Sjajinnen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portretten fan Sjajinnen

De Sjajinnen (Ingelsk: Cheyenne; oarspronklike betsjutting: "folk mei de frjemde taal") binne in Yndiaansk folk yn it noarden fan de Feriene Steaten, en meitsje diel út fan de Algonkwynske-taalfamylje. It folk is gearstald út twa besibbe folken, de So'taa'é of Sutai, en de Tsitsistas. Wat taal en kultuer oanbelanget binne sy ek nau besibbe oan de Inuna Ina (Arapaho); ek hawwe sy kulturele oerienkomsten mei de Lakota.

De Sjajinnen wennen yn it earstoan yn it noarden fan de tsjintwurdige steat Minnesota en wienen lânbouwers. Letter om-ende-by 1800 migrearden sy nei de hege flakten en kamen terjochte yn in gebiet tusken de rivieren de Missoury, yn it noarden, en de Arkansas yn it suden. Op de Grutte Flakten libben sy as nomadyske buffeljagers. Yn de rin fan de 19e ieu rekken de Sajenne split twa kloften: de Noardlike Sjajinnen (Ohmesehese) en de Súdlike Sjajinnen (Heevahetane).

De blanken hienen destiids in soad te stellen mei de Sjajinnen op harren kolonisaasje fan it Wylde Westen. Oer en wer waard in soad moarde. Raar ferneamd is de moarderij dy't it leger útfierde op in Yndianedoarp troch in legerôfdieling yn 1864 it saneamde Bloedbad fan Sand Creek. De Sjajinne libje tsjintwurdich yn reservaten yn Montana en Oklahoma en binne noch ûngefear 6.500 grut yn tal.