Lytse Krie

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lytse Krie.

Lytse Krie (Dakota: Thaóyate Dúta, útspr.: [tʰa'o:jate 'du:ta] (eins "Syn-Read-Folk"); Ingelske oersetting: Little Crow; Kaposia (Minnesota), ±1810 – westlik fan Hutchinson (Minnesota) 3 july 1863), wie in opperhaad fan 'e Mdewakanton-substamme fan 'e Eastlike Dakota- (Sioux), in Yndiaansk folk út it gebiet bewesten de Grutte Marren en fan it easten fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 1851 wied er belutsen by it sluten fan 'e Ferdraggen fan Traverse des Sioux en Mendota. Alve jier letter, yn 1862, wied er ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Eastlike Dakota yn 'e Dakota-Oarloch fan 1862. Hy loek him lykwols werom foar de ein fan 'e fijannichheden, en waard úteinlik in jier letter deade by in konfrontaasje mei in pear blanke kolonisten.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Ier libben[bewurkje seksje | edit source]

Lytse Krie waard om 1810 hinne berne yn 'e Dakota-delsetting Kaposia, yn 'e neite fan wat no South St. Paul is, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. Hy hiet eins fan Syn-Read-Folk of Syn-Read-Naasje (Thaóyate Dúta; Ingelsk: His-Red-Nation), mar waard nei syn pake Lytse Krie neamd (Čhetáŋ Wakhúwa Máni, útspr.: ['ʧʰetã: wa'kʰu:wa 'ma:ni], wat eins "Hauk-Dy't-Rinnende-Jaget" betsjut, mar ferkeard oerset waard). Syn heit kaam yn 1846 te ferstjerren by in ûngemak mei in fjoerwapen. Neitiid waard om it liederskip fan harren troep fochten troch Lytse Krie en syn broer, wêrby't Lytse Krie troch beide polzen sketten waard, wat bliuwende misfoarming en groeden opsmiet dy't er de rest fan syn libben ferstoppe troch klean mei lange mouwen te dragen. Yn 1849 waard Lytse Krie lykwols dochs noch it opperhaad fan 'e troep.

Belutsenens by ûnderhannelings mei de Amerikanen[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1851 wie Lytse Krie oanwêzich by de ûnderhannelings dy't laten ta it sluten fan it Ferdrach fan Traverse de Sioux, en datselde jiers wied er ien fan 'e ûndertekeners fan it Ferdrach fan Mendota. By dy beide ferdraggen stimden de Eastlike Dakota deryn ta om harren lân beëasten de rivier de Minnesota op te jaan en te ferfarren nei lân dat oare kant de rivier foar harren reservearre wie. Doe't it ferdrach ratifisearre waard troch de Amerikaanske Senaat waard lykwols unilateraal kêst 3, oangeande it reservearre ferfangende lân, út it ferdrach skrast, sadat de de Eastlike Dakota twongen wiene om dêr op 'e nij oer te ûnderhanneljen wylst se har eigen lân al opjûn hiene en se bedrige waarden mei in sa nedich mei geweld útfierde ferdriuwing út Minnesota. Under it doe sletten nije ferdrach krigen se folle minder lân en ûnder folle ûngeunstiger betingsten as dat harren oarspronklik taparte wurden wie.

In byldhoud masker fan Lytse Krie yn it Minnehahapark fan Minneapolis.

Belutsenens by de Dakota-Oarloch fan 1862[bewurkje seksje | edit source]

Lytse Krie besocht om 'e frede mei de Amerikanen te bewarjen, en reizge nei it fiere Washington, D.C. ta foar in direkt ûnderhâld mei presidint James Buchanan. Hy klaaide him yn Westerske dracht, liet him dope, waard lid fan 'e Episkopaalske Tsjerke, en sette útein mei lânbou. De spannings tusken de Dakota en de blanken waarden lykwols almar grutter, mei't blanke keaplju de Yndianen bedreagen, wylst it Amerikaanske regear de ûnder de ferdraggen yn ruil foar it opjûne lân taseine jierjilden te let útkearde. Nei in mislearre rispinge folgjend op in winter wêryn't in protte Dakota al de hongerdea stoarn wiene, wylst de jierjilden mar net kamen en blanke keaplju kâldwei wegeren om 'e ferhongerjende Yndianen op 'e pof iten te ferkeapjen, kamen de Dakota yn 1862 yn opstân.

Lytse Krie wie ien fan 'e wichtichste lieders yn 'e Dakota-Oarloch fan 1862, sa't de reboelje kaam te hjitten. It begûn op 17 augustus 1862, doe't de Eastlike Dakota systematysk de boerespultsjes fan Dútske kolonisten yn súdlik Minnesota platbaarnden. Yn in pear dagen tiid waarden der by oanfallen yn 'e omkriten fan it Neder-Sû Agintskip, New Ulm en Hutchinson 300 oant 400 blanken deade. De Minnesotaanske steatsmilysje waard mobilisearre en der folge in seis wiken duorjende oarloch, wêrby't de Dakota yn 't earstoan wat lytse súkseskes hiene troch lytse detasjeminten troepen yn in mûklaach te lokjen, en yn Slach by Birch Coulee, wêrby't in begraffenisstaasje oerfallen waard. Twa ûnderskate oanfallen op Fort Ridgeley einigen lykwols yn nederlagen doe't de lytse kloft soldaten en boargers yn it fort de kanonnen ynsette tsjin 'e dochs al ûnderbewapene krigers. Dêrby rekke Lytse Krie ferwûne, sadat er net oanwêzich wie by de Slach by New Ulm of de Slach by Fort Abercrombie, dy't ek beide ferlern waarden. Uteinlik waarden de Dakota ferpletterjend ferslein yn 'e Slach by Wood Lake, op 23 septimber. Hoewol't dat net de ein fan 'e fijannichheden wie, seach Lytse Krie doe it swurk driuwen, en naam er de wyk nei Kanada.

Lytse Kraai om 1862 hinne, yn Westerke dracht.

Weromkear en dea[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e simmer fan 1863 kearde er mei syn soan Wowinapa, dy't letter de namme Thomas Wakeman oannimme soe, werom nei Minnesota om hynders te stellen fan syn fijannen. Op 'e jûn fan 3 july 1863, wylst hy en Wowinapa beien oan it teppen wiene yn it wâldgebiet bewesten Hutchinson, waarden se trappearre troch de blanke kolonist Nathan Lamson en dy syn soan Chauncey. Der ûntstie in fjoergefjocht, wêrby't Lytse Krie twa kear skeat en mei ien kûgel Lamson ferwûne, wylst Lamson en de soan allebeide ien kear skeaten en Lytse Krie deadlik rekke waard. Hy stoar nei't er syn soan opdroegen hie om te meitsjen dat er fuortkaam.

De Lamsons, dy't útinoar rekke wiene, leine allebeide de krapoan 20 km nei Hutchinson ôf om alaarm te slaan. De oare deis fûn in ploech Hutchinsonsters it stoflik omskot fan in ûnidentifisearre Yndiaanske man, mei de jas oan fan in blanke kolonist dy't in pear dagen earder fermoarde wie. De skalp en letter ek it lyk waard nei Hutchinson ta brocht. It lichem waard oan in hynder troch de haadstrjitte sleept, wylst rotsjes yn 'e noas en earen ta ûntploffing brocht waarden. Uteinlik waard it yn in ôfeartgat by it slachthús smiten, dêr't de holle der letter noch ôfsnien waard. Op 28 july 1863 waard Wowinapa finzen nommen yn 'e neite fan Devil's Lake, yn wat no Noard-Dakota is. Hy fertelde de Amerikanen dat de deade man Lytse Krie wie, wat late ta it opgraven fan it lyk op 16 augustus. Oan 'e misfoarme polzen waard fêststeld dat it yndie om Lytse Krie gie. It oare jiers waard troch it Minnesotaanske steatskongres oan Nathan Lamson $500 skonken foar syn "tsjinst oan 'e steat", wylst Chauncey Lamson $75 krige foar de skalp fan Lytse Krie.

Neisleep[bewurkje seksje | edit source]

De skalp bedarre yn 1868 by it Histoarysk Genoatskip fan Minnesota, dat Lytse Krie syn skedel yn 1896 ek besette. Oare bonken waarden derby sammele, oant it HGM it meastepart fan it biente fan it opperhaad yn besit hie. Yn 1971 droech it genoatskip it hiele stoflik omskot fan Lytse Krie oer oan Jesse Wakeman, de soan fan Wowinapa en de pakesizzer fan it opperhaad, om einlings en te'n lêsten begroeven te wurden. Oan 'e wei yn it fjild dêr't Lytse Krie deade waard, stiet no in lyts stiennen tinkteken.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.