Standing Rock Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Standing Rock Yndianereservaat
Standing Rock Indian Reservation
SittingBullMonument.jpg
It Sittende Bolle Monumint, by Fort Yates, yn it Standing Rock Reservaat.
Polityk
Haadplak Fort Yates (Noard-Dakota)
Stamme-organisaasje Flagge fan de Standing Rock Sû Stamme.PNG Standing Rock Sû Stamme
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of North Dakota.svg Noard-Dakota;
Flag of South Dakota.svg Súd-Dakota
Sifers
Ynwennertal 8.250 (2000)
Oerflak 9.251,2 km²
Befolkingstichtens 0,9 / km²
Oar
Stifting 1889
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Yndianereservaten yn 'e Dakota's en noardlik Nebraska. Standing Rock is werjûn yn gielgrien.

It Standing Rock Yndianereservaat (Ingelsk: Standing Rock Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Standing Rock Sû Stamme (Standing Rock Sioux Tribe) op 'e grins fan 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

It reservaat leit oan 'e westigge fan 'e rivier de Missoury en de súdigge fan 'e rivieren de Cedar Creek en de Cannonball, wylst de Grand River der dwers trochhinne streamt. Yn it suden grinzget it oan it Cheyenne River Yndianereservaat. It Standing Rock Reservaat omfiemet Sioux County, yn Noard-Dakota, en Corson, yn Súd-Dakota, hielendal, en dêropta noch grutte dielen fan 'e oanswettende countys Dewey en Ziebach, beide yn Súd-Dakota.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe krapoan 8.300 minsken yn it reservaat, dat in oerflak fan goed 9.250 km² hat. It haadplak is Fort Yates, yn it Noarddakotaanske diel fan it reservaat leit, tichteby de Missoury, mar Cannon Ball, yn Noard-Dakota, en McLaughlin, yn Súd-Dakota, hawwe beide mear ynwenners.

De reservaatbefolking bestiet út etnyske (Sioux), foar it meastepart Westlike Dakota fan 'e Opper-Janktonai substamme fan 'e Janktonai, mei in lytsere groep Lakota fan 'e Hûnkpapa-stamme. De Westlike Dakota libje foar it grutste part yn it Noarddakotaanske diel fan it reservaat, en de Lakota wenje frijwol allegear yn it Súddakotaanske diel.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It Standing Rock Reservaat makke oarspronklik diel út fan it Grutte Sû-reservaat yn westlik Súd-Dakota, dat yn 1868 stifte waard. Nei de nederlaach fan 'e Lakota yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan lykwols troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Standing Rock ien is. It oarspronklike Standing Rock Agintskip binnen it Grutte Sû Reservaat hie in oerflak fan mear as 16.000 km², mar by de opdieling fan 1889 ferlear it mear as de helte dêrfan. Dêr stie foaroer dat it Noarddakotaanske part fan it reservaat, dat nea diel útmakke hie fan it Grutte Sû Reservaat, der doe oan tafoege waard.

De súdgrins fan it Standing Rock Reservaat, mei it Cheyenne River Reservaat, rûn oarspronklik by de Grand River lâns, mar yn 1909 waard troch de Amerikaanske oerheid in stripe lân besuden dy rivier oerhevele fan Cheyenne River nei Standing Rock. Yn 1910 waarden de dielen fan it Standing Rock Reservaat dy't mienskiplik eigendom fan 'e stamme wiene, frijjûn foar kolonisaasje troch blanken.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradysjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota