Neder-Sû Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Neder-Sû Yndianereservaat
Lower Sioux Indian Reservation
LowerSiouxAgency.jpg
It gebou fan it Neder-Sû agintskip fan it BIA, in histoarysk monumint.
Polityk
Haadplak Morton (Minnesota)
(bûten it reservaat)
Stamme-organisaasje Flagge fan de Neder-Sû Yndianemienskip.PNG Neder-Sû Yndianemienskip
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Minnesota.svg Minnesota
Sifers
Ynwennertal 335 (2000)
Oerflak 7,0 km²
Befolkingstichtens 47,9 / km²
Oar
Stifting 1851
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Yndianereservaten yn Minnesota en Iowa. Neder-Sû is werjûn yn ljochtblau.
It foarljochtingssintrum fan it Neder-Sû Reservaat, mei de flagge fan 'e Neder-Sû Yndianemienskip derfoar te wapperjen.

It Neder-Sû Yndianereservaat (Ingelsk: Lower Sioux Indian Reservation; Eastlik Dakota: Čaŋsa'yapi) is it reservaat fan 'e federaal erkende Neder-Sû Yndianemienskip (Lower Sioux Indian Community) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Minnesota.

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

It reservaat leit oan 'e súdigge fan 'e rivier de Minnesota, yn Redwood County. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 335 minsken. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Morton, dat feitliken fuort benoarden it reservaat leit. It Neder-Sû Reservaat hat in oerflak fan mar 7 km². County Highway 2 rint dwers troch it reservaat hinne.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It Neder-Sû Reservaat waard oprjochte yn 1851, as útfloeisel fan it Ferdrach fan Traverse des Sioux tusken de Dakota fan súdlik Minnesota en de Amerikaanske oerheid, mar wie yn 't earstoan folle grutter. De namme fan it reservaat komt fan it feit dat der yn 'e njoggentjinde ieu oan 'e rivier de Minnesota twa reservaten fan 'e -Yndianen wiene, wêrfan't dat streamop "Opper-Sû" (Upper Sioux) neamd waard, en dat streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux).

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

De Neder-Sû Yndianemienskip hat op syn reservaatlân, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen kasino sette litten, dat it earste fan Minnesota wie. It Jackpot Junction Casino Hotel komt fuort út in bingohal dy't yn 1984 boud waard, en omfettet njonken gokfasiliteiten trije bars, trije restaurants, in skouboarch, in hotel en twa grutte dûnssealen. Dêrmei is it kasino, dat 24 oeren deis, sân dagen wyks iepen is, ien fan 'e grutste wurkjouwers yn 'e fiere omkriten (en komt it sadwaande ek de blanke befolking fan it gebiet te'n goede). Fierders stiet yn it reservaat ek it Neder-Sû Agintskip, in histoarysk monumint út 'e Dakota-Oarloch fan 1862, dat ûnderholden wurdt troch de Neder-Sû Yndianemienskip yn gearwurking mei it Histoarysk Genoatskip fan Minnesota.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradysjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota