Niger (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rin fan de Niger mei yn't grien de ôfwetteringskrite
Eilantsje yn in wiid part fan de Niger yn Maly

De Niger is de wichtichste rivier fan West-Afrika mei in langte fan sa'n 4.160 kilometer. It ôfwetteringsgebiet beslacht 2.117.700 km². De Niger ûntspringt yn it heechlân fan súdeastlik Guinee. De rivier rint yn in heale-moannefoarm troch Guinee, Maly, Niger, Benyn en Nigearia en mûnet oer de grutte Nigerdelta út yn de Golf fan Guinee. De Niger is de op twa nei langste rivier yn Afrika. Allinne de Nyl en de Kongo binne langer.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Romeinen tochten dat it part fan de rivier by Timbûktû (Tombouctou) in diel fan de Nyl wie. Europeeske ûntdekkingsreizgers yn de 17e ieu mienden dat de rivier dêr wei nei it westen rûn en yn de rivier de Senegal útmûne. De wiere rin waard earst yn de 19e ieu troch westerlingen fêststeld.

Plakken oan de Niger[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]