Hades (god)

Ut Wikipedy
Hades
ᾍδης (Hádēs)
persoanlike bysûnderheden
religy Gryksk heidendom
domein de ûnderwrâld, de dea, grotten, de
nacht, dreamen, flokken, it tsjuster,
de grûn, fruchtberens, rykdom, it
hjirneimels en metalen
wente Hades (ûnderwrâld)
selskipsdier Serberus (trijekoppige hûn)
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte Perséfoné
heit Kronos
mem Reä
broer Poseidon, Seus
suster Demeter, Hestia, Heara
soan Sagreüs
dochter Makaria e.o.
ekwifalint Dis Pater, Orkus, Pluto, Aita
attributen
foarwerp hoarn fan oerfloed, skepter, kaaien
plant narsis, sypres
bist slangen, hûn

Hades (Gryksk: ᾍδης, Hádēs, útspr.: [ˈhadiːs], likernôch "Ha-diis", of Ἅιδης, Háidēs, útspr.: [ˈhai̭diːs ], likernôch: "hai-diis") is yn it Grykske heidendom en de Grykske mytology de god fan 'e ûnderwrâld, de dea, grotten, de nacht, dreamen, flokken, it tsjuster, de grûn, fruchtberens, rykdom, it hjirneimels en metalen. It meast waard er lykwols sjoen as de kening fan 'e Grykske ûnderwrâld, it plak dêr't minsken nei harren dea hinnegiene. Dêrmei waard er frijwol synonym, en de Grykske ûnderwrâld waard dêrom ek Hades neamd.

Hades wie neffens de myten de âldste soan fan Kronos en Reä, mar de lêste dy't, nei't er opiten wie troch syn heit, wer opkoarre waard. Yn 'e mande mei syn jongere bruorren Seus en Poseidon fersloech er syn heite generaasje fan goaden, de titanen, en naam er it regear oer de kosmos oer. Hades krige de ûnderwrâld taparte, Seus de himel en Poseidon de see, wylst de ierde foar alle trije like tagonklik wie.

Hades waard gauris ôfbylde mei Serberus, de trijekoppige hiemhûn fan 'e ûnderwrâld. Yn lettere tiden waarden de Etruskyske god Aita en de Romeinske goaden Dis Pater en Orkus as ekwifalinten fan Hades sjoen. De lêste beiden fusearren mei tiid ta Pluto, in latinisearring fan Plouton (Gryksk: Πλούτων, Ploútōn, útspr.: [ˈplutɔːn], likernôch: "plû-tôn"), dat in Grykske eufemistyske titel fan Hades wie.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan 'e namme 'Hades' is ûnwis, mar al fan 'e Aldheid ôf wurdt ornaris oannommen dat it "de ûnsjoene" betsjut. In oansjenlik diel fan Cratylus, in dialooch fan 'e wiisgear Plato, is wijd oan 'e etymology fan 'Hades'. Dêrby lit Plato Sokrates, dy't er as ien fan 'e dielnimmers oan 'e dialooch opfiert, in folksetymology bepleitsje as soe de namme in ferbastering wêze fan "syn kennis [eidenai] fan alle nommele dingen". Moderne taalkundigen hawwe foarslein dat 'Hades' him ûntwikkele hat út 'e Proto-Grykske foarm *Awides ("ûnsjoen").

In krûk mei in sêne út 'e ûnderwrâld.

De ierst oerlevere foarm fan 'e namme is Ἀΐδης, Aḯdēs, dat de gebrûklike digamma mist. Yn it Homêrysk Gryksk en it Ioanysk Gryksk stie Hades bekend as Áïdēs. Oare poëtyske foarmen binne bgl. Ἀϊδωνεύς, Aïdōneús, en de ferbûgings Ἄϊδος, Äïdos (genityf of twadde namfal), Ἄϊδι, Áïdi (datyf of trêde namfal) en Ἄϊδα, Áïda (akkusatyf of fjirde namfal). De byhearrende rekonstruëarre nominatyf of earste namfal *Ἄϊς, *Áïs, is lykwols net oerlevere. Yn 'e Klassike Aldheid kaam de god bekend te stean as Ἅιδης, Háidēs, útspr.: [ˈhai̭diːs ], likernôch: "hai-diis", mar letter feroare de iota yn in stomme letter (Hádēs, útspr.: [ˈhadiːs], likernôch "Ha-diis"), dy't yn it Byzantynsk-Gryksk yn in subskript-iota feroare (ᾍδης) en yn it Nijgryksk alhiel weilitten waard (Άδης).

Mooglik út eangst foar it útsprekken fan syn namme, wat syn oandacht lûke kinne soe, begûnen de Alde Griken om 'e fyfde iuw f.Kr. hinne nei Hades te ferwizen ûnder de namme Plouton (Gryksk: Πλούτων, Ploútōn, útspr.: [ˈplutɔːn], likernôch: "plû-tôn"). De woartel fan dy eufemistyske oantsjutting kaam fan it Grykske wurd foar "ryk", wat ferklearre wurde kin trochdat de ûnderwrâld ûnder de grûn leit, en de grûn de boarne fan rykdom is yn 'e foarm fan sawol oerfloedige rispingen as dylchstoffen. Mear útwrydske beneamings op itselde tema wiene Πλουτοδότης, Ploutodótēs, en Πλουτοδοτήρ, Ploutodotḗr, beide mei de betsjutting "skinker fan rykdom". Hades waard ek wol Ζεὺς καταχθόνιος, Zeus katachthonios, neamd, wat betsjutte: "Seus fan 'e Underwrâld".

Domein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hades wie de god fan 'e ûnderwrâld, dy't yn 'e kosmology fan it Grykske heidendom suver synonym mei him waard en sadwaande ek bekend kaam te stean as Hades. Om't dat it plak wie dêr't de minsken nei harren ferstjerren hinne giene, wied er ek de god fan it hjirneimels en de dea. Hades wie lykwols net de Dea sels, of de personifikaasje fan 'e dea; dat wie de wjukte, yn in dûnkere mantel bewuolle Tanatos, de soan fan Nyks en Erebus, hoewol't yn in passaazje út it toanielstik Alkêstis fan Euripides frij dúdlik steld wurdt dat Hades en Tanatos ien-en-deselde wiene. Om't de ûnderwrâld, sa't de namme al seit, ûnder de grûn lei, hearden ek grotten, de grûn en it tsjuster ta it domein fan Hades, en yn it ferlingde fan it tsjuster ek de nacht en dreamen, en yn it ferlingde fan 'e grûn ek fruchtberens en metalen, en dêrmei rykdom. Ta einbeslút wie Hades ek de god fan flokken.

In reliëf fan Perséfoné en Hades op harren troanen. Ut 'e 1e helte fan 'e 5e iuw f.Kr., yn it Cleveland Museum of Art.

Foarstelling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hades waard oer it algemien foarsteld as in beburde man yn syn middeljierren. Syn striidwein waard lutsen troch in fjouwerspan swarte hynders, dy't, neffens Klaudianus, Orfaius, Aiton, Nykteüs en Alastor hieten, wylst oare boarnen se Nonius, Ameteüs, Abastor of Abêtor en Meteüs neame. Attributen fan Hades wiene de narsisblom en de sypressebeam, de kaai fan 'e ûnderwrâld, de skepter fan 'e ûnderwrâld en soms de hoarn fan oerfloed, fanwegen syn bân mei de rispinge, dy't ommers fan ûnder de grûn kaam. Syn selskipdieren wiene Serberus, de trijekoppige hellehûn, en/of ien of mear slangen.

Myten oer Hades[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Grykske mytology wie Hades de earstberne soan fan 'e titanen Kronos, de god fan 'e tiid, en dy syn oarehelte Reä. Hy hie trije âldere susters, Hestia, Demeter en Heara, en ek in jongere broer, Poseidon. Alle fiif bern waarden troch Kronos opiten sadree't se te wrâld kamen. It jongste bern, in twadde broer fan Hades dy't Seus hiet, wie troch tadwaan fan Reä oan dat lot ûntkommen. Doe't dyselde folwoeksen wurden wie, twong er syn heit om syn bruorren en susters op te koarjen. De seis jongere goaden spanden doe gear mei bûnsgenoaten en fersloegen yn 'e tsien jier duorjende Titane-oarloch de âldere goaden.

Nei harren oerwinning en de dea fan Kronos loeken Seus, Poseidon en Hades (neffens in ferneamde passaazje yn 'e Ilias (Boek XV, r. 187-193) lotten om út te meitsjen hokker diel fan 'e skepping se oer hearskje soene. Seus loek de himel of loft, Poseidon de see en Hades de ûnderwrâld. Dat lêste omfette sawol it ûnsjoene ryk dêr't de sielen fan 'e deaden hinnegiene nei't se de wrâld fan 'e libbenen ferlitten hiene, as alle fysike dingen dy't har ûnder de grûn befûnen. Guon myten suggerearje dat Hades ûntefreden wie oer de útkomst fan 'e lotting, mar dat er gjin oare kar hie as om him der by del te lizzen.

In stânbyld fan Hades út Hierapolis.

As god fan 'e ûnderwrâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande moderne konnotaasjes fan 'e dea as wat kweadaardichs, wie Hades, sa't er yn 'e myten ôfskildere wurdt, eins gjin ferkeardenien. Hy wie mear passyf as aktyf boasaardich, mei't it syn rol wie om it lykwicht te hâlden. Hy wie lykwols gjin sympatyk figuer, mar earder ôfhâldich en strang, en hy ferwachte fan al syn ûnderdienen yn gelikense mjitte dat se har oan syn wetten hâlde soene, likefolle oft se by libben no kening of bidler west hiene. Oars as by de oare Grykske goaden binne der fan Hades fierders net folle karaktertrekken bekend, mei't de Alde Griken út eangst om syn oandacht te lûken net tefolle oer him neitinke woene.

Hades regearre oer de deaden, yn dy taak bystien troch oaren oer wa't er folslein gesach útoefene. It Hûs fan Hades waard beskreaun as fol "gasten" dy't nea fuortgean koene. Sels ferliet er mar komselden de ûnderwrâld. Wat der yn 'e wrâld dêrboppe barde, koe him net folle skele, mei't er him folslein op it bestjoer fan syn eigen ryk talei. Syn wichtichste wet wie dat nimmen dy't de ûnderwrâld yngien wie, der wer ta'n út gean soe. As immen dochs besocht út te piken, koed er yn grutte razernij ûntstekke. Syn grime wie like skriklik as immen op ûnnatuerlike wize besocht de dea te ûntrinnen, of as er op oare wize slachtoffer fan bedragerij waard, sa't Sisyfus en Piritûs ta har skea ûntdieken. Hoewol't er syn ûnderdienen oer it algemien gewurde liet, hie Hades der bot bestek op om dy beide te straffen. Yn 't bysûnder wie dat sa mei Piritûs, dy't de ûnderwrâld binnengloep mei de bedoeling om Hades syn oarehelte Perséfoné te ûntfieren en ta frou te nimmen. Dyselde waard dêrom twongen om plak te nimmen yn 'e 'Stoel fan Ferjitnis'.

Yn in oare myte ûntjoech de healgod Asklepius, de soan fan Apollo en de Tessalyske prinsesse Koronis, him ta in ferneamd en talintearre dokter. Hy wie sa ûnderlein, dat er úteinlik sels de deaden wer ta libben bringe koe. Dêrmei kaam er lykwols Hades op it sear, dy't soks opfette as it him ûntstellen fan eat dêr't er rjocht op hie. Hy beprate Seus om Asklepius dea te slaan mei in wjerljochtsslach, mar nei syn dea waard Asklepius nei de Olympus brocht, de wente fan 'e goaden, dêr't er folslein fergoade rekke en de god fan 'e genêskunde waard.

In 18e-iuwsk skilderij fan 'e ûntfiering fan Perséfoné troch Hades.

Der is mar ien gefal bekend út 'e Grykske myten, wêryn't Hades him bûten de ûnderwrâld bejoech, en sels dat liket in gefal west te hawwen wêrby't er mar kwealk bûten de poarten fan syn domein kaam. Dat wie doe't er besocht de stêd Pylos te ferdigenjen en de healgod Hearakles him delskeat mei in pylk. Neitiid moast er nei de Olympus reizgje om te genêzen. Oare myten wêryn't Hades in rol spilet, geane yn 'e regel oer lju dy't om 'e iene of oare reden in reis nei de ûnderwrâld ûndernimme, lykas it gefal wie mei Hearakles, Odysseus, Aeneäs (beselskippe fan 'e sibylle fan Cumae), Orfeüs, Teseus mei Piritûs, en yn in let ferhaal oer Psyche. Net ien fan allegear wiene dy oangenaam ferrast troch wat se yn 'e ûnderwrâld oantroffen, hoewol't Hades in ûnkarakteristike genede toande oan Orfeüs nei't dyselde Perséfoné op it moed kommen wie mei syn muzyk.

Hades syn oarehelte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarehelte fan Hades wie de goadinne Perséfoné, de dochter fan Seus en Demeter. Hoewol't Seus troch hantsjebakken Perséfoné oan Hades ta frou jûn hie, sa't ferteld wurdt yn 'e earste regels fan 'e Homearyske Hymne oan Demeter, ûnderwurp Perséfoné har net út frije wil oan 'e god fan 'e ûnderwrâld. Ynstee ward hja troch Hades ûntfierd of skaakt (ôfhinklik fan hoe't men it besjocht) wylst se blommen oan it plôkjen wie yn 'e fjilden fan Nysa. Har mem Demeter, de goadinne fan 'e lânbou en fruchtberens, wie it út noch yn net mei dy gong fan saken iens, en hja spriek in flok oer it lân út dy't in grutte hongersneed feroarsake.

De oare goaden kamen ien foar ien by Demeter del om op har yn te praten, dat se de flok opheffe soe. Net inkeld rûnen se it gefaar dat de hiele minskheid fan 'e honger omkomme soe, mar, en dat wie minder, as dat barde soe der nimmen mear wêze om offers oan harren te bringen. Demeter woe lykwols fan gjin wiken witte, en hold út dat de grûn gjin frucht mear drage soe oant se har dochter wer seach. Seus stjoerde doe syn soan Hermes, de boadskipper fan 'e goaden, nei de ûnderwrâld ta om mei Hades te praten, yn 'e hope dat dy Perséfoné gean litte wolle soe. Hades stimde dêryn ta en liet har gean, mar joech har temûk, by wize fan ôfskie tocht se, in siedsje fan in granaatapel te iten.

In amfoara mei in ôfbylding fan Hades (rj.), te sjen yn it Louvre yn Parys.

Nei't Perséfoné weriene waard mei har mem, frege dy har lykwols oft se yn 'e ûnderwrâld ek wat iten hie, en Perséfoné befêstige dat se granaatapelsiedsje hân hie. De ûntstelde Demeter lei har dêrop út dat Perséfoné troch it iten fan it iten fan 'e deaden oan 'e ûnderwrâld bûn wie. Bemiddeling troch Seus late ta in kompromis, dêr't alle belutsen partijen mei libje koene: Perséfoné soe in trêdepart fan it jier mei Hades yn 'e ûnderwrâld trochbringe en twatrêdepart mei Demeter yn 'e boppewrâld. Yn 'e tiid dat Perséfoné by Hades wie, rouwe har mem Demeter om har ôfwêzigens. Fan gefolgen ferlearen beammen dan har blêdte en waard de ierde kâld en ûnfruchtber. Sadree't Perséfoné wer by har mem weromkearde, groeiden der nije blêden oan 'e beammen en waard de wrâld wer grien en fruchtber; sa ferklearren de Alde Griken de winter en de wikseling fan 'e jiertiden.

Oare myten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De helden Teseus en Piritûs sprieken ôf om allebeide mei in dochter fan Seus te trouwen. Dat se dy dêrfoar ûntfiere en finzenhâlde moasten, fûnen se gjin beletsel. Teseus keas foar Helena fan Troaje, dy't se tegearre as lyts famke ûntfierden en by Teseus syn mem Aitra brochten, dêr't se bliuwe koe oant se âld genôch wie om mei Teseus te trouwen. Underwilens soe Teseus Piritûs oan 'e frou helpe. Piritûs keas foar Perséfoné, dat twaresom krongen de helden de ûnderwâld yn om har te ûntfieren. Hades, dy't foarkennis fan harren snoade plan hie, ûnthelle har beiden as gasten en rjochte yn harren eare in feestmiel oan. Sadree't de mannen plaknommen, krinkelen der lykwolse slangen om harren fuotten en holden harren fêst. Teseus waard úteinlik rêden troch Hearakles, mar Piritûs kaam nea de ûnderwrâld mear út as straf foar syn heechmoed om 'e frou fan in god stelle te wollen.

Hearakles kaam foar it earst yn oanrekking mei Hades troch syn tolve wurken, wêrfan't it lêste wie om Serberus te fangen. Fan alle wurken wie dat it meast riskante. Eurysteüs, de fijân fan Hearakles, dy't him syn wurken oplei, wie sa frustrearre oer it feit dat Hearakles oanhâldend taken folbrocht dy't er foar ûnmooglik holden hie, dat er him úteinlik wat opdroech dat perfoarst nimmen oprêde koe. Hearakles moast delgean nei de ûnderwrâld om dêr de ferskuorrende trijekoppige hellehûn Serberus te fangen, dy't de poarten fan Hades bewekke. Hearakles gie yndie nei de ûnderwrâld ta en ûnderhannele dêr mei syn omke Hades. Dyselde stimde deryn ta om Serberus oan him mei te jaan as er it bist sûnder wapens oerwinne koe. Doe't dat Hearakles slagge, koed er Serberus meinimme nei Eurysteüs, dy't fan dat stuit ôf benaud wie foar de macht en krêft fan Hearakles.

De ûntfiering fan Perséfoné troch Hades op in fresko yn 'e lytse Masedoanyske keninklike grêftombe yn Vergina, yn noardlik Grikelân, datearjend fan omtrint 340 f.Kr.

Neffens in myte waard Hades op in stuit fereale op 'e nimf Minte, dy't assosjearre waard mei de rivier de Kosytus. Hja waard dêrom troch in jaloerske Perséfoné omtsjoend ta de earste muntplant.

Neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hades hie neffens de myten ferskate bern, te witten Sagreüs, Makaria en neffens guon boarnen ek Melinoë, Plutus en de Erynjes (in kategory fan wraakgoadinnen). Sagreüs wie de soan fan 'e minsklike frou Kore, mei wa't Hades neffens it ferhaal seksuele omgong hie yn 'e foarm fan in slange.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de god fan 'e dea wie Hades in njoer figuer foar de libbenen, dy't oer it algemien alhiel gjin haast hiene om him te moetsjen. Dêrom diene de Alde Griken fan alles om syn oandacht te ûntrinnen. Sa waarden der mar komselden eden by syn namme sward, wylst soks by de nammen fan 'e oare goaden geregeldwei dien waard. As se him offers brochten, kearden se harren gesichten ôf. Sels dan wiene se skruten om syn namme te brûken; ynstee sloegen se faak mei de hân op 'e grûn om derfoar te soargjen dat er harren hearde. Der waarden benammen swarte bisten oan him offere, lykas swarte skiep. It bloed fan sokke offerbisten liet men yn in gat of skuor yn 'e grûn drippe. De ûnnedige klam dy't yn 'e myten lein wurdt op it feit dat der gjin minske-offers oan Hades brocht waarden, wiist derop dat soks yn in fier ferline mooglik wol bard wie.

Rollen en oantsjuttings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krek as de measte Grykske goaden hie Hades in ferskaat oan bynammen en titels. De wichtichsten dêrfan wiene:

  • Adesius, syn namme yn Latium. De betsjutting hat mei 'graasje' te krijen.
  • Agelastus, nei de betsjutting 'melankelikens'.
  • Agesilaus, nei de 'oantrekking op 'e minsken' dy't harren nei syn ryk brocht.
  • Agetes of Hegetes, in namme dy't him jûn waard troch Pindarus, en dy't wiist op syn 'liedingjaan'.
  • Aidoneos; dizze namme komt nei alle gedachten fuort út betizing fan Hades mei kening Aidoneos fan 'e Molossers, waans dochter Perséfoné oft Teseus en Piritûs besochten te ûntfieren yn in alternative ferzje fan harren myte.
  • Eubuleüs, in namme dy't 'goerie' of 'goede bedoelings' betsjut.
  • Iao, syn namme yn Clares, in stêd yn Ioanje.
  • Klymenus, in namme dy't 'de beruchte' betsjut.
  • Moiragetes, syn namme as 'gids fan 'e skikgoadinnen'.
  • Ofiéüs, syn namme as de 'bline god' mank de Messenen. De oantsjutting kaam fuort út 'e praktyk dat beskate sjenners oan him wijd wiene, dy't by de berte de eagen útstutsen waarden.
  • Polydegmon, in namme dy't betsjut "dejinge dy't in protte lju ûntfangt".

Identifikaasje mei oare goaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei Dionysus en Seus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Saakkundigen binne fan tinken dat yn Grikelân Seus Meilichios en Seus Eubûleüs, dy't sterk ferskilden fan Seus Olympios, de kening fan 'e goaden, net ôfwikende manifestaasjes fan Seus wiene, mar alternative nammen foar Hades. Fral Seus Meilichios hat in sterk ktoanysk karakter.

Perséfoné en Hades op in Attyske faas fan omtrint 435 f.Kr.

Yn 'e fyfde iuw f.Kr. ferklearre de filosoof Heraklitus, dy't tsjinstelden ferienje woe, dat Hades, de god fan 'e dea, en de út 'e dea weropstiene god Dionysus, dy't er omskreau as de "essinsje fan ûnferwoastber libben" ien en deselde god wiene. Bewiis foar it histoarysk bestean fan in kultus om in inkele godheid Hades-Dionysus hinne is hiel breed, benammen mank de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje, alteast as men útgiet fan 'e sterke oanwêzigens fan 'e symbolyk fan 'e dea yn 'e ferearing fan Dionysus.

Sawol Hades as Dionysus waard fierders yn in trijefâldige godheid assosjearre mei Seus. Krekt as Dionysus hie Seus bannen mei de Grykske ûnderwrâld, en waard er sterk identifisearre mei Hades, sa sterk sels dat se út en troch as twa tsjinstelde gesichten fan deselde god beskôge waarden. De feriening fan Hades, Seus en Dionysus ta ien god waard brûkt om berte, dea en weropstanning te symbolisearjen en himel, ierde en hel mei-inoar te ferbinen.

Mei net-Grykske goaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hades waard mank de Etrusken identifisearre mei de god Aita. Yn 'e lettere Romeinske mytology waarden twa goaden, Dis Pater en Orkus, as ekwifalint fan Hades beskôge. Dy beiden ferraanden meitiid ta twa gesichten fan ien en deselde god, ntl. Pluto, in latinisearring fan Plouton. By de Romeinen hie Pluto in preesteresse en in ferearing dy't net wêzentlik ferskilde fan dy fan 'e oare goaden, wylst de Alde Griken alles diene om Hades syn belangstelling te ûntrinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.