Kajafas

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kristus foar Kajafas (Matthias Mattias Stom, 1630)

Yosef Bar Kayafa (Hebriuwsk: יוסף בַּר קַיָּפָא, Joazef, soan fan Kajafas ), better bekend ûnder de namme Kajafas (Gryksk: Καϊάφας) yn it Nije Testamint, waard yn it jier 18 troch gûverneur Falearius Gratus beneamd yn it amt fan hegepreester yn Jeruzalim. Hy bleau hegepreester oant it jier 37, doe't er troch Lusius Fitellius ferfongen waard troch syn sweager Jonatan. Kajafas wie de skoansoan fan de hegepreester Annas, dy't ek nei't Kajafas it amt beklaaide de titel fan hegepreester behold en in grutte autoriteit besiet.

Yn it Nije Testamint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it Nije Testamint spile Kajafas in beslissende rol yn it proses tsjin Jezus Kristus dat ta Dy syn krúsdea late. Al nei de wûnderbaarlike opwekking fan Lazarus hold de Hege Rie in gearkomste oangeande de fraach wat te dwaan mei Jezus, Dy't sa'n soad tekens dien hie. Almar mear minsken begûnen yn Jezus te leauwen as de Messias en dêrom waard Er troch de joadske autoriteiten sjoen as in gefaar foar de oarder. Op dy gearkomste spriek Kajafas, dy't krekt hegepreester woarn wie, de wurden: "Jimme ha net foar it ferstân dat it yn jim eigen belang is, dat ien man foar it folk stjert en net it hiele folk omkomt". Sûnt dy gearkomste wie it dúdlik dat er Jezus dea hawwe woe.[1]

Nei it ferried fan Judas en de arrestaasje fan Jezus yn de Hôf fan Getsemané moast Jezus foar de Hege Rie ferskine, dy't byinoar wie yn it hûs fan Kajafas. Kajafas besocht yn 'e mande mei de âldsten in pear kear om 'e nocht en bring falske tsjûgenissen tsjin Jezus yn, dat er Dyselde ta de dea feroardielje koe. Nei't it Kajafas net slagge om Jezus út te lokjen, stelde Kajafas Jezus de fraach oft Er de Messias wie. Op dy fraach andere Jezus: "Jo sizze it". Nei dizze wurden beskuldige Kajafas Jezus fuortendaliks fan it belasterjen fan God en dêrmei wie it fûnis tekene.

It ossuarium fan de pryster Joazef Kajafas

Jezus waard troch de joadske autoriteiten oerdroegen oan de Romeinske lânfâd Pontius Pilatus, dy't Him ûnderfrege mar gjin oertrêding tsjin de Romeinske wetten seach. Hy wist him gjin rie mei Jezus en woe it mar oan it folk oerlitte troch neffens de tradysje in finzene op it feest frij te litten en har de kar te jaan tusken Jezus en de beruchte moardner Barabbas. It folk wie ophyst troch de hegepreesters en de âldsten om foar Barabbas syn frijlitting te kiezen en op de fraach fan Pilatus wat dan te dwaan mei Jezus, raasden hja: "krúsigje Him!"

Nei de dea en ferrizenis fan Jezus hold Kajafas oan mei de neifolgers fan Jezus te ferfolgjen. Doe't Petrus en Jehannes oppakt en finzen set waarden nei't hja in lamme man better makke hiene,[2] wie Kajafas ien fan de hegepreesters dy't de beide apostels ûnderfrege.[3] Kajafas wie nei alle gedachten ek de hegepreester foar wa't de kristlike martelder Stefanus him ferantwurdzje moast eart er stiennige waard. It is ek wierskynlik dat Kajafas de brieven foar Saulus skreau, dy't him de autoriteit jaan moasten om yn Damaskus de synagogen op te setten tsjin de kristenen.[4]

Argeology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 waarden de oerbliuwsels fan Kajafas fûn yn in famyljegrêf inkelde kilometers súdlik fan Jeruzalim.[5][6]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: