Springe nei ynhâld

Gewoan fleanend iikhoarntsje

Ut Wikipedy
gewoan fleanend iikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys)
soarte
Pteromys volans
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It gewoane fleanende iikhoarntsje (Latynske namme: Pteromys volans), ek wol it gewoane fleanhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini) en it skaai fan 'e fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys). Dizze soarte libbet fan Finlân oant yn East-Aazje, en is it iennichste fleanende iikhoarntsje dat yn Jeropa foarkomt. Likemin as oare "fleanende" iikhoarntsjes kin dit bist fleane, mar ynstee sweeft er, troch in hûdflap tusken syn foar- en efterpoaten út te sprieden.

It gewoane fleanende iikhoarntsje komt foar yn it hast hiel Sibearje, it grutte eilân Sachalin ynbegrepen, mar hy ûntbrekt yn it Arktyske noarden, dielen fan it súdwesten en suden, de eastlike punt fan it Tsjûkotka-skiereilân en op it hiele Kamtsjatka-skiereilân. Yn Aazje spriedt syn areaal him fierders út oer dielen fan noardeastlik Sina, eastlik Mantsjoerije, hiel Noard-Koreä en in stik fan noardlik Súd-Koreä, it Japanske eilân Hokkaido, dielen fan noardlik en westlik Mongoalje en it uterste easten fan Kazachstan. Yn Jeropa komt er foar yn sintraal en noardlik Ruslân (útsein it Arktyske noardeasten en it Kola-skiereilân yn it noardwesten), en fierders yn súdlik en sintraal Finlân, it grutste part fan Estlân en eastlik Letlân, mei noch in rântsje fan it noardeastlik Wyt-Ruslân.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gewoane fleanende iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 13-20 sm, mei in sturtlingte fan 9-14 sm en in gewicht fan 95-215 g. Dêrby weagje wyfkes yn trochsneed 150 g, wylst de mantsjes trochstrings justjes lytser en lichter binne. De pels is op 'e rêch grizich oant griisbrunich, mei in oerdwerse swartige streek dy't fan 'e nekke nei de foarpoaten rint, wylst de bealch witich is. De beide kleuren wurde faninoar skaat troch in skerpe demarkaasjeline. De sturt hat in ôfplatte foarm en is minder plommich as by beamiikhoarntsjes. De earen binne lyts, wylst de eagen grut en rûn binne en opmerklike inketswart fan kleur. Krekt as oare fleanende iikhoarntsjes hat it gewoane fleanende iikhoarntsje tusken de foar- en de efterpoaten in losse hûdflap sitten, it saneamde patagium, dat er strak lûke kin troch de poaten út te sprieden. Op dy manear kin er genôch luchtdragend fermogen opwekje om fan beam nei beam te sweven oer ôfstannen fan 40-50 m.

In gewoan fleanend iikhoarntsje "fljocht".

Gewoane fleanende iikhoarntsjes jouwe de foarkar oan in biotoop fan mingd wâld, al komme se, fral yn Sibearje, ek wol foar yn nullewâlden. Leaver hawwe se lykwols in mjuks fan nullebeammen en leafbeammen, en fan dy lêsten benammen bjirken.

It gewoane fleanende iikhoarntsje op in Finske postsegel út 1982.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gewoane fleanende iikhoarntsje is in nachtdier, dat fral let op 'e jûn aktyf wurdt, hoewol't wyfkes mei jongen ek wol oerdeis om fretten geane. De dei bringt er troch yn in beamholte, itsij ien dy't natuerlik ûntstien is, itsij in ferlittene spjochtehoale. Soms kreaket er in nêstkastke dat bedoeld is foar fûgels. Gewoane fleanende iikhoarntsjes hâlde gjin wintersliep, mar kinne winterdeis by kâld waar soms wol ferskate dagen oan ien stik troch sliepe. Om't it in skou bist is, dat fral ûnder beskutting fan it nachtlik tsjuster foar 't ljocht komt, wurdt it gewoane fleanende iikhoarntsje sels yn gebieten dêr't er rûnom foarkomt, mar selden troch minsken waarnommen. It meast foarkommende bewiis fan syn oanwêzigens is syn kjitte, dy't oranje-giele ryskerlen net wanlyk is en dy't faak ûnder syn nêst oantroffen wurde kin.

Gewoane fleanende iikhoarntsjes binne betûfte klimmers en kinne troch har hûdflap strak te lûken swevendewei ôfstannen fan soms wol 50 m tusken beammen oerbrêgje. Dêrby fungearret har sturt as in soarte fan roer. By de lâning sette se de sturt omheech, wat makket dat se net mear horizontaal sweve, mar lichtlik fertikaal. De hûdflap kromje se dan wat, sadat dy as in soarte fan parasjute wurket en harren helpt om faasje te minderjen. It gewoane fleanende iikhoarntsje komt frijwol nea op 'e grûn. De peartiid falt yn 'e maityd en set yn súdlik Finlân útein yn 'e twadde helte fan maart. Ein april fynt der dan noch in twadde peartiid plak. Nei in draachtiid fan 5 wiken smyt it wyfke in nêst fan meastal 2-3 jongen, dy't by de berte sa'n 5 g weagje. De libbensferwachting fan gewoane fleanende iikhoarntsjes bedraacht maksimaal sa'n 5 jier. Har natuerlike fijannen binne fral beamotters, hûskatten, wylde katten en ferskate soarten ûlen.

In gewoan fleanend iikhoarntsje tsjin 'e stam fan in beam oan.

It menu fan it gewoane fleanende iikhoarntsje bestiet út blêden, sieden, dinne-apels, beamleaten en -knoppen, nuten en beien. Inkeldris folje se dat herbivoare dieet oan mei fûgelaaien of sels jonge pykjes. Gewoane fleanende iikhoarntsjes lizze hjerstmis foarrieden foar de winter oan yn âlde spjochtehoalen en soartgelikense sideplakken, dy't benammen besteane út elze- en bjirkekatsjes, en soms in ynhâld fan wol 5 liter hawwe kinne.

It gewoane fleanende iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en syn populaasje stabyl liket te wêzen. Yn 'e Jeropeeske Uny, dêr't er inkeld foarkomt yn Finlân, Estlân en Letlân, wurdt dizze soarte lykwols as kwetsber beskôge. Trochdat se ôfhinklik binne fan âldere, útholle beammen, hawwe gewoane fleanende iikhoarntsjes it dreech yn boskgebieten dêr't geregeldwei kappe wurdt, en dy't sadwaande grutdiels út jonge oanplant besteane. Dat is de reden dat se bygelyks yn súdlik Finlân efterútbuorkje. It gewoane fleanende iikhoarntsje is it embleem fan it Nasjonaal Park Nuuksio, yn 'e Finske gemeente Espoo, dêr't er noch wol rûnom foarkomt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.