Amerikaanske Yndiaanske Beweging

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De flagge fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging, mei in hân dy't it frijheids- of fiktoarjeteken makket en tagelyk in minskeholle mei in pear fearren yn it hier útbyldet.

De Amerikaanske Yndiaanske Beweging (American Indian Movement, AIM) is in Yndiaanske minskerjochteorganisaasje yn 'e Feriene Steaten, dy't yn 1968 oprjochte waard as útsprantel fan 'e oplibbing fan 'e Yndiaanske kultuer dy't likernôch healwei de jierren sechtich begûn. De organisaasje hat as doel om him ta te lizzen op alle mêd dat de Yndianen oangiet, fan earmoedebestriding en hûsfêstingsproblematyk oant it net neilibjen troch de Amerikaanske oerheid fan 'e mei de Yndianen sletten ferdraggen en de oanhâldende politike tsjinwurking fan al dyjingen dy't foar de boargerrjochten fan 'e Yndianen opkomme.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De oprjochting fan 'e AIM wie 1968 yn Minneapolis, yn 'e steat Minnesota. Wichtige lieders wiene û.m. Dennis Banks en de bruorren Clyde en Vernon Bellecourt, wylst begjin santiger jierren Russell Means, dy't letter ynternasjonale bekendheid krige as Hollywood-akteur, gauris it foartou naam. Nei in pril begjin wêryn't de groep him benammen mei Yndiaanske oangelegenheden yn Minnesota dwaande hold, groeide de AIM al rillegau út ta in nasjonale organisaasje, mei sels wat ynternasjonale alluere, om't ek guon Kanadeeske Yndianen lid waarden.

De AIM waard ynternasjonaal ferneamd troch in stikmannich besettings en oare aksjes dy't in protte omtinken fan 'e media lutsen. Sa besetten leden fan 'e AIM en oare organisaasjes yn 1969 koarte tiid Alcatraz, it eardere finzeniseilân yn 'e Baai fan San Fransisko. Yn 1970 folge de besetting yn 'e haven fan Boston, op Thanksgiving Day, fan 'e Mayflower II (de replika fan 'e Mayflower, it skip dêr't de earste Ingelske puriteinen Noard-Amearika mei berikten), by wize fan protest tsjin 'e manear wêrop't de puriteinen de Yndianen behannele hiene. Yn 1971 waard Mount Rushmore beset, in federaal monumint yn 'e Black Hills fan Súd-Dakota, dêr't de gesichten fan fjouwer blanke presidinten út 'e foar de Lakota hillige hichten houd binne. Oktober 1972 die de AIM mei oare Yndiaanske organisaasjes mei oan in mars dwers troch de Feriene Steaten mei as namme it Paad fan 'e Brutsen Ferdraggen (Trail of Broken Treaties). Dy tocht einige yn Washington, D.C., dêr't sa'n 500 AIM-leden en -sympatisanten doe it haadkertier fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) besetten en dêr foar $700.000 skea oanrjochten.

Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten en nei alle gedachten it bekendste wie lykwols de belegering fan it plakje Wounded Knee, yn Súd-Dakota, dêr't yn 1890 it alderlêste ferset fan 'e Lakota yn bloed smoard wie. Sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e AIM ûnder lieding fan Dennis Banks, Carter Camp en Russell Means holden Wounded Knee yn 1973 fan 27 febrewaris oant 8 maaie beset, en trochstiene dêrby 71 dagen lang it belis troch de FBI en de United States Marshals Service. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden (in Sjeroky út Noard-Karolina en in Oglala út it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota) en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne waarden (wêrfan't ien, in FBI-agint, bliuwend ferlamme rekke).

Yn 'e jierren tachtich rekke de AIM ferdield yn twa groepen, de oarspronklike organisaasje fan 'e bruorren Bellecourt, en de oanhingers fan Russell Means, dy't it op wichtige punten net mei-inoar fine koene. De relaasjes waarden sa min, dat Means yn 1988 út 'e organisaasje stapte. Dat loste lykwols neat op, mei't de ûnderlinge strideraasjes tusken de Bellecourt-faksje en Means syn oanhingers trochgiene. Fan gefolgen briek de organisaasje yn 1993 yn twa stikken: de AIM-Grand Governing Council, dy't it copyright op 'e oarspronklike namme behold, fêstige yn Minneapolis en oanfierd troch de bruorren Bellecourt; en de AIM-Autonomous Chapters, fêstige yn Kolorado en besteande út 'e oanhingers fan Means.

De brek tusken de beide dielen fan 'e organisaasje waard noch helte minder makke troch de saak-Aquash. Op 24 febrewaris 1976 waard it stoflik omskot fan Anna Mae Aquash, in Mikmak-aktiviste út eastlik Kanada en in foaroansteand lid fan 'e AIM, fûn yn 'e wyldernis fan it Pine Ridge Reservaat. Hja wie fermoarde op 'e wize fan in formele eksekúsje. Geandewei it ûndersyk die bliken dat der geroften gien wiene dat se in ynformante fan 'e FBI wie, mar de federale resjerzje ûntstried dat. It ûndersyk eine mar net, wat mei feroarsake waard trochdat Aquash yn Denver, yn Kolorado, ûntfierd wie en yn it Pine Ridge Reservaat yn Súd-Dakota fermoarde, sadat der trije plysjetsjinsten by it ûndersyk belutsen wiene: dy fan Denver en it Pine Ridge Reservaat en de federale FBI – want it wie in misdie dy't yn twa ferskillende steaten plakfûn hie. Yn 1999, doe't der noch altyd nimmen foar de rjochter brocht wie, holden Means en Robert Pictou-Branscombe, in neef fan Aquash, in parsekonferinsje oer de saak, wêrby't se Vernon Bellecourt derfan beskuldigen opdracht ta de moard jûn te hawwen, wylst Clyde Bellecourt bewurkmastere hie dat it misdriuw yn it Pine Ridge Reservaat plakfûn. Neffens Means wie de AIM-lieding dêr (no) fan op 'e hichte, en wie dat de reden dat de bruorren Bellecourt troch in spesjaal tribunaal út 'e organisaasje set wiene, mar besocht men fierders de saak binnenskeamers te hâlden om 'e AIM net te skansearjen. Means en Pictou-Branscombe beskuldigen fierders trije lju fan Yndiaansk komôf, Arlo Looking Cloud, Theda Nelson Clark en John Graham, derfan dat se it smoarge wurk opknapt hiene. (De beide manlju waarden yn 2003 oanklage en yn aparte rjochtsaken yn 2004, resp. 2010 foar de moard feroardiele, mar Nelson Clark, dy't tsjin dy tiid yn in fersoargingstehûs siet, ûntsprong de dûns.)

Hoewol't de AIM sûnt de jierren santich minder yn it nijs west hat, is it noch altyd in tige ynfloedrike aktivistyske beweging, dy't op alle mêd striidt foar Yndiaanske belangen yn 'e Feriene Steaten. Troch in ferline wêryn't foar it gebrûk fan geweld gauris net tebekskrille waard, leit de organisaasje benammen by polityk rjochts oriïntearre Amerikanen op in tige minne namme.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, references, op dizze side.