Messerschmitt Bf 109
Appearance
(Trochferwiisd fan Messerschmitt Bf-109)
Messerschmitt Bf 109 | |
---|---|
Rol | jachtfleanmasine |
Makker | Messerschmitt |
Untwerper | Willy Messerschmitt, Robert Lusser |
Earste flecht | 28 maaie 1935 |
Yn tsjinst | 1937 |
Ut tsjinst | 9 maaie 1945, Luftwaffe. 27 desimber 1965, Spaanske Loftmacht |
Tal makke | Sa'n 33.300 (1936-1945) |
Brûkers | |
Farianten | Avia S-99/S-199, Hispano Aviación HA-1112 (makke oant 1958) |
De Messerschmitt Bf 109 wie in jachtfleanmasine (jager) dy't yn de Twadde Wrâldkriich (WK II) yn gebrûk wie by de Dútske Luftwaffe, makke troch de firma Messerschmitt.
De Bf 109 behearde ta in nije generaasje fan leechdekker jachtfleamasines mei in tichte cockpit, ynlûkber lâningsgestel en in folslein metalen romp en fleugels. De Bf 109 E waard yn it begjin fan WK II brûkt yn de maaiedagen 1940 yn Nederlân en yn de Slach om Ingelân. Der hawwe lykwols tsientallen ferzjes west, njonken jagers wiene dat ek jachtbommesmiters, nachtjagers en ferkenningsfleantugen. De ferzje dy't yn de maaiedagen it meast ynset waard wie de BF 109E, ferzje 3, mar ek de ferzje 2 en ferzje 1 waarden noch brûkt, en ek noch de Bf 109 D.
Technyske feiten Bf 109 E
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bf 109 E-3: | |
Feiten | |
---|---|
Lingte | 8,64 m |
Spanwiidte | 9,87 m |
Fleugeloerflak | 16,2 m² |
Hichte | 2,60 m |
Oandriuwing | Ien Daimler-Benz 12-silinder-V-Motor DB 601 A-1 mei maks. 990 HK startfermogen |
Heechste faasje | 570 km/o op 5.000 m hichte |
Fleanberik | 800 km |
Bemanning | 1 |
Tsjinstplafond | 10.500 m |
Leechgewicht | 2010 kg |
Fleangewicht | 2505 kg |
Bewapening | Twa 7,92-mm-MG 17 yn de motorkap (1.000 patroanen it stik) en twa 20-mm-hurdfjoerkanonnen MG FF yn de fleugels, (60 skotten it stik). |