Revâns-Freule
Revâns-Freule | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Bears Jellum | |
datum | 1 wike nei de Freulepartij | |
tiid fan it jier | mids augustus | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (keatsen) | |
bestean | 1964 – no | |
org. troch | KF De Twa Doarpen | |
offisjele webside | ||
gjint |
De Revâns-Freule (de offisjele namme is Frysktalich) is in keatspartij dy't alle jierren yn mids augustus holden wurdt yn it Fryske twillingdoarp Jellum-Bears. Dit evenemint is ûntstien as reäksje op 'e bekendere Freulepartij yn Wommels.
Regels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Revâns-Freule is in wedstryd foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier, dêr't partoeren fan by it KNKB oansletten keatsferienings foar útnûge wurde dy't dat jiers goed prestearre hawwe. De Revâns-Freule fynt plak op in woansdei, persiis in wike nei de Freulepartij, dy't sels wer persiis in wike nei de PC yn Frjentsjer ferkeatst wurdt. De organisaasje fan 'e Revâns-Freule is yn 'e hannen fan Keatsferiening De Twa Doarpen fan Jellum-Bears.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1964 hie Jellum-Bears in goed jongespartoer, dat lykwols op 'e Freulepartij yn Wommels krekt njonken de prizen griep. Wouter Swart, foarsitter fan Keatsferiening De Twa Doarpen, naam dêrop it inisjatyf foar de oprjochting fan 'e Revâns-Freule, dêr't jonges dy't it op 'e Freule krekt net helle hiene, revâns krije koene. Anno 2018 wie it sa dat Frjentsjer de Revâns-Freule njoggen kear wûn hie, en Wommels sân kear. Alve kear hie it winnende partoer fan 'e Freulepartij ek de Revâns-Freule op syn namme skriuwe kinnen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|