Kustterritoarium
Kustterritoarium Primorskij Kraj | ||
emblemen | ||
polityk | ||
soarte gebiet | territoarium (kraj) | |
lân | Ruslân | |
lânsdiel | Sibearje | |
fed. distrikt | Russyske Fiere Easten | |
haadplak | Vladivostok | |
grutste plak | Vladivostok | |
sifers | ||
ynwennertal | 1.845.165 (2021) | |
oerflak | 164.673 km² | |
befolkingstichtens | 11,2 / km² | |
oar | ||
stifting | 1938 | |
tiidsône | UTC +10 | |
simmertiid | gjint | |
koördinaten | 45°20′ N, 134°40′ E | |
offisjele webside | ||
www.primorsky.ru |
It Kustterritoarium (Russysk: Приморский Край, Primorskij Kraj), ynformeel ornaris de Kust neamd (Russysk: Приморье, Primorje), is in territoarium (kraj) fan 'e Russyske Federaasje. It leit yn it Russyske Fiere Easten, yn it uterste súdeasten fan Sibearje, ynklamme tusken Sina en de Japanske See. It Kustterritoarium hat ek in koarte grins mei Noard-Koreä. De haadstêd en teffens grutste stêd is Vladivostok. Yn 'e mande mei stêden oan 'e Swarte See en de See fan Azov binne de havens fan it Kustterritoarium de seldsume Russyske havens dy't winterdeis iisfrij bliuwe. It Kustterritoarium waard yn 1860 troch it Keizerryk Ruslân anneksearre; earder makke it diel út fan Bûten-Mantsjoerije, dat ta it Keizerryk Sina hearde. As bestjoerlike ienheid waard it yn syn hjoeddeistige foarm yn 1938 oprjochte. It Kustterritoarium hie yn 2021 rom 1,8 miljoen ynwenners.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kustterritoarium is it súdeastlikste diel fan 'e Russyske Federaasje. It gebiet leit yn súdeastlik Sibearje en foarmet it uterste suden fan it Russyske Fiere Easten. Yn it noarden wurdt it Kustterritoarium begrinzge troch it Russyske territoarium Chabarovsk. Yn it westen grinzget it oan 'e provinsjes Jilin en Heilongjiang fan 'e Folksrepublyk Sina, dy't ta it âlde Mantsjoerije hearre. Yn it easten leit it Kustterritoarium oan 'e kust (dêrfandinne de namme) fan 'e Japanske See. Yn yn it uterste suden is der in koarte grins mei Noard-Koreä.
It noardlike diel fan 'e grins mei Sina wurdt foarme troch de Oessoeri, dat de wichtichste rivier fan it Kustterritoarium is. Súdliker leit, ek op 'e grins mei Sina, de Chankamar, it grutste oerflaktewetter fan it Kustterritoarium, dat omjûn wurdt troch in lânskip fan wâldsteppe. It meastepart fan it territoarium, útsein it uterste suden en it leechlân by de Sineeske grins lâns, wurdt dominearre troch de Sichote-Alin, in heechberchtme dat yn it noarden útstiket oer de grins fan Chabarovsk hinne. De heechste berch fan it Kustterritoarium is de Anik, mei in hichte fan 1.933 m boppe seenivo. Alle rivieren yn it gebiet, de Oessoeri ynbegrepen, ûntspringe yn 'e Sichote-Alin.
De kustline fan it Kustterritoarium mjit 1.350 km. Yn it suden stiket it Moeravjov-Amoerskyskiereilân, dêr't de stêd Vladivostok op leit, in eintsje út yn 'e Japanske See. Op dat plak wykt de kust in ein tebek nei it noarden sadat der in baai ûntstiet, dy't de Baai fan Peter de Grutte hjit. Foar de kust lizze ferskate lytse eilantsjes, wêrûnder Lisy, Askold, Pûtjatin, Skrebtsov, Sibirjakov, de Eugénie-eilannen, de Rimsky-Korsakoveilannen en Foerûgelm.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kustterritoarium waard yn 'e Aldheid bewenne troch ferskate stammen dy't Toengoezo-Mantsjoeske en Mongoalske talen sprieken, lykas de Sûsjen, de Sjiwee en de Mohe. De Oedegeeërs binne de lânseigen etnyske groep dy't it noardlike part fan it gebiet yn 'e histoaryske perioade bewenne. Under de Liao-dynasty (907–1125) kaam it gebiet foar it earst diel út te meitsjen fan it Keizerryk Sina. Fan 'e Yuan-dynasty ôf (1271–1368) waarden de kontreien dy't no it Kustterritoarium en de provinsje Sachalin foarmje en it diel fan it territoarium Chabarovsk besuden de rivier de Amoer oantsjut as Bûten-Mantsjoerije, wylst it gebiet dat tsjintwurdich Mantsjoerije neamd wurdt, bekend stie as Binnen-Mantsjoerije.
Fan 'e santjinde iuw ôf brocht de ferovering fan Sibearje it Keizerryk Ruslân yn direkt kontakt mei Sina. Neffens it Ferdrach fan Nertsjinsk, út 1689, hearde alle lân besuden it Stanovojberchtme ta Sina. Dat betsjutte de grins fan 'e noardpunt fan (Binnen-)Mantsjoerije yn in likernôch rjochte line nei de de kust fan 'e See fan Ochotsk rûn, ter hichte fan 'e Sjantareilannen. Mei de ferswakking fan 'e Qing-dynasty, mids njoggentjinde iuw, fielden de Russen har lykwols net mear oan dat ferdrach bûn. By de Amoeranneksaasje krongen se de Sinezen oan it begjin fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw twa efterienfolgjende anneksaasjes op. Yn 1858 krige Ruslân der in reuseftich grut gebiet by troch it sluten fan it Ferdrach fan Aigûn, wêrby't Sina ôfstân die fan alle gebiet tusken it Stanovojberchtme en de rivier de Amoer. Datselde jiers noch teagen Russyske kolonisten, foar in grut part kozakken, it gebiet binnen en stiften der de delsettings Chabarovsk en Blagovesjtsjensk. Twa jier letter, yn 1860, twongen de Russen by de Konvinsje fan Peking in nije grinsferlizzing nei it suden ôf. Ruslân krige doe al it lân tusken de Amoer en de Baai fan Peter de Grutte dat beëasten de Oessoeri lei: dus it suden fan wat no it territoarium Chabarovsk is, oanfolle mei it Kustterritoarium en it grutte eilân Sachalin.
De Kustprovinsje (Primorskaja Oblast) wie ûnderwilens al yn 1856 yn it libben roppen as de eastlikste provinsje fan it Keizerryk Ruslân. It omfette it territoarium Chabarovsk benoarden it Stanovojberchtme en de tsjintwurdige provinsje Magadan. Yn 1860 waarden ek de nij anneksearre gebieten derby yndield, sadat de provinsje rikte fan it Tsjûkotkaskiereilân yn it hege noarden oant Vladivostok yn it suden. Yn 'e folgjende tweintich jier setten de Russen útein mei de kolonisaasje fan it nije gebiet. Se wiene der fral tige wiis mei om't se mei Vladivostok in plak yn 'e hannen krigen hiene wêrfan't de haven winterdeis net (hielendal) tichtfrear. Al hoe grut oft it Keizerryk Ruslân ek wie, soks hiene de Russen fierder inkeld oan 'e kusten fan 'e Swarte See en de See fan Azov, en dêr behearske it Osmaanske Ryk de see-ingten fan 'e Bosporus en de Dardanellen, sadat de Russyske float dêr winliken opsletten siet. Yn 't earstoan wiene de Russyske bewenners fan wat letter it Kustterritoarium wurde soe benammen aktyf mei lânbou, fiskerij en de pelsjacht. Yn 'e lêste tweintich jier fan 'e njoggentjinde iuw waarden der ek koaleminen iepene en waard úteinset mei de houtkap.
Doe't by de Russyske Revolúsje fan 1917 de kommunistyske bolsjewiken oan 'e macht kamen, briek de Russyske Boargeroarloch út. It Russyske Fiere Easten, dêr't de bolsjewiken it foar it sizzen hiene, waard skaat fan it oare bolsjewistyske gebiet yn Jeropeesk Ruslân troch in bolwurk yn sintraal Sibearje dêr't de anty-kommunistyske Witen it foar it sizzen hiene. Sadwaande waard it gebiet min ofte mear selsstannich yn 'e foarm fan 'e Fier-Eastlike Republyk, dy't bestie fan 1920 oant 1922. Nei de oprjochting fan 'e Sovjet-Uny waard dy bestjoerlike ienheid yn 'e Russyske Federative Sosjalistyske Sovjetrepublyk opnommen as de Fier-Eastlike Provinsje (1922–1926), dy't letter omfoarme waard ta it Fier-Eastlik Territoarium (1926–1938). It Kustterritoarium waard ûnder de Russyske Boargeroarloch in striidtoaniel doe't de Westerske grutmachten yn 1918 de Sibearyske Yntervinsje útfierden. Yn 1922, koart foar de ein fan 'e oarloch, kaam it hiele gebiet wer ûnder bolsjewistysk bestjoer.
De lânseigen befolking yn it suden fan it Kustterritoarium bestie fan âlds út etnyske Koreänen, dy't ûnder it Sovjet-bestjoer yn 't earstoan in eigen nasjonaal gebiet krigen, Korenizatsia, dat yn namme selsbestjoer hie. Yn dy krite leine 105 folslein of foar in diel etnysk Koreaanske doarpen en stêden, en it Koreaansk wie der de offisjele taal. Mei't Koreä fan 1910 ôf beset waard troch Japan, dat fijannich oer stie foar it kommunistyske bewâld fan 'e Sovjet-Uny, begûnen de Russen de Koreaanske minderheid yn it Kustterritoarium lang om let as mooglik ferrieders en kollaborateurs te sjen. Yn 1938, ûnder it ûnmeilydsume regear fan Josef Stalin, waard besletten dat de Koreänen by de grins wei moasten. By de deportaasje fan 'e Koreänen waarden 200.000 minsken út it suden fan it Kustterritoarium wei nei ferskate plakken yn Sintraal-Aazje fuortfierd, dêr't dy saneamde Korjo-Saram tsjintwurdich noch libje, benammen yn Kazachstan en Oezbekistan.
Datselde jiers, 1938, waard der ek in bestjoerlike weryndieling fan it Fier-Eastlike Territoarium trochfierd yn it ramt fan Stalin syn belied fan 'ûntbondeljen'. It gebiet waard opspjalten yn 'e provinsje Magadan, it territoarium Chabarovsk en it Kustterritoarium.
Under de Twadde Wrâldoarloch bleau de Sovjet-Uny oant 1945 neutraal yn 'e Pasifyske Oarloch tsjin Japan. Nei de Doolittle Raid, it earste Amerikaanske bombardemint fan Japanske stêden, rekke ien fan 'e B-25 Mitchell-bommesmiters, dy't de oanfal útfierd hiene, fan koers en lâne net yn Sina, sa't de bedoeling wie, mar yn it Kustterritoarium. De piloaten waarden troch de Sovjet-Uny ynternearre sa't in neutraal lân neffen it oarlochsrjocht mei militêren fan stridende partijen dwaan moat. In goed jier waard lykwols mei help fan aginten fan 'e geheime tsjinst NKVD (de foarrinner fan 'e KGB) harren 'ûntsnapping' yn sêne set, wernei't se fia Perzje, dat troch de Russen en de Britten beset holden waard, weromkearden nei it Westen.
Op 12 febrewaris 1947 fûn yn 'e Sichote-Alin, yn it binnenlân fan it Kustterritoarium, ien fan 'e grutste meteoritereinen plak út 'e resinte skiednis. De Sichote-Alinmeteoryt barste yn 'e atmosfear fan 'e Ierde útinoar en reinde tonnen oan brokstikken del oer in gebiet fan 1,3 km². It delkommen materiaal bestie foar it meastepart út metalen. By dit barren waarden kraters yn it berchtme slein, wêrfan't de grutste in diameter fan 26 m hat. De Sichote-Alinmeteoryt kaam del by it doarp Paseka, 440 km benoarden Vladivostok.
Yn 'e Kâlde Oarloch wiene Vladivostok en de rest fan it súdlike Kustterritoarium omreden fan 'e iisfrije havens in wichtich gebiet foar it Reade Leger en de Reade Marine. Noch altyd lizze yn it gebiet grutte legerbases en marinebases.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kustterritoarium is formeel in territoarium (kraj), mar yn 'e praktyk ferskilt dat inkeld yn namme mei in provinsje (oblast). It gebiet hat in eigen territoriale folksfertsjintwurdiging, wêrfan't de leden by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings oanwiisd wurde troch de befolking. Under de diktatuer fan Vladimir Pûtin binne sokke dingen lykwols inkeld noch foar de show. Tsjinstanners fan it rezjym kinne net yn it territoriale parlemint komme om't se by ferkiezings simpelwei net akseptearre wurde as kandidaten. De gûverneur fan it territoarium wurdt net keazen, mar beneamd troch it sintrale regear yn Moskou.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan it Kustterritoarium is de rjusidichste en meast lykwichtige fan it Russyske Fiere Easten. Teffens is it de grutste yn absolute termen. De wichtichste sektor is itensproduksje, en dêrfan komme de fiskerij en de fiskferwurkjende yndustry op it foarste plak. Jiers wurdt der yn it Kustterritoarium mear as 2 miljoen ton fisk en krab fongen en ferwurke. Dêrnjonken wurdt der ek oan lânbou dien, mei as wichtichste produkten rys, molke, aaien en grienten. Oare ekonomyske sektoaren fan belang binne de masinebou, skipsbou, houtkap, trochfier fia de havens nei oare dielen fan it Russyske Fiere Easten en Sibearje, en de bankêre sektor. Nei Chabarovsk produsearret it Kustterritoarium fan alle Russyske gewesten it measte timmerhout. Op it mêd fan 'e mynbou wurde yn it Kustterritoarium de folgjende dylchstoffen wûn: stienkoal, tin, wolfram, lead, sink, sulver, goud, fluoryt, boar, kalkstien, klaai foar tichelwurken en porseleinierde.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kustterritoarium hie neffens de Russyske folkstelling fan 2021 dat jiers 1.845.165 ynwenners. Dat is in delgong fan 5,7% yn ferhâlding mei de sitewaasje fan 2010. De befolking fan it gebiet rint al werom sûnt 1989, doe't der krapoan 2,3 miljoen ynwenners wiene. De befolkingstichtens bedroech yn 2021 11,2 minsken de km².
jier | 1897 | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2021 |
ynwenners | 190.012 | 633.800 | 906.805 | 1.381.018 | 1.721.285 | 1.977.779 | 2.258.391 | 2.071.210 | 1.956.497 | 1.845.165 |
De grutste stêd fan it Kustterritoarium is de haadstêd Vladivostok, dy't yn 2020 in befolking hie fan 607.000 minsken. Dêrnei folgen: Oessoerijsk (174.000), Nachodka (145.000) en Artjom (106.000). Alle oare plakken hawwe minder as 100.000 ynwenners.
Wat de etnyske gearstalling fan 'e befolking fan it Kustterritoarium oangiet, dy wie yn 2021 sa: Russen 75,4%, Oekraïners 0,6% (11.300 minsken), Koreänen 0,4% (7.800 minsken), Oezbeken 0,3% (6.400 minsken), Armenen 0,2% (4.400 minsken), Tataren 0,2% (3.900 minsken) en oare etnisiteiten 2,6%. Fan 'e respondinten fan 'e folkstelling keas 20,1% derfoar om 'e fraach oer etnisiteit net yn te foljen. Dêrby moat it lykwols foar it meastepart om etnyske Russen gean.
De lânseigen befolking fan it noardlike Kustterritoarium, de Oedegeeërs, telle noch mar sa'n 1.500 minsken. Under lieding fan harren foaroanman Pavel Sûljandziga stride se om sizzenskip te krijen oer harren tradisjonele wengebiet yn 'e delling fan 'e rivier de Bikin. Harren taal, it Oedegeesk, dat ta de Toengoezo-Mantsjoeske taalkloft heart, hie yn 2010 noch mar 100 sprekkers.
Op it mêd fan religy foarmen neffens in enkête út 2012 doe de ateïsten de grutste groep fan 'e befolking, mei 34,7%. Dêrnei folgen de oanhingers fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke (26,6%), agnosten (23,6%), kristenen fan oare denominaasjes as de Russysk-Otterdokse Tsjerke (8,3%) en moderne heidens en oanhingers fan natoerreligyen (0,6%). It Kustterritoarium wie mei dizze útkomsten ien fan 'e minst religieuze dielen fan Ruslân.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trochdat it Kustterritoarium ûnder de ferskate iistiden nea oerdutsen waard troch gletsjers, bestiet er in grut ferskaat oan floara yn it gebiet, mei sa'n 250 ferskillende soarten beammen, strûken en lianen. Ek de moassen en koarstmoassen yn it gebiet kenne gâns ferskaat. Fral op 'e wâldsteppe yn it westlike leechlân binne in protte planten bewarre bleaun dy't op oare plakken útstoarn binne, wêrûnder ferskate soarten fearplanten, loatussen en wylgen.
Ek wat fauna oanbelanget, is de natoer yn it Kustterritoarium tige ryk. De meast opfallende bisten yn it gebiet binne de Sibearyske tiger (Panthera tigris tigris) en it Amoerloaihoars (Panthera pardus orientalis), allebeide slim bedrige. Oare bisten binne de brune bear (Ursus arctos), de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus), de grize wolf (Canis lupus), de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), de Amoertigerkat (Prionailurus bengalensis euptilurait), it everswyn (Sus scrofa), it reahart (Cervus elaphus), it sikahart (Cervus nippon), it Sibearysk muskushart (Moschus moschiferus), de langsturtgoral (Naemorhedus caudatus), de harmeling (Mustela erminea), de wezeling (Mustela nivalis), de sabelmarter (Martes zibellina), de Sibearyske wezeling (Mustela sibirica), de warch (Gulo gulo), de Mantsjoerijske hazze (Lepus mandshuricus), de brânmûs (Apodemus agrarius), de Koreaanske boskmûs (Apodemus peninsulae), de lytse reade wrotmûs (Myodes rutilus), de readgrize wrotmûs (Myodes rufocanus), de rottekop (Alexandromys oeconomus), de brune rôt (Rattus norvegicus), de hûsmûs (Mus musculus), de nôtmûs (Micromys minutus), it iikhoarntsje (Sciurus vulgaris), it gewoan fleanend iikhoarntsje (Pteromys volans), it Sibearysk grûniikhoarntsje (Eutamias sibiricus), de muontsegier (Aegypius monachus), de blakistonfiskûle (Bubo blakistoni), de swarte earrebarre (Ciconia nigra), de Sineeske seachbek (Mergus squamatus), de mandarynein (Aix galericulata), de rotsauerhin (Tetrao urogalloides), de skerpwjukhin (Falcipennis falcipennis), de boskhin (Tetrastes bonasia), de Alpensniehin (Lagopus muta), de moerassniehin (Lagopus lagopus), de kuorhin (Lyrurus tetrix) en de fazant (Phasianus colchicus). Eksoaten hat it Kustterritoarium ek, bgl. yn 'e foarm fan 'e Amerikaanske nerts (Neogale vison), de muskusrôt (Ondatra zibethicus) en de swarte rôt (Rattus rattus).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|