Poplar (Montana)

Ut Wikipedy
Poplar
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Montana
County Roosevelt County
Sifers
Ynwennertal 845 (2012)
Oerflak 0,7 km² (ynkl. wetter)
0,7 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.117 / km²
Hichte 607 m
Oar
Stifting 1878
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Koördinaten 48°06′34″N
105°11′42″W
Kaart
De lizzing fan Poplar yn Roosevelt County en yn 'e steat Montana.

Poplar (Assiniboin: Cąšúška Wakpá, útspr.: [ʧã'ʃu:ʃka wak'pa:]; Dakota: Waȟnéča Wakpá, útspr.: [waχ'ne:ʧa wak'pa:]) is in stêd yn Roosevelt County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Montana .Neffens in offisjele skatting út 2012 bedroech it ynwennertal fan Poplar doe krapoan 850 minsken. It plakje is ferneamd nei de rivier de Poplar, dy't deunby streamt.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Wolf Point), is Poplar wol it haadplak fan it Fort Peck Yndianereservaat (Ingelsk: Fort Peck Indian Reservation), fan 'e federaal erkende Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana). Yn Poplar binne de measte tsjinsten fan it reservaat fêstige (hoewol't Wolf Point in stik grutter is), lykas de middelbere skoalle, it kolleezje en de klinyk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't it Fort Peck Reservaat yn 1871 oprjochte waard, stifte it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) syn agintskip op in plak dat, sa die letter bliken, by 't maityd yn it oerstreamingsgebiet fan 'e rivier de Poplar lei. Pas yn 1878 joech men de striid tsjin 'e natoer deroan, en ferhuze it hiele spul nei heger lân. Dêr groeide it doarp Poplar om it agintskip hinne.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Poplar yn 2012 in befolking fan 845 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.117 minsken de km².

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Poplar 8,4% âlder as 65 jier en 30,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 41,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 31,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 71,4% Yndianen; 25,2% blanken; 0,2% Aziaten; 3,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Poplar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.