independence Through Education (KITE)
de Karenni National Progressive Party (KNPP)
300.000 Flag of Myanmar.svg Birma 19932012 de yn 1948 útroppen steat fan 'e Karenny
KomiFlag.svg de Komy it Komi National Revival Committee (KNRC) 342.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19922009 in minderheid yn noardlik Ruslân
Flag of Mari El.svg de Mary de Mari National Movement (MU) 660.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19912009 in minderheid yn sintraal Ruslân
Bandera masai.svg de Masai de Maasai Women for Education and Economic Development (MAWEED)
de Mainyoito Pastoralist Integrated Development Organisation (MPIDO)
de Kitengela Ilparakuo Land Owners Association (KILOA)
910.000 Flag of Kenya.svg Kenia
Flag of Tanzania.svg Tanzania
20042012 de lânseigen befolking fan 'e Serengetiflakte
New Mon State Party flag.png de Mon fan Birma de Mon Unity League (MUL) 4.100.000 Flag of Myanmar.svg Birma 19962012 in minderheid yn Birma en Tailân
Flag of Udmurtia.svg de Oedmoerten de Udmurt Council (UK) 750.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 17 jannewaris 1993 in minderheid yn sintraal Ruslân
Flag of the Shan State.svg de Federearre Sjan-Steaten de Shan States Organization (SSO) 4.000.000 Flag of Myanmar.svg Birma 19972010 de yn 2005 útroppen steat fan 'e Sjan
Flag of Skåne.svg Skâne de Scanian Future Foundation (SSF) 1.400.000 Flag of Sweden.svg Sweden 19932011 de net erkende Skânsktalige minderheid yn súdlik Sweden
Flag of British Columbia.svg de Tsimsjian Naasje de Tsimshian Nation People of the Land and Hereditary Chiefs' Society 3.100 Flag of Canada.svg Kanada 20072011 in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia
Flag of Chechen Republic of Ichkeria.svg de Tsjetsjeenske Republyk Ytskearje it regear fan de Tsjetsjeenske Republyk Ytskearje 1.200.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19912010 it yn 1991 ta ûnôfhinklike steat útroppen Tsjetsjeenje
Flag of Tuva.svg de Republyk Tûva it regear fan 'e Republyk Tûva 210.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19962012 in dielrepublyk fan 'e Russyske Federaasje

*) = oprjochtsjend lid

Lidmaatskip opsein troch it lid sels[bewurkje seksje | edit source]

namme fertsjintwurdigjende organisaasje befolkings-
grutte
lân/lannen lidmaatskip opmerkings
Flag of Albania.svg de Albaneeske minderheid yn Masedoanje de Party for Democratic Prosperity (PPD)
de Party for Democracy for Albanians in Macedonia (PPDSh)
620.000 Flag of Macedonia.svg Masedoanje 19942008
Flag of Armenia.svg de Republyk Armeenje it regear fan de Republyk Armeenje 3.400.000 Flag of the Soviet Union.svg de Sovjet-Uny 19911992* rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út
Flag of Aceh.svg de Republyk Atjeh de Free Aceh Movement (GAM) 3.000.000 Flag of Indonesia.svg Yndoneezje 19912008 rôp yn 1976 de ûnôfhinklikens út
Flag of Bashkortostan.svg de Republyk Baskortostan it regear en parlemint fan de Republyk Baskortostan 1.500.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19962008 in dielrepublyk fan 'e Russyske Federaasje
Flag of Bougainville.svg Bougainville de Bougainville Interim Government (BIG) 170.000 Flag of Papua New Guinea.svg Papoea Nij-Guineä 19912008 rôp yn 1990 de ûnôfhinklikens út as de Republyk Meekamui
Flag of East Timor.svg de Republyk East-Timor it Frente Revolucionária de Timor-Leste Independente (FRETILIN) 650.000 Flag of Indonesia.svg Yndoneezje 19932002 beset sûnt 1975; waard ûnôfhinklik yn 2002
Flag of Estonia.svg de Republyk Estlân it regear fan de Republyk Estlân 1.500.000 Flag of the Soviet Union.svg de Sovjet-Uny 19911992* rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út
Flag of Gagauzia.svg de Republyk Gagaûzje it regear fan 'e Republyk Gagaûzje 190.000 Flag of Moldova.svg Moldaavje 19942007 in autonoom gebietsdiel fan Moldaavje
Flag of Georgia.svg de Republyk Georgje it regear fan de Republyk Georgje 5.100.000 Flag of the Soviet Union.svg de Sovjet-Uny 19911992* rôp yn april 1991 de ûnôfhinklikens út
Flag of Ingushetia.svg de Republyk Yngûsjeesje it regear fan 'e Republyk Yngûsjeesje 240.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19942008 in dielrepublyk fan 'e Russyske Federaasje
Flag-of-Khalistan.svg de Republyk Kalystan it regear yn ballingskip fan Kalystan 21.000.000 Flag of India.svg Yndia 19931995 de yn 1986 útroppen steat fan 'e Sikhs
Flag of the Kumukh people.png de Koemukken de Kumyk People's Movement "Tenglik" 300.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19972008 in minderheid yn 'e Kaukasus
Flag of Latvia.svg de Republyk Letlân it regear fan de Republyk Letlân 2.400.000 Flag of the Soviet Union.svg de Sovjet-Uny 19911992* rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út
Flag of French Polynesia.svg de Maohy fan Frânsk-Polyneezje Hiti Tau 135.000 Flag of France.svg Frankryk 19942007 de lânseigen befolking fan Frânsk-Polyneezje
Flagge Nuxalk Nation.PNG de Nûksalk Naasje it langhûs fan de erfopperhaden en de rie fan de âldsten 1.100 Flag of Canada.svg Kanada 19982008 in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia
Flag of Palau.svg de Republyk Palau it regear fan 'e Republyk Palau 15.000 Flag of the United States.svg de Feriene Steaten 19911994* in mandaatgebiet yn 'e Stille Oseaan ûnder Amerikaansk bestjoer
Flag of Sakha.svg de Republyk Sacha it regear fan de Republyk Sacha 385.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19932004 in dielrepublyk fan 'e Russyske Federaasje
Flagge United Sioux Tribes.PNG de Grutte Sû Naasje de Great Sioux Nation 128.000 Flag of the United States.svg de Feriene Steaten 19942007 in Yndiaansk folk op 'e Grutte Flakten fan 'e Feriene Steaten
Rusyn flag.svg Subkarpatysk Roeteenje it provysjoneel regear fan Subkarpatysk Roeteenje 1.600.000 Flag of Ukraine.svg de Oekraïne
Flag of Slovakia.svg Slowakije
Flag of Poland.svg Poalen
Flag of Hungary.svg Hongarije
19942007 in net erkende Eastslavyske minderheid
Tmar.png Talystan de Talysh National Movement (TNM) 800.000 Flag of Azerbaijan.svg Azerbeidzjan
Flag of Iran.svg Iraan
20052008 in minderheid oan 'e kust fan 'e Kaspyske See
Flag of Tatarstan.svg de Republyk Tatarstan it regear fan de Republyk Tatarstan 6.700.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19912008* in dielrepublyk fan 'e Russyske Federaasje
Flag of Chuvashia.svg de Tsjûwasjen it Chuvash National Congress (CNC) 1.800.000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje 19932008 in minderheid yn sintraal Ruslân

*) = oprjochtsjend lid

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Falkena, Onno P., Alternative Feriene Naasjes op Tibetaansk Inisjatyf, yn: Frysk en Frij, 1991, nû 8 (21 febr.).