Springe nei ynhâld

Dionysus

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 okt 2022 om 22.27 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dionysus
Διόνυσος (Diónysos)
2e-iuwsk Romeinsk stânbyld fan Dionysus, te sjen yn it Louvre yn Parys.
2e-iuwsk Romeinsk stânbyld fan Dionysus,
te sjen yn it Louvre yn Parys.
persoanlike bysûnderheden
bynamme de Befrijer
religy Gryksk heidendom
Romeinsk heidendom (as Bachus)
domein wyn, de druverispinge, dronkenskip,
fruchtberens, rituele ekstaze,
rituele sljochtsinnigens
wente de Olympus
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte Ariadne
heit Seus (of Amûn)
mem Semele, Demeter en Perséfoné
   (of Amalteia)
broer Apollo, Ares, Hefaistus, Hearakles,
   Hermes e.o.
suster Artemis, Pallas Atene, Perséfoné,
   de muzen e.o.
soan Priapus, Hymenaios, Toäs, Stafylus,
   Oinopion, Komus, Ftonus e.o.
dochter de graasjes, Deianira e.o.
attributen
foarwerp tyrsus, tsjelk, fallus
plant wynrank, klimmerblêd, figebeam
bist bolle, geit, swarte panter, slange

Dionysus (Gryksk: Διόνυσος, Diónysos, útspr.: [di'ɔ.nisɔs], likernôch: "di-ô-ni-sos"; Latyn: Dionysus, útspr.: [di'onisus], likernôch: "di-oo-ni-sûs") is yn it Grykske heidendom en de Grykske mytology de god fan 'e wyn, de druverispinge, dronkenskip, fruchtberens, rituele sljochtsinnigens en rituele útskroevenens. Syn bynamme wie Eleutherios, "de Befrijer". Hy stiet ek bekend as Bachus (Gryksk: Βάκχος, Bakchos, útspr.: ['bakxɔs], likernôch: "bak-chos"; Latyn: Bacchus, útspr.: ['bakxus], likernôch: "bak-chûs"), de namme dy't yn it Romeinske heidendom en de Romeinske mytology foar him brûkt waard. De oarsprong fan Dionysus is ûnwis, en hy wurdt soms omskreaun as in Trasyske god, dy't as útlanner yn it âlde Grikelân arrivearre wêze soe. Argeologyske fynsten út 'e Myseenske perioade toane lykwols oan dat er eins ien fan 'e âldste Grykske goaden wie fan wa't de namme oerlevere is. Neffens de myten soed er de soan fan Seus en Perséfoné wêze en in ktoanysk aspekt fan Seus fertsjintwurdigje. Guon myten wolle hawwe, hy waard twaris berne, mei't er deade wie en werberne as de soan fan Seus en de sterlike Semele. De wichtichste attributen fan Dionysus wiene de tyrsus (in mei wynranken of klimmerblêd omwikkele stôk), de tsjelk en de bolle.

De etymology fan 'e namme 'Dionysus' hat taalkundigen en godstsjinstûndersikers al iuwenlang foar in riedsel steld. De âldst oerlevere foarm is yn it Myseensk-Gryksk: 𐀇𐁂𐁕𐀒, di-wo-nû-so, wat yn it Aldgryksk Διόνυσος, Diónysos waard. It earste diel fan 'e namme, dio-, wurdt al sûnt de Aldheid assosjearre mei de Grykske god Seus (Gryksk: Zeus), mei't de Grykske genityf (twadde namfal) fan dy namme Dios is. It twadde diel, -nûso of -nysos, kin lykwols gjin passende etymology foar fûn wurde. It soe kinne dat it te krijen hat mei de berch Nysa, dy't yn 'e Grykske mytology it berteplak fan Dionysus is. Yn 'e sechsde iuw f.Kr. tocht Feresydes fan Syros dat nũsa miskien in argaysk wurd foar "beam" wie. Ferskate (oare) folksetymologyen út 'e Aldheid binne op dit punt dúdlik mis. De moderne saakkundige Robert S.P. Beekes hat suggerearre dat it twadde diel fan 'e namme mooglik fan pre-Yndo-Jeropeeske oarsprong is, mei't elts besykjen om in Yndo-Jeropeeske woartel te finen, op 'e non rûn is.

Dionysus hâldt in drinkerstsjelk (kantharos) út. In ôfbydling út 'e lette 6e iuw f.Kr.

Godstsjinstûndersikers út 'e njoggentjinde iuw, dy't útgiene fan taalkundige bestudearring en fan ferlykjende mytology, beskôgen Dionysus faak as in útlânske godheid dy't op in relatyf let tiidstip mar mei tsjinnichheid yn it tradisjonele Grykske panteön opnommen waard. Dat idee basearren se op syn myten, wêryn't er in grut diel fan syn tiid op 'e Ierde trochbringt mei omdoarmings om utens, en wrakselje moat om akseptearre te wurden as er ienris yn Grikelân weromkeart. It tinken wie dat Dionysus fan oarsprong miskien in god fan 'e Traasjers wie, dy't yn it gebiet wennen dat no rûchwei Bulgarije en de noardlike Egeyske kust fan Grikelân foarmet. Resinter argeologysk bewiismateriaal hat lykwols oantoand dat Dionysus eins ien fan 'e âldst bekende goaden út 'e Grykske kultuer is, mei in namme wêrfan't de oerlevering tebekgiet op it Myseenske Tiidrek. Om persiis te wêzen is in ynskripsje fan syn namme yn it Lineêr B-skrift op diggels fan klaaitabletten weromfûn yn it Paleis fan Nestor yn Pylos, datearjend fan omtrint 1300 f.Kr.

Dionysus is de god fan 'e wyn, de druverispinge, dronkenskip, fruchtberens, rituele sljochtsinnigens en rituele útskroevenens. De ferearing fan Dionysus naam in grut tal ferskillende foarmen oan, mar keunst en aktearjen foarmen der wichtige ûnderdielen fan. Syn hjeldagen, lykas de Dionysia fan it âlde Atene, wiene yn 't earstoan de driuwende krêft efter de ûntwikkeling fan it toaniel. De bynamme fan Dionysus wie Eleutherios, "de Befrijer", mei't syn wyn, muzyk en ekstatyske dûns syn folgelingen befrijde fan bleuens en soargen, en de bannen fan ûnderdrukking har betsjutting ûntnaam.

It wichtichste attribút fan Dionysus is de tyrsus, in lange stôk bewikkele yn klimmerblêd of druveblêden, mei oan 'e útein in dinne-apel. Dy soed er sawol brûkt hawwe om syn folgelingen, wêrûnder de mainaden, te seingjen, as om 'e tsjinstanners fan syn kultus te ferdylgjen. Oare attributen fan Dionysus binne de tsjelk, ornaris folle mei wyn, de wynrank, de bolle, en soms ek de geit of de swarte panter. Ek de slange, fallus en figebeam wiene yn it Alde Grikelân symboalen fan Dionysus. Fierders waard er sterk assosjearre mei de oergong fan simmer nei hjerst, dy't ommers gearfoel mei de rispingstiid. Op iere ôfbyldings wurdt de god werjûn as in folwoeksen man mei burd en mantel, wylst lettere ôfbyldings him toane as in burdleaze jongeling, neaken en faak frijwat androgyn. Syn entoeraazje bestie út beburde saters mei ereksjes en wylde froulike folgelingen, de mainaden, dy't neffens guon myten nimfen wiene en neffens oaren stjerlike froulju.

In Romeinsk reliëf yn it Museo Archeologico te Napels, dat Dionysus werjout mei in tyrsus yn 'e hân, in krâns fan klimmerblêd op 'e holle en in panter by him, wylst er in plingoffer ûntfangt.

Ferearing yn it Alde Grikelân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferearing fan Dionysus fûn yn it Alde Grikelân mooglik al fan 1500 f.Kr. ôf plak, mar wie yn elts gefal tsjin 'e sânde iuw f.Kr. stevich yn 'e kultuer ferankere. Yn Attika, de krite om Atene hinne, waarden elts jier twa foarmen fan 'e Dionysia holden, in feest ta eare fan Dionysus dat ek nei de god ferneamd wie. De Plattelânsdionysia wiene guon fan 'e âldste oan Dionysus wijde hjeldagen, dy't holden waarden op it Attyske plattelân om 'e wintersinnekear hinne, yn wat no desimber en jannewaris is. Dat festival hie nei alle gedachten mei de wynbou te krijen. De Stedsdionysia, dy't yn stêden as Atene en Eleusis holden waard, ûntjoech him wierskynlik pas yn 'e rin fan 'e sechsde iuw f.Kr. It waard fierd om 'e maitydsevening hinne, yn wat no maart en april is, en kaam benammen bekend te stean om 'e toanielwedstryd dy't yn it ramt fan dit feest yn Atene holden waard.

Dionysyske of bachyske mystearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sintrale kultus fan Dionysus stiet bekend as de dionysyske mystearjes of de bachyske mystearjes. De krekte oarsprong fan dy godstsjinst is ûnbekend, hoewol't Orfeus der neffens de myten de betinker fan wie. Ut modern godstsjinstûndersyk is oan it ljocht kommen dat in protte boarnen en rituelen dy't lang as ûnderdiel fan it nei Orfeus ferneamde orfisme beskôge binne, eins ta de dionysyske mystearjes hearre. Guon saakkundigen hawwe fierders oppenearre dat der gjin ûnderskie bestiet tusken de dionysyske mystearjes en de mystearjes fan Perséfoné, mar dat dy beide âlde religyen fasetten wiene fan deselde mystearjegodstsjinst, dêr't sawol Dionysus as Perséfoné in wichtige rol yn spile. Hoewol't de dionysyske mystearjes foarhinne as in fierhinne plattelânske religy yn 'e marzje fan 'e Aldgrykske maatskippij sjoen waard, is no dúdlik dat de stêd Atene eins in wichtige rol spile yn 'e ûntjouwing en fersprieding fan dizze religy.

De dionysyske mystearjes hiene in wichtige rol yn it skeppen fan rituele tradysjes foar oergongen yn 'e libbens fan 'e minsken. Oarspronklik gie it dêrby benammen om manlju en manlike seksualiteit, mar letter waard der ek romte skepen foar it ritualisearjen fan 'e feroarjende rollen fan froulju en it fieren fan 'e feroarings yn status yn 'e rin fan 'e libbens fan 'e froulju. De dionysyske mystearjes omfetten ek faak offerrituelen wêrby't ien of mear geiten of bollen offere waarden, en alteast guon fan 'e dielnimmers en dûnsers droegen houten maskers dy't mei Dionysus assosjearre waarden. Yn beskate gefallen waard de god yn it ritueel belutsen yn 'e foarm fan in maskere en oanklaaide pylder, peal of beam. De betsjutting dy't maskers en geiten yn 'e oanbidding fan Dionysus hiene, gie tebek op 'e alderierste dagen fan syn ferearing, en sokke symboalen binne ek fûn op 'e Minoyske grêftombe by Faistos, op Kreta.

In byldhoude fallus by de yngong fan 'e timpel fan Dionysus yn Delos, yn Grikelân.

Eleusinyske mystearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 'e fyfde iuw f.Kr. rekke Dionysus identifearre mei Iachus, in mindere godheid út 'e tradysje fan 'e Eleusinyske mystearjes, sa't blykt út û.m. de toanielstikken Antígoné, fan Sofokles, en De Bachai fan Euripides. Saakkundigen ornearje dat de identifikaasje skoan fuortkomme kin út 'e gelikense klank fan 'e nammen Iachus en Bachus. Neffens guon myten wie Iachus de oarehelte fan Demeter, de goadinne fan 'e fruchtberens. Ferskate oare myten hâlde út dat er har soan wie. Yn it bysûnder waard Iachus identifisearre mei de orfyske Dionysus, de soan fan Perséfoné. Sofokles neamt "Iachus fan 'e bollehoarnen", en neffens de earste-iuwske histoarikus Diodoarus Sikulus wie it de âldere Dionysus dy't yn skilderings en stânbylden gauris foarsteld waard mei hoarnen, om't er "útblonk yn wiisheid en de earste wie dy't besocht om oksen yn te spannen en mei harren help te siedzjen."

Yn 'e tradysje fan it orfisme wie de 'earste Dionysus' de soan fan Seus en Perséfoné, dy't yn stikken skuord waard troch de titanen en neitiid werberne waard. Hy wie de god dy't troch de orfisten oanbean waard, mei't er dea en ûnstjerlikens symbolisearre en gou as in gids op it mêd fan 'e reynkarnaasje.

De orfyske Dionysus wurdt soms ek wol oantsjut as Sagreus (Gryksk: Ζαγρεύς, Zagreus). De ierste kearen dat dy namme neamd wurdt yn 'e myten, giet it om 'e oarehelte fan 'e goadinne Gaia, dy't omskreaun wurdt as de heechste god. De toanielskriuwer Aiskylos bringt Sagreus yn ferbân mei Hades, de god fan 'e ûnderwrâld, itsij as de soan fan Hades, itsij as in alternative namme foar Hades sels. Godstsjinstûndersiker Timothy Gantz tocht, Hades syn identiteit as it ktoanysk alter ego fan Seus yn acht nommen, dat Sagreus miskien fan oarsprong de soan fan Hades en Perséfoné wie, dy't letter lykslein wie mei de orfyske Dionysus, de soan fan Seus en Perséfoné. Der is lykwols gjin inkele orfyske boarne oerlevere dy't de namme 'Sagreus' brûkt om nei de orfyske Dionysus te ferwizen.

It is mooglik dat de assosjaasje tusken dy beide yn 'e trêde iuw (n.Kr.) bekend wie, doe't de dichter Kallimachus deroer skreaun hawwe kinne soe yn in net-oerlevere boarne. Dêrfoar besteane oanwizings, mei't Kallimachus yn Byzantynske boarnen oanhelle wurdt as immen dy't ferwiisd hat nei 'Dionysus Sagreus'.

Ferearing yn it Alde Rome

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Liber en de yntroduksje fan Bachus yn Rome

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mystearjegodstsjinst fan Dionysus, dy't yn it Latyn Bachus (Bacchus) hiet, waard nei it âlde Rome ta oerbrocht út 'e Grykske koloanjes yn súdlik Itaalje, of mooglik fia it sterk troch de Grykske kultuer beynfloede Etruerje, it lân fan 'e Etrusken. De religy waard om 200 f.Kr. troch tadwaan fan in preesteresse út Kampaanje fêstige op 'e Aventyn (ien fan 'e heuvels fan Rome), deunby in timpel fan Liber Pater ("de Frije Heit"), dy't dêr in troch de Romeinske steat tastiene kultus hie.

Buste fan Dionysus yn 'e timpel fan Liber Pater yn it Forum Romanum yn Rome, datearjend út 'e 1e iuw.

Liber wie in lânseigen Romeinske god fan 'e wyn, fruchtberens en profesije, in patroan fan 'e Romeinske plebejers (gewoane boargers), en ien fan 'e leden fan 'e Aventynske Triade, yn 'e mande mei syn mem Seares (dy't identifisearre wurdt mei de Grykske Demeter) en syn suster of oarehelte Libera. Yn 493 f.Kr. wie op 'e Aventyn in timpel foar dy triade boud, en tagelyk wie doe it religieuze feest Liberalia ynsteld. Geandewei waarden yn 'e ferearing fan 'e triade almar mear Grykske ynfloeden opnommen, en tsjin 205 f.Kr. waarden Liber en Libera formeel identifisearre mei Bachus en Proserpina (de Romeinske Perséfoné).

Liber waard neitiid faak sjoen as folslein deselde god as Dionysus, hoewol't dat net algemien akseptearre wie. Sisero, bygelyks, hold mei klam út dat Liber en Dionysus ferskillende godheden wiene. Nettsjinsteande dat is it skoan mooglik dat Liber en Dionysus in bân hiene dy't tebekgie op in earder tiidrek as it klassike Grikelân en de stifting fan Rome. De Myseenske god Eleuteros, dy't komôf en ikonografy mei Dionysus gemien hie, mar waans namme deselde betsjutting hat as dy fan Liber, soe nammentlik de god wêze kinne dêr't Dionysus en Liber letter beiden út fuortkommen binne.

Yn Rome wie it bekendste feest fan Bachus de Bachanalia, dy't basearre wiene op 'e eardere Grykske Dionysia. Bachus waard opnommen yn it Romeinske panteön as in aspekt fan Liber, en syn feest waard as ûnderdiel fan 'e Liberalia sjoen. Tanksij de myten oer syn reizen en krewearjen op 'e Ierde waard Bachus troch de Romeinen sjoen as in histoaryske held, in fergoade feroverder en stifter fan stêden. Sa wied er de patroangod fan Leptis Magna, yn Tripolitaanje, dat er stifte hawwe soe. Dy stêd wie it berteplak fan keizer Septimius Sevearus, dy't de kultus fan Bachus befoardere.

De Bachanalia soene praktiken omfieme hawwe lykas it útinoar skuorren fan libbene bisten om it fleis rau op te iten. Dat tsjinne net inkeld as neispiling fan 'e dea fan Bachus troch tadwaan fan 'e titanen, mar wie ek in hillich sakramint dat syn oanbidders ienwurde liet mei harren god. Neffens Livius wiene de Bachanalia oarspronklik beheind ta froulju en waarden se mar trije kear yn 't jier holden. Se soene lykwols korrumpearre wêze troch in Etruskysk-Grykske ferzje fan itselde feest, wêrnei't dronken en fan sosjale remmings befrijde manlju en froulju fan alle leeftiden en maatskiplike klassen fiif kear yn 'e moanne troch de stêd omdûkelen yn in orgy fan seks.

In bachyske prosesje besteande út in mainade, twa saters en in panter, datearjend fan omtrint 100 (n.Kr.). Te sjen yn it Britsk Museum yn Londen.

Livius beskreau de Bachanalia as in geheimsinnige, ûntregeljende en potinsjeel revolúsjonêre subkultuer, dy't ferantwurdlik wie foar ferskate skanddieden tsjin 'e boargerlike en religieuze wetten en noarmen en wearden fan Rome. It moderne tinken is dat Livius syn boarnen en syn eigen beskriuwings wierskynlik in soad ûntlienden oan it toanielsjenre fan 'e saterspullen ynstee fan oan 'e wurklikheid. Yn elts gefal waard de kultus fan Bachus troch de Romeinske autoriteiten op in stuit mei grou geweld ûnderdrukt. Der waarden 7.000 minsken arrestearre, wêrfan't de measten de deastraf krigen. De Romeinske Senaat liet in edikt ferspriede troch Rome en ûnderhearrige gebieten, de Senatus Consultum de Bacchanalibus. Dêryn waarden alle bachyske organisaasjes ferbean, en foar eltse gearkomste fan mear as trije froulju of twa manlju moast yn 't foar tastimming frege wurde fan 'e autoriteiten.

Ferearing yn 'e Lette Aldheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e filosofy fan it neoplatonisme waarden mar tolve fan 'e Grykske goaden as folweardige godheden erkend; alle oaren soene aspekten fan dy tolve wêze. Yn dat leauwenssysteem waard Dionysus/Bachus as in aspekt sjoen fan Seus/Jupiter. Yn 'e tradysje fan it orfisme kaam in útspraak fan in orakel fan Apollo bekend te stean dat sei dat Seus, Hades en Helios-Dionysus "trije goaden yn ien godheid" wiene. Dêrtroch waard Dionysus net inkeld mei Hades, de god fan 'e ûnderwrâld, assosjearre, mar ek mei syn heit Seus. Fierders bliek der in folsleine identifikaasje út mei de sinnegod Helios.

Ferearing yn lettere tiden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lêst bekende oanhingers fan it Grykske en it Romeinske heidendom waarden fier foar it jier 1000, al of net ûnder twang, ta it kristendom bekeard. Der waarden yn 'e Midsiuwen ferskate isolearre gefallen beskreaun fan mooglike weroplibbings fan 'e ferearing fan Dionysus. It is lykwols ûndúdlik hoefolle leauwe oft dêroan hechte wurde moat, mei't it yn alle gefallen gie om beskriuwings troch learde kristlike auteurs dy't der sterk nei oerhongen om foarmen fan ketterij te ynterpretearjen yn it har bekende ramt fan it heidendom fan 'e Klassike Aldheid, wylst it skoan om hiel wat oars gean koe.

It stânbyld Bachus, fan Michelangelo, út 1497.

Pas yn 'e achttjinde iuw kin mei wissichheid sprutsen wurde fan in weroplibbing fan 'e ferearing fan Dionysus, doe't yn it Feriene Keninkryk de saneamde Hellfire Clubs opdoeken. Dat wiene geheimsinnige genoatskippen fan oer it algemien rike lju dy't har dwaande holden mei okkulte saken. Der bestie frijwat ferskil tusken de ûnderskate Hellfire Clubs, mar guon wiene tige heidensk, en omfetten hillichdommen en offerrituelen. Dionysus/Bachus wie ien fan 'e populêrste godheden by sokke klubs, yn 'e mande mei Fenus en Floara.

Yn 1820 rjochte in Ephraim Lyon yn Eastford, yn Nij-Ingelân, de Tsjerke fan Bachus op, wêrfan't er himsels útrôp ta hegepreester. Hy krige fral oanhing ûnder pleatslike dronkelappen, en hold út dat dejingen dy't stoaren nei de Bachanalia yn it hjirneimels gean soene.

Yn it moderne heidendom, dat yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw opkaam, foarmet de ferearing fan Dionysus/Bachus in ûnderdiel fan it moderne Grykske heidendom en it moderne Romeinske heidendom.

Myten oer Dionysus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiene yn 'e Aldheid ferskate tradysjes en ferslaggen fan 'e berte, it komôf en it libben op 'e Ierde fan Dionysus, dy't by fleagen tige yngewikkeld makke waarden troch syn ferskate werberten. Tsjin 'e earste iuw f.Kr. besochten guon auteurs, lykas Diodoarus Sikulus, it libbensferhaal fan Dionysus te harmonisearjen troch guon tradysjes wei te setten as misbegryp of bedragerij, mar dat wie dúdlik in lettere ûntwikkeling. Hoewol't de geneälogy fan Dionysus yn in grut tal eardere literêre wurken neamd waard, binne der mar in pear oerlevere dy't de eigentlike myten oer syn ferskate berten neifertelle. Dêrby giet it om Grykske Diodoarus Sikulus syn Bibliotheca Historica, út 'e earste iuw f.Kr., wêryn't de berten en dieden fan 'e trije ynkarnaasjes fan Dionysus beskreaun wurde; it beheinde ferslach fan 'e Romeinske auteur Gajus Julius Hyginus út 'e earste iuw (n.Kr.), dat de dûbele berte fan Dionysus beskriuwt; en in langer ferslach yn 'e foarm fan it epysk gedicht Dionysiaka fan 'e Grykske dichter Nonnus út 'e fjirde iuw, wêryn't trije ynkarnaasjes fan Dionysus neamd wurde, krekt as yn it wurk fan Diodoarus Sikulus, mar dat benammen giet oer it libben fan 'e trêde Dionysus, de soan fan Seus en Semele.

Diodoarus Sikulus makket gewach fan guon âldere tradysjes, dy't hawwe wolle soene dat der in âldere, Egyptyske of Yndyske Dionysus bestie dy't it meitsjen fan wyn útfûn doe't er foar it earst mank de minsken libbe. Lykwols binne der alhiel gjin ferhalen oer sa'n eardere Dionysus oerlevere, en de measte (bekende) tradysjes skriuwe reizen troch Ynje en de útfining fan wyn ta oan 'e lêste Dionysus. Neffens Diodoarus wie Dionysus oarspronklik de soan fan Seus en Perséfoné (of mooglik fan Seus en Demeter). As soan fan Seus en Perséfoné wie Dionysus deselde mei hoarnen tariste godheid dy't letter beskreaun waard troch Hyginus en Nonnus, en dy't fereare waard troch de orfisten. It wie dizze Dionysus dy't it gebrûk fan oksen foar it ploegjen útfûn hawwe soe, en syn oanbidders soene him mei hoarnen ôfbylde hawwe om him dêrfoar te earjen. Nonnus neamt dizze Dionysus Sagreus, wylst Diodoarus úthâldt dat er ek deselde wie as de Trasysk-Frygyske god Sabazius. Oars as Nonnus en Hyginus jout Diodoarus lykwols gjin beskriuwing fan 'e berte fan dizze foarm fan Dionysus.

Dionysus beriidt in jachtloaihoars op in 4e-iuwsk mozayk út Pella de haadstêd fan Masedoanje.

Neffens Nonnus soe Seus de goadinne Perséfoné, dy't troud wie mei syn broer Hades, mar noch faam wie, ferkrêfte hawwe om Dionysus by har oan te setten. Hja skonk meitiid it libben oan in hoarne poppe, dy't Nonnus oantsjut as Dionysus Sagreus. Dy wie, nettsjinsteande syn jonkheid, by steat en klim op 'e troan fan Seus. Ek koed er sûnder himsels te ferwûnjen mei de wjerljochtslaggen fan Seus boartsje, wat troch de oare goaden ynterpretearre waard as in teken dat er de rjochtlike erfgenamt fan Seus wie. Heara, Seus syn oarehelte, waard dêrtroch jaloersk, en ljochte de titanen yn oer dizze gong fan saken. Dy foelen de poppe oan en houden him syn earms en skonken ôf, mar Dionysus foel de titanen oan yn in grut tal ferskillende foarmen, wêrûnder dy fan in poppe, in jongeling, Seus, in liuw, in wyld hynder, in slange, in tiger en, ta einbeslút, in bolle. Om't de titanen it foar him oer net hâlde koene, griep Heara yn en deade de bolle mei in skreau. Dêrnei skuorden de titanen Dionysus útinoar en ieten him op. Seus sette harren as bestraffing foar dy skanddie finzen yn Tartarus.

Dizze myte fan 'e saneamde sparagmos, it útinoarskuorren fan Dionysus, wurdt ornaris beskôge as de wichtichste myte fan it orfisme. Hoewol't Nonnus dizze earste Dionysus de namme Sagreus jout, waard dy namme net brûkt troch de orfisten, dy't ienfâldichwei fan 'Dionysus' sprieken. De orfyske myten oer de earste berte fan Dionysus, gearstald troch godstsjinstûndersikers út in ferskaat oan boarnen út 'e Aldheid, en ôfmakke mei oannames om 'e oerbleaune gatten op te foljen, giet sa. Seus hie geslachtsmienskip mei Perséfoné yn 'e foarm fan in slange, en sette sa Dionysus by har oan. Nei de berte waard de poppe nei de berch Ida brocht, dêr't de jonge Dionysus, krekt as Seus sels doe't er noch in poppe wie, bewekke waard troch de Korybanten, dûnsjende oanbidders fan 'e goadinne Sybêle. Seus woe fan Dionysus syn erfgenamt meitsje as hearsker oer it hielal, mar de jaloerske Heara trune de titanen oan om it bern te deadzjen. By wize fan bespotting joegen de titanen oan Dionysus de tyrsus, in finkelstâle, yn it stee fan Seus syn skepter.

Neffens Diodoarus Sikulus leauden guon oanhingers fan Dionysus dat de god net letterlik op 'e Ierde berne wie, mar dat syn berteferhaal in allegory wie foar de libbenjaande krêft fan 'e goaden, dy't eltsenien yn 'e natoer oan it wurk sjen koe. Yn dy ferzje fan it ferhaal soe Dionysus de soan west hawwe fan Seus en Demeter, de goadinne fan 'e lânbou. De god fan wyn waard dus berne as soan fan 'e goaden fan rein en lânbou, wêrnei't er troch de titanen deade, útinoar skuord en sean waard, wat de rispinge en it proses fan wynmeitsjen symbolisearje soe. Krekt sa't de keale wynranken nei de ierde weromkearden om troch it proses fan ferrotting de druveplant wer ta it dragen fan frucht te bringen, sa kearden de resten fan 'e jonge Dionysus werom nei de ierde (yn 'e foarm fan syn mem Demeter) sadat er werberne wurde koe.

Bachus (Dionysus), Seares (Demeter) en Amor (Kupido) op in skilderij fan Hans von Aachen, út 1595-1605.

It berteferhaal dat Gajus Julius Hyginus64 f.Kr.-17) yn syn Fabulae jout, komt fierhinne oerien mei de orfyske tradysje. Hyginus, dy't de Latynske nammen brûkt, skriuwt dat Liber (Dionysus) oarspronklik de soan wie fan Jupiter (Seus) en Proserpina (Perséfoné). Nei't er útinoar skuord wie troch de titanen, fandele Jupiter de fragminten fan syn hert byinoar en die dy yn in drankje dat er oan Semele joech, de dochter fan Harmonia en Kadmus, de kening en stifter fan Tebe. Dêrtroch rekke Semele swier, wat de jaloerskens fan Juno (Heara) opwekke. Dy ferskynde oan it fanke yn 'e foarm fan har minne Beroë en beprate Semele om Jupiter te freegjen yn syn folle gloarje oan har te ferskinen. Doe't de god dat die, rekke it fanke ien fan syn wjerljochtslaggen oan en kaam om. De poppe Liber, yn har limoer, oerlibbe it ynsidint en Jupiter droech him oer oan 'e soarch fan Nysus.

Neffens Nonnus rekke de ierdgoadinne Gaia, de mem fan 'e titanen, oerstjoer nei't har bern troch Seus finzen set wiene foar harren moard op Dionysus. Dy oerstjoerens utere him yn baarnend lân en siedende seeën. Seus krige begrutsjen mei har en om har del te bêdzjen en de wrâld ôf te kuoljen feroarsake er mei oanhâldende rein in grutte floed. Doe't it libben nei ôfrin fan 'e oerstreaming fernijd waard, ûntbriek it oan blydskip om't der gjin wyn wie. Dêrop besleat Seus dat er syn soan Dionysus de wrâld ynstjoere soe om 'e minsken te learen hoe't se wyn meitsje moasten. De prinsesse Semele krige doe in foarsizzende dream, wêryn't Seus in fruitbeam ferdylge mei in wjerljochtslach, mar de frucht net skansearre. Hja kaam ta it besef dat hja sels de beam wie. Har heit, kening Kadmus, dy't benaud waard doe't Semele him oer har dream fertelde, droech syn dochter op om offers oan Seus te bringen.

Dêrop kaam Seus by Semele doe't se op bêd lei en hie omgong mei har yn 'e foarm fan in slange. De prinsesse rekke swier, en om't se wist dat har soan in god wêze soe, waard se grutsk. Dat rôp de wrok fan Heara op, dy't bang wie dat Seus har as keninginne fan 'e Olympus ferfange woe troch Semele. Dat se gie nei de prinsesse ta yn 'e foarm fan in âldwyfke dat lang lyn de minne fan kening Kadmus west hie, en prate op Semele yn en makke har jaloersk op 'e oandacht dy't Seus oan Heara joech. Dêrmei fitere se har oan om Seus te freegjen yn syn folle gloarje foar har te ferskinen. Seus warskôge har dat gjin stjerlike minske dat ea oerlibbe hie, mar Semele hold oan, en de god foldie oan har fersyk. Semele rekke lykwols ien fan 'e wjerljochtslaggen oan dy't Seus yn 'e hân hie, en baarnde dêrop daliks wei ta jiske. Dionysus, yn har limoer, oerlibbe de flammen lykwols en Seus naaide him doe yn syn eigen boppeskonk yn, dy't in twadde limoer foar de poppe waard. Sa waard Dionysus berne út 'e boppeskonk fan syn heit.

De moarmerne holle fan Dionysus út 'e 2e iuw f.Kr. Te sjen yn 'e Kapitolynske Museä yn Rome.

Diodoarus hellet ek noch in alternatyf berteferhaal oan út in Egyptyske tradysje. Dêryn wurdt útholden dat Dionysus de soan wie fan 'e god Amûn, dy't troud wêze soe mei de goadinne Reä. Amûn die lykwols oerhoer mei Amalteia, dy't swier waard en it libben skonk oan Dionysus. Om't Amûn bang wie dat Reä it bern wat oandwaan soe as se syn bestean ûntdiek, brocht er it jonkje nei Nysa, dêr't er yn in grot op 'e noed pleatst waard fan Nysa, in dochter fan 'e held Aristaius. Mar Dionysus waard neitiid ferneamd om syn feardichheid yn 'e skiene keunsten, om syn skientme en om syn krêft, en hy ûntdiek de keunst fan it wynmeitsjen doe't er noch in jonge wie. Syn reputaasje brocht him ûnder de oandacht fan Reä, dy't poerrazen wie oer it bedroch fan Amûn. Se besocht Dionysus ûnder har macht te bringen, mar doe't dat mislearre, ferliet se Amûn en troude se ynstee mei Kronos.

Neffens Nonnus joech Seus de poppe Dionysus oer oan 'e soargen fan syn soan Hermes, de boadskipper fan 'e goaden en de god fan hannel en dieverij. Dy bestege de soarch foar Dionysus út oan 'e lamiden, de dochter fan Lamos, dy't riviernimfen wiene. Mar Heara dreau de lamiden ta sljochtsinnigens, en makke dat se de jonge Dionysus oanfoelen. Hy waard rêden troch Hermes, dy't him neitiid op 'e noed fan keninginne Ino fan Boeoasje pleatste, sadat er fersoarge wurde koe troch har tsjinstfaam Mystis. Dyselde wijde Dionysus yn yn 'e rituelen fan 'e mystearjes. Yn it pseudepigrafyske earste-iuwske geskrift Bibliotheka, fan Pseudo-Apollodoarus, jout Hermes oan Ino opdracht om Dionysus as famke grut te bringen, om him sa foar Heara te ferbergjen. Dochs wit Heara him te finen, en se ferwoastget it hûs dêr't er grutbrocht wurdt mei in oerstreaming. Hermes rêdt de jonge Dionysus op 'e nij en bringt him dan nei de bergen fan Lydje, dêr't de goadinne Reä him grutbringt oant er foar himsels soargje kin.

Yn in oare ferzje fan it ferhaal wurdt Dionysus grutbrocht troch syn neef Makris op it eilân Euboea. En yn wer in oare ferzje wurdt er oerdroegen oan 'e reinnimfen fan Nysa, dy't foar him soargje oant er folwoeksen is. Seus beleannet harren dan troch harren as de Hyades mank de stjerren oan it firmamint te pleatsen. De berch Nysa is in mytologysk plak, mar it wurdt yn 'e Grykske myten altyd omskreaun as earne fier yn it easten of it suden. Homearus pleatst it "fier fan Fenysje, by de Egyptyske stream". Oare boarnen hawwe it oer Anatoalje, Lybje, Etioopje (Herodoatus) of Araabje (Diodoarus Sikulus). Neffens guon boarnen soe de jonge Dionysus ek ien fan 'e learlingen west hawwe fan 'e sintraur Chiron.

Bachus en Ampelos, troch Francesco Righetti (1782).

Reizen en de útfining fan wyn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Dionysus opgroeid wie, ûntdiek er hoe't men druveplanten ferbouwe koe om fan druvesop wyn te meitsjen. Mar Heara sloech him mei gekte, dat Dionysus ferliet Grikelân om as in sljochtsinnige swalker oer de Ierde te doarmjen. Yn Frygje waard er lykwols genêzen troch Sybêle, dy't mank de Griken bekendstie as Reä. Neitiid reizge Dionysus fierder om oeral yn 'e wrâld syn útfining fan it wynmeitsjen te fersprieden. Syn omdoarmings yn Ynje allinnich al namen ferskate jierren yn beslach. Neffens Diodoarus hiene de ekspedysjes fan Dionysus it karakter fan feroveringstochten, en brocht er de hiele wrâld ûnder syn bewâld útsein Etioopje en Brittanje.

Op syn omdoarmings rekke Dionysus, neffens Nonnus, befreone mei de sater Ampelos, mei wa't er neffens guon ferzjes fan it ferhaal sels in seksuele relaasje hie. Neffens Ovidius joech Dionysus him in druveplant dy't om in ipebeam hinne slingere, om fan 'e fruchten wyn te meitsjen. Mar de rimpene Ampelos klom heech yn 'e yp om 'e druven te rispjen, ferlear syn lykwicht en kaam te fallen dat er it bestoar. Dionysus droech de jongeling nei de stjerren, dêr't er it stjerrebyld Vindemitor waard, de "druveplôker". Nonnus fertelt in oare ferzje fan it ferhaal, wêrby't Ampelos omkomt as er in bolle beriidt en der ôf falt. De bolle wurdt stutsen troch in brims dy't stjoerd is troch Ate, de goadinne fan 'e dwaasheid, en giet dêrtroch op 'e rin. De skikgoadinnen skinke Ampelos dan in twadde libben as wynrank, dêr't Dionysus de earste wyn út parset.

Weromkear yn Grikelân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Dionysus nei syn reizen om utens weromkearde yn Grikelân, kanten ferskate hearskers harren oan tsjin syn kultus, omreden fan 'e sljochtsinnigens en maatskiplike ûntregeling dy't dermei mank gie. Yn ien myte, dy't werferteld wurd yn it toanielstik De Bachai, fan Euripides, keart Dionysus werom nei Tebe, it plak fan syn berte, dêr't syn neef Penteus oer hearsket. Penteus, dy syn mem Agave en syn muoikes Ino en Autonoë wolle net leauwe dat Dionysus in god is. Nettsjinsteande de warskôgings fan 'e bline profeet Tiresias ferbiedt Penteus yn syn stêd sels de ferearing fan Dionysus.

Dêrop lokket Dionysus Penteus nei de wyldernis bûten de stêd ta, om 'e ekstatyske rituelen fan 'e mainaden te bespionearjen. De strúnjeier Penteus, dy't hopet in seksuele orgy te sjen, ferstoppet himsels yn in beam, mar de mainaden ûntdekke him, en ta gekte dreaun troch Dionysus hâlde se him foar in liuw. Se falle mei de bleate hân op him oan en skuorre him útinoar. Under harren binne ek Penteus syn muoikes en syn eigen mem Agave, dy't him eigenhandich de holle ôfskuord en dy op in piik set en as in trofee mei weromnimt nei har heit Kadmus. As de gekte oerbetteret, ûntdekt se wat se dien hat. Dionysus arrivearret, ferballet Agave en har susters út Tebe, en feroaret Kadmus en syn frou Harmonia yn slangen. Inkeld Tiresias wurdt sparre.

Kening Penteus fan Tebe wurdt útinoar skuord troch Agave en Ino. Ofbylding op it lid fan in lekanis of potsje foar kosmetika, 2e helte fan 'e 5e iuw f.Kr.. No yn it Louvre yn Parys.

Yn 'e Ilias fan Homearus wurdt in oare myte oer Dionysus ferteld. As kening Lykurgus fan Traasje der lucht fan kriget dat Dionysus syn keninkryk besocht hat, lit er de mainaden, de folgelingen fan 'e god, opslute. Dionysus lit dan in slimme en oanhâldende drûchte oer hiel it lân komme, dy't de befolking oanset ta opstân. Ek slacht er kening Lykurgus mei gekte, sadat er syn eigen soan oan stikken houd mei in bile om't er mient dat de jonge in klimmerblêdplant is dy't hillich is foar Dionysus. As in orakel dan de profesije docht dat it lân drûch en ûnfruchtber bliuwe sil salang't Lykurgus libbet, wurdt de kening troch syn eigen folk grypt en fearne. Dêrop heft Dionysus de flok fan drûchte op. Yn in alternative ferzje fan dit ferhaal, dy't soms yn 'e keunst ôfbylde wurdt, besiket Lykurgus Ambroasia, in mainade, te deadzjen, dy't dan troch tadwaan fan Dionysus feroare wurdt yn in wynrank. De plant slingeret him om 'e razene kening hinne en wjirget him stadich oant er it bestjert.

Finzenskip en ûntsnapping

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Homearus fertelt ek hoe't Dionysus, as er ris oan it strân sit, sjoen wurdt troch guon seelju, dy't him foar in prins hâlde. Se besykje him te ûntfieren en mei him fuort te silen om him foar losjild frijkeapje te litten of him as slaaf te ferkeapjen. Gjin tou kin him lykwols bine, en ynstee feroaret de god yn in liuw en dêrnei yn in bear, dy't alle opfarrenden deadzje útsein dejingen dy't op 'e tiid oerboard springe en yn dolfinen feroare wurde. Inkeld de roerman, Akoites, dy't de god wer koe en syn maten fan it begjin ôf oan besocht hie tsjin te hâlden, wurdt sparre.

Yn in soartgelikens ferhaal hiert Dionysus in galei fan Tyrreenske seerôvers yn om him fan Ikaria nei Naksos te bringen. As er ienris oan board is, sile de seerôvers net nei Naksos, mar nei Lyts-Aazje, dêr't se Dionysus as slaaf ferkeapje wolle. Diskear feroaret de god de mêst en de roeirimen yn slangen, en hy follet it skip mei klimmerblêd en it lûd fan fluitmuzyk sadat de seerôvers der gek fan wurde en oerboard springe, dêr't se op 'e nij yn dolfinen feroare wurde. Yn 'e Feroarings fan Stal fan Ovidius begjint Dionysus dit ferhaal as in jong bern, mar feroaret er oan board fan it seerôversskip yn in folwoeksen god.

In soad fan 'e dionysyske myten draaie om it ferdigenjen en bewizen troch de god fan syn godlikens oan skeptisy. Godstsjinstûndersiker Malcolm Bull murk op dat "it de foar twadderlei útlis fetbere posysje fan Bachus yn 'e klassike mytology werjout dat er, oars as de oare Olympyske goaden, ferlet hat fan in boat om nei […] eilannen te reizgjen dêr't er mei assosjearre wurdt." Paola Corrente murk op dat yn in soad boarnen it ynsidint mei de seerôvers oan 'e ein fan Dionysus syn tiid mank de minsken op 'e Ierde pleatst is. Yn dy sin tsjinnet dit ferhaal as definityf bewiis fan syn godlikheid, en wurdt it gauris folge troch syn delgong nei de ûnderwrâld om syn mem op te heljen, wêrnei't hja beiden opgean kinne nei de himel om har by de oare Olympyske goaden te jaan.

De Dionysusbokaal, in kyliks út 'e 6e iuw f.Kr. mei Dionysus op it seerôversskip omjûn troch de seerôvers dy't er feroare hat yn dolfinen.

Delgong nei de ûnderwrâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn boek II fan syn Beskriuwing fan Grikelân neamt de geograaf Pausanias twa ferskillende tradysjes oer Dionysus syn katabasis (oftewol delgong nei de ûnderwrâld). Beide ferhalen beskriuwe hoe't Dionysus delgiet nei Hades om syn mem Semele te rêden. Dêrfoar moat er foarby de hellehûn Serberus sjen te kommen, dy't op syn fersyk fêstholden wurdt troch syn healbroer, de healgod Hearakles. In sterk oanpaste fariant fan dizze myte foarme ek de basis foar de komeedzje Kikkerts, fan Aristofanes. (Dêryn reizget Dionysus as de patroangod fan 'e Ateenske Dionysia op 'e nij ôf nei Hades om ien fan 'e grutte trageedzjeskriuwers wer ta libben te bringen. Nei't Aiskylos en Euripides inoar mei in rige misledigings yn dichtfoarm bespot hawwe, falt de kar fan 'e god op Aiskylos.)

Nei't er Semele ophelle hat, komt Dionysus neffens in pleatslike tradysje mei har út 'e ûnderwrâld te foarskyn yn 'e ûnfiembere wetters fan in lagune oan 'e kust fan Argolis, deunby it prehistoaryske plak Lerna. Dat mystike barren waard dêr yn 'e Aldheid elts jier betocht mei in nachtlik ritueel, wêrfan't de details geheim holden waarden. Neffens Corrente kin it letterlike opdûken fan Dionysus en Semele út it wetter fan 'e lagune foar harren beiden sjoen wurde as in symboalyske werberte.

Neffens de kristlike auteur Klemens fan Aleksanderje waard Dionysus op syn reis nei de ûnderwrâld bystien troch in Prosymnus of Polymnus, dy't it paad wist. Dyselde easke as beleanning foar syn help om 'e minner fan 'e god wêze te meien. Hy stoar lykwols ear't Dionysus oan dat ûnthjit foldwaan koe, en om 'e skym fan Prosymnus tefreden te stellen makke de god doe in fallus fan in oliiftûke, dêr't er by it grêf fan Prosymnus op sitten gie. Dat ferhaal is inkeld út kristlike boarnen bekend, wêryn't it bedoeld wie om it heidendom yn diskredyt te bringen, mar it liket ek tsjinne te hawwen om 'e oarsprong fan geheime objekten út te lizzen, dy't brûkt waarden yn 'e dionysyske mystearjes.

Sekundêre myten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gouden oanrekking fan Midas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in bekende myte wêryn't Dionysus in byrol spilet, rekket syn âlde mentor en pleechheit Silenus fermist. De âldman is dronken rekke en fuortknoffele, en wurdt troch boeren oantroffen wylst er syn roes útsliept en nei kening Midas fan Frygje brocht. Yn in alternative ferzje fan it ferhaal is er bewusteleas rekke yn 'e roazetún fan Midas. Yn elts gefal ken de kening him wer, en hy hat de âldman tsien dagen en nachten te gast en behannelet him mei alle égards, wylst Silenus syn hof fermakket mei ferhalen en lieten. Op 'e alfde dei bringt Midas Silenus by Dionysus, dy't de kening in beleanning nei kar oanbiedt foar syn goede die.

Bachus en Ariadne, in skilderij út 1822 fan Antoine-Jean Gros.

Midas freget de god om it sa te meitsjen dat alles dat er oanrekket, tenei yn goud feroarje sil. Dionysus seit dat it him spyt dat Midas gjin bettere kar makke hat, mar hy jout him syn sin. Midas is de wrâld te ryk, en hastiget him om syn krêften út te prebearjen. Yndie feroarje in iketûke en in stien dy't er oppakt yn goud, mar syn blydskip ferdwynt as ek syn iten en drinken yn goud feroarje, en sels syn eigen dochter, as se him oankrûpt. De skokte kening wol dan wol gau wer fan 'e Oanrekking fan Midas ôf, en hy bidt Dionysus om him te rêden fan 'e útdrûging en ferhongering. De god jout him op 'e nij syn sin, en hjit Midas om him te waskjen yn 'e rivier de Paktolus. As der dat docht wurde syn goudmeitsjende krêften fuortwosken troch it wetter, en it sân fan it rivierbêd feroaret yn goud.

As Teseus de sliepende Ariadne op it eilân Naksos efterlit, fynt Dionysus har en trout mei har. Yn in alternative ferzje fan 'e myte sjocht Dionysus Ariadne as Teseus har oan board fan syn skip bringt, en rekket er op slach fereale, wêrnei't er Teseus twingt om har op Naksos efter te litten. Yn elts gefal skinkt Ariadne him in soan dy't Oinopion hjit en dy't letter selsmoard docht of ombrocht wurdt troch Perseus. Yn guon ferzjes fan it ferhaal pleatst Dionysus de kroan fan Ariadne yn 'e himel as it stjerrebyld Corona. Yn oare ferzjes reizget er nei har dea nei de ûnderwrâld om har wer ta libben te bringen.

Yn in oare myte besiket de nimf Psalakanta de leafde fan Dionysus te winnen oer syn leafde foar Ariadne. Dat slagget har lykwols net, en se wurdt feroare yn in plant.

Kallirroë is in frou út Kalydon dy't Koresus, in preester fan Dionysus ôfwiist. Dêrop driget Dionysus alle Kalydoanske froulju sljochtsinnich te meitsjen, en jout Koresus opdracht om Kallirroë as minskeoffer om te bringen. De preester wegeret lykwols en slacht ynstee de hân oan himsels. Kallirroë smyt harsels dan yn in djippe saad, dy't letter nei har ferneamd wurdt.

List fan neiteam fan Dionysus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
mem bern
Afrodite
  1. de Graasjes (mooglik)
    1. Pasiteä
    2. Eufrosyne
    3. Talia
  2. Priapus (mooglik)
Ariadne
  1. Seramus
  2. Enyeus
  3. Euantes
  4. Eurymedon
  5. Latramys
  6. Maron
  7. Oinopion
  8. Fanus
  9. Peparetus
  10. Flias (mooglik)
  11. Stafylus
  12. Tauropolis
  13. Toäs
Aura
  1. Iachus
  2. twillingbroer fan Iachus
Aleksirroë Kamanor (soan fan Dionysus)Kamanor
Alfesiboea Medus
Alteä Deianira
Araityreä Flias (mooglik)
Ktonofyle Flias (mooglik)
Karya gjin neiteam bekend
Chione Priapus (mooglik)
Sirke Komus
Kronoïs

de Graasjes (mooglik)

  1. Pasiteä
  2. Eufrosyne
  3. Talia
Nikeä Telete
Pallene gjin neiteam bekend
Perkote Priapus (mooglik)
Fyskoä Narkeus
ûnbekende mem Mete
ûnbekende mem Sabazios
ûnbekende mem Tysa

Rollen en oantsjuttings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krek as de measte Olympyske goaden hie Dionysus in ferskaat oan bynammen of titels. De wichtichsten dêrfan wiene:

Bachus mei Loaihoars, út 1878, fan Johann Wilhelm Schutz.
  • Briseus (letterlik: "dy't oerwint"), yn Smyrna.
  • Bromios of Bromius (letterlik: "boalderjend", benammen fan 'e wyn). Dêrmei waard yn it foarste plak ferwiisd nei de sintrale myte fan ferstjerren en weropstanning, mar ek nei de stalferwikselings fan Dionysus as liuw en bolle, en de lûdroftigens fan lju dy't beskonken binne. Godstsjinstûndersikers sjogge der ek in bân yn mei Dionysus syn heit Seus, de Tongerder, yn 'e sin fan it boalderjen fan 'e tonger.
  • Choiropsalas (χοιροψάλας, letterlik: "bargeplôker"). It Grykske χοῖρος, choiros, wie ek in sprektaalterm foar de fagina, sadat dizze bynamme ferwiisd nei de rol fan Dionysus as god fan 'e fruchtberens.
  • Chthonios (letterlik: "de ûndergrûnske"), ferwizend nei de ktoanyske rol fan Dionysus yn ferbân mei de ûnderwrâld fan 'e Grykske mytology.
  • Dendrites (letterlik: "hy fan 'e beammen"), in ferwizing nei Dionysus yn syn rol fan god fan 'e fruchtberens.
  • Dithyrambos, brûkt op 'e Dionysia en de Bachanalia, ferwizend nei de te betide berte fan Dionysus.
  • Eleutherios (letterlik: "de befrijer"), in bynamme dy't Dionysus dielt mei Earos.
  • Endendros (letterlik: "hy yn de beam"), in ferwizing nei Dionysus yn syn rol fan god fan 'e fruchtberens.
  • Enorches (letterlik: "mei ballen"). In ferwizing nei Dionysus yn syn rol fan god fan 'e fruchtberens. It kin ek lêzen wurde as "yn 'e testikels"; dan soe it ferwize nei de myte dat Seus de poppe Dionysus "yn syn boppeskonk" ynnaaid hie, wat begrepen wurdt as eufemisme foar syn testikels. Dizze bynamme waard fral brûkt op Samos en Lesbos.
  • Eridromos (letterlik: "goed-dravend"), neamd yn 'e Dionysiaka fan Nonnus.
  • Erikryptos (letterlik: "folslein ferburgen"), yn Masedoanje.
  • Euios (latinisearre as Euius), yn it toanielstik De Bachai, fan Euripides.
  • Iacchus, in mooglike namme foar Dionysus, assosjearre mei de Eleusinyske mystearjes.
  • Liknites (letterlik: "wanner" of "hy fan 'e terskfleil"), in ferwizing nei Dionysus yn syn rol fan god fan 'e fruchtberens.
  • Lyaios of Lyaeus (letterlik: "losmakker", yn 'e sin fan "ferlosser").
  • Melanaigis (letterlik: "dy fan 'e swarte geitehûd"), op it Apatoeria-feest.
  • Morychos of Morychus (letterlik: "besmarde"), op Sisylje, om't syn byld by wize fan offerritueel besmaard waard mei it besinksel fan 'e wyn.
  • Oineus of Oeneus, as god fan 'e wynparse.
  • Omadios, neffens it skriuwen fan 'e kristlike teolooch Eusebius.
  • Pseudanor (letterlik: "falske man", ferwizend nei de froulike kwaliteiten fan Dionysus), yn Masedoanje.

Yn it Grykske panteön naam Dionysus, tegearre mei Seus, de rol fan 'e Trasysk/Frygyske godheid Sabazios oer. Yn it Romeinske panteön waard Sabazius in alternative namme foar Bachus/Dionysus.

Identifikaasje mei oare goaden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven mei Liber út 'e Romeinske mytology en Fûflûns út 'e Etruskyske mytology waard Dionysus ek gauris lykslein mei oare goaden. Sa waard de Frygyske god Sabazios soms mei Seus, mar faker noch mei Dionysus identifisearre. Ek bestie yn 'e wrâld fan 'e Aldheid rûnom it leauwe dat de God fan 'e Joaden eins deselde wie as de Sabazios fan 'e Frygjers, en dêrmei dus ek deselde as Dionysus.

In stânbyld fan Bachus (Dionysus) út Rome út 'e 2e iuw. No te sjen yn it Louvre yn Parys.

Yn 'e Grykske ynterpretaasje fan it Egyptyske panteön waard Dionysus fierders faak identifisearre mei Osiris, mei't de myten oer de ûntlidding fan Osiris en syn wergearstalling en weropstanning troch tadwaan fan Isis sterk lykje op 'e ferhalen oer it útinoarskuorren Dionysus troch de titanen en syn werberte as soan fan Semele. Neffens Diodoarus Sikulus wiene de beide goaden al yn 'e fyfde iuw f.Kr. ferraand ta in synkretistyske godheid dy't bekend stie as Dionysus-Osiris. Dyselde wie yn 't bysûnder populêr yn it Ptolemayske Egypte, mei't de dynasty fan 'e Ptolemeeën as Griken bewearden ôf te stamjen fan Dionysus, wylst se as farao's rjochten jilde litte koene op ôfstamming fan Osiris. Sa koe it dat Markus Antonius en Kleopatra fergoade waarden as Dionysus-Osiris, resp. Isis-Afrodite. Ek mei oare Egyptyske goaden waard Dionysus wol lykslein, wêrûnder Serapis en Hermanûbis.

Mei Hades en Seus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders ferklearre yn 'e fyfde iuw f.Kr. de filosoof Heraklitus, dy't tsjinstelden ferienje woe, dat Hades, de Grykske god fan 'e dea, en Dionysus, dy't er omskreau as de "essinsje fan ûnferwoastber libben" ien en deselde god wiene. Bewiis foar it histoarysk bestean fan in kultus om in inkele godheid Hades-Dionysus hinne is hiel breed, benammen mank de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje, as men útgiet fan 'e sterke oanwêzigens fan 'e symbolyk fan 'e dea yn 'e ferearing fan Dionysus. Sawol Hades as Dionysus waard fierders yn in trijefâldige godheid assosjearre mei Seus. Krekt as Dionysus hie Seus bannen mei de ûnderwrâld, en waard er sterk identifisearre mei Hades, sa sterk sels dat se út en troch as twa tsjinstelde gesichten fan deselde god beskôge waarden. De feriening fan Hades, Seus en Dionysus ta ien god waard brûkt om berte, dea en weropstanning te symbolisearjen en himel, ierde en hel mei-inoar te ferbinen.

Mei Jezus Kristus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e moderne tiid hawwe in protte teologen en oare godstsjinstûndersikers de oerienkomsten opmurken tusken de myten oer Dionysus en de ferhalen yn it Nije Testamint fan 'e Bibel oer Jezus Kristus. Sa kinne se allebeide identifisearre wurde as foarbylden fan it mytologysk archetype fan 'e stjerrende-en-ferrizende god, ek al binne de details omtrint de dea en werberte fan Dionysus hiel oars as dy oangeande de dea en weropstanning fan Jezus. In oare dúdlike parallel is de berjochting fan beide: yn De Bachai ferskynt Dionysus foar kening Penteus fan Tebe om't er beweart godlik te wêzen, wat net leaud wurdt. Yn it Nije Testamint wurdt Jezus Kristus foar de joadske hegepreesters Annas en Kajafas en letter foar de Romeinske lânfâd Pontius Pilatus brocht om't er beskuldige wurdt fan 'e bewearing godlik te wêzen, wat er ûntstriidt. Nettsjinsteande oare paralellen, lykas it roomske idee fan 'e transsubstansjaasje fan 'e hosty, dy't yn hast persiis deselde foarm foarkaam yn 'e dionysyske mystearjes, binne de measte saakkundigen ta de konklúzje kommen dat de ferhalen oer Dionysus en Jezus hjir en dêr reitsflakken hawwe, mar eins folslein ferskillend binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.