Saskatoon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Saskatoon
SaskatoonDownTown.jpg
Sifers
Ynwennertal 224.300 (2010)
Oerflak 217,92 km²
Stêdekloft 265.259
Hichte 481,5 m
Polityk
Lân Kanada
Provinsje Saskatchewan
Oar
Stifting 1883
Tiidsône CST (UTC−6)
Koördinaten
Webside http://www.saskatoon.ca


Saskatoon is de grutste stêd yn de Kanadeeske provinsje Saskatchewan. De stêd leit oan de rivier de Súd Saskatchewan.

Saskatoon hat in klimaat mei hjitte simmers en kâlde winters. Totaal hat Saskatoon sa'n 2381 oere sinne it jier, ien fan de heechste weardes fan Kanada.

Saskatoon is in wichtich sintrum foar de distribúsje fan Saskatchewan's lânbouprodukten, fral fan nôt. Mynbou is ek fan grut belang foar de stêd en omkriten.

De earste delsettingen yn wat letter Saskatoon wurde soe, kamen yn 1883 en 23 jier letter waard it plak offisjeel in stêd. De namme fan de stêd is ôflaat fan it Kreewurd mis-sask-quah-toomina wat in lokaal foarkommende frucht is.

Saskatoon wurdt wol The City of Bridges neamd fanwege de 7 brêgen dy't it hat. It ynternasjonale fleanfjild fan Saskatoon is ferneamd nei de eardere minister-presidint fan Kanada John Diefenbaker.

Partnerstêden[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Saskatoon[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]