Birma

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Myanma Naingngandaw
Flagge fan Birma [[Ofbyld:|110px|Wapen fan Birma]]
Flagge Wapen
Lokaasje fan Birma
Offisjele taal Birmaansk
Haadstêd Pyinmana
Steatsfoarm Junta
Gebiet
% wetter
678.500 km²
3,06­%
Ynwenners (2004) 54.000.000
Munt Kyat (MMK)
Tiidsône UTC +6,5
Nasjonale feestdei 4 jannewaris
Lânkoade MMR
Ynternet .mm
Tillefoan 95

Birma is in lan yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Pyinmana en it haad fan de Juntaregearing is sûnt 1992 Than Shwe.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Lizzing

Birma wurdt begrinzge troch:

[bewurkje seksje] Lânskip

Boedistyske timpel yn Pagan

Birma wurdt oan de grinzen omringd troch hege bergen. It mei oerwâlden begroeide Arakanberchtme is in útrinner fan de Himalaya. Eastlike fan dit berchtme leit in tinbefolke leechflakte, it Shan-plato, dy't it streamgebiet foarmet fan de Irawady. Dizze rivier befloeid it grutste rysikkerlân fan de wrâld.

It lân hat in tropysk klimaat en leit yn in moessonsône. Populêre toeristenbestimmingen binne de boedistyske monuminten yn Yangon en Pagan en de prachtige natoer fan it Shan-plato.

Foar de kust lizze ek in protte eilannen.

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn de 8e ieu waard it gebiet fan Birma kolonisearre fanút Sjina en yn de 13e ieu troch de Mongoalen ferovere. De striid om Birma troch ferskate riken einige yn 1752 doe't it hiele lân ûnder ien Birmeesk bewâld brocht waard.

Yn de rin fan de 19e ieu waard Birma yn in trijetal oarloggen (1824-1826; 1852 en 1895) alhiel by Britsk-Yndia ynliifd en stie it ûnder Britsk bewâld. Yn 1937 krige it selsbestjoer ûnder in Britsk gûverneur en yn 1948 folge in folslein ûnôfhinklik parlimintêre demokrasy bûten it Britske Mienebest.

Under premier U Nu oriëntearre Birma harren hieltyd mear op it kommunistyske Sjina, mar tidens de kulturele revoluzje ferkoelden lykwols de betrekkingen. U Nu waard yn 1962 troch it leger ôfsetten en folge in militêr rezjym dat sûnt dy tiid alle besikingen om te demokratisearen tsjin holden hat.

[bewurkje seksje] Demografy

[bewurkje seksje] Befolking

De befolking fan Birma bestiet út in protte etnyske groepen, û.o. de Bamar (69%), Shan (9%), Karen (6%), Rakine (5%), Mon (2%) en de Kachin (1%).

[bewurkje seksje] Religy

It grutste part fan de befolking is boedistysk (Theravada) (89%). It Kristendom (4%) en de Islam (4%) binne de oare wichtige godstsjinsten. Ien prosint fan de befolking is oanhinger fan in natoerreligy, dêr't it leauwen yn geasten (de 'nats'), in wichtige rol yn spilet. Lykwols is dat leauwen ek ûnder de Boedistyske befolking wiid ferspraat.

[bewurkje seksje] Taal

It Birmeesk is de offisjele taal. Ingelsk wurdt der ek wol sprutsen en de ferskate etnyske groepen hawwe ek har eigen talen.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen