Albert White Hat

Ut Wikipedy
Albert White Hat
persoanlike bysûnderheden
oare namme Watáŋ Tokahe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 novimber 1938
berteplak by St. Francis (Súd-Dakota)
stoarn 13 juny 2013
stjerplak Rosebud (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt ûnderwizer, publisist
aktyf as oersetter, taalaktivist
jierren aktyf ±19672013
reden
  bekendheid
syn ynset foar it behâld fan
   'e Lakota-taal
prizen Outstanding Indian Educator
   Award
1995
Living Indian Treasure Award
   2007

Albert White Hat (Yndiaanske namme: Watáŋ Tokahe, "De-Earste-Dy't-Oanfalt"; by St. Francis (Súd-Dakota), 18 novimber 1938Rosebud (Súd-Dakota), 13 juny 2013), wie in Amerikaansk ûnderwizer, publisist, oersetter en taalaktivist fan Yndiaansk etnysk komôf. Hy sette him tige by tige yn foar it behâld fan 'e bedrige Lakota-taal en de kultuer fan syn folk. Dêrta stalde er û.m. in eigen stavering en lesmetoade gear. Teffens wurke er mei oan ferskate Hollywood-films (wêrûnder it mannichfâld bekroande Dances with Wolves) troch Ingelsktalige teksten foar akteurs oer te setten yn it Lakota.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albert White Hat waard yn 1938 berne yn in tradisjonele Brulee-Lakota-famylje, yn 'e omkriten fan St. Francis, yn it Rosebud Yndianereservaat fan 'e steat Súd-Dakota. Syn pake wie it opperhaad Holle Hoarn Bear. As bern spriek White Hat inkeld Lakota, oant er nei de legere skoalle yn Spring Creek gie. In protte fan syn leeftydgenoaten waarden troch har âldelju al mei fiif jier nei in ynternaat foar Yndiaanske bern ta stjoerd, om in Westerske oplieding te krijen, mar White Hat kaam dêr pas doe't er sechstjin jier wie.

Sadwaande groeide er op mei in protte âldere minsken om him hinne, dy't him de âlde folksferhalen fan syn stamme fertelden. Sels seid er letter: "[...] dy ferhalen sieten yn my. En ik kaam yn it ynternaatskoallestelsel, en dêr makken se dy ferhalen dea. Doe't ik fan skoalle kaam, skamme ik my dea foar wa't ik wie, foar wat ik wie." Nei't er syn diploma helle hie oan 'e Jezuïtyske Missyskoalle fan St. Francis, ûnderhold White Hat himsels jierrenlang mei alderhanne los wurk. Pas ûnder de Yndiaanske kulturele renêssânse, yn 'e twadde helte fan 'e sechtiger jierren, besefte er dat syn skamtegefoelens him opkrongen wiene troch de blanke kultuer. Doe liet er syn hier wer lang groeie, begûn er syn eigen taal wer te sprekken, en kearde er werom nei de lânseigen religieuze praktiken fan syn folk.

Dy persoanlike ûntwekking foel dermei gear dat White Hat syn bern op 'e skoalle kamen. Hy begûn him doe yn it skoaldistrikt fan Todd County yn te setten foar ûnderwiis yn 'e Lakota-taal, dat doedestiden gjin diel útmakke fan it reguliere lesprogramma. Uteinlik nifele er sels in stavering en in lesmetoade yninoar, en ûntjoech er him ta taalûnderwizer. Neitiid waard er oansteld as dosint oan 'e Sinte Gleska Universiteit fan it Rosebud Yndianereservaat, dêr't er 25 jier lang lesjoech. Hy waard oansteld as heechlearaar en as haad fan 'e fakulteit Lakota-Stúdzjes oan 'e Sinte Gleska Universiteit. Meitiid ferfine er syn lesmetoade, dy't útputtend gebrûk makket fan foarbylden út 'e kultuer fan 'e Brulee-Lakota, en kaam er wiid en siid bekend te stean as dé taalwittenskipper op it mêd fan it Lakota. Sadwaande waard ferskillende kearen by him oankloppe troch filmmakkers út Hollywood, dy't de Yndianen yn harren westerns autentyk Lakota prate litte woene, mar dêrfoar earst de teksten yn dy taal oerset krije moasten. White Hat wurke datoangeande ferskate kearen as fertaler mei oan films, wêrûnder it mannichfâld bekroande Dances with Wolves, fan Kevin Costner, út 1990.

Hoewol't syn doel wie om 'e taal oan it eigen folk troch te jaan en op dy wize yn libben te hâlden, joech White Hat ek geregeldwei kursussen oan net-Yndianen. Yn 1982 waard er foarsitter fan it Komitee foar it Behâld fan de Lakota-Taal. Yn 1999 stalde er út syn jierrenlange oantekenings it boek Reading and Writing the Lakota Language gear. Yn 'e dokumintêre Lakota Documentaries, fan Don Moccasin, komt White Hat ek op 'e tekst oer it fuortbestean fan syn taal, yn it Lakota, mei Ingelske ûndertiteling.

White Hat wie ek tige aktyf yn it spirituële libben fan syn folk. Cyril Scott, presidint fan 'e Rosebud Sû Stamme, neamde him "in grut ûnderwizer" en "in spiritueel lieder". White Hat hold rûnom lêzings oer it lânseigen leauwe fan syn folk, en waard sadwaande faak útnûge op powwows. Yn 2008 wied er ien fan 'e sprekkers op 'e Planning for Seven Generations-konferinsje, yn Boulder, yn 'e steat Kolorado. Ek publisearre er yn 1983 it wurk Lakota Ceremonial Songs, wêryn't er de religieuze sangen fan syn folk fêstlei.

Albert White Hat waard ferskate kearen ûnderskaat foar syn krewearjen. Sa krige er yn 1995 de Outstanding Indian Educator Award foar syn aktiviteiten op ûnderwiiskundich med, en waard er yn 2001 útroppen ta Yndiaanske âldste fan it jier troch de Nasjonale Yndiaanske Underwiis Feriening (NIEA). Yn 2007 waard him de Living Indian Treasure Award takend. White Hat stoar yn 2013 yn Rosebud, yn 'e âlderdom fan 74 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.