Arrestaasje fan Jezus

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De arrestaasje fan Jezus troch Caravaggio om 1602 hinne

De arrestaasje fan Jezus is in sintraal foarfal yn it Kristendom dat beskreaun stiet yn de fjouwer kanonike evangeeljes (Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes) fan it Nije Testamint. Jezus, in garismatyske preker, dêr't kristenen fan leauwe dat er de Soan fan God is, waard arrestearre troch de timpelwacht fan de Sanhedrin yn it hôf fan Getsémané. It barde justjes nei de Lêste Nachtmiel, dêryn't Jezus syn lêste preek joech, en daliks nei de tút fan Judas, dat tradisjoneel as ferrie sjoen wurdt om't Judas foar jild Jezus oan de hegepreesters útlevere ha soe. Dat foarfal late einlings, neffens de evangeeljes, ta de krusiging fan Jezus.
De arrestaasje late daliks ta it ûnderfreegjen fan him troch de Sanhedrin, dêryn't hja him ta dea feroardielden en hannigen him de folgjende moarns oer oan Pontius Pilatus, de Romeinske prefekt fan Judéa. Neffens kristlike teologen binne de foarfallen fan it Lêste Nachtmiel ôf oant de krusiging en de opstanning fan Jezus ferwiisd ta de Passy.
Yn it Nije Testamint einigje alle fjouwer evangeeljes ta in útwreide beskriuwing fan Jezus syn arrestaasje, rjochtsaak, krusiging, begraving en opstanning. Yn eltse evangeelje wurde dy fiif foarfallen mear beskreaun as de oare foarfallen yn de evangeeljes.

It foarfal neffens de Bibel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de evangeeljes, giene Jezus en syn dissipels nei it Lêste Nachtmiel nei de Oliveberch, justjes beëasten Jeruzalim en dêrnei nei it hôf fan Getsémané, dat in hôf fan olivebeammen bewesten de Oliveberch yn de delling fan Kidron wie. Doe't hja dêr oankamen, ferliet Jezus syn dissipels eefkes, sa't er even allinne bidde koe.

De Arrestaasje fan Kristus troch Fra Angelico om 1440 hinne, dêr't Petrus mei it swurd it ear fan Malchus ôfsnie

De evangeeljes neame dat Jezus God frege syn lêst fan him ôf te nimmen en fersocht it barren net hoecht te ûndergean dêr't er foar bestimd wie, dochs dat it lêste antwurd by God lei. Lukas neamt dat der doe in ingel ferskynde dy't Jezus krêft joech. Hy en yn uterste benaudens bidde Er mei noch mear ynmoed. Syn swit foel as drippen bloed op de grûn. Dêrnei gie Jezus werom nei syn dissipels. De evangeeljes neame dat de trije dissipels dy't by Jezus wiene en dy't weitsje moasten, yn sliep fallen wiene. Dat gie ta argewaasje fan Jezus dat hja net iens in oere wekker bliuwe koene en hy rette harren oan te bidden om fersiking tefoaren te kommen.
Op dat stuit kaam Judas mei in nust minsken oanrinnen. Judas joech Jezus in tút, dat er earder ôfsprutsen hie sa' t er de minsken sjen litte koe wa't Jezus wie. Nei't Jezus oanwiisd waard, waard er arrestearre. Ien fan de dissipels besocht harren te stopjen mei in swurd en snie it ear fan ien fan de feinten fan de hegepreester. Neffens it evangeelje fan Jehannes wie it Petrus dy't it ear fan Malchus, in feint fan hegepreester Kajafas, ôfsnie. Lukas heake deroan ta dat Jezus de wûne wer genêze. Neffens Mattéus, Lukas en Jehannes bekritisearre Jezus dy die en rette syn dissipels oan net tsjin syn arrestaasje te fersetten. Neffens Mattéus die Jezus de ferneamde útspraak: dy't it swurd brûke, sille troch it swurd omkomme. De Evangeelje fan Jehannes ferskilt mei dy fan de synoptyske evangeeljes. Allinne neffens Jehanes fierden Romeinske soldaten de arrestaasje út. Judas late de soldaten nei Jezus en ynstee fan dat Judas Jezus oanwiisde, frege Jezus sels oan harren nei wa't se om sochten. Hja anderen: nei Jezus fan Nazaret en Jezus andere: Dat bin Ik dêrnei't de soldaten tebek stapten en op de grûn foelen.
Petrus ferwiisde yn Hannelingen 1:16 nei de arrestaasje fan Jezus en de ferrie fan Judas.