Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje

Ut Wikipedy
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje
Ingelsk Whitecap Dakota/Sioux First
   Nation
lânseigen Wápaha Ská Dakhóta Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
haadkertier Saskatoon (Saskatchewan)
etnisiteit Eastlike Dakota
ledetal 460 (2006)
oprjochting 1881
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Whitecap Reservaat 94
lokaasje súdlik sintraal Saskatchewan
oerflak 16,8 km²
ynwennertal >220 (2006)</small
offisjele webside
www.whitecapdakota.com
kaart
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje (Saskatchewan)
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje
Lokaasje yn Saskatchewan.

De Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje (Ingelsk: Whitecap Dakota/Sioux First Nation; Eastlik Dakota: Wápaha Ská Dakhóta Oyáte) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De stamme hiet oarspronklik de Moose Woods Sû Earste Naasje (Moose Woods Sioux First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1881, en hie neffens gegegevens út 2006 doe 456 leden. It haadkertier is fêstige yn Saskatoon, yn Saskatchewan. De leden fan 'e Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje besteane út etnyske (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Wahpeton- en Sisseton-stammen.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Whitecap Reservaat 94 (Whitecap 94 Reserve), dat foarhinne it Moose Woods Sû Reservaat 94 (Moose Woods Sioux 94 Reserve) hiet. It hat in oerflak fan 16,8 km², en it leit 26 km bewesten Saskatoon. Fan 'e krapoan 460 stamleden wennen der yn 2006 222 yn it reservaat. De Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje heart ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Saskatchewan en Manitoba, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Saskatchewan en Manitoba, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

De Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje is ferneamd nei Wite Mûtse (yn it Ingelsk White Cap en yn it oarspronklike Dakota Wapahaska), dy't it opperhaad fan 'e troep wie doe't dy him yn 'e 1870-er jierren oan 'e Súdlike Saskatchewan-rivier nei wenjen sette. Hoewol't de Dakota fan Wite Mûtse syn troep gjin formeel ferdrach mei it Britske koloniale bestjoer yn Kanada sleaten, waard harren yn 1881 dochs in reservaat tawiisd, dêr't se yn 't earstoan benammentlik fan lânbou en deihierarbeid libben. Yn 1885 rekke Wite Mûtse tsjin syn sin behelle yn 'e Noardwestlike Opstân fan 'e Frânsktalige Métis tsjin it Britske bewâld. Neitiid waard er berjochte foar heechferrie, mar fan alle blaam suvere en frijsprutsen. Hy stoar yn 1889.

Mei't harren reservaat troch de oarloch fierhinne ferrinnewearre rekke wie, moasten de Dakota fan Whitecap yn 'e twadde helte fan 'e 1880-er jierren de boel earst wer fan 'e grûn ôf opbouwe. Under dat proses besleaten se oer te stappen fan lânbou op feehâlderij. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw hiene se de bêste slachtfeekeppel yn 'e fiere omkriten, en hiene se harren bedriuwichheid útwreide nei melkfee en it fokken fan lûkhynders. Doe't yn 1905 de feeprizen ynstoarten, begûnen se wat nei gedachten it earste kommersjele feedlot ("fetmesterij") yn Kanada wie, wylst se har fierders taleine op it winterweidzjen fan it fee fan 'e blanke kolonisten út 'e omkriten. Nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't se foarbystribbe waarden troch gruttere fetmesterijen, wiene se twongen om harren ekonomy fierder te diversifiëarjen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota