Dakota Plains Wahpeton Naasje

Ut Wikipedy
Dakota Plains Wahpeton Naasje
Ingelsk Dakota Plains Wahpeton Nation
lânseigen Waȟpéthuŋwaŋ Otina Dakhóta
   Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Manitoba
haadkertier Portage la Prairie (Manitoba)
etnisiteit Eastlike Dakota, Odjibwe
ledetal 240 (2006)
oprjochting 1972
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Dakota Plains Yndianeres. 6A
lokaasje súdlik Manitoba
oerflak 5,3 km²
ynwennertal 150 (2006)
kaart
Dakota Plains Wahpeton Naasje (Manitoba)
Dakota Plains Wahpeton Naasje
Lokaasje yn Manitoba.

De Dakota Plains Wahpeton Naasje (Ingelsk: Dakota Plains Wahpeton Nation; Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ Otina Dakhóta Oyáte, letterlik: "it Dakotafolk dat mank de blêden tahâldt") is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. De stamme stiet ek wol bekend ûnder de alternative namme Dakota Plains Earste Naasje (Dakota Plains First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Dakota Plains Wahpeton Naasje waard oprjochte yn 1972, en hie neffens gegegevens út 2006 241 leden. It haadkertier is fêstige yn Portage la Prairie, yn Manitoba. De leden fan 'e stamme besteane út etnyske (Sioux), te witten Eastlike Dakota, benammentlik fan 'e Wahpeton-stamme, mei dêropta party fan 'e Sisseton-stamme. Fierders is der in hantsjefol Flakte-Odjibwe.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dakota Plains Wahpeton Naasje hat in eigen reservaat, dat 20 km westlik fan Portage la Prairie leit. It Dakota Plains Yndianereservaat 6A (Dakota Plains Indian Reserve 6A) is 5,3 km² grut, en grinzget oan it gruttere reservaat fan 'e Long Plain Earste Naasje, in Flakte-Odjibwe-stamme, en teffens oan 'e plattelânsgemeenten Portage la Prairie en South Norfolk.

Fan 'e 240 leden fan 'e stamme wennen der yn 2006 146 yn it reservaat. De wichtichste delsetting fan 'e Dakota Plains Wahpeton Naasje is sitewearre op 49°49′01″ noarderbreedte by 98°31′03″ westerlingte. Dakota Plains beskikt û.m. oer in eigen pjutteboartersplak en beukerskoalle, de Maȟpíya Hdéǧa-skoalle. Dakota Plains hearde foarhinne, mar no net mear, ta de Dakota-Odjibwe Stammeried (Dakota Ojibway Tribal Council), in gearwurkingsferbân fan Dakota- en Odjibwe-stammen yn súdlik Manitoba.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dakota Plains Wahpeton Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

It ûntstean fan 'e Dakota Plains Wahpeton Naasje sels datearret lykwols fan 1972, doe't de Sioux Village-stamme útinoar foel yn twa ôfsûnderlike stamme-organisaasjes: de Dakota Plains Wahpeton Naasje en de Dakota Tipi Earste Naasje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota