Hûnkpapa

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sittende Bolle (Tȟatȟáŋka Íyotake), it meast ferneamde -opperhaad fan allegear, wie in Hûnkpapa.

De Hûnkpapa (Ingelsk: Hunkpapa, útspr.: ['hʌŋkpəpɑ]; Lakota: Húŋkpapȟa, útspr.: ['hũ:kpapˣa]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e , in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel ieu lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde ieu mei it Amerikaanske leger útfochten, en de Hûnkpapa wiene dêr oan kop en earen ta yn behelle.

Etymology[bewurkje seksje | edit source]

De eigen namme fan 'e Hûnkpapa, Húŋkpapȟa, kin oerset wurde as "Dy't Har Kamp by de Doar Meitsje" – d.w.s. "Swalkers". Mei de Swartfuotten, in oare substamme fan 'e Lakota (net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten), binne de Hûnkpapa it naust besibbe, en tegearre wurde de beide substammen wol de Noardlike Lakota neamd.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It is net ûnmooglik dat de Hûnkpapa as substamme noch mar frij resint ta wurding kommen binne, yn acht nommen dat se pas yn 1825 foar it earst yn Jeropeeske en Amerikaanske dokuminten neamd wurde. Se hawwe nea in manmachtige stamme west; yn 1855 waard harren oantal troch de Amerikaanske generaal Warren rûsd op in 3.000, wylst er harren wengebiet omskreau as "fan 'e Grutte Cheyenne noardlik oan 'e Yellowstone ta, en westlik oan 'e Black Hills ta." Hy fernijde ek dat se foarhinne gauris mei de Sjajinnen yninoar omtrouden. Under de ferneamde Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren (en dêrnei noch oant 1890) waarden de Hûnkpapa oanfierd troch Sittende Bolle, ien fan 'e bekendste Yndiaanske opperhaden út 'e skiednis fan Noard-Amearika. Yn 'e mande mei de Oglala, in oare substamme fan 'e Lakota, wiene hja de lêsten fan 'e Sû dy't harren ûnder it Amerikaanske bewâld yn 'e reservaten deljoegen.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1891 libbe de mearderheid fan 'e Hûnkpapa, 571 minsken, yn it Standing Rock Yndianereservaat (Standing Rock Indian Reservation), op 'e grins fan 'e steaten Noard- en Súd-Dakota. Sûnt binne se nea mear apart teld fan 'e oare Lakota, dat it is dreech om harren hjoeddeistige oantal fêst te stellen. De measte Hûnkpapa libje nei alle gedachten noch altiten yn it Standing Rock-reservaat, as leden fan 'e federaal erkende Standing Rock Sû Stamme (Standing Rock Sioux Tribe). Party meitsje fierders diel út fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana), yn 'e mande mei folle gruttere oantallen Dakota en Assiniboin. Yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan bestiet fierders ek noch in lytse Hûnkpapa-stamme (of "earste naasje", sa't men stammen yn Kanada neamd), de Wood Mountain Earste Naasje (Wood Mountain First Nation), mei 210 leden.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradysjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota