Sû (folk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sioux
En-chief-sitting-bull.jpg
Sittende Bolle, nei alle gedachten de meast ferneamde Sû-lieder.
Flagge United Sioux Tribes.PNG
Populaasje
Oantal 170.000 (2013)
Taal Lakota, Dakota (ek Ingelsk)
Godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
Erkenning
Steatsdragend folk gjin eigen steat
Erkende minderheid Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of Canada.svg Kanada
Fersprieding
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of Canada.svg Kanada
163.000              
6.700              

De (Ingelsk: Sioux; útspr.: ['su:]) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De term is fan tapassing op 'e hiele etnyske groep fan 'e saneamde Grutte Sû Naasje, mar likegoed op elts fan 'e etnyske subgroepen dêrfan en op 'e ûnderskate talen en dialekten dy't troch de leden dêrfan sprutsen wurde. De Sû as folk falle útinoar yn trije grutte etnyske en linguïstyske kloften, nammentlik de Lakota en de Eastlike en Westlike Dakota. Foarhinne spriek men gauris fan 'e Lakota, de Dakota (d.w.s. de Eastlike Dakota) en de Nakota, wêrby't dy lêste beneaming dan op 'e Westlike Dakota sloech, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat de Eastlike en Westlike Dakota eins nau besibbe binne, sadat de namme "Nakota" no inkeld noch mar brûkt wurdt foar twa besibbe folken (de Assiniboin en de Stony), dy't net ta de Sû rekkene wurde. De Sû kinne fierders neffens tradysjonele etnyske en dialektyske breklinen opdield wurde yn sân grutte stammen, wêrby't benammen de Titon (Lakota) dan noch wer fierder opspjalten wurde kinne yn wichtige substammen.

De Sû libje hjoed oan 'e dei benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Minnesota, wylst der fierders lytse groepen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan tahâlde. De helte fan harren wennet yn Yndianereservaten. Hja binne ien fan 'e bekendste Yndiaanske folken fan Noard-Amearika, om't se yn njoggentjinde ieu in grut part fan 'e noardlike Grutte Flakten behearsken, wat harren allegeduerigen yn konflikt brocht mei blanke kolonisten en it Amerikaanske leger. De rop fan guon foarfallen, lykas de Slach oan de Little Bighorn, en de reputaasje fan party Sû-lieders, lykas Sittende Bolle en Mâl Hynder, hawwe meitiid wol hast legindaryske foarmen oannommen. Sels no noch, al hoe ûnder fuotten brocht oft harren kultuer en identiteit ek wêze mei, binne se mei likernôch 170.000 minsken op 'e Flakten noch altiten fierwei it grutste Yndiaanske folk.

Etymology[bewurkje seksje | edit source]

De namme "Sû" komt fan it op deselde manear útsprutsen Ingelske Sioux, wat in ôfkoarte foarm is fan it Kanadeesk-Frânske Nadouessioux, in ferbastering fan Nadoüessioüak, dat wer ôflaat is fan Naadowesiwag, in beneaming foar de Sû út 'e taal fan 'e Ottawa-Yndianen. It gebrûk fan dy beneaming ûnder de Ottawa waard al 1640 fêstlein troch de Frânske pelskeapman Jean Nicolet. Mei't der ferskate foarmen fan dit wurd yn 'e Algonkwynske talen (dêr't ek it Ottawa ta heart) foarkomme, wêrfan't ferskaten ferwize nei in lyts soarte fan rattelslange (de massassauga), is dizze beneaming foar de Sû yn it ferline wol ynterpretearre wurden as in mislediging. Nij taalûndersyk hat lykwols oan it ljocht brocht dat it wurd nei alle gedachten weromgiet op it Proto-Algonkwynske *na•towe•wa, en dat it safolle betsjut as "Noardlike Irokezen", wat útkomme kin, want der binne yndie teoryen dat de Sûaanske talen yn 'e fierte besibbe wêze soene oan 'e Irokeeske talen. It wichtichste diel fan 'e namme is *-a•towe•, dat "in frjemde taal sprekke" betsjut (datoangeande komt dizze namme dus oerien mei de etymology fan it fan oarsprong Grykske wurd "barbaar", dat krektlyk betsjut "dyjingen dy't in frjemde taal sprekke").

Tradysjonele wengebieten fan 'e ûnder-skate Sû-stammen (yn dûnkergrien) en de hjoeddeistige Yndianereservaten yn harren lân, net inkeld dy fan 'e Sû (yn bêzjebrún).

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

It wurd "Sû" is as in etnografyske term mar frijwat betiizjend, mei't der it in grut ferskaat oan folken en etnyske groepen ûnder beflapt wurde kin. Yn 'e alderbreedste sin stiet "Sû" foar de Sûaanske folken, in grut tal stammen yn 'e midden, it noarden en it súdeasten fan 'e Feriene Steaten (en in lyts, middensúdlik diel fan Kanada) dy't de Sûaanske talen sprekke (of sprieken, mei't ferskaten dêrfan no útstoarn binne). Ta de Sûaanske folken hearre net inkeld dy groepen dy't ornaris mei de namme "Sû" oantsjut wurde, mar ek stammen as de Kro (Crow), Mandan, Hidatsa, Iowa, Oto (Otoe), Katôba (Catawba), Omaha, Ponka (Ponca), Osadzje (Osage), Kwapou (Quapaw) en Winnebago.

Yn it twadde plak wurdt de namme "Sû" wol brûkt foar de folken dy't in groepke folle nauwer besibbe talen sprekke, de saneamde Dakotaanske talen. Dat binne de Sû sels en fierders de Assiniboin (Assiniboine) en de Stony (Stoney). De Assiniboin (of Nakota) makken oarspronklik ûnderdiel út fan it Westlike Dakota-part fan 'e Sû, mar spjalten har dêr om 1640 hinne fan ôf. Se teagen noardoan, dêr't se ûnder ynfloed fan 'e pelshannel fan 'e Britske Hudsonbaaikompanjy bûnsgenoaten waarden fan 'e Flakte-Kry (Plains Cree) en de Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe) as ûnderdiel fan wat bekend kaam te stean as de Izeren Konfederaasje. Dêrmei waarden se duchtige fijannen fan 'e Sû en dy harren bûnsgenoaten, de Sjajinnen (Cheyenne) en de Arapaho; dêrfandinne dat de Sû de Assiniboin de namme fan Hohe joegen, wat fan "Opstannelingen" betsjut. De Stony (of Nakoda) foarmen it noardlikste folksdiel fan 'e Assiniboin oant se har dêr om 1744 hinne los fan makken.

In draachwidze fan 'e Sû.

Yn 'e regel wurdt mei de namme "Sû" lykwols de etnyske kloft oantsjut dy't feriene is yn 'e saneamde Grutte Sû Naasje, in ynformele term dêr't alle groepen ûnder beflapt wurde dy't de talen en dialekten fan it sprekke (en dy't dus oerienkomt mei de Sû as folk sa't de namme yn it gewoane spraakgebrûk yn 'e regel brûkt wurdt. Histoarysk sjoen bestiene de Sû út sân ûnderskate stammen, en dat komt yn 'e eigen namme fan 'e Sû foar de Grutte Sû Naasje werom, want dat is Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"). De sân stammen wiene de Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte, Sisseton, Jankton, Janktonai en Titon.

Tsjintwurdich is de taalkundige yndieling yn trije groepen lykwols folle bekender. Oarspronklik spriek men dêrby fan 'e Dakota, de Nakota en de Lakota, de eigen nammen dy't de Sû foar harrensels hawwe soene, dy't yn alle trije taalfoarmen it wurd binne dat etymologysk sjoen fan oarsprong "freon" (of om persiis te wêzen, "bûnsmaat") betsjutte. Resint taalûndersyk hat lykwols útwiisd dat wat foarhinne it Dakota en it Nakota neamd waard, eins frij nau besibbe dialekten fan ien en deselde taal binne, en dat de "Nakota" harren eigen namme foar harsels krekt as de Dakota útsprekke as Dakȟóta. Sadwaande sprekt men tsjintwurdich oer de Eastlike Dakota (dy't earder as Dakota oantsjut waarden) en Westlike Dakota (de eardere Nakota). De term "Nakota" is no reservearre foar de folle minder nau besibbe Assiniboin en Stony. Ta de Eastlike Dakota, dy't ek wol Santy (Ingelsk: Santee) neamd wurde, hearre de stammen fan 'e Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte en Sisseton. Ta de Westlike Dakota, of de Jankton-Janktonai (Yankton-Yanktonai), hearre de stammen fan 'e Jankton en de Janktonai, wêrfan't de lêste noch fierder opdield wurde kin yn 'e Neder-Janktonai en de Opper-Janktonai. De Lakota, ta ein beslút, falle gear mei de stamme fan 'e Titon (mei't Lakota in linguïstyske en Titon in etnografyske oantsjutting is), en kinne opdield wurde yn sân substammen: de Brulee, Hûnkpapa, Minnikonzjû, Oglala, Sâns Arks, Swartfuotten (dy't net betize wurde moatte mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) en Twatsjettels.

Mei't dit grif allegear wakker betiizjend is hjirûnder nochris in oersichtlike opbou fan 'e Sû as folk, mei útlis wat de nammen yn 'e eigen taal fan 'e Sû betsjutte.

  • Dakota (Ingelsk: Dakota; Eastlik Dakota: Dakhóta; Westlik Dakota: Dakȟóta; "Bûnsmaten")
    • Eastlike Dakota of Santy (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee; Dakota: Isáŋyathi; "Messemakkers")
      • Mdewakanton (Ingelsk: Mdewakanton; Dakota: Bdewékhaŋthuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Geastemar")
      • Sisseton (Ingelsk: Sisseton; Dakota: Sisíthuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Doarp Dêr't It Goed Fiskjen Is")
      • Wahpekûte (Ingelsk: Wahpekute; Dakota: Waȟpékhute; "Bôgesjitters mank de Beammen")
      • Wahpeton (Ingelsk: Wahpeton; Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ; "Blêdedoarp")
    • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Dakota: Wičhíyena)
      • Jankton (Ingelsk: Yankton; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Ein")
      • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna; "Doarpke oan 'e Ein")
  • Lakota (Ingelsk: Lakota; Lakota: Lakȟóta; "Bûnsmaten")
    • Titon (Ingelsk: Teton; Lakota: Thítȟuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Dy't op 'e Prêrje Tahâlde")
      • Brulee (Ingelsk: Brule; Lakota: Sičháŋǧu; "Dy't Ferbaarnde Billen Hawwe" – "billen" yn 'e sin fan "boppeskonken")
      • Hûnkpapa (Ingelsk: Hunkpapa; Lakota: Húŋkpapȟa; "Dy't Har Kamp by de Doar Meitsje" – d.w.s. "Swalkers")
      • Minnikonzjû (Ingelsk: Minniconjou; Lakota: Mnikȟówožu; "Dy't oan it Wetter Plantsje")
      • Oglala (Ingelsk: Oglala; Lakota: Oglála; mooglik betsjuttend: "Dy't Harsels Fersilje")
      • Sâns Arks (Ingelsk: Sans Arcs; Lakota: Itázipčho; "Dy't Gjin Bôgen Hawwe")
      • Swartfuotten (Ingelsk: Blackfoot; Lakota: Sihásapa; "Dy't Swarte Fuotten Hawwe" – net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten)
      • Twatsjettels (Ingelsk: Two Kettles; Lakota: O’óhenuŋpa; "Dy't Twaris Siede")

Hjoed oan 'e dei libje de Sû benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, mei oansjenlike groepen yn 'e steaten Montana en Nebraska, en lytsere tropkes yn 'e steat Minnesota en de Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan. Der wurdt rûsd dat der op 't heden likernôch 170.000 Sû binne, wêrfan goed 163.000 yn 'e Feriene Steaten en sa'n 6.700 yn Kanada. Likernôch de helte dêrfan wennet noch altyd yn 'e Yndianereservaten dy't harren oan 'e ein fan 'e njoggentjinde ieu tawiisd binne. Yn 'e Feriene Steaten binne der 16 federaal erkende Sû-stammen en dêropta ien federaal erkende stamme fan mingde etnisiteit (Sû-Assiniboin), dy't alle santjin in eigen reservaat hawwe. Yn Kanada binne der 9 "earste naasjes" (sa't stammen dêr neamd wurde), dy't folslein fan Sû-etnisiteit binne, en teminsten ien oaren dy't foar in part Sû is, ek wer allegear mei harren eigen reservaten. De stammen rinne útinoar fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota, mei 47.000 leden, oant de Wood Mountain Earste Naasje út súdlik Saskatchewan, mei mar 210 leden. (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.) De alve Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska (mei in mienskiplik ledetal fan likernôch 144.000) foarmje mei-inoar de Feriene Sû Stammen, in koepelorganisaasje dy't lykwols troch de Amerikaanske oerheid net erkend wurdt. Net alle etnyske Sû binne lid fan in stamme, en om lid te wurden fan ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten moat men oantoane kinne dat men teminsten foar in fearn fan Sû-komôf is (ien fan jins pakes en beppes moat dus in folbloed-Sû west hawwe).

In tradysjonele tipy fan 'e Oglala-Lakota.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Iere kontakten en de pelshannel[bewurkje seksje | edit source]

It earste kontakt fan 'e Sû mei Jeropeänen fûn plak yn 'e rin fan 'e santjinde ieu, doe't de Sû yn 'e neite fan 'e boarnen fan 'e rivier de Mississippy taholden, yn in krite dy't no diel útmakket fan 'e Amerikaanske steaten Minnesota, Iowa en Wiskonsin. De Frânske ûntdekkingsreizgers Pierre-Esprit Radisson en Médard des Groseilliers besochten harren dêre yn 'e winter fan 1659 op 1660. Frânske en Frânsk-Kanadeeske pelskeaplju en misjonarissen, lykas Claude-Jean Allouez en Daniel Greysolon Duluth, diene letter itselde, en Pierre-Charles Le Sueur oerwintere yn 1700 sels by de Dakota.

Ut dizze iere assosjaasje mei de Frânsen, dy't yn Noard-Amearika allegeduerigen yn oarloch ferkearden mei de Britten, komt de hiele lettere skiednis fan 'e Sû en harren fijânskip mei yn 't earstoan de Britten en letter de Amerikanen fuort, soe men sizze kinne. Der wie nammentlik grou jild te fertsjinjen mei de pelshannel, en om dêr optimaal fan te profitearjen, rjochten de Britten yn 1670 de Hudsonbaaikompanjy op, dy't in ferbûn oangie mei de Assiniboin, de Flakte-Kry en de Flakte-Odjibwe. Mei't dy trije stammen erffijannen fan 'e Sû wiene, waarden hja dêrtroch fierder yn 'e earms fan Frânsen dreaun, mei wa't de Dakota oan 'e ein fan 'e santjinde ieu in formeel bûnsgenoatskip sleaten. Nettsjinsteande dat har tydlingswei gewelddiedige ûnderlinge ynsidinten tusken de Frânsen en Sû foardiene, bleaune sy inoars bûnsgenoaten tsjin 'e Britten, sels noch nei't de Frânsen yn 1763 al harren koloniale besittings op it fêstelân fan Noard-Amearika opjaan moasten.

Op 'e flakten[bewurkje seksje | edit source]

Nei't harren bûnsgenoaten de Sjajinnen om 1720 hinne by harren it hynder yntrodusearre hiene, teagen de Lakota al rillegau út it eastlike wâldgebiet wei, om 'e Mississippy en de Missoury oer te stekken nei de Grutte Flakten. Dêr namen se krekt as de Sjajinnen in hynstekultuer oan, en fêstigen se in nomadyske libbenswize yn wat no Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Wyoming is. Harren kultuer stipe fierhinne op twa bisten, de mustang, dy't harren faasje ferskafte, en de Amerikaanske bizon, dêr't se op jagen. De Dakota bleaune langer beëasten de grutte rivieren, en guon fan 'e Eastlike Dakota libje noch altiten yn Minnesota, al folgen alle Westlike Dakota en in diel fan 'e Eastlike Dakota úteinlik de Lakota nei it westen ta. Ienris oare kant de grutte rivieren ferkrongen de Sû harren Sjajinske bûnsgenoaten fierder nei it westen en dominearren se oardel ieu lang de noardlike flakten.

Behalven mei de Sjajinnen hiene de Sû ek in langjierrich bûnsgenoatskip mei de Arapaho. Noardlik en noardeastlik fan harren libben harren fijannen fan 'e Izeren Konfederaasje: de Assiniboin, Flakte-Kry en Flakte-Odjibwe. Op nei it noardwesten wennen oare fijannen, lykas de Kro, de Sjosjoanen en de Swartfuotten. De grutste deilisskip hiene de Sû lykwols mei de Pâny (Pawnee), dy't besuden harren libben, yn it gebiet dat no Kansas en Nebraska beslacht. De Sû en de Pâny ferkearden sûnder ûnderbrekking yn oarloch, en dat wie in folsleine oarloch, wêrby't nimmen sparre waard, froulju noch bern noch âlden fan dagen. Yn dit ljocht moat ek de freonskiplike relaasje sjoen wurde dy't der altyd tusken de Pâny en de Amerikanen bestien hat, en it wie de reden dat safolle Pâny-krigers as ferkenner tsjinst namen by de Amerikaanske kavalery. De lêste grutte slach tusken Pâny en de Sû wie de Slach by Massacre Canyon, dy't op 5 augustus 1873 útfochten waard.

By 't simmer holden de Sû op 'e flakten in grutte folksgearkomste, wêrby't fertsjintwurdigers fan de Očhéthi Šakówiŋ, de Sân Riedsfjurren, mei-inoar yn berie giene oer nasjonale oangelegenheden, wylst sljochtwei folk famylje- en freonskipsbannen oanhelle en krigers dielnamen oan it inisjaasjeritueel fan 'e sinnedûns. Om sit te nimmen yn 'e grutte rie fan 'e Sân Riedsfjurren keas elk fan 'e sân tradysjonele stammen fjouwer foaroanmannen út dy't dan mei syn achtentweintigen it folksregear fan 'e Sû foarmen. Om útkard te wurden as ien fan 'e fjouwer fertsjintwurdigers fan in stamme wie de heechste eare dy't in Sû-opperhaad ta diel falle koe. De lêste gearkomste fan 'e Sân Riedsfjurren wie yn 1850.

De Dakota-Oarloch fan 1862[bewurkje seksje | edit source]

It earste grutskalige wapene konflikt tusken de Sû en de blanken fûn plak yn 1862, midden ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865). Mei't de measte Amerikaanske legertroepen doe yn it Easten nedich wiene om 'e Konfederaasje te befjochtsjen, waarden de kolonisten yn it Westen yn dy snuorje ornaris inkeld beskerme troch in faak min trainde territoriale milysje. Ferskate stammen besochten dêrfan gebrûk te meitsjen om it almar fierder opkringende tij fan 'e kolonisaasje werom te rôljen.

De meast dramatyske ûntjouwing út dy jierren wie de Dakota-Oarloch fan 1862, wêrby't de Eastlike Dakota yn Minnesota systematysk de boerespultsjes fan Dútske kolonisten platbaarnden, dêrta dreaun troch in mislearre rispinge nei in winter wêryn't in protte fan harren al de hongerdea stoarn wiene. Yn in pear dagen tiid waarden der by oanfallen yn 'e omkriten fan Lower Sioux Agency, New Ulm en Hutchinson 300 oant 400 blanken deade. De Minnesotaanske steatsmilysje waard mobilisearre en der folge in seis wiken duorjende oarloch mei fjildslaggen by Fort Ridgeley, Birch Coulee, Fort Abercrombie en Wood Lake. Uteinlik waarden de Dakota ferslein.

De ophinging fan 38 Dakota-lieders te Mankato, yn Minnesota, op 26 desimber 1862.

Neitiid waarden 425 fan harren foar moard foar de kriichsrie sleept; nei in showproses wêrby't harren abbekaat en it opfieren fan eigen tsjûgen willensmoeds ûntholden waard, waarden 303 fan harren skuldich befûn en ta de dea feroardiele. Presidint Lincoln sette foar it grutste part fan harren de deastraf om yn in finzenisstraf, mar 38 lieders fan 'e Dakota waarden op 26 desimber 1862 ophongen te Mankato. Nei it delslaan fan 'e opstân flechten hûnderten Dakota de grins oer nei Kanada, dêr't harren neikommelingen noch altiten wenje.

De Oarloch fan Reade Wolk[bewurkje seksje | edit source]

Fuort nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch begûnen de Flakte-Yndiaanske Oarloggen, guon fan 'e bekendste konflikten tusken de Yndianen en de blanken yn Noard-Amearika. Dêrby besochten de blanken earst rjocht fan reed troch it lân fan 'e Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten te krijen nei de nije steaten oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, en letter de Flakten sels te kolonisearjen, wylst de Yndianen fochten om har selsstannigens en lân te behâlden. Yn 1866 briek de saneamde Oarloch fan Reade Wolk út (neamd nei it Sû-opperhaad Reade Wolk), dy't ek wol bekendstiet as de Bozeman-Oarloch. Dêrby rekken de Sû en it Amerikaanske leger slaande deilis oer de behearsking fan 'e krite fan 'e rivier de Powder, yn noardlik Wyoming en súdlik Montana. De Sû (benammentlik de Lakota) waarden yn dizze oarloch stipe troch de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, en it wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, dêr't se mei wisten foar te kommen dat it Amerikaanske leger in rige forten stifte by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. De oarloch einige yn 1868 mei it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't it Amerikaanske regear it Grutte Sû Reservaat taparte oan 'e Lakota, dat it hillige lân fan 'e Sû, de Black Hills, folslein omfette.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876[bewurkje seksje | edit source]

De folle bekendere Grutte Sû-oarloch fan 1876 briek út doe't de Amerikanen almar wer de bepalings fan it Ferdrach fan Fort Laramie skeinden, benammen nei't der goud fûn wie yn 'e Black Hills. De Sû stiene yn dizze nije oarloch ûnder lieding fan harren opperhaden Sittende Bolle en Mâl Hynder, en waarden fannijs stipe troch de Noardlike Sjajinnen en party Noardlike Arapaho, wylst it Amerikaanske leger gebrûk makke fan Yndiaanske ferkenners fan 'e Kro, Sjosjoanen en Arikara.

Slaggen waarden útfochten oan 'e Powder en de Rosebud, en by Warbonnet Creek, Slim Buttes, Cedar Creek en Wolf Mountain. It hichtepunt fan 'e oarloch wie de ferneamde Slach oan de Little Bighorn. Dêrby tocht de Amerikaanske 7de Kavalery fan generaal George Armstrong Custer in mar amper ferdigene Yndiaansk kamp oer it mad te kommen, mar die bliken dat dêr troch klearebare tafal krekt de hiele krigermacht fan 'e feriene Sû- en Sjajinne-stammen oanwêzich wie. De Amerikanen litten in tepletterjende nederlaach, en in grut part fan it 7de Kavaleryregimint kaam om, de drystmoedige generaal Custer ynbegrepen. Dat wie fansels in fernedering dy't de Amerikanen net oer harren kant gean litte koene, en de oarloch waard fûleindiger fuortset as ea tefoaren. Uteinlik moasten de Sû yn 1877 belies jaan en waarden se weromstjoerd nei harren ynkrompen reservaten.

In massagrêf nei it Bloedbad fan Wounded Knee, yn 1890.

It Bloedbad fan Wounded Knee[bewurkje seksje | edit source]

De ein fan 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen kaam yn 1890, doe't ûnder de Sû de nije religy fan 'e geastedûns begûn op te kommen. De oanhingers dêrfan leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. It Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast, en griep it boppedat oan om Sittende Bolle op te pakken, dy't noch altiten as in gefaarlike fijân sjoen waard. Dy arrestaasje rûn lykwols út op in sjitpartij wêrby't de âldman omkaam. Trettjin dagen letter, op 29 desimber 1890, waard by it Bloedbad fan Wounded Knee de lêste groep fan likernôch 350 foartiid ûntwapene geastedûnsers fan 'e Minnikonzjû- en Hûnkpapa-stammen, besteande út manlju, froulju en bern, ôfslachte.

Yn 'e reservaten[bewurkje seksje | edit source]

Fan it Grutte Sû Reservaat, dat de Lakota by it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1868 "foar ivich" tasein wie, waarden al rillegau wer grutte stikken fan ôfpakt. Fan it oarspronklike oerflak fan 240.000 km² bleau úteinlik minder as de helte oer, en boppedat waard it opspjalten yn fiif folle lytsere reservaten, te witten: Cheyenne River, Neder-Brulee, Rosebud (of Opper-Brulee), Pine Ridge en Standing Rock. Likegoed mochten de Sû har eins nòch yn 'e hannen knipe, want in grut tal oare stammen waarden sûnder pardon út har wengebiet wei deportearre nei it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma), om romte te meitsjen foar blanke kolonisten. Trochdat de blanken de bizons tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde ieu frijwol útroege hiene, waarden de Sû, dat, útsein de Eastlike Dakota fan Minnesota, gjin lânbouwers wiene, foar harren itensfoarsjenning folslein ôfhinklik fan 'e Amerikaanske oerheid. Sels doe't se meitiid begûnen mei it ferbouwen fan nôt en it weidzjen fan kij, die bliken dat de reservaten net fruchtberdernôch wiene en foarsjoch yn al harren libbensûnderhâld. Sels tsjintwurdich noch foarmje de Sû-reservaten fan Súd-Dakota it earmste gebiet fan 'e hiele Feriene Steaten.

Aktivisme yn 'e 20ste en 21ste ieu[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt de ein fan 'e jierren sechtich is der in oplibbing fan 'e Sû-kultuer ûntstien, dy't ek laat hat ta aktivisme fan yn 't earstoan fral jonge Sû, dy't har sterk makken foar bettere libbensomstannichheden en dêrnjonken harren boargerrjochten opeasken. Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten wie datoangeande de belegering fan it plakje Wounded Knee, yn Súd-Dakota, dêr't yn 1890 it alderlêste ferset fan 'e Sû yn bloed smoard wie. Sa'n twahûndert Oglala Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) holden Wounded Knee yn 1973 fan 27 febrewaris oant 8 maaie beset, en trochstiene dêrby 71 dagen lang it belis troch de FBI en de United States Marshals Service. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne rekken.

De grinzen fan 'e Republyk Lakota neffens it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851 (mei Porcupine as haadstêd).

Op 19 desimber 2007 ferklearre de saneamde Lakota Frijheidsdelegaasje, in omstriden groep Yndiaanske aktivisten, dat de Lakota harren út alle ferdraggen mei de Feriene Steaten weromloeken en de ûnôfhinklike Republyk Lakota útrôpen. It doel fan dy die wie om 'e soevereiniteit oer harren lân werom te winnen. Dat lân definiëarren de aktivisten trouwens as alle gebiet dat ûnder it earste Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1851, oan 'e Lakota tawiisd wie, wat likernôch de helte fan Súd-Dakota, trijefearn fan Nebraska, in fearn fan Wyoming en grutte hoeken fan Noard-Dakota en Montana omfetsje soe. De grutste stêd yn dit gebiet is Omaha, yn Nebraska, mei in befolking fan goed 420.000 minsken. De wurdfierder fan 'e Lakota Frijheidsdelegaasje, Russell Means (1939-2012), dy't namme makke hie as Hollywood-akteur, helle natuerrjocht, ynternasjonaal rjocht en Amerikaansk rjocht oan om 'e ûnôfhinklikheidsferklearring te ûnderbouwen.

De Republyk Lakota is noch altyd troch gjin inkeld lân op 'e wrâld erkend. Dochs falt der bêst wat te sizzen foar de stânpunten fan 'e Lakota Frijheidsdelegaasje, dy't yn it koart hjirop delkomme: de Feriene Steaten hawwe har oan net ien fan 'e nei 1851 sletten 33 ûnderskate ferdraggen mei de Lakota wat gelegen lizze litten en se allegear brutsen; dat makket dy ferdraggen ûnjildich, sadat de Lakota har der ek net mear oan hoege te hâlden. As dy ferdraggen net mear jildich binne, wurdt dêrmei alles logyskerwize en neffens it rjocht werombrocht ta de status quo ante (de sitewaasje sa't dy foartiid wie).

Taal[bewurkje seksje | edit source]

De taal fan 'e Sû (it ) is in Mississippydelling-Sûaanske taal en in lid fan 'e gruttere Sûaanske taalfamylje. It Sû is eins in gearbondeling twa ûnderskate talen, te witten: it Lakota en it Dakota, wêrfan't dat lêste dan wer útinoarfalt yn it Eastlik Dakota en it Westlik Dakota. Foarhinne waarden de beide Dakota-dialekten yn 'e regel op ien hichte steld mei it Lakota, en droegen se de nammen fan Dakota (Eastlik Dakota) en Nakota (Westlik Dakota). Resint taalûndersyk hat lykwols útwiisd dat Eastlik en Westlik Dakota folle nauwer mei-inoar besibbe binne as mei it Lakota. De term "Nakota" wurdt no inkeld noch brûkt foar it folle fierderôf besibbe Assiniboin en Stony. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere taalfamylje, mei alle synonimen derby jûn.

  • Dakotaanske talen
    • Assiniboin-Stony
      • Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine of Nakota; Assiniboin: Nakhóta of A’ Moǧaž)
      • Stony (Ingelsk: Stoney of Nakoda; Stony: Nakhóda)
        • Noardlik Stony (Wâld-Stony) (Ingelsk: Northern Stoney of Wood Stoney)
        • Súdlik Stony (Berch-Stony) (Ingelsk: Southern Stoney of Mountain Stoney)
    • (Ingelsk: Sioux)
      • Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakȟóta of Dakhóta)
        • Eastlik Dakota (Santy-Sisseton) (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee-Sisseton; Eastlik Dakota: Dakhóta, of eins Dakhótiyapi)
          • Santy (Ingelsk: Santee; Eastlik Dakota: Isáŋyáthi)
          • Sisseton-Wahpeton (Ingelsk: Sisseton-Wahpeton; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ)
        • Westlik Dakota (Jankton-Janktonai) (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Westlik Dakota: Dakȟóta of eins Dakȟótiyapi)
          • Jankton (Ingelsk: Yankton; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ)
          • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna)
      • Lakota (Titon of Titon-Sû) (Ingelsk: Lakota, Teton of Teton Sioux; Dakota: Lakȟóta of eins Lakȟótiyapi)

It is mei de talen fan 'e Sû sûnt de ein fan 'e njoggentjinde ieu slim yn it neigean rekke. It Dakota (ynkl. Eastlik en Westlik Dakota) wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 21.000 minsken (neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 en taalkundewebside Ethnologue út 2013), wylst it Lakota noch mar 6.200 sprekkers hat (sa die bliken út in taalkundich ûndersyk út 1997). Mei-inoar komt dat dus op goed 27.000 Sû-taligen, wat 15,9% is fan it totale oantal Sû, dat op 170.000 rûsd wurde moat.

Stamme-organisaasjes[bewurkje seksje | edit source]

federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
Flagge fan de Assiniboin & Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana.png Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana
Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana
Lakota,
Westlike Dakota,
Eastlike Dakota,
Assiniboin
Montana Poplar 11.000 fêstige yn it Fort Peck Yndianereservaat; likernôch 8.600 Sû
Flagge United Sioux Tribes.PNG Feriene Sû Stammen
United Sioux Tribes
Lakota,
Westlike Dakota,
Eastlike Dakota
Nebraska,
Noard-Dakota,
Súd-Dakota
Pierre 144.000 in bûn fan stammen dat sels gjin federale erkenning hat,
al hawwe alle dielstammen dat wol
● Flagge fan de Cheyenne River Sû Stamme.png Cheyenne River Sû Stamme
Cheyenne River Sioux Tribe
Lakota Súd-Dakota Eagle Butte 16.000 fêstige yn it Cheyenne River Yndianereservaat
● Flagge fan de Crow Creek Sû Stamme.PNG Crow Creek Sû Stamme
Crow Creek Sioux Tribe
Westlike Dakota Súd-Dakota Fort Thompson 3.400 fêstige yn it Crow Creek Yndianereservaat
● Flagge fan de Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota.PNG Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota
Flandreau Santee Sioux Tribe of South Dakota
Eastlike Dakota Súd-Dakota Flandreau 740 fêstige yn it Flandreau Yndianereservaat
● Flagge fan de Jankton Sû Stamme.PNG Jankton Sû Stamme
Yankton Sioux Tribe
Iháŋktȟuŋwaŋ Dakȟóta Oyáte
Westlike Dakota Súd-Dakota Marty 12.000 fêstige yn it Jankton Sû Yndianereservaat
● Flagge fan de Neder-Brulee Sû Stamme.PNG Neder-Brulee Sû Stamme
Lower Brule Sioux Tribe
Lakota Súd-Dakota Lower Brule 3.400 fêstige yn it Neder-Brulee Yndianereservaat
● Flagge fan de Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota.PNG Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota
Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota
Oglála Lakȟóta Oyáte
Lakota Súd-Dakota Pine Ridge 47.000 alt. namme: Oglala Nation of Oglala Lakota Nation;
fêstige yn it Pine Ridge Yndianereservaat
● Flagge fan de Rosebud Sû Stamme.PNG Rosebud Sû Stamme
Rosebud Sioux Tribe
Sičháŋǧu Oyáte
Lakota Súd-Dakota Rosebud 24.000 fêstige yn it Rosebud Yndianereservaat
● Flagge fan de Santy Sû Naasje.PNG Santy Sû Naasje
Santee Sioux Nation
Eastlike Dakota Nebraska Niobrara 2.700 foarhinne de Santee Sioux Tribe of Nebraska;
fêstige yn it Santy Yndianereservaat
● Flagge fan de Sisseton en Wahpeton Sû Stamme.PNG Sisseton en Wahpeton Sû Stamme
Sisseton and Wahpeton Sioux Tribe
Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ Oyáte
Eastlike Dakota Súd-Dakota,
Noard-Dakota
Sisseton 12.000 fêstige yn it Lake Traverse Yndianereservaat
● Flagge fan de Spirit Lake Stamme.png Spirit Lake Stamme
Spirit Lake Tribe
Mni Wakáŋ Oyáte
Eastlike Dakota,
Westlike Dakota
Noard-Dakota Fort Totten 6.700 foarhinne de Devil's Lake Sioux Tribe;
fêstige yn it Spirit Lake Yndianereservaat
● Flagge fan de Standing Rock Sû Stamme.PNG Standing Rock Sû Stamme
Standing Rock Sioux Tribe
Westlike Dakota,
Lakota
Noard-Dakota,
Súd-Dakota
Fort Yates 16.000 fêstige yn it Standing Rock Yndianereservaat
Flagge fan de Neder-Sû Yndianemienskip.PNG Neder-Sû Yndianemienskip
Lower Sioux Indian Community
Eastlike Dakota Minnesota Morton 820 alt. nammen: Lower Sioux Mdewakanton Community en Lower Sioux Indian Community
in the State of Minnesota
; fêstige yn it Neder-Sû Yndianereservaat
Flagge fan de Opper-Sû Mienskip.PNG Opper-Sû Mienskip
Upper Sioux Community
Pežuhutazizi Kapi Oyáte
Eastlike Dakota Minnesota Granite Falls 410 alt. namme: Upper Sioux Indian Community;
fêstige yn it Opper-Sû Yndianereservaat
Flagge fan de Prairie Island Yndianemienskip.PNG Prairie Island Yndianemienskip
Prairie Island Indian Community
Eastlike Dakota Minnesota Welch 700 alt. namme: Prairie Island Indian Community in the State of Minnesota;
fêstige yn it Prairie Island Yndianereservaat
Flagge fan de Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip.png Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip
Shakopee Mdewakanton Dakota Community
Eastlike Dakota Minnesota Prior Lake 330 alt. namme: Shakopee Mdewakanton Sioux Community;
fêstige yn it Shakopee-Mdewakanton Yndianereservaat
stammen sûnder erkenning yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
Flagge fan de Mendota Mdewakanton Sû Mienskip.png Mendota Mdewakanton Sû Mienskip
Mendota Mdewakanton Sioux Community
Eastlike Dakota Minnesota Mendota 250
earste naasjes (stammen) yn Kanada
Stamme Etnyske groep(en) Provinsje Haadkertier Populaasje Opmerkings
Gjin Flagge (Bekend).PNG Birdtail Sû Earste Naasje
Birdtail Sioux First Nation
Eastlike Dakota,
Westlike Dakota
Manitoba Beulah 810
Gjin Flagge (Bekend).PNG Canupawakpa Dakota Naasje
Canupawakpa Dakota Nation
Čanúpawakpa Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Manitoba Pipestone 670 alt. namme: Oak Lake First Nation
Flagge fan de Dakota Plains Wahpeton Naasje.PNG Dakota Plains Wahpeton Naasje
Dakota Plains Wahpeton Nation
Eastlike Dakota Manitoba Portage la Prairie 240 alt. namme: Dakota Plains First Nation
Gjin Flagge (Bekend).PNG Dakota Tipi Earste Naasje
Dakota Tipe First Nation
Eastlike Dakota Manitoba Portage la Prairie 370
Flagge fan de Sioux Valley Dakota Naasje.PNG Sioux Valley Dakota Naasje
Sioux Valley Dakota Nation
Eastlike Dakota Manitoba Griswold 2.300 alt. namme: Sioux Valley First Nation
Gjin Flagge (Bekend).PNG Standing Buffalo Dakota Earste Naasje
Standing Buffalo Dakota First Nation
Tatáŋka Nažíŋ Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Saskatchewan Fort Qu'Appelle 1.100 alt. namme: To-tay-go-nai First Nation
Flagge fan de Wahpeton Dakota Naasje.PNG Wahpeton Dakota Naasje
Wahpeton Dakota Nation
Waȟpéthuŋwaŋ Dakhóta Oyáte
Eastlike Dakota Saskatchewan Prince Albert 430 alt. namme: Wahpeton Dakota First Nation
Flagge fan de White Bear Earste Naasjes.PNG White Bear Earste Naasjes
White Bear First Nations
Kry, Assiniboin,
Odjibwe, Eastlike Dakota
Saskatchewan Carlyle 2.100 wêrfan mar in lytse minderheid (± 100) Dakota
Flagge fan de Whitecap Dakota-Sû Earste Naasje.PNG Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje
Whitecap Dakota/Sioux First Nation
Eastlike Dakota Saskatchewan Saskatoon 460 alt. namme: Whitecap Dakota First Nation
Gjin Flagge (Bekend).PNG Wood Mountain Earste Naasje
Wood Mountain First Nation
Lakota Saskatchewan Assiniboia 210

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradysjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota