Flandreau (Súd-Dakota)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flandreau (Súd-Dakota)
In ôfbyld fan Flandreau út 1883.
In ôfbyld fan Flandreau út 1883.
Sifers
Ynwennertal 2.318 (2012)
Oerflak 5,0 km² (ynkl. wetter)
4,8 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 485,9 / km²
Hichte 477 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of South Dakota.svg Súd-Dakota
County Moody County
Oar
Stifting 1869
Tiidsône UTC-6
*Simmertiid UTC-5
Koördinaten 44°02′52″N 96°35′47″W
Webside www.cityofflandreau.com
De lizzing fan Flandreau yn Moody County en yn 'e steat Súd-Dakota.

Flandreau (Amerikaansk-Ingelske útspr.: ['flændɹu:], likernôch "flendrûû") is in stêd yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, en it haadplak fan it omlizzende Moody County. De stêd is sitewearre oan 'e rivier de Grutte Sioux. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Flandreau doe likernôch 2.300 ynwenners. Fuortby it stedsje leit it Flandreau Yndianereservaat.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Flandreau waard stifte yn 1857, en (misstaverjend) ferneamd nei de Yndiaanske agint Charles Eugene Flandrau, dy't letter, doe't er opklommen wie ta de posysje fan rjochter, ûnder de Dakota-Oarloch fan 1862 it stedsje New Ulm, yn Minnesota, fan 'e ûndergong rêde soe. De delsetting Flandreau waard lykwols yn 1858 al wer opjûn, fanwegen de driging fan in wapene konflikt mei de Jankton-Dakota. Tsien jier letter, yn 1869, waard it stedsje fannijs stifte, doe't in stikmannich famyljes fan Eastlike Dakota-etnisiteit harren der nei wenjen setten. De kolonisaasje fan 'e krite troch blanke Amerikanen sette wer útein yn 1872. Doe't Moody it jiers dêrop ta county makke waard, waard Flandreau it haadplak. Yn 1902 krige it de status fan stêd.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Flandreau 18,6% âlder as 65 jier en 25,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 40,1% fan 'e húshâldings út ien persoan. Neffens âldere sifers, út 2000 libbe doe 12,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 60,7% blanken; 27,7% Yndianen; 3,5% Latino's; 2,3% Aziaten; 0,5% swarten; 5,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.