Koreaanske boskmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Koreaanske boskmûs
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: mûseftigen (Muridae)
skaai: boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus peninsulae
Thomas, 1907
IUCN-status: net bedrige

De Koreaanske boskmûs (Latynske namme: Apodemus peninsulae) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn eastlik Aazje, wêrûnder net allinnich Koreä, mar ek Mantsjoerije, Binnen-Mongoalje, sintraal en súdlik Sina, it Altaiberchtme fan súdlik Sibearje, de noardlike dielen fan Sinkiang-Oeigoerje, eastlik Mongoalje, it Russyske Fiere Easten, it Japanske eilân Hokkaido en it Russyske eilân Sachalin. Hy ûntbrekt lykwols op it grutte Súdkoreaanske eilân Djedjû, yn 'e Eastsineeske See.

Uterlike skaaimerken en besibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koreaanske boskmûzen hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 7⅔-12½ sm, mei in sturt dy't hast like lang is, ntl. 7½-11⅓ sm. De Koreaanske boskmûs is nau besibbe oan ferskate oare boskmûzesoarten fan 'e Alsomys-groep (de Aziatyske boskmûzen), lykas de grutte Japanske boskmûs (Apodemus speciosus), dêr't er op Hokkaido syn ferspriedingsgebiet mei dield. Der binne fossilen fan dizze soarte bekend út 'e Súdsineeske provinsjes Sichuan, Guizhou en Shandong dy't datearje út it Pleistoseen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.