Freulepartij
Freulepartij | ||
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004. | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Wommels | |
holden yn | sportfjild efter it âlde gemeentehûs | |
datum | 1 wike nei de PC | |
tiid fan it jier | begjin augustus | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (keatsen) | |
bestean | 1903 – no | |
org. troch | KF Wommels (o/m 2016) St. De Freulepartij (fanôf 2017) | |
offisjele webside | ||
kfwommels.nl/freulepartij |
De Freulepartij [1] is in keatswedstryd dy't alle jierren yn it Fryske doarp Wommels holden wurdt. Der komt elts jier in publyk fan sa'n 4.500 oant 5.000 minsken op ôf. De Freulepartij is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier, en is dêrmei de manlike wjergader fan 'e Ald-Meiers Partij yn Hitsum, foar famkes fan dy âldens. It evenemint bestiet sûnt 1903, en wurdt elts jier op in woansdei yn begjin augustus holden, persiis in wike nei de PC yn Frjentsjer. (De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan july, of, as july mar fjouwer woansdeis hat, op 'e earste woansdei fan augustus.) De woansdeis nei de Freulepartij wurdt yn Jellum-Bears de Revâns-Freule ferkeatst.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Freulepartij waard foar it earst spile op 5 augustus 1903.[2] De wedstryd is ferneamd nei frelle (freule) Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, dy't keatsen in sûn tiidferdriuw foar opslûpen jonges fûn. Dêrom stelde hja yn 1902 in flink bedrach oan jild beskikber foar de oprjochting fan in jierliks weromkearende wedstryd yn har wenplak Wommels. Dêrfoar waard se letter eare mei in boarstbyld dat op De Terp stiet, yn it sintrum fan it doarp.
Yn 1943 en 1944 gie de Freulepartij net troch fanwegen de Twadde Wrâldoarloch.
De organisaasje fan 'e Freulepartij wie mear as 110 jier yn 'e hannen fan 'e Keatsferiening Wommels, mar úteinlik groeide it evenemint sa grut dat men suver mear mei de Freulepartij dwaande wie as mei de saken dêr't in keatsferiening foar bedoeld is. Dêrom waard de organisaasje yn 2017 oernommen troch de nij oprjochte Stichting De Freulepartij Wommels. Dy sette doe útein mei in wiidweidich fernijings- en ferjongingsprogramma dat foar de edysje fan 2018 foar it earst fruchten begûn ôf te werpen.
Sa waard it publyk by de yngong fan it sportfjild oan De Keatsebaen tenei wolkom hjitten troch in grut digitaal boadskippeboerd en waarden alle frijwilligers yn in nij tenu stutsen. Ek waard der op 'e jûn fan 'e tiisdei foarôfgeande oan 'e Freulepartij foar it earst in 'Freulekafee' holden yn it Wommelser Kafee It Reade Hynder, dat troch Omrop Fryslân fan 19.00 oant 20.00 oere útstjoerd waard. Ek nij wie dat der yn it skoft foar de finale en nei ôfrin fan 'e keatspartij in optreden wie fan in dweilorkest, yn 2018 fersoarge troch De Menaemer Feintsjes.
Yn 2020 waard de Freulepartij fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy sûnder taskôgers ferkeatst op sneon 19 septimber.
Regels en tradysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferkeap fan tangongskaartsjes begjint neffens de tradysje by Warehûs Van der Velde yn Wommels, dêr't de earste gadingmakkers dan moarns om kertier oer fiven al foar de doar sitte.
Dielname oan 'e Freulepartij stiet iepen foar jongespartoeren fan alle keatsferienings dy't as ôfdielings oansletten binne by it KNKB. Eltse ôfdieling mei maksimaal ien partoer nei de Freule ôffurdigje. De winners ûntfange goudene klokjes en in wikselpriis (de "Freule") dy't nei frelle De Vos van Steenwijk neamd is en bestiet út in miniatuer fan har filla. Jonges dy't de Freulepartij al in kear wûn hawwe, binne dêrnei útsletten fan fierdere dielname, ek al falle se yn 'e jierren dêrop noch binnen de leeftydskategory fan 14 oant en mei 16 jier.
It winnen fan 'e Freulepartij wurdt rekkene as it earste bledsje fan it saneamde Klaverke Fjouwer. De oare trije bledsjes kinne wûn wurde by: de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. It komt mar tige selden foar dat keatsers alle bledsjes fan it Klaverke Fjouwer winne.
Winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjirûnder in list mei winners fan 'e Freulepartij.[3]
jier | plak | keatsers |
---|---|---|
1903 | Easterlittens | H. v.d. Feer Th. v. Buren S. v. Buren |
1904 | Easterein | A. Terpstra A.H. Dijkstra M. Bonnema |
1905 | Arum | B.K. Tolsma H. Kuipers J. Postma |
1906 | Frjentsjer | J.U. Vlietstra J. Alkema M. Hiemstra |
1907 | Achlum | H. Rollingswier F.de Jong J. Alkema |
1908 | Achlum | H. Rollingswier U. Donia J. Alkema |
1909 | Frjentsjer | D. Ferwerda A. Smidts Y. Aukema |
1910 | Penjum | J. Reitsma jr. O. Postma J. Dijkstra |
1911 | Easterein | J.Y. Heeg L. Bonnema B. de Haan |
1912 | Dokkum | G. de Vries Tj. Hoogeveen R. Brouwer |
1913 | Raerd | W. Oosterhof H. de Jong J. de Jong |
1914 | net trochgien fanwegen it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch | |
1915 | Harns | J. v.d. Plaats A. van Veen J. Broersma |
1916 | Dokkum | K. Toornstra P. Brouwer I. Jousma |
1917 | Wytmarsum | T. Zijlstra J.A. Reitsma D. Hettema |
1918 | Sint-Anne | Y. Schuitmaker J. Schat R. Kuiken |
1919 | Dokkum | H. Visser K. Kooistra P. Ronner |
1920 | Wommels | E. de Groot J. Krips R. Boersma |
1921 | Frjentsjer | Chr. v.d. Woude J. Paulides S. Haitsma |
1922 | Boalsert | C. de Way S. Kramer L. Kramer |
1923 | Holwert | H. Schaafsma O. Hiddema J. Tilstra |
1924 | Mantgum | J. de Groot A. Mulder H. Jepma |
1925 | Wommels | T. de Haas R. Pagels A. Tjallema |
1926 | Frjentsjer | E. v.d. Schoot G. v. Smeden R. Kats |
1927 | Penjum | S.R. de Vries D.L. Hylarides Tj. Hiemstra |
1928 | Sint-Anne | J. Bijlsma T. Brouwer H. de Jong |
1929 | Bitgum | D. Halbertsma G. Stienstra M. Halma |
1930 | Arum | L. v.d. Weerd G. Kuipers C. Kamminga |
1931 | Harns | B. v. Seijst F. de Jager S. v.d. Meer |
1932 | Snits | Y. Blom Sj. Ypma Sj. Sikkes |
1933 | Huzum | Y. Swierstra A. Paassen B. de Vries |
1934 | Ljouwert | B. v.d. Woude P. Dorenbos R. Keizer |
1935 | Bitgum | Sj.J. Rijpstra Sj.A. Rijpstra P. Burenga |
1936 | Harns | G. Braaksma F. Bouma F. Helfrich |
1937 | Sint-Jabik | J. Terpstra K. Tjepkema D. Ganzinga |
1938 | Wier | K. Wassenaar W.Wieling A. Bergsma |
1939 | Weidum | F. de Boer Jan de Groot B. Venema |
1940 | Raerd | P. de Jong G. de Jong W. de Boer |
1941 | Berltsum | R. Schaafstra S. Beetstra H. Rekker |
1942 | Menaam | M. Kingma J. Stienstra P. Kamminga |
1943 | net trochgien fanwegen de Twadde Wrâldoarloch | |
1944 | net trochgien fanwegen de Twadde Wrâldoarloch | |
1945 | Ljouwert | S. Sevenster G. Hoving A. Veldkamp |
1946 | Arum | J. Hiemstra P. de Groot J. Tolsma |
1947 | Wytmarsum | A. v.d. Meer A.J. v.d. Meer E.T. Zijlstra |
1948 | Reduzum | G. Jonker F. de Jong U. Tolsma |
1949 | Ljouwert | J. Bijsterveld A. Wouda A. Radelaar |
1950 | Peins | H. Gjaltema E. Faber P. Boonstra |
1951 | Harns | P. Schuil P. Dijkstra H. Bultje |
1952 | Frjentsjer | G. Herrema E. de Boer W. de Jong |
1953 | Ljouwert | W. Hulscher J. Dijkhuis D. v.d. Zee |
1954 | Harns | J. Dijkstra J. v. Straten S. Helfrich |
1955 | Stiens | J. v. Dijk J. Bilstra G. Römer |
1956 | Frjentsjer | J. Seerden P. Sikkema S. Sikkema |
1957 | Easterlittens | P. Santema M. v.d. Molen M. Santema |
1958 | Ljouwert | R. de Groot G. Hoekstra M. Delgrosso |
1959 | Penjum | J. v.d. Meer Tj. Huizenga O.D. Wijnalda |
1960 | Ljouwert | H. Schaaf S. v.d. Veer Joh. Westra |
1961 | Tsjummearum | T. Meijer Joh. Reitsma S. Heeringa |
1962 | Ljouwert | R. de Ruiter S. v.d. Meulen D. Scheepstra |
1963 | Ljouwert | H. Volbeda R. Sepp C. Schaalje |
1964 | Easterlittens | P. Zijlstra R. Toering A. Toering |
1965 | Frjentsjer | S. Hoekstra E. Veltman H. Kramer |
1966 | Marsum | Y. Zuiderveld H. Klazinga L. Breuker |
1967 | Bitgum | D. Beimers H. Laanstra M. Zijlstra |
1968 | Frjentsjer | H. Seerden A. de Boer A. Roosenburg |
1969 | Wommels | P. de Jong H. Zijlstra J. Joustra |
1970 | Frjentsjer | R. de Jong H. Procee C. Roosenburg |
1971 | Stiens | G. Faber P.J. Faber A. Rinkema |
1972 | Bitgum | J. v.d. Vlugt K. Larooi O. Larooi |
1973 | Harns | J. v.d. Molen G. Taekema Sj. Nota |
1974 | Dronryp | D. Smeding G. Jorritsma J. Vaas |
1975 | Frjentsjer | N. Douma D. Hoekstra D. Kuperus |
1976 | Dronryp | K. Laanstra Y. Arendz D.J. v.d. Wal |
1977 | Kimswert | A. Brunia A. v. Straten H. Wiersma |
1978 | Sint-Jabik | J.H. Bierma L. Leeuwen J. Nicolai |
1979 | Makkum | P. Rinia F. Huisman T. Bootsma |
1980 | Arum | J. Hibma R. Wiersma H. Rusticus |
1981 | Penjum | S. Nieuwenhuis D. de Haan A. Kooistra |
1982 | Reduzum | G.Zijlstra P.Tolsma A. Tolsma |
1983 | Dronryp | G. Smid T. Ringia W. Tuinman |
1984 | Arum | A. v.d. Meer J. van IJs G. Okkinga |
1985 | Frjentsjer | M. Wever T. Vellinga J. Sjoers |
1986 | Makkum | Y.K. Dijkstra Y. Smink C. v.d. Logt |
1987 | Frjentsjer | Erik Seerden J. Nagel R. Tempel |
1988 | Sweins | M. Sijtsma J. de Jong L. Idsardi |
1989 | Frjentsjer | A. Terpstra R. Hooghiemstra R. van Wier |
1990 | Tsjummearum | W. Heeringa P. Zuidema S. Broekstra |
1991 | Easterein | G.J. Hiemstra R. Hoekstra R. Sijbesma |
1992 | Wommels | M. Brouwer H. Tanja R. Klijnsma |
1993 | Minnertsgea | W.H. de Haan Joh. Wassenaar W. Faber |
1994 | Berltsum | R. Grovenstein J. Boomsma A. v.d. Graaf |
1995 | Marsum | G. Hiemstra H. Jorritsma J. Jorritsma |
1996 | Minnertsgea | P. Sinnema J. Wassenaar R. Faber |
1997 | Minnertsgea | H.G. Drijfhout W.J. de Roos C. Terpstra |
1998 | Menaam | J.H. Postma K. Kingma W. Bijlsma |
1999 | Sint-Jabik | T. Triemstra W. Veenstra D. Hogenhuis |
2000 | Stiens | F. Ferwerda S. Ferwerda J.Oostra |
2001 | Wommels | H. Engbringhof J.K. Haitsma Kees Adema |
2002 | Reahûs/Turns | T.Altenburg B.Poelsma S. Terwisscha v. Scheltinga |
2003 | Wytmarsum | J. Zaagemans C. Anema G.J. Meekma |
2004 | Makkum | Lennart Adema Hyltje Bosma Jorn Adema |
2005 | Holwert | Gert Anne van der Bos Matthijs van der Velde Rudolf Soepboer |
2006 | Dronryp | Sjoerd van der Meer Rutger Diertens Johan Diertens |
2007 | Tsjummearum | Arnold Zijlstra Hans Wassenaar Steven de Bruin |
2008 | Wjelsryp | Jelmer Hofstee Paulus Yde Walda Jouke Bosje |
2009 | Wjelsryp | Pieter Sijbren Scharringa Jelle Scharringa Elmar Pieterse |
2010 | Boalsert | Hendrik Bouwhuis Willem Siebe Hilwerda Peter van Zuiden |
2011 | Seisbierrum | Johannes van der Veen Kees van der Schoot Pieter van der Schoot |
2012 | Frjentsjer | Kars Zeinstra Allard Hoekstra Christian de Haan |
2013 | Dronryp | Wierd Baarda Sander Kingma Sybren Blanksma |
2014 | Hijum/Feinsum | Hielke Beijering Jetze Lutzen Plantenga Laas Pieter van Straten |
2015 | Makkum | Jurre Rinia Jouke Vlasbloem Klaas Pier Folkertsma |
2016 | Menaam | Harmen Schuitmaker Tom Gerard Cats Tycho de Groot |
2017 | Boalsert | Hidzer Bogaard Jelle Cnossen Menno Galama |
2018 | Eanjum | Gerwin Dijkstra Gerrit Dijkstra Sytse Koree |
2019 | Winsum | Hessel Postma Gosse de Haan Jelke Greidanus |
2020 | Dronryp[4] | Rutger Kumbangsila Jorn Lars van Beem Rick Minnesma |
2021 | Tsjom[5] | Steven Koster Robin Benders Jorrit Palma |
2022 | Moarre-Ljussens[6] | Folkert Jelmer Visser Douwe Dijkstra Johan Sipma |
2023 | Dronryp [7] | Brent Jesse van Beem Bjorn Idsardi Brent Timmerman |
2024 | Boalsert[8] | Jurre Reitsma Silvan Elzinga Tymen Bijlsma |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|