Springe nei ynhâld

Oldfield Thomas

Ut Wikipedy
Oldfield Thomas
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael Rogers Oldfield Thomas
nasjonaliteit Britsk
berne 21 febrewaris 1858
berteplak Millbrook (Bedfordshire) (Ingelân)
stoarn 16 juny 1929
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt biolooch
aktyf as soölooch, publisist
jierren aktyf 18761929

Oldfield Thomas (folút: Michael Rogers Oldfield Thomas; Millbrook (Bedfordshire), 21 febrewaris 1858Londen, 16 juny 1929) wie in Britsk soölooch, dy't syn hiele wurksume libben yn 'e tsjinst stie fan it Natoerhistoarysk Museum yn Londen. Hy moat net betize wurde mei de Britske politikus en skiedkundige Thomas Oldfield.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thomas waard yn 1858 berne yn it Ingelske doarp Millbrook, yn it greefskip Bedfordshire (net te betiizjen mei Millbrook yn Cornwall). Hy wurke foar it Natoerhistoarysk Museum yn 'e Britske haadstêd Londen, dêr't er yn 1876 mei achttjin jier oansteld waard yn in siktariële funksje. Twa jier letter, yn 1878, waard er oerpleatst nei de Soölogyske Ofdieling.

Yn 1891 troude Thomas mei Mary Kane, de dochter fan 'e Skotske medikus en patolooch sir Andrew Clark, en de erfgenamte fan in lyts fortún. Dat joech him de finansjele middels om op eigen kosten jagers yn te hieren dy't it museum foarseagen fan toaneksimplaren fan nije sûchdieren. Thomas ferrjochte sels ek fjildwurk yn West-Jeropa en Súd-Amearika, en syn frou, dy't syn belangstelling foar biology en natoerhistoarje dielde, beselskippe him op al syn reizen. Thomas skreau fierders ek ferskate artikels oer soölogyske ûnderwerpen foar de edysje fan 1911 fan 'e Encyclopædia Britannica.

Doe't William Henry Flower yn 1896 oansteld waard as haad fan 'e Soölogyske Ofdieling, naam dy Richard Lydekker oan om 'e tentoanstellingsaktiviteiten te bewurkmasterjen, sadat Thomas him fan dy tiid ôf folslein konsintrearje koe op it sammeljen, preparearjen en beskriuwen fan nije eksimplaren. Yn namme gie Thomas yn 1923 mei pinsjoen, mar yn it echt wurke er sûnder ûnderbrekking troch oant syn dea.

Likernôch in jier nei't yn 1928 syn frou ferstoarn wie, in swiere klap dy't er nea te boppen kaam, die Thomas himsels op 16 juny 1929 yn 'e âlderdom fan 71 jier oan syn buro yn it museum tekoart troch him mei in revolver troch de holle te sjitten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.