Doolittle Raid

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Doolittle Raid
(ûnderdiel fan 'e Twadde Wrâldoarloch)
Army B-25 (Doolittle Raid).jpg
In B-25 Mitchell stiget op fan it dek fan 'e USS Hornet om diel te nimmen oan 'e Doolittle Raid.
datum: 18 april 1942
plak: súdlik Japan
útkomst: In Amerikaanske propagandastunt dêr't it
Amerikaanske moreel fan opbettere. Lichte
materiële skea yn Japan, mar wichtige
psychologyske effekten op it Japanske
moreel.
konfliktpartijen
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of the Republic of China.svg Sina
Flag of Japan (1870–1999).svg Japan

befelhawwers
Jimmy Doolittle prins Naruhiko
sterkte
16 B-25-bommesmiters
80 man loftmachtpersoniel
2 fleandekskippen
4 krusers
8 torpedoboatjagers
ûnbekend tal Kawasaki
  K-61
-jachtfleanmasinen
loftdoelgeskut


ferliezen
3 deaden
8 kriichsfinzenen
15 B-25's ferneatige
1 B-25 fêst yn 'e USSR



±50 deaden
±400 ferwûnen
5 kriichsfinzenen
5 patrûljeboaten sonken
3 of mear fleantugen
  delsketten
lichte materiële skea

De Doolittle Raid (Ingelsk foar "Loftoanfal fan Doolittle"; útspr.: [ˈduːlɪdl ɹeːd], likernôch: "dûû-lid-dul reed") is de gongbere beneaming foar in bombardemint dat op 18 april 1942 troch de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht) útfierd waard op 'e Japanske haadstêd Tokio en beskate oare doelen yn Japan. It wie in ferjildingsaksje foar de Japanske Oanfal op Pearl Harbor op 7 desimber 1941. De oanfal waard betocht, taret en útfierd troch luitenant-kolonel Jimmy Doolittle, nei wa't it bombardemint letter ek ferneamd waard. De Japanners waanden harren feilich bûten it berik fan Amerikaanske bommesmiters, mar Doolittle trainde syn mannen om mei B-25 Mitchells op te stiigjen fan in fleandekskip. De USS Hornet sette him en syn mannen op 1.200 km út 'e kust fan Japan ôf. Fan 'e 16 B-25's stoarten 15 del yn Sina; de sechstjinde lâne yn Vladivostok, yn 'e Sovjet-Uny. Trije fan 'e fleanders kamen om, wylst acht oaren troch de Japanners kriichsfinzen nommen waarden. De oanfal feroarsake yn Japan mar lichte materiële skea, mar de psychologyske skok wie grut. Foar de Amerikanen wie it benammen in propaganda-oerwinning dy't it nei de Oanfal op Pearl Harbor te lider sleine moreel wer wat opfizele.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierde de Keizerlike Japanske Marine in ferrassingsbombardemint út op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare doelen op it eilân Oähû yn it Territoarium Hawaï, dat diel útmakke fan 'e Feriene Steaten. Dat bombardemint wie bedoeld om 'e Amerikaanske Pasifyske Float mei ien ferpletterjende klap út te skeakeljen, sadat de Japanners de hannen frij hawwe soene foar de ferovering fan 'e Amerikaanske, Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje. By dy beruchte Oanfal op Pearl Harbor waarden fjouwer Amerikaanske slachskippen en ferskate oare marineskippen ta sinken brocht, rekken 347 fleantugen ferneatige of skansearre en kamen yn totaal oan Amerikaanske kant 2.403 minsken om. De Feriene Steaten, dy't har oant dy tiid ôfsidich holden hiene fan 'e Twadde Wrâldoarloch, waarden dêrtroch op abrupte en ûntsjinkearbere wize by it konflikt belutsen.

De bemanning fan 'e bommesmiter fan Doolittle sels oan board fan 'e USS Hornet op 18 april 1942: f.l.n.rj. lt. Henry A. Potter, lt.kol. Jimmy Doolittle, ssjt. Fred A. Braemer, lt. Richard E. Cole, ssjt. Paul J. Leonard.

Tarieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 21 desimber 1941 spriek de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt by in gearkomste mei de Amerikaanske legerlieding yn it Wite Hûs de winsk út om Japan mei gelikense munt werom te beteljen troch in bombardemint op Japanske doelen út te fieren. Syn ûnderhearrigen wiene it der allegear wol oer iens dat de Japanners dat fertsjinnen en dat it in skok foar it Japanske moreel wêze soe wylst it it Amerikaanske moreel wer wat opfizelje soe. It probleem wie lykwols dat Japan de hiele westlike Stille Oseaan behearske, en dat de Japanske Eilannen dêrtroch fier bûten it berik fan Amerikaanske bommesmiters leine.

In mooglike oplossing waard oandroegen troch Francis S. Low, in kaptein-op-see fan 'e Amerikaanske Marine, dy't op it fleanfjild fan it Marinestasjon Norfolk, yn Firginia, dêr't de omtrek fan in fleandekskip op 'e lâningsbaan kalke wie, bommesmiters opstiigjen sjoen hie. Hy skatte yn dat twamotoarige bommesmiters fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht) hast fan it dek fan in fleandekskip ôf opstiigje kinne moatte soene as se wat lichter makke waarden.

De opdracht om dat foarinoar te meitsjen, waard jûn oan luitenant-kolonel Jimmy Doolittle, in ofsier fan 'e Legerloftstriidkrêften dy't foar de oarloch in ferneamd testpiloat west hie. Hy keas foar B-25 Mitchell-bommesmiters, dêr't er in grut part fan 'e bepânsering, alle ûnnedige binnenrêding en ferskate wapens ôf en út sloopte om se lichter te meitsjen, en wêrfan't er tagelyk de brânstoftanks oanpasse liet om hast twa kear safolle kerosine hâlde te kinnen as gewoan. It slagge om by oefenings, dy't trije wiken duorren, de oanpaste B-25's op 'e tiid yn 'e loft te krijen, mar dêrmei wie alles noch net berêden.

De trage bommesmiters waarden ornaris begelaat troch jachtfleanmasinen om se te beskermjen tsjin fijannige jachtfleanmasinen. Dat wie yn dit gefal net mooglik. Ek wie it dúdlik dat it fleandekskip dat de bommesmiters ôfsette, net in dei lang deunby Japan omhingjen bliuwe koe om se wer mei werom te nimmen. Boppedat koene de bommesmiters ek net lânje op in fleandekskip en koene se net genôch brânstof meinimme om itselde ein werom te fleanen. Ynstee wie it de bedoeling dat se trochfleane soene nei Sina, dat ek mei Japan yn oarloch ferkearde. Fan 'e Sineeske diktator Chiang Kai-shek waard formeel tastimming krigen foar dat diel fan it plan.

De B-25 Mitchells oan board fan 'e USS Hornet.

Dielnimmers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der namen 16 B-25 Mitchell-bommesmiters diel oan 'e Doolittle Raid, mei yn totaal 80 man oan board (52 ofsieren en 28 soldaten):

searjenû. bynamme bommesmiter-
squadron
doelwyt piloat lot
40-2344 Tokio lt.-kol. James H. Doolittle delstoart n. fan Quzhou, Sina
40-2292 37e BS Tokio 1e lt. Travis Hoover delstoart by Ningbo, Sina
40-2270 Whiskey Pete 95e BS Tokio 1e lt. Robert M. Gray delstoart s.e. fan Quzhou, Sina
40-2282 95e BS Tokio 1e lt. Everett W. Holstrom delstoart s.e. fan Shangrao, Sina
40-2283 95e BS Tokio kapt. David M. Jones delstoart s.w. fan Quzhou, Sina
40-2298 The Green Hornet 95e BS Tokio 1e lt. Dean E. Hallmark makke seelâning by Wenzhou, Sina
40-2261 The Ruptured Duck 95e BS Tokio 1e lt. Ted W. Lawson makke seelâning by Changshu, Sina
40-2242 95e BS Tokio kapt. Edward J. York1 lâne yn Vladivostok,
ynternearre yn it Kustterritoarium, USSR
40-2303 Whirling Dervish 34e BS Tokio 1e lt. Harold F. Watson delstoart s. fan Nanchang, Sina
40-2250 89e RS Tokio 1e lt. Richard O. Joyce delstoart n.e. fan Quzhou, Sina
40-2249 Hari Kari-er 89e RS Yokohama kapt. C. Ross Greening delstoart n.e. fan Quzhou, Sina
40-2278 Fickle Finger of Fate 37e BS Yokohama 1e lt. William M. Bower delstoart n.e. fan Quzhou, Sina
40-2247 The Avenger 37e BS Yokosuka 1e lt. Edgar E. McElroy delstoart n. fan Nanchang, Sina
40-2297 89e RS Nagoya maj. John A. Hilger delstoart s.e. fan Shangrao, Sina
40-2267 TNT 89e RS Kobe 1e lt. Donald G. Smith makke seelâning by Changshu, Sina
40-2268 Bat Out of Hell 34e BS Nagoya 1e lt. William G. Farrow delstoart s. fan Ningbo, Sina

1) York waard berne as Edward Joseph Cichowski, en stie bekend as "Ski". Hy feroare syn namme foar de wet yn 'York' yn begjin 1942, foarôfgeande oan 'e Doolittle Raid.

De oanfal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 april 1942 waarden de 16 bommesmiters yn it Marineloftfeartstasjon Alameda, yn Kalifornje, oan board brocht fan it fleandekskip de USS Hornet. Elts befette fjouwer bommen fan elts 225 kg. De USS Hornet sette om 08.48 op 'e moarns fan 2 april ôf út 'e Baai fan San Francisco om 'e Stille Oseaan oer te farren yn 'e rjochting fan Japan. Inkele dagen letter joech it skip him benoarden Hawaï by Taakgroep 16, in smeldiel fan 'e Amerikaanske Marine dat ûnder lieding stie fan fise-admiraal William F. Halsey jr. De USS Hornet waard fan dat punt ôf begelaat troch in oar fleandekskip, de USS Enterprise, en dêropta trije swiere krusers, ien lichte kruser, acht torpedoboatjagers en twa oaljetankers

De skippen fearen yn folsleine radiostilte fierder westoan. Op 'e middei fan 17 april tankten alle skippen brânstof by, wêrnei't de stadige oaljetankers omkearden. De fleandekskippen en harren eskorteskippen fierden harren faasje op ta 20 knopen (37 km/h) en hastigen har nei it plak dêr't de bommesmiters opstiigje soene, op 890 km beëasten Japan. Om 07.38 oere op 'e moarn fan 18 april, doe't se noch 1.200 km fan Japan ôf wiene, waarden de Amerikaanske skippen ûntdutsen troch in Japanske patrûljeboat, de Nittō Maru, dy't fuortendaliks ta sinken brocht waard troch de lichte kruser USS Nashville. De befelfierend ofsier fan 'e patrûljeboat begie seppuku om net kriichsfinzen nommen te wurden, mar fiif fan 'e alve bemanningsleden waarden troch de Amerikanen út 'e see fiske.

Doolittle en kaptein-op-see Marc Mitscher, de kommandant fan 'e USS Hornet, besleaten om 'e B-25's fuortendaliks opstiigje te litten, ek al wie dat eins tsien oeren en 310 km te gau. De bommesmiters hiene 142 meter om op te stiigjen, en hoewol't net ien fan 'e piloaten ea fan in echt fleandekskip ôf opstige wie, slagge it by alle sechstjin fleantugen. It earse fleantúch, dat fan Doolittle, sette om 08.20 oere ôf, en it lêste folge om 09.19 oere. Se fleagen earst yn groepkes fan twa oant fjouwer, mar giene útinoar neigeraden dat se tichter by Japan kamen. Doe begûnen se ek krekt boppe de weagen te fleanen om ûntdekking dreger te meitsjen.

De bommesmiters berikten Japan om 'e middeisoere hinne (pleatslike tiid), sa'n seis oeren nei't se opstige wiene. Se klommen nei in hichte fan 460 m en bombardearren tsien militêre en yndustriële doelen yn 'e Japanske haadstêd Tokio, twa yn Yokohama, en ien elts yn Yokosuka, Nagoya en Kobe. Hoewol't de Amerikanen besketten waarden mei licht loftdoelgeskut en de Japanners mei tûzen hasten inkele jachtfleanmasinen de loft yn stjoerden (Kawasaki Ki-45's en prototypen fan 'e Kawasaki Ki-61, dy't de Amerikanen oanseagen foar Messerschmitt Bf-109's), waard net ien fan 'e bommesmiters delsketten. De Amerikanen sels holden út dat trije fijannige fleantugen delsketten wiene: twa troch de boardskutters fan 'e Whirling Dervish en ien troch dy fan 'e Hari Kari-er.

Fyftjin fan 'e sechstjin B-25's setten nei it bombardemint ôf oer de Eastsineeske See nei Sina, mar ien, it tastel fan kaptein Edward J. York, hie mar sa'n bytsje brânstof mear, dat besletten waard om ynstee nei de Sovjet-Uny te fleanen (mei't dat tichterby wie), ynstee fan midden yn 'e Eastsineeske See del te stoarten. Fanwegen de ekstra 310 km ôfstân koene de bommesmiters de fleanfjilden yn Sina dêr't se lânje soene, net helje. Alle fyftjin berikten se nei trettjin oeren fleanen en sa'n 4.170 km ôflein te hawwen de Sineeske kust. Doe hiene se de kar om mei harren tastel in needlâning op see te meitsjen en te hoopjen dat se der dan út komme koene foar't it sonk, of te besykjen om by nacht harren fleantúch op ûnbekend terrein oan 'e grûn te setten. Trije piloaten keazen foar de earste opsje, wylst de oare tolve besochten te lânjen. Dêrby foelen trije deaden. Acht oaren waarden troch de Japanners kriichsfinzen nommen, mar 69 ûntsnapten sawol oan 'e dea as oan kriichsfinzenskip. De bemanning fan it tastel meirekkene dat yn 'e Sovjet-Uny lâne, wiene der 77 oerlibbenen.

Ien fan 'e B-25 Mitchells stiget op fan 'e USS Hornet.

Lot fan 'e dielnimmers oan 'e Doolittle Raid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Doolittle Raid wisten 64 fan 'e 77 oerlibjende bemanningsleden fan 'e sechstjin bommesmiters kontakt te lizzen mei Sineeske troepen, yn guon gefallen mei help fan Sineeske boargers, dy't dêrby harren libbens op it spul setten. Inkelen fan harren waarden holpen troch Patrick Cleary, de Ierske biskop fan Nancheng, wêrnei't de Japanners by wize fan represaillemaatregel de hiele stêd platbaarnden.

Fan 'e 64 Amerikanen dy't kontakt makken mei de Sinezen kearden 41 al rillegau fia in omwei werom nei de Feriene Steaten, dêr't Doolittle sels ferwachte dat er foar de kriichsried dage wurde soe om't er alle oan him tabetroude fleantugen ferlern hie. Ynstee waard him de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaankse militêre ûnderskieding, en waard er twa rangen promovearre, ta brigadegeneraal. De oare dielnimmers oan 'e Doolittle Raid krigen allegear it Dinstinguished Flying Cross en dejingen dy't omkommen of ferwûne rekke wiene ûntfongen it Purple Heart dêr noch op ta. Oan Korporaal David J. Thatcher en earste luitenant Thomas R. White waard ek de Silver Star takend om't se mei gefaar foar eigen libben harren ferwûne maten holpen hiene oan 'e Japanners te ûntkommen.

08.20 oere op 18 april 1942: de B-25 fan Doolittle stiget op fan 'e USS Hornet.

De 28 man dy't efterbleaune yn Sina, wêrûnder trije folsleine fleantúchbemannings, fleagen dêr ferkenningsmisjes foar de Sinezen en yn Birma foar de Britten, wêrby't fiif fan harren sneuvelen. Njoggentjin oaren fochten neitiid yn Noard-Afrika, dêr't fjouwer fan harren omkamen en fjouwer oaren troch de Dútsers kriichsfinzen nommen waarden. Njoggen oaren namen diel oan 'e Amerikaanske bombardeminten fan nazy-Dútslân, wêrby't ien fan harren omkaam en in oaren, David M. Jones, delsketten waard en as kriichsfinzene yn it kamp Stalag Luft III bedarre, dêr't er letter dielnaam oan 'e Grutte Untsnapping.

De fiifkoppige bemanning fan 'e iene B-25 dy't yn Vladivostok, yn 'e Sovjet-Uny lâne, ûnder lieding fan kaptein Edward J. York, waard troch de Russen ynternearre yn it Kustterritoarium fan it Fiere Easten, om't de Sovjet-Uny oant 1945 formeel neutraal wie yn 'e oarloch tsjin Japan. Harren bommesmiter waard troch de Sovjet-autoriteiten yn beslach nommen. In goed jier letter mochten York-en-dy lykwols mei help fan aginten fan 'e geheime tsjinst NKVD (de foarrinner fan 'e KGB) 'ûntsnappe', wernei't se fia Perzje, dat troch de Russen en de Britten beset holden waard, it Westen berikten.

Jimmy Doolittle mei leden fan syn bemanning en Sineeske funksjonarissen nei ôfrin fan 'e oanfal.

De bemannings fan twa fan 'e bommesmiters (dy fan earste luitenant Dean E. Hallmark en dy fan earste luitenant William G. Farrow) foelen lykwols yn Japanske hannen. Mei't fan harren twa by de lâning op see ferdronken, rekken acht man yn kriichsfinzenskip. Fia it Switserske konsulaat yn Sjanghai krigen de Feriene Steaten dêr yn oktober 1942 offisjeel befêstiging fan út Japanske boarnen; dêrby waard steld dat de acht kriichsfinzenen ta de deastraf feroardiele wiene, mar dat guon graasje krigen hiene en ynstee bestraft wiene mei libbenslange finzenisstraf. Der waarden gjin nammen neamd.

Pas yn febrewaris 1946 waard it lot fan 'e mannen iepenbier, doe't der oer harren saak in proses foar oarlochsmisdieden tsjin fjouwer Japanske ofsieren yn Sjanghai holden waard. De ferdronken bemanningsleden wiene sersjant William J. Dieter en sersjant Donald E. Fitzmaurice fan Hallmark syn bemanning; harren stoflike omskotten waarden weromfûn en mei militêre eare werbegroeven op it Nasjonaal Begraafplak Golden Gate yn San Francisco. De acht kriichsfinzenen wiene earste luitenant Dean E. Hallmark, earste luitenant William G. Farrow, earste luitenant Robert J. Meder, earste luitenant Chase Nielsen, earste luitenant Robert L. Hite, twadde luitenant George Barr, korporaal Harold A. Spatz en korporaal Jacob DeShazer. Fan harren waarden Hallmark, Farrow en Spatz, in boardskutter, op 28 augustus 1942 by in Japansk proses foar oarlochsmisdieden (foar it fermoardzjen fan Japanske boargers) feroardiele ta de deastraf, dy't op 15 oktober 1942 troch it fjoerpeloton útfierd waard.

Luitenant Robert L. Hite blyndoeke en kriichsfinzen mei in pear Japanske soldaten yn 1942.

De oare fiif mannen waarden op in ferhongeringsdieet fêstholden, mei as gefolch dat harren sûnens fluch efterút gie. Yn april 1943 waarden se oerbrocht nei Nanking, dêr't Meder op 1 desimber fan dat jier ferstoar. De oare fjouwer (Nielsen, Hite, Barr en DeShazer) krigen nei ferrin fan tiid in justjes bettere behanneling, en ûntfongen ek in Bibel en inkele oare boeken om 'e tiid troch te kommen. Yn augustus 1945 waarden se befrijd troch Amerikaanske troepen. De fjouwer Japanske ofsieren waarden by it proses yn 1946 allegear feroardiele foar oarlochsmisdieden: trije krigen fiif jier twangarbeid oplein en de fjirde njoggen jier.

Tsjin 'e tiid dat se befrijd waarden, wie Barr op stjerren nei dea, en hy bleau efter yn Sina om op te betterjen oant oktober 1945, doe't er troch syn ûnderfinings slimme geastlike swierrichheden ûntwikkele hie. Hy waard oerbrocht nei in legerhospitaal yn Clinton (Iowa), dêr't er lykwols gjin behanneling krige, mar ynstee opsletten waard. Pas doe't Doolittle dêr yn novimber lucht fan krige en persoanlik fanwegen kaam, krige er de behanneling dêr't er úteinlik stadichoan fan opbettere.

DeShazer die neitiid in oplieding teology oan 'e Pasifyske Universiteit fan Seattle, dêr't er yn 1948 ôfstudearre. Hy ymmigrearre doe nei Japan, dêr't er mear as tritich jier as sindeling wurke. De stoflike omskotten fan Farrow, Hallmark en Meder waarden nei de oarloch werbegroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, by Washington, D.C. Dat fan Spatz waard byset op it Nasjonaal Monumintaal Begraafplak fan de Stille Oseaan by Honolulu, yn Hawaï. Generaal Doolittle ferstoar yn 1993 op 96-jierrige leeftyd. De lêst oerbleaune dielnimmer oan 'e Doolittle Raid wie luitenant-kolonel Richard E. Cole, Doolittle syn eigen ko-piloat, dy't op 9 april 2019 ferstoar op 'e tige hege jierren fan 103.

Effekten fan 'e Doolittle Raid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skea dy't de Doolittle Raid yn Japan feroarsake wie te ferwaarleazgjen, mar de oanfal hie grutte psychologyske effekten op 'e Japanske befolking, dy't him ûnoantaastber waand hie. It siedde twifel oer de fraach oft de militêre lieders it lân eins wol beskermje koene. Dêrnjonken waard it bombardemint lykwols, krekt as de Feriene Steaten dien hiene mei de Oanfal op Pearl Harbor, foar propagandadoelen brûkt, om 'e oarlochsynset te fergrutsjen. Yn 'e Feriene Steaten hie de Doolittle Raid it effekt dat it moreel, dat sûnt de Oanfal op Pearl Harbor frij leech west hie, in flink stik opfizele waard.

It bombardemint soarge der ek foar dat it plan fan admiraal Isoroku Yamamoto om it eilân Midway, noardwestlik fan Hawaï, oan te fallen, yn 'e tiid nei foarren helle waard. De Slach by Midway soe lykwols útrinne op in klinkende oerwinning foar de Amerikaanske Marine, wêrmei't de Japanske opmars tsjinkeard waard. De konsekwinsjes fan 'e Doolittle Raid wiene lykwols it slimst yn Sina, dêr't de Zhejiang-Jiangxi-kampanje, in Japansk offinsyf dat foarkomme moast dat de Sineeske kustprovinsjes ea wer brûkt wurde soene as lâningsplak foar Amerikaanske bommesmiters, oan 250.000 boargers en 70.000 soldaten it libben koste.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.