Springe nei ynhâld

Freulepartij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Freulepartij Wommels)
Freulepartij
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004.
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wommels
holden ynsportfjild efter it âlde
   gemeentehûs
datum1 wike nei de PC
tiid fan it jierbegjin augustus
bysûnderheden
soarte evenemintsportevenemint (keatsen)
bestean1903 – no
org. trochKF Wommels (o/m 2016)
St. De Freulepartij (fanôf 2017)
offisjele webside
kfwommels.nl/freulepartij

De Freulepartij [1] is in keatswedstryd dy't alle jierren yn it Fryske doarp Wommels holden wurdt. Der komt elts jier in publyk fan sa'n 4.500 oant 5.000 minsken op ôf. De Freulepartij is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier, en is dêrmei de manlike wjergader fan 'e Ald-Meiers Partij yn Hitsum, foar famkes fan dy âldens. It evenemint bestiet sûnt 1903, en wurdt elts jier op in woansdei yn begjin augustus holden, persiis in wike nei de PC yn Frjentsjer. (De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan july, of, as july mar fjouwer woansdeis hat, op 'e earste woansdei fan augustus.) De woansdeis nei de Freulepartij wurdt yn Jellum-Bears de Revâns-Freule ferkeatst.

De Freulepartij waard foar it earst spile op 5 augustus 1903.[2] De wedstryd is ferneamd nei frelle (freule) Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, dy't keatsen in sûn tiidferdriuw foar opslûpen jonges fûn. Dêrom stelde hja yn 1902 in flink bedrach oan jild beskikber foar de oprjochting fan in jierliks weromkearende wedstryd yn har wenplak Wommels. Dêrfoar waard se letter eare mei in boarstbyld dat op De Terp stiet, yn it sintrum fan it doarp.

Yn 1943 en 1944 gie de Freulepartij net troch fanwegen de Twadde Wrâldoarloch.

De organisaasje fan 'e Freulepartij wie mear as 110 jier yn 'e hannen fan 'e Keatsferiening Wommels, mar úteinlik groeide it evenemint sa grut dat men suver mear mei de Freulepartij dwaande wie as mei de saken dêr't in keatsferiening foar bedoeld is. Dêrom waard de organisaasje yn 2017 oernommen troch de nij oprjochte Stichting De Freulepartij Wommels. Dy sette doe útein mei in wiidweidich fernijings- en ferjongingsprogramma dat foar de edysje fan 2018 foar it earst fruchten begûn ôf te werpen.

In loftfoto fan Wommels, mei rjochts njonken de tsjerke it âlde gemeentehûs fan Littenseradiel en dêrefter it sportfjild dêr't de Freulepartij ferkeatst wurdt.

Sa waard it publyk by de yngong fan it sportfjild oan De Keatsebaen tenei wolkom hjitten troch in grut digitaal boadskippeboerd en waarden alle frijwilligers yn in nij tenu stutsen. Ek waard der op 'e jûn fan 'e tiisdei foarôfgeande oan 'e Freulepartij foar it earst in 'Freulekafee' holden yn it Wommelser Kafee It Reade Hynder, dat troch Omrop Fryslân fan 19.00 oant 20.00 oere útstjoerd waard. Ek nij wie dat der yn it skoft foar de finale en nei ôfrin fan 'e keatspartij in optreden wie fan in dweilorkest, yn 2018 fersoarge troch De Menaemer Feintsjes.

Yn 2020 waard de Freulepartij fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy sûnder taskôgers ferkeatst op sneon 19 septimber.

Regels en tradysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferkeap fan tangongskaartsjes begjint neffens de tradysje by Warehûs Van der Velde yn Wommels, dêr't de earste gadingmakkers dan moarns om kertier oer fiven al foar de doar sitte.

Dielname oan 'e Freulepartij stiet iepen foar jongespartoeren fan alle keatsferienings dy't as ôfdielings oansletten binne by it KNKB. Eltse ôfdieling mei maksimaal ien partoer nei de Freule ôffurdigje. De winners ûntfange goudene klokjes en in wikselpriis (de "Freule") dy't nei frelle De Vos van Steenwijk neamd is en bestiet út in miniatuer fan har filla. Jonges dy't de Freulepartij al in kear wûn hawwe, binne dêrnei útsletten fan fierdere dielname, ek al falle se yn 'e jierren dêrop noch binnen de leeftydskategory fan 14 oant en mei 16 jier.

It winnen fan 'e Freulepartij wurdt rekkene as it earste bledsje fan it saneamde Klaverke Fjouwer. De oare trije bledsjes kinne wûn wurde by: de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. It komt mar tige selden foar dat keatsers alle bledsjes fan it Klaverke Fjouwer winne.

Hjirûnder in list mei winners fan 'e Freulepartij.[3]

Datum plak keatsers
3 augustus 1903EasterlittensH. v.d. Feer
Th. v. Buren
S. v. Buren
10 augustus 1904EastereinA. Terpstra
A.H. Dijkstra
M. Bonnema
9 augustus 1905ArumB.K. Tolsma
H. Kuipers
J. Postma
8 augustus 1906FrjentsjerJ.U. Vlietstra
J. Alkema
M. Hiemstra
7 augustus 1907AchlumH. Rollingswier
F.de Jong
J. Alkema
5 augustus 1908AchlumH. Rollingswier
U. Donia
J. Alkema
11 augustus 1909FrjentsjerD. Ferwerda
Anne Smidts
Y. Aukema
17 augustus 1910PenjumJan Reitsma.
O. Postma
J. Dijkstra
9 augustus 1911EastereinJan Ymtes Heeg
L. Bonnema
B. de Haan
7 augustus 1912DokkumG. de Vries
Tj. Hoogeveen
R. Brouwer
13 augustus 1913RaerdW. Oosterhof
H. de Jong
J. de Jong
1914net trochgien fanwegen it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich
11 augustus 1915HarnsJ. v.d. Plaats
A. van Veen
J. Broersma
9 augustus 1916DokkumK. Toornstra
P. Brouwer
Ids Jousma
8 augustus 1917WytmarsumTaede Zijlstra
J.A. Reitsma
D. Hettema
7 augustus 1918Sint-AnneY. Schuitmaker
J. Schat
R. Kuiken
6 augustus 1919DokkumH. Visser
Klaas Wiebrens Kooistra
P. Ronner
11 augustus 1920WommelsE. de Groot
J. Krips
R. Boersma
10 augustus 1921FrjentsjerChr. v.d. Woude
J. Paulides
S. Haitsma
9 augustus 1922BoalsertC. de Way
S. Kramer
L. Kramer
8 augustus 1923HolwertH. Schaafsma
O. Hiddema
J. Tilstra
6 augustus 1924MantgumJ. de Groot
A. Mulder
H. Jepma
12 augustus 1925WommelsT. de Haas
R. Pagels
A. Tjallema
11 augustus 1926FrjentsjerE. v.d. Schoot
G. v. Smeden
R. Kats
10 augustus 1927PenjumS.R. de Vries
D.L. Hylarides
Tj. Hiemstra
8 augustus 1928Sint-AnneJ. Bijlsma
T. Brouwer
H. de Jong
7 augustus 1929BitgumD. Halbertsma
G. Stienstra
M. Halma
6 augustus 1930ArumL. v.d. Weerd
G. Kuipers
Cornelis Kamminga
5 augustus 1931HarnsB. v. Seijst
F. de Jager
S. v.d. Meer
10 augustus 1932SnitsY. Blom
Sj. Ypma
Sj. Sikkes
9 augustus 1933HuzumY. Swierstra
A. Paassen
B. de Vries
8 augustus 1934LjouwertB. v.d. Woude
P. Dorenbos
R. Keizer
7 augustus 1935BitgumSj.J. Rijpstra
Sj.A. Rijpstra
P. Burenga
5 augustus 1936HarnsG. Braaksma
F. Bouma
F. Helfrich
11 augustus 1937Sint-JabikJ. Terpstra
K. Tjepkema
D. Ganzinga
10 augustus 1938WierK. Wassenaar
W.Wieling
A. Bergsma
9 augustus 1939WeidumF. de Boer
Jan de Groot
B. Venema
7 augustus 1940RaerdP. de Jong
G. de Jong
W. de Boer
6 augustus 1941BerltsumR. Schaafstra
S. Beetstra
H. Rekker
5 augustus 1942MenaamM. Kingma
J. Stienstra
P. Kamminga
1943net trochgien fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1944
8 augustus 1945LjouwertS. Sevenster
G. Hoving
A. Veldkamp
7 augustus 1946ArumJ. Hiemstra
P. de Groot
J. Tolsma
12 augustus 1947WytmarsumA. v.d. Meer
A.J. v.d. Meer
E.T. Zijlstra
11 augustus 1948ReduzumG. Jonker
F. de Jong
U. Tolsma
10 augustus 1949LjouwertJ. Bijsterveld
A. Wouda
A. Radelaar
9 augustus 1950PeinsH. Gjaltema
E. Faber
P. Boonstra
8 augustus 1951HarnsP. Schuil
P. Dijkstra
H. Bultje
6 augustus 1952FrjentsjerG. Herrema
E. de Boer
W. de Jong
5 augustus 1953LjouwertW. Hulscher
J. Dijkhuis
D. v.d. Zee
11 augustus 1954HarnsJ. Dijkstra
J. v. Straten
S. Helfrich
10 augustus 1955StiensJ. v. Dijk
J. Bilstra
G. Römer
8 augustus 1956FrjentsjerJ. Seerden
P. Sikkema
Sikke Sikkema
7 augustus 1957EasterlittensP. Santema
M. v.d. Molen
Martinus Santema
6 augustus 1958LjouwertR. de Groot
G. Hoekstra
M. Delgrosso
5 augustus 1959PenjumJ. v.d. Meer
Tj. Huizenga
O.D. Wijnalda
10 augustus 1960LjouwertH. Schaaf
S. v.d. Veer
Johannes Westra
9 augustus 1961TsjummearumT. Meijer
Joh. Reitsma
S. Heeringa
8 augustus 1962LjouwertR. de Ruiter
S. v.d. Meulen
D. Scheepstra
7 augustus 1963LjouwertH. Volbeda
R. Sepp
C. Schaalje
5 augustus 1964EasterlittensP. Zijlstra
R. Toering
A. Toering
11 augustus 1965FrjentsjerS. Hoekstra
E. Veltman
H. Kramer
10 augustus 1966MarsumY. Zuiderveld
H. Klazinga
L. Breuker
9 augustus 1967BitgumD. Beimers
H. Laanstra
M. Zijlstra
7 augustus 1968FrjentsjerH. Seerden
A. de Boer
André Roosenburg
6 augustus 1969WommelsP. de Jong
H. Zijlstra
J. Joustra
5 augustus 1970FrjentsjerR. de Jong
H. Procee
C. Roosenburg
11 augustus 1971StiensG. Faber
Piet Jetze Faber
A. Rinkema
9 augustus 1972BitgumJ. v.d. Vlugt
K. Larooi
O. Larooi
8 augustus 1973HarnsJ. v.d. Molen
G. Taekema
Sj. Nota
7 augustus 1974DronrypD. Smeding
G. Jorritsma
J. Vaas
6 augustus 1975FrjentsjerN. Douma
D. Hoekstra
D. Kuperus
11 augustus 1976DronrypK. Laanstra
Y. Arendz
D.J. v.d. Wal
10 augustus 1977KimswertA. Brunia
A. v. Straten
H. Wiersma
9 augustus 1978Sint-JabikJoop Bierma
L. Leeuwen
J. Nicolai
8 augustus 1979MakkumP. Rinia
F. Huisman
T. Bootsma
6 augustus 1980ArumJ. Hibma
R. Wiersma
H. Rusticus
5 augustus 1981PenjumS. Nieuwenhuis
D. de Haan
A. Kooistra
11 augustus 1982ReduzumG.Zijlstra
P.Tolsma
A. Tolsma
10 augustus 1983DronrypG. Smid
T. Ringia
W. Tuinman
8 augustus 1984ArumA. v.d. Meer
J. van IJs
G. Okkinga
7 augustus 1985FrjentsjerM. Wever
T. Vellinga
J. Sjoers
6 augustus 1986MakkumY.K. Dijkstra
Y. Smink
C. v.d. Logt
5 augustus 1987FrjentsjerErik Seerden
J. Nagel
R. Tempel
10 augustus 1988SweinsM. Sijtsma
J. de Jong
L. Idsardi
9 augustus 1989FrjentsjerA. Terpstra
R. Hooghiemstra
R. van Wier
8 augustus 1990TsjummearumW. Heeringa
P. Zuidema
S. Broekstra
7 augustus 1991EastereinG.J. Hiemstra
R. Hoekstra
R. Sijbesma
5 augustus 1992WommelsM. Brouwer
H. Tanja
R. Klijnsma
11 augustus 1993MinnertsgeaW.H. de Haan
Joh. Wassenaar
W. Faber
10 augustus 1994BerltsumR. Grovenstein
J. Boomsma
Auke van der Graaf
9 augustus 1995MarsumG. Hiemstra
H. Jorritsma
J. Jorritsma
7 augustus 1996MinnertsgeaP. Sinnema
J. Wassenaar
R. Faber
6 augustus 1997MinnertsgeaH.G. Drijfhout
W.J. de Roos
Cornelis Terpstra
5 augustus 1998MenaamJ.H. Postma
K. Kingma
W. Bijlsma
11 augustus 1999Sint-JabikTaeke Triemstra
W. Veenstra
D. Hogenhuis
9 augustus 2000StiensFranke Ferwerda
Site Ferwerda
Jaap Oostra
8 augustus 2001WommelsH. Engbringhof
J.K. Haitsma
Kees Adema
7/8 augustus 2002[4]Reahûs/TurnsT.Altenburg
B.Poelsma
S. Terwisscha v. Scheltinga
6 augustus 2003WytmarsumJ. Zaagemans
C. Anema
G.J. Meekma
11 augustus 2004
ferslach
MakkumLennart Adema
Hyltje Bosma
Jorn Adema
10 augustus 2005
ferslach
HolwertGert Anne van der Bos
Matthijs van der Velde
Rudolf Soepboer
9 augustus 2006
ferslach
DronrypSjoerd van der Meer
Rutger Diertens
Johan Diertens
8 augustus 2007
ferslach
TsjummearumArnold Zijlstra
Hans Wassenaar
Steven de Bruin
6 augustus 2008
ferslach
WjelsrypJelmer Hofstee
Paulus Yde Walda
Jouke Bosje
5 augustus 2009
ferslach
WjelsrypPieter Sijbren Scharringa
Jelle Scharringa
Elmar Pieterse
11 augustus 2010
ferslach
BoalsertHendrik Bouwhuis
Willem Siebe Hilwerda
Peter van Zuiden
10 augustus 2011
ferslach
SeisbierrumJohannes van der Veen
Kees van der Schoot
Pieter van der Schoot
9 augustus 2012
ferslach
FrjentsjerKars Zeinstra
Allard Hoekstra
Christian de Haan
7 augustus 2013
ferslach
DronrypWierd Baarda
Sander Kingma
Sybren Blanksma
6 augustus 2014
ferslach
Hijum/FeinsumHielke Beijering
Jetze Lutzen Plantenga
Laas Pieter van Straten
5 augustus 2015
ferslach
MakkumJurre Rinia
Jouke Vlasbloem
Klaas Pier Folkertsma
10 augustus 2016
ferslach
MenaamHarmen Schuitmaker
Tom Gerard Cats
Tycho de Groot
9 augustus 2017
ferslach
BoalsertHidzer Bogaard
Jelle Cnossen
Menno Galama
8 augustus 2018
ferslach
EanjumGerwin Dijkstra
Gerrit Dijkstra
Sytse Koree
7 augustus 2019
ferslach
WinsumHessel Postma
Gosse de Haan
Jelke Greidanus
19 septimber 2020[5]
ferslach
Dronryp[6]Rutger Kumbangsila
Jorn Lars van Beem
Rick Minnesma
12 augustus 2021
ferslach
Tsjom[7]Steven Koster
Robin Benders
Jorrit Palma
10 augustus 2022
ferslach
Moarre-Ljussens[8]Folkert Jelmer Visser
Douwe Dijkstra
Johan Sipma
9 augustus 2023
ferslach
Dronryp [9]Brent Jesse van Beem
Bjorn Idsardi
Brent Timmerman
7 augustus 2024
ferslach
Boalsert[10]Jurre Reitsma
Silvan Elzinga
Tymen Bijlsma
6 augustus 2025
ferslach
StiensYde Bokma,
Pieter Miedema,
Bauke Jetze Kalsbeek

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eins soe it yn geef Frysk 'Frellepartij' wêze moatte, mar net ien dy't dat seit.
  2. ――, Kaatspartij Wommel Groote Jongens Kaatspartij, yn: de Ljouwerter Krante, 27 july 1903.
  3. List fan Freulewinners op 'e webside fan 'e Keatsferiening Wommels
  4. (ned) Ljouwerter Krante, 10-8-2002, Historische Freule, De Freule waard fanwegen needwaar op 7 augustus, in dei letter op 8 augustus fierder ferkeatst
  5. de Freule waard útsteld oant de hjerst fanwegen de Koroanafiruspandemy.
  6. Nijsberjocht op KNKB.nl "‘Boem, boem Van Beem’ brengt Dronryp winst Freule"
  7. Nijsberjocht op KNKB.nl "Tzum wint 119e editie van de Freule"
  8. Nijsberjocht op omropfryslan.nl "LIVEBLOG Freule: Moarre-Ljussens ferslacht Raerd yn de finale"
  9. Omrop Fryslân, 9-8-2023, Dronryp makket favoriterol wier en wint Freulepartij
  10. mrop Fryslân, 7-8-2024, Boalsert wint foar de fjirde kear yn de skiednis de Freule

  • Bokma, Hinne, Stichting set troch mei ferjonging en fernijing fan Freule, yn: Op 'e Skille, 6 augustus 2018, s. 3.