Chester A. Arthur

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Chester Alan Arthur
Arthur's hântekening

Chester Alan Arthur (Fairfield (Fermont), 5 oktober 1830New York City (New York), 18 novimber 1886) wie fan 1881 oant 1885 de 21e Amerikaanske presidint. Hy wie lid fan de Republikeinske partij.

Arthur waard berne as soan fan in út Ierlân emigrearre baptistepredikant. Yn 1848 studearre er ôf oan Union College yn Schenectady. Dêrnei wie er ûnder oaren warber yn it ûnderwiis. Yn de Amerikaanske Boargerkriich tsjinne er yn in logistike ienheid fan syn thússtêd New York. Hy berikte de rang fan kertiermaster-generaal. Fan 1871 oant 1878 wie er belestingûntfanger yn de haven fan New York. Yn 1881 waard er ficepresidint, neist presidint James Garfield. Garfield stoar op 19 septimber 1881 nei in moardoanslach, sadat Arthur ûnferwachte, sûnder ûnderfining op it mêd, presidint waard.

Yn Arthur syn presidintskip kamen wichtige maatskiplike herfoarmingen ta stân, sa as it útskriuwen fan iepen en earlike eksamens foar wichtige beneamingen. Hjirtroch krige Arthur as presidint in frijwat goede namme. By de Amerikaanske presidintsferkiezingen yn 1884 besocht er fergees om troch syn partij nominearre te wurden foar in twadde termyn, hoewol't er doe al wist dat er in deadlike leversykte ûnder de lea hie. Arthur stoar yn 1886 thús yn New York, dêr't er ek te hôf kaam.

Kabinetsleden ûnder Arthur[bewurkje seksje | edit source]

KABINETSLEDEN MINISTEARJE Perioade BYsûnderheden:
James Blaine Bûtenlânske Saken 1881 Itselde ûnder Garfield + B.Harrison
Samual Kirkwood Binnenlânske Saken 1881 - 1882 Itselde ûnder Garfield
Robert Todd Lincoln Oarloch 1881 - 1885 Itselde ûnder Garfield
William Windom Finânsjen 1881 Itselde ûnder Garfield + B.Harrison
Wayne McVeagh Justysje 1881 Ek ûnder Garfield
William Hunt Marine 1881 - 1882 Ek ûnder Garfield
Thomas James Posterijen 1881 - 1882 Ek ûnder Garfield
Frederick Frelinghuysen Bûtenlânske Saken 1881 - 1885
Charles Folger Finânsjen 1881 - 1884
Henry Teller Binnenlânske Saken 1882 - 1885
Benjamin Brewster Justysje 1882 - 1885
William Chandler Marine 1882 - 1885
Timothy Howe Posterijen 1882 - 1883
Walter Gresham Posterijen 1883 - 1884 Minister fan Bûtenlânske Saken ûnder Cleveland (2)
Finânsjen 1884
Frank Hatton Posterijen 1884 - 1885
Hugh McCulloch Finânsjen 1884 - 1885 Itselde ûnder Lincoln + Johnson

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Chester A. Arthur en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.