Lame Deer (Montana)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lame Deer (Montana)
Cheyenne Avenue, yn it sintrum fan Lame Deer.
Cheyenne Avenue, yn it sintrum fan Lame Deer.
Sifers
Ynwennertal 2.018 (2000)
Oerflak 143,9 km² (ynkl. wetter)
143,9 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 14 / km²
Hichte 1.014 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Montana.svg Montana
County Rosebud County
Oar
Stifting ±1884
Tiidsône UTC-7
*Simmertiid UTC-6
Koördinaten 45°62′18″N
106°65′81″W
De lizzing fan Lame Deer yn Rosebud County en yn 'e steat Montana.

Lame Deer [le:m diəɹ] (Sjajinsk: Meave’ho’eno, útspr.: [mɪavɪʔhoʔɪno]) is in plak yn Rosebud County, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Montana. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Forsyth), is it wol it haadplak fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (Northern Cheyenne Indian Reservation), fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme (Northern Cheyenne Tribe). Yn Lame Deer binne de measte tsjinsten fan it reservaat fêstige, lykas it haadkertier fan 'e stamme, it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), de middelbere skoalle en it Opperhaad Stomp Mês Kolleezje (Chief Dull Knife College).

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 bedroech it ynwennertal fan Lame Deer doe goed 2.000 minsken. It plak is ferneamd nei it Minnikonzjû-Lakota-opperhaad Kreupel Hart (Ingelsk: Lame Deer), dy't yn 1877 besuden it hjoeddeistige Lame Deer troch it Amerikaanske Leger deasketten waard, ek al hied er in wite flagge by him.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Lame Deer 5,1% âlder as 65 jier en 43,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 27,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 50,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 92,5% Yndianen; 3,7% blanken; 2,1% Latino's; 1,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Op it mêd fan taalgebrûk kamen fierders de folgjende sifers oan it ljocht: 67,9% spriek it Ingelsk as memmetaal; 28,9% it Sjajinsk (Cheyenne); 2,7% it Kro (Crow); en 0,5% in oare taal, wêrby't it foar it meastepart om Spaansktaligen gie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.