Fort Peck Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Fort Peck Yndianereservaat
Fort Peck Indian Reservation
Utsicht op Poplar.
Utsicht op Poplar.
polityk
haadplak Poplar (Montana)
stamme Assiniboin en Sû fan Ft. Peck
lân Feriene Steaten
steat Montana
sifers
ynwenners 10.321 (2000)
oerflak 8.519½ km²
bef.tichth. 1,2 / km²
oar
stifting 1871
tiidsône UTC-7
simmertiid UTC-6
kaart
Utsicht op Poplar.
Yndianereservaten yn 'e steat Montana. Fort Peck is werjûn yn read.

It Fort Peck Yndianereservaat (Ingelsk: Fort Peck Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (Assiniboin and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana), dat yn it noardeastlike diel fan 'e Amerikaanske steat Montana leit, yn 'e countys Roosevelt, Valley, Daniels en Sheridan.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe likernôch 10.300 minsken yn it reservaat. It haadplak is Poplar, dêr't it haadkertier fan 'e Assiniboin en Sû fan Fort Peck en it agintskip fan it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige binne, en dat in ynwennertal hat fan likernôch 850 minsken. It grutste plak fan it reservaat is lykwols Wolf Point, mei goed 2.700 ynwenners.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fort Peck Reservaat hat in oerflak fan rom 8.500 km², wêrmei't it yn grutte it njoggende reservaat fan 'e Feriene Steaten is. Fan alle reservaatlân is 1.530 km² (18,0%) mienskiplik eigendom fan 'e stamme, en 2.220 km² (26%) is yndividueel Yndiaansk eigendom, wat it totaal op 3.750 km² (44%) bringt. De rest, 4.769½ km² (56%) is yn blanke hannen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fort Peck Reservaat waard yn 1871 oprjochte foar de Assiniboin (Assiniboine) en (Sioux) fan noardeastlik Montana. It agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken, it sintrum fan elts njoggentjinde-iuwsk reservaat, wie earst yn it oerstreamingsgebiet fan 'e rivier de Poplar fêstige, mar waard yn 1878 ferhuze nei syn hjoeddeistige lokaasje, dêr't it doarp Poplar deromhinne groeide. Under de Flakte-Yndiaanske Oarloggen tsjin 'e blanken, yn 'e earste helte fan 1870-er jierren, hiene de Sû fan Fort Peck, dy't har fierders al ûnder it Amerikaanske bewâld deljûn hiene, de hân yn 'e befoarrieding fan harren opstannige sibben op 'e flakten bûten it reservaat. Nei't Sittende Bolle, de Sû-lieder dy't it langste trochfocht, him yn 1881 oerjoech, sette in groepke fan syn Hûnkpapa-folgelingen har nei wenjen yn it Fort Peck Reservaat.

De 1880-er jierren wiene in tiid fan grutte krapte en oanhâldend lijen foar de Yndianen fan Fort Peck, mei't de bizons, harren tradisjonele jachtdier, tsjin dy tiid hast útrûge wiene, en om't de rantsoenen dy't de Amerikaanske oerheid harren levere net genôch wiene mei ta te kinnen. Yn 'e winter fan 1883 op 1884 stoaren der allinnich al by it subagintskip fan Wolf Point mear as 300 minsken de hongerdea.

Troch ûnderhannelings dy't plakfûnen yn 'e winter fan 1886 op 1887 (en ratifisearre waarden yn 1888) waarden de hjoeddeistige grinzen fan it reservaat fêststeld. Yn 1887 naam it Amerikaanske Kongres de Wet-Dawes oan, dy't ynhold dat it reservaatlân, dat oant dy tiid mienskiplik eigendom fan 'e oangeande stamme wie, oan 'e stamleden oerdroegen wurde moast yn yndividueel eigendom. Yn 1908 folge de saneamde Fort Peck Allotment Act ("Tawizingswet fan Fort Peck"), wêrby't fêststeld waard dat eltse Yndiaan net mear as 320 acres (1,3 km²) weidlân yn eigendom hawwe mocht. Alle lân yn it reservaat dat troch dy eigenmachtich opleine maatregel oerbleau (5.456,8 km²), waard dêrop yn 1913 frijjûn foar kolonisaasje troch blanken.

De stammen fan Fort Peck namen yn 1927 harren earste skreaune grûnwet oan. By in referindum yn 1934 fersmieten se in nije grûnwet dy't harren ûnder de Yndiaanske Reorganisaasjewet fan dat jier optwongen wurde soe. De oarspronklike grûnwet waard oanpast yn 1952, en letter yn 1960 folslein op 'e nij besjoen en werskreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota