Sânsibar

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Sansibar")
Gean nei: navigaasje, sykje
Zanzibar (tanzania).jpg

Sânsibar (Unguja) is in eilân oan de eastkust fan Afrika, dat diel útmakket fan Tanzania, it tichtby lizzende eilân Pemba wurdt faak ek by Sânsibar rekkene. Tegearre mei it eilân Mafia wurde se ek wol de speserijeilannen neamd, hoewol't dy term noch faker brûkt wurdt foar de Molukken. It eilân Sânsibar hat in oerflakte fan 1554 km². Yn 1994 waard it oantal ynwenners rûsd op 800.000. De belangrykste stêd, teffens it ekonomysk sintrum, is Sânsibar mei syn frijhaven en historysk sintrum Stone Town.

Sânsibar hat as belangrykste boarnen fan bestean speserijen (wêrûnder nútmuskaat, kaniel en piper) en toerisme. Sânsibar is de ienige streek wêr't de Sânsibarfranjeaap (Piliocolobus kirkii) foarkomt.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Al yn 10e iuw waarden troch de Arabieren delsettingen yn dit gebiet stifte, dy't har ûntwikkelen ta bloeiende republiken dy't hannel dienen mei Yndia doe't Vasco da Gama dêr yn 1498 kaam. Yn 1503 fêstigen de Portegezen op Sânsibar in hannelspost. Harren gesach waard troch de moslims erkend. De Portugezen feroveren de stêden en makken in ein oan harren hannel. Oan de ein fan de 17e iuw ferlearen de Portugezen lykwols al it gebiet benoarden Mozambyk oan de imam fan Muskaat, wêrnei't it gebiet yn allerlei riken útinoar foel.

Sânsibar waard yn 1698 ûnderdiel fan de oerseeske gebietsdielen fan de sultan fan Oman. Hjiroan gie noch in perioade foarôf dy't begûn yn 1503. Nei de ynvaazje fan Oman troch de Perzen rekke it lân in de delklits en ferlear it syn grip op de East-Afrikaanske gebieten, dy't yn de praktyk oanspraak makken op fiergeande autonomy. Yn 1840 ferhuze Sultan Said de haadstêd fan Oman fan Muskaat nei Sânsibar. Troch it fêstigjen fan in machtsbass op Sânsibar, besocht hy sa de ynfloed op de gebieten oan de East-Afrikaanske kust (en dêrmei de hannelsstreamen op de Yndyske Oseaan) seker te stellen. Said wie no sultan fan Sânsibar en Oman. De Anglo-Frânske ferklearring fan 1862 makke in ein oan dizze personele ienheid. Nei de moard op Sultan Thuwainy yn Oman, wegere Sultan Majid fan Sânsibar noch langer oan de Omaanske skatkiste by te dragen. Oan'e ein fan de 19e iuw namen de Britten it bewâld oer. Sânsibar waard in protektoraat fan it Feriene Keninkryk. Yn it earstoan beneamden de Britten Fiziers (fan 1890 oant 1913), en dêrnei Britske residinten (fan 1913 oant 1963). Koart neidat it ein 1963 ûnôfhinklik wurden wie as Sânsibar, waard it mei Tanganjika gearfoege ta Tanzania, wêrfan it fan 1964 ôf diel útmakket.

Yn de perioade dat Sânsibar ûnder it bewâld fan de sultan fan Oman foel (fan de 17e iuw oant en mei de 19e iuw), wie it in sintrum foar de easterske slavehandel. Oan de ein fan de 19e iuw, ûnder it bewâld fan de sultan Hamoud bin Mohammed, makke it Britske regear in ein oan de slavehandel.

Op 27 augustus 1896 bruts de koarte Ingelsk-Sânsibareeske oarloch út oer de opfolging fan Sultan Hamad bin Thuwainy. Dizze einige mei de beneaming fan Sultan Hamoud bin Mohammed. Dizze oarloch is de koartste oarloch yn de skiednis: Sânsibar kapitulearde nei 45 minuten.

Oant de ônôfhinklikheid fan Kenia yn 1963 waard Mombasa bestjoerd troch Sânsibar. Dêrnei waard Mombasa ûnderdiel fan Kenia.

Yn de jierren fyftich fan de 20e iuw waarden der partijen oprjochte. De belangrykste wienen de etnysk Arabyske Sânsibareeske Nasjonale Partij (ZNP) en de etnysk Arabyske/Afrikaanske Sânsibar en Pemba Folkspartij (ZPPP). Beide partijen wienen (seker de ZNP) islamitysk-demokratysk. Yn 1957 waard troch de etnyske Afrikanen de Afro-Shirazy Uny (ASU) oprjochte. Foarsitter fan de ASU wie sjeik Abeid Karume. Yn 1961 waarden de ferkiezingen wûn troch de alliânsje ZNP-ZPPP. Sjeik Muhammad Shamte Hamady (ZPPP) waard premier. Fan in foarm fan selsbestjoer wie doe lykwols noch gjin sprake.

Flak foar de ferkiezingen fan 1963 waard de Umma Partij (Partij fan de Massa) oprjochte, in sekuliere ôfsplitsing fan de ZNP. De Umma Partij wie slim beynfloede troch it maoïsme. Lieder fan de Umaa Partij wie sjeik Abdulrahman Muhammad Babu, dy't syn oplieding hân hie yn Ingelân en dêr kennis makke mei it revolúsjonêr marksisme. Oan de foarjûn fan de ferkiezingen feroare de ASU har namme yn Afro-Shirazi Partij (ASP).

De ferkiezingen fan juny 1963 waarden wûn troch de ZNP-ZPPP, dy't fannijs in alliânsje oangien wiene. Sjeik Muhammad Shamte Hamadi bleau premier. Yn juny dan dat jier krigen Sânsibar en Pemba selsbestjoer en op 10 desimber 1963 waard Sânsibar ûnôfhinklik as it Sultanaat Sânsibar en Pemba.

Flagge fan Sânsibar

Yn jannewaris 1964 makke in jonge revolúsjonêr, John Okello, in ein oan it bewâld fan sultan Sayyid Jamsjiid Bin Abdalla. Dizze steatsgreep ('revolúsje') wie slim bluoddrich. Okello, dy't himsels ta "fjildmaarskalk" útrôp stelde in regear oan mei sjeik Abeid Amani Karume as presidint. Hy rôp de Folksrepublyk Sânsibar en Pemba út en foarme in regear (Revolúsjonêre Ried) besteande út de ASP en de Umma Partij. Dizze lêste partij waard lykwols gau bûtenspul setten en Karume makke syn Afro-Shirazi Partij ta ienige tastiene partij. Yn april 1964 sleat hy in ferdrach mei Tanganjika, wêrnei't de federale republyk Tanzania ûntstie. Sjeik Abeid Karume bleau presidint fan Sânsibar en fierde in op East-Jeropa, de Sovjetuny en de Folksrepublyk Sina oriïntearre bûtenlânske polityk. Binnenlânsk waarden der herfoarmingen trochfierd, wernei't it frijkomde lân ferdield waard ûnder de boeren-sûnder-lân.

Neidat presidint Karume yn 1972 fermoarde wie, waard de mear matige sjeik Aboud Jumbe presidint. In novimber 2000 waard Amany Abeid Karume, soan fan sjeik Abeid Karume, presidint. Sûnt de jierren tachtich ûntwikkele Sânsibar him yn in mear demokratyske rjochting.

Steatsynrjochting[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't Sânsibar in diel fan tanzania is, hat it in grutte foarm fan selsbestjoer. Sânsibar is in aparte steat binnen de Feriene Republyk fan Tanzania. It kiest syn eigen presidint dy't regearhaad is foar alle ynterne oangelegenheden. De presidint fan Sânsibar is teffens ficepresidint fan Tanzania. Op 29 oktober 2000 waard Amany Abeid Karume ta presidint keazen.

Sânsibar heeft ook een Hûs fan Offurdigen, met 50 sitten dy't rjochtstreeks keazen wurde troch algemiene ferkiezings. It hat it foech wetten te meitsjen foar ynterne oangelegenheden.

Oant 1990 wie de CCM (Revolúsjonêre Steats Partij) de ienige partij yn Sânsibar.

Steatkundige yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De regio's wêryn it eilân opdield is mei harren haadstêden:

Fiziers[bewurkje seksje | edit source]

Britske Residinten[bewurkje seksje | edit source]

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Sânsibar hat in fascinerende skiednis, dy't beynfloede is troch Perzen, Arabieren, moslims, de Portugezen, en de fêstewâl. Stone Town is in stêd mei slingerjende leanen, rûne tuorren, doarren mei houtfykwurk, terrassen, en prachtige moskeën. Arsjitektoaniske keunststikjes binne it Livingstone hûs, de Guliany Brêge, en it Hûs fan Wûnderen, in paleis dat yn 1883 boud is ûnder sultan Barghash.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]