Omaha (Nebraska)

Ut Wikipedy
Omaha
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Nebraska
County Douglas County
Sifers
Ynwennertal 421.570 (2012)
Oerflak 338,2 km² (ynkl. wetter)
329,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.242,4 / km²
Stêdekloft 922.051 (2012)
Hichte 332 m
Oar
Stifting 1854
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 41°15′31″N 95°56′15″W
Offisjele webside
www.cityofomaha.org
Kaart
De lizzing fan Omaha yn Douglas County en yn 'e steat Nebraska.

Omaha is de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Nebraska, en it haadplak fan Douglas County. It leit oan 'e eastgrins fan Nebraska, yn it Amerikaanske Midwesten, oan 'e igge fan 'e rivier de Missoury, sa'n 16 km benoarden it plak dêr't de rivier de Platte dêryn útmûnet. Neffens in offisjele skatting hie Omaha yn 2012 goed 420.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite derby (wêr't ek de stêd Council Bluffs ta heart, oare kant de Missoury, yn 'e steat Iowa), hat it sels in befolking fan rom 920.000 minsken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak dêr't Omaha no leit, hearde foar de midden fan 'e njoggentjinde iuw ta it wengebiet fan ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Omaha en de Ponka, dy't har der yn 'e iere santjinde iuw nei wenjen setten; en fierders de Pâny, de Oto, de Missoeria en de Iowa. Sa't men al út it boppesteande opmeitsje kin, is de stêd dus ferneamd nei de Omaha-Yndianen. It wurd "Omaha" (eins binne de beide lêste klanken nasaal: [umɑ̃hɑ̃]) betsjut "Klifbewenners". Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw bouden de Amerikanen foar de pelshannel ferskate hannelsposten yn 'e krite fuort benoarden Omaha. Troch 26 aparte ferdraggen mei de ûnderskate Yndiaanske folken yn wat no de steat Nebraska is, waard harren it gebiet stadichoan ûntnadere, oant yn 1854 de krite om Omaha hinne yn Amerikaanske hannen kaam. Noch datselde jiers waard de delsetting Omaha stifte, en yn 1857 krige it de status fan stêd.

Kantoargebouwen yn 'e binnenstêd fan Omaha.

De ekonomy fan Omaha belibbe yn 'e iere jierren fan 'e stêd ûnlijige tiden. Yn it earstoan moast Omaha it fral hawwe fan kolonisten op trochreis nei it Westen, dy't yn Omaha foarrieden ynsloegen om 'e (doe noch) lege midden fan 'e Noard-Amearika te trochkrusen ûnderweis nei de westkust. Teffens kaam der wat hannel oer de rivier, ferfierd troch stoomboaten, soms alhiel út New Orleans wei, oan 'e mûning fan 'e Mississippy. De Pacific Railroad Act fan 1862 makke de wei frij foar de oanlis fan in spoarferbining tusken it Easten en de westkust. Yn 1866 krige de Union Pacific Railroad Company tastimming om dat spoar fanút Omaha oan te lizzen, wylst de Central Pacific Railroad Company út San Fransisko wei nei it easten ta ôfsette. Op 10 maaie 1869 kamen de beide spoaren gear by Promontory Summit, yn Utah, en wie it Earste Transkontinintale Spoar in feit. It earste jiers (1869-1870) reizgen 150.000 passazjiers mei de trein nei it Westen, dy't allegear troch Omaha kamen.

Teffens ûntjoech Omaha him troch de spoarferbinings mei sawol it Easten as de westkust ta in sintrum fan 'e slachtfeehannel. Earst waard it fee yn Omaha yn feewagons laden en sa nei slachthuzen yn Sint-Louis, Chicago en San Fransisko ferfierd, mar men betocht al rillegau dat it folle effisjinter wie en ferfier allinnich it fleis nei it Easten en it Westen. Sadwaande waarden yn 1883 de Union Stockyards stifte, in fleisferwurkjende yndustry dêr't tsjin 1950 de helte fan it hiele arbeidspontinsjeel fan Omaha wurke. Op alle banen yn 'e slachthuzen fan Omaha kamen al mei gauwens grutte hoemannichten ymmigranten ôf. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw hiene har ferskate etnyske enklaves yn 'e stêd foarme, bewenne troch Dútsers, Eastjeropeeske Joaden, Afro-Amerikanen út it Suden, Italjanen en Tsjechen. Natoerrampen lykas de Grutte Oerstreaming fan 1881, koene de ekonomyske groei fan Omaha net tsjinhâlde, noch ûnderskate gewelddiedige stakings, wêrby't yn 1882 it leger ynset wurde moast om 'e ûnderkrûpers tsjin 'e stakers te beskermjen.

In útsjoch oer West-Omaha.

Yn 'e iere tweintichste iuw, doe't de befolking fan Omaha noch altiten sterk groeide, briek der allegeduerigen ferheftige rebûlje út yn 'e stêd, mei't de slachthúswurkers en de direksje in oanhâldend en djipgeand skeel hiene oer de leanen. It trelit sloech om yn rasiale opskuor doe't de slachthuzen Afro-Amerikanen ynsetten as stakingsbrekkers. By in rebûlje yn 1909 waard de buert Greek Town, syn Súd-Omaha, alhiel koart en klien slein troch blanke Amerikanen, en waard de Grykske mienskip folslein út Omaha ferdreaun. Tsien jier letter, yn 1919, ûntstie der in noch fûleindiger opskuor yn 'e saneamde Reade Simmer, wêrby't tûzenen blanken út Súd-Omaha wei opmarsjearren nei it gerjochtsgebou om in swarte man, Willy Brown, dy't fertocht waard fan it ferkrêftsjen fan in blanke frou, te lynchen. De kliber baarnde it gerjochtsgebou fan Douglas County plat om Brown yn 'e hannen te krijen, en rjochte op dy manear foar mear as $1 miljoen oan skea oan. Brown hongen se op, en neitiid stieken se syn lyk yn 'e brân. It stedsbestjoer moast it leger om help freegje, en troepen út Fort Omaha wei waarden ynset om 'e kliber útinoar te driuwen en de Afro-Amerikaanske mienskip te beskermjen.

De "Woastynkoepel" fan 'e Henry Doorly Zoo and Aquarium.

Nei de delgong fan 'e Krisisjierren kikkere de ekonomy fan Omaha wer op doe't oan 'e ein fan 'e jierren tritich fuort besuden de stêd de Loftmachtbasis Offutt oanlein wurde moast. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch hie de Glenn L. Martin Company, in fleantúchbouwer, in fabryk yn Omaha, dêr't 521 bommesmiters fan it type B-29 Superfortress boud waarden, wêrûnder ek de Enola Gay en de Bockscar, dy't yn 1945 de atoombommen op 'e Japanske stêden Hiroshima en Nagasaky falle lieten. Yn 1948 waard fierders it Amerikaanske Strategysk Loftkommando oerbrocht nei Bellevue, in foarstêd fan Omaha, wat de pleatslike ekonomy ek wer in wichtige triuw yn 'e rêch joech. Njonken de slachthúsyndustry en de Amerikaanske Loftmacht ûntjoech it fersekeringswêzen him yn 'e fyftiger en sechstiger jierren ta in trêde wichtige sektor fan 'e ekonomy fan Omaha, wêrmei't it al rillegau oare fersekeringssintra, lykas Hartford, yn 'e steat Konnetikut, en Boston, yn Massachusetts, nei de kroan stiek. Oan 'e oare kant rekke it oan 'e ein fan 'e fyftiger jierren mei de fleisferwurkingsyndustry yn it neigean, al hie Omaha doe yn dy sektor Chicago al foarbystribbe. It duorre ferskate desennia ear't de pleatslike ekonomy him oanpast hie, sa ôfhinklik wie Omaha fan syn slachthuzen.

Omaha hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei is de ekonomy fan Omaha net mear ôfhinklik fan ien inkele sektor, al bliuwe de banken en it fersekeringswêzen tige wichtich. It toerisme is yn Omaha noch yn opkomst, mei it elts jier yn 'e stêd organisearre honkbalevenemint de College World Series, en mei as wichtichste fêste trekpleister de Henry Doorly Zoo and Aquarium. In beweging foar histoarysk behâld hat yn Omaha in stikmannich histoaryske gebouwen en buerten rêden fan 'e slopershammer, al kaam dy beweging pas ta stân nei't de stêd yn 1989 it Jobbers Canyon Historic District mei de grûn lyk meitsje liet, de grutste buert dy't opnommen is yn it Nasjonaal Register dy't soks ea oerkommen is.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Omaha yn 2012 in befolking fan 421.570 minsken. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Omaha 11,4% âlder as 65 jier en 25,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 40,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 11,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 68,0% blanken; 13,7% swarten; 13,1% Latino's; 2,4% Aziaten; 0,8% Yndianen; 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf. De blanke befolking fan Omaha bestiet benammentlik út lju fan Iersk, Dútsk, Poalsk, Ingelsk, Joadsk, Italjaansk, Sweedsk en Deensk komôf. Sûnt 1995 hat him yn 'e stêd ek in grutte Súdsûdaneeske mienskip fan sa'n 8.500 minsken nei wenjen set.

De First National Tower, it heechste gebou fan Omaha (sûnt 2002).

Berne yn Omaha[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Omaha[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch syn lizzing yn it binnenlân fan it Noardamerikaanske kontinint, fier fan alle seeën mei harren bedimjende ynfloeden ôf, hat Omaha in fochtich lânklimaat (Dfa yn 'e klimaatklassifisearring fan Köppen), mei hjitte, fochtige simmers en kâlde, relatyf drûge winters. De waarmste moanne is july, mei oerdeis in trochsneed temperatuer fan 30,7 °C, wylst de kâldste moanne jannewaris is, wannear't it kwik sakket ta in deitemperatuer fan 0,8 °C. Rekôrtemperatueren wiene 46 °C op 25 july 1936, en –36 °C op 5 jannewaris 1884. Der falt yn Omaha trochstrings 777 mm delslach it jier; wat dêrfan yn 'e winter falt – en dat is net it measte – falt ornaris yn 'e foarm fan snie. De jierlikse trochsneed sniefal is 73 sm, ferdield oer de hiele winter. Omaha leit yn it diel fan 'e Feriene Steaten dêr't geregeldwei tornado's foarkomme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.