Porcupine (Súd-Dakota)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Porcupine (Súd-Dakota)
Sifers
Ynwennertal 1.062 (2010)
Oerflak 24,6 km² (ynkl. wetter)
24,6 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 43,1 / km²
Hichte 973 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of South Dakota.svg Súd-Dakota
County Shannon County
Oar
Stifting  ?
Tiidsône UTC-7
*Simmertiid UTC-6
Koördinaten 43°15′45″N 102°20′52″W
De lizzing fan Porcupine yn Shannon County en yn 'e steat Súd-Dakota.

Porcupine ['pɔɹkjəpa:in] (Lakota: Pȟahíŋ Siŋté; útspr.: [pˣa'hĩ: sĩ'te:]) is in plak yn Shannon County, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It leit binnen de grinzen fan it Pine Ridge Yndianereservaat (Pine Ridge Indian Reservation), fan 'e Oglala Sû Stamme (Oglala Sioux Tribe). Fierders is it de ûnoffisjele haadstêd fan 'e net-erkende Republyk Lakota. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 bedroech it ynwennertal fan Porcupine doe krapoan 1.100 minsken.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Porcupine 3,9% âlder as 65 jier en 42,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 10,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 28,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 98,3% Yndianen; 1,2% blanken; 0,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.